Nijsgjirrige stimwizer: partijen draaie!
Sakrekt de stimwizer dien. En, aldergeloks, ik kaam by de FNP út, hiel dúdlik. Tsja, jo witte it noait fansels... Op 2 en 3 kamen respektivelik de SP en 'DeFriezen'. Wylst dy twa partijen tongersdei by my noch op 3 en 2 stienen (oarsom). Hokker fraach (fragen) haw ik no oars beäntwurde?
Nijsgjirrich is dat de PvdA no ek seit dat de Suderseeline der net komme moat! Wylst de Partij voor het Noorden seit 'Weet niet'. Dy lêste partij draait de kiezers dêrmei dúdlik in rêd foar eagen, want yn har eigen blêd sizze se hieltyd dat dy line der wol komme moat. Wat ik fan it CDA tinke moat, wit ik ek net mear. By de fraach 'De provinsje moat de sneinsrêst op alle mooglike manieren befoarderje' sizze se 'Nee'. Mar, it CDA wie dochs in kristlike partij? In soad minsken hawwe de C fan it CDA al langer op in pypfol. It CDA is as in blêd yn 'e wyn, sjoch nei de diskusje oer it generaal pardon op ryksnivo. Mei de VVD yn it regear koe it út noch yn net, no ynienen mei oare partners wol. Hoesa betrouber? Fierder wolle ûnder oare CDA, PvdA en VVD de haven fan Harns op slot sette. Dan binne der noch de skoares op de stellingen. Fan de Frysktalige stimwizer (no, sneontejûn 20.00 oere, 641 stimmers) hat 73% sein dat der net ien bestjoer komme moat foar Fryslân, Grinslân en Drinte. Fierder fynt mar leafst 78% dat der mear jild fan de opbringsten fan it ierdgas nei dizze regio ta moatte. En fynt 52% dat net it Nederlânske regear, mar de provinsje Fryslân de wichtichste beslissings oer it Waadgebiet nimme moat!Op de Nederlânsktalige 'stemwijzer voor Friesland' hawwe no 1434 minsken stimd. Ek dêr fynt 72% dat de provinsjes net opheft wurde meie. En 72% dat de opbringsten fan it ierdgas folle mear oan de ynwenners fan dizze regio te'n goede komme moatte. As dat gjin stipen yn de rêch foar de FNP binne...

No comments