Superbus better?

Ferline wike krige ik fia Addy Stoker (CU) in útnoeging foar it sympoasium 'De superbus op de lokale agenda' op 22 septimber yn it stedhus fan Almere. Harren grutte man Rouvoet sil dêr ek sprekke. Earlik sein hie ik my oant no ta noch net yngreven ferdjippe yn dit Suderseeline-alternatyf foar allegear mooglike treinfoarmen, fan magneetbaan oant HSL. Yn de folder dy't ik fan him (Stoker) krige stiet ûnder oare: 'Het superbussysteem, met snel en flexibel personentransport, is een veelbelovende innovatie. De rijksoverheid heeft zeven miljoen euro uitgetrokken voor de ontwikkeling van een experimenteermodel. Daarom rijst de vraag of het mogelijk of nodig is dat lokale overheden alvast inspelen op de nieuwe mogelijkheden.' Tsja, as jo dat sa lêze, soenen jo miskien entûsjast reitsje kinne. Nij, rap, fleksibel, it kin net op. En 7 miljoen euro liket ek net safolle ferlike mei al dy miljarden fan de sweeftreintechnyk. Oant ik dizze wike in stikje yn it FD lies dêr't in direkte kollega fan Ockels, de Delftse heechlearaar Hansen, mei de nijste berekkeningen nei bûten ta kaam. De kosten falle folle heger út as oant no ta oannommen. Hansen tinkt dat der al gau 4 oant 5 miljard euro nedich is foar de superbus. Boppedat is er ek lang sa feilich, duorsum en winstjouwend net. Foar my is it de fraach hoefolle in inkeltsje Amsterdam-Hearrenfean of Ljouwert yn de superbus de gemiddelde Fries wol net kostje moat. Om my hoecht it dus net op de lokale aginda fan Ljouwert. In 'ballon' fan moannereizger Ockels dy't mar gau lekstutsen wurde moat, as jo it my freegje!
Sybren Wednesday 13 September 2006 at 9:18 pm | | Default

No comments

Emoticons

Remember personal info?
Notify
Hide email
Small print: All html tags except <b> and <i> will be removed from your comment. You can make links by just typing the url or mail-address.