Chip je dier en frije Friezen... Wurde wy wekker (www)?

Wat is de oerienkomst tusken terrorismebestriding, de nijste kompjûters fan Microsoft en ‘Chip je dier’? Trije saken dy’t moandei allegear yn it nijs wienen (2 spotsjes op ‘e radio, ien stik yn it FD). Oant dit wykein soe ik it antwurd wier net witte, mar no sjoch ik al in skerpe relaasje. En, as it allegear wier is, is it net te beskriuwen hokker gefolgen dat hawwe sil. Wat wie der ôfrûne wykein? Doe wie ik op Helgolân, it Friezentreffen út alle Fryslannen. Prachtich fansels, moai waar, sportyf (haw swommen yn ‘e see!), kultureel, folle net genôch. En, fansels is der yn alle frijheid harsenskrabe oer de takomst fan ‘e Fryslannen. Yn alle frijheid, net behindere troch wa dan ek. Mar, dy frijheid fan gedachten soe wolris ûnder druk komme te stean!

Wêr basearje ik dat op? Yn datselde wykein haw ik ek it boek ‘Worden wij wakker’ fan Marcel Messing lêzen. En ik haw yn myn libben noch net earder in boek lêzen dat sa skokkend wie. It beskriuwt de ûntjouwings foar en nei 11 septimber 2001. Tal fan maatskiplike en technologyske ûntjouwings wurde oan elkoar ferbûn. En, as it yndied wier is wat yn it boek stiet, dan is it twa minuten foar tolve foar de frije minsken, yn ús gefal foar de frijheid fan ‘e Friezen. Normaal sprutsen bin ik altyd frij kritysk oer komplot-teoriën, mar dit boek is sa goed dokumintearre en basearre op (wittenskiplike) boarnen dat it allegear gjin tafal mear wêze kin.

Yn’t koart: de Amerikanen (regear/Bush) moat witten hawwe fan de plannen foar de oanslaggen op 11/09 2001. Lykas se witten moatten hawwe fan Pearl Harbour. En dêrmei hienen se in stôk om te slaan. Fiergeande befeiligingsmaatregels yn te fieren. Under it mom fan ‘terrorismebestriding’ wurde oeral kamera’s delhongen (ek wer 5 ekstra yn Ljouwert!), paspoarten foarsjoen fan biometryske kenmerken, tillefoan- en mailferkear ûnderskept en opslein. Dat is it punt fan ‘e terrorismebestriding. Want sa kinne jo ommers gefaarlike aksjes foar wêze/foarkomme?   De nijste PC’s fan Microsoft: moandei lies ik in nijsgjirrich stik yn it FD oer de nijste PC’s. Mei de fingers kinne jo it skerm oanreitsje en it ding docht alles foar jo. De fingerprinten wurde herkend (biometry) en sa wit de PC fuortendaliks wa’t de opdracht jout en wêr dy persoan him befynt. Fierder sitte der 5 ynfraread-kamera’s yn de PC, dy’t fan binnenút sjen kinne wat der allegear bart efter de PC. Fansels sit ek yn ‘e PC apparatuer dy’t alles registrearret (in tag, chip en/of RFID). Alles komt úteinlik yn in super-kompjûter yn Amearika dêr’t tsientallen siden fan alle wrâldboargers yn in digitaal argyf komme.   Dan it chippen. Sa’t wy witte wurde in hiel soad saken digitalisearre. Tillefoanferkear, digitale TV-mêsten, sateliten yn ‘e romte, mar ek de ‘grutte earen’, ôfharkapparatuer yn ús eigen Burum by Kollum en Lofar yn Drinte. Se wolle no begjinne mei it ‘tsjippen’ fan bisten. Op de site stiet dat jo dan mei in scanapparaatsje neigean kinne fan wa’t it bist is (unike koade!). Mar wat net op ‘e site stiet is dat yn dy microchips in apparaatsje stiet dat sinjalen ferstjoere kin, en dat grutte antennes of sateliten dy ek ûntfange kinne. Sa kinne bisten oer de hiele wrâld folge wurde. En dat is noch mar it begjin, want der binne ek al proeven mei bern mei earmbannen mei in chip, finzenen mei elektroanysk húsarrest ensfh. Yn it boek wurdt treflik omskreaun dat der tawurke wurdt (wurde kin) nei it massaal ynintsjen fan chips yn minsken. Dat se net allinnich oeral op ‘e wrâld trasearber binne, mar ek kwa tinken en gedrach te beynfloedzjen binne. Mindcontrol fia chips is neffens ferneamde wittenskippers al mooglik en wurdt ek al tapast op bisten en soldaten. En dan binne wy hiel fier fan hûs. De mooglikheid bestiet dat in lytse machtselite ús ta de slaven fan ‘e 21e ieu makket. It wachtsjen is op in barren dat it grutte publyk derfan oertsjûgje moat om bern en letter alle minsken massaal te ‘chippen’. Lykas fermissings/ûntfierings fan bern ensfh.  

En dan bin ik werom by it begjin. Bliuwe wy frij yn tinken of... Dizze weblog is fansels fierstente koart om alles goed út te lizzen (oaren kinne dat faaks better), ik meitsje ek grutte gedachtesprongen en kin noch folle mear fertelle. Wat ik wol is dat elkenien, ja elkenien, him yn dizze matearje ferdjippet. Dêrom soe ik sizze: it boek is te lien, nim gerêst efkes kontakt op, keapje it of sjoch de fideo!

Sybren Wednesday 06 June 2007 at 11:58 am | | Default

two comments

Roel van Dijk

De Amerikanen hienen miskien witte kinnen fan de Japanske driging tsjin Pearl Harbor, en der wienen ek oanwizings foar 9/11 , mar dat se der neat tsjin dien hawwe komt neffens my earder fan ynkompetinsje, miskommunikaasje en arrogânsje as fan de winsk om in oanlieding te hawwen foar oarloch en anty – terrorismewetten.
.
Wol komt de terrorismedriging handich út. Neffens my wurdt de terrorisme driging misbrûkt om in al fêststeande agenda fan feilichheidsstsjinsten en Justysje te realisearjen. Ek yn Nederlân. Gjin terrororist sil him ommers tsjinhâlde litte troch de ID plicht of kameratafersjoch.
.
Trouwens, de NHL hat ûndersyk dien nei kameratafersjoch, sy miene dat de kamera’s gjin oertredings foarkomme, mar dat de pakkâns wol omheech giet.

Roel van Dijk, (Email) - 06-06-’07 12:09
Grouster

Rekkenride past alhielendal yn dit ferhaal en is allinich derom al te fersmiten.

Grouster, - 16-06-’07 23:11
Emoticons

Remember personal info?
Notify
Hide email
Small print: All html tags except <b> and <i> will be removed from your comment. You can make links by just typing the url or mail-address.