Dakleazen: sterke en sosjale gemeenten nedich!

Fan 'e moarn betiid holpen yn it Oanrinhûs. Net allinnich aardich om te dwaan (iten siede fyn'k moai wurk), ek tige nijsgjirrich en ynformatyf om yn kontakt te kommen mei minsken dy't alle dagen de dakleazen fan Ljouwert helpe en om te praten en in hapke te iten mei de swalkers sels. Sa hearde ik dat it oanrinhûs as frijwilligersorganisaasje grutte problemen hat om allegear kursussen te beteljen hoe om te gean mei swalkers en ferslaafden. It liket my sa ta dat de gemeente yn it ramt fan it frijwilligersbelied of grutte stedsproblematyk dêr wolris nei sjen mei. Net dat no fuortendaliks sa'n organisaasje strukturele stipe krijt of dat salarissen betelle wurde, mar in helpende hân om wichtige kursussen betelje te kinnen. It petear en de omgong mei de dakleazen wie ek hiel leuk en nuttich! Alderaardichste minsken, in soad ek fan Frysk komôf, mar oaren út Kosova of Afrika. In soad kennis opdien. Dat Ljouwert neffens de minsken sels in tige sosjale stêd is foar de alderearmsten mei SMO Fryslan (De Terp), minima-foarsjennings en de gemeente, Dat docht my fansels goed. Oan de oare kant hearre jo lykwols dat oare plakken de minsken dy't yn 'e knipe sitte streekrjocht de doar wize en sizze: gean mar nei Ljouwert want dêr wurdt alles goed foar jim regele. Burokratyske regels by sosjale tsjinsten en gjin inkelde stipe. Krekt dêrom is it goed dat wy tagean nei dekonsintraasje, opfang yn de regio, by minsken yn 'e buert. Mei in professionele opfang en gemeenten dy't dêr klear foar binne. Dat jout in win-win situaasje, it ûntlêstet de gemeente Ljouwert, minsken bliuwe mear yn har fertroude omjouwing en dêr't it fansels allegear om draait: de dakleazen en ferslaafden wer in dak biede kinne, werom bringe yn 'e mienskip en in nij libben opbouwe. Fan 'e middei in pear oeren op 'e Nijstêd oan it suteljen west (sjoch foto, mei fytskarre). Op't lest stienkâld, mar goed dat moatte jo derfoar oer hawwe yn de kampanje. Want, hooplik dochs in pear minsken oertsjûgje kinnen om de FNP te stimmen en nei alle gedachten wer in nij, aktyf lid der by! Noch 18 dagen!!   
Sybren Saturday 17 February 2007 at 7:16 pm | | Default

No comments

Emoticons

Remember personal info?
Notify
Hide email
Small print: All html tags except <b> and <i> will be removed from your comment. You can make links by just typing the url or mail-address.