Ald-pepier frijwilligers net ûntmoedigje
Soms hawwe jo yn de rie hiele grutte abstrakte fisys by de ein mei in flecht nei foaren, folle faker giet it oer konkrete taastbere saken dy't de boargers direkt reitsje. Sa haw ik juster in brief krigen fan de 'pepierploech Westeinde' yn ferbân mei in útstel fan it kolleezje om de subsydzje-systematyk foar it opheljen fan âld pepier te feroarjen. Op 30 maaie soenen wy dat al yn de gemeenterie besprekke. Oankommende tiisdei (14 juny) stiet it op 'e nij yn de kommisje, want de wethâlder (Hafkamp) antwurde yn de gemeenterie dat der noch gjin oerlis west hie mei de (mar leafst 80!) ferienings, tsjerken, skoallen ensfh. dy't it âld pepier ophelje. It wie dus net dúdlik oft dy it der wol mei iens wienen. Gelokkich hawwe wy doe it útstel net yn behanneling nommen, oars hienen de rapen no gear west! De pepierploech fan it Westeinde (likernôch 30 frijwilligers) is poer op it útstel fan B&W tsjin en as it moat sille se har der ek tsjin fersette as it al oannommen wurdt. It punt is yn wêzen dat de gemeente de rezjy oer it opheljen fan it âld-pepier min ofte mear 'oernimme' woll. Der wurde aparte mini-konteners oantúgd en it leegjen dêrfan moat dan ien kear yn de fjouwer wiken dien wurde.Grut beswier fan de âld-pepierploech is dat de wykferienings dy't it âld pepier sels by de huzen en flats ophelje troch it nije systeem der finansjeel op achterút gean. It wurdt dus minder oantreklik om it pepier en karton op te heljen. Dêrneist sil troch de rezjy fan de gemeente de motivaasje en it 'saamhorigheidsgevoel' nei alle gedachten weromrinne. In protte ferienings helje bygelyks it pepier ienris yn de moanne op, op freedtejûnen of op sneons. De gemeente wol dat no ienris yn de fjouwer wiken dwaan. Net in logyske frekwinsje dus en ek noch yn in strak keursliif. Der sil noch wol wat 'skaafd' wurde moatte oan dit útstel fan it kolleezje om ek yn de takomst de âld-pepier frijwilligers te stimulearjen...

No comments