Slagge wurkbesite EFA: mooglik 2 nije leden

De ôfrûne 4 dagen fuort west nei Sleeswyk Holstein en Noard-Sleeswyk, dat wol sizze nei De Denen en Noard-Friezen yn de earste regio en nei de Dútsers yn de twadde regio. Wy hawwe goede petearen hân mei sawol de SSW as mei de SP, de lêste is dan de Schleswigsche Partei fan de Dútsers krekt oer de grins yn Denemarken. It liket der op dat beide partijen grutte belangstelling hawwe foar de EFA, al moat dat fansels noch offisjeel bekrêftige wurde yn har eigen ledegearkomsten en by de EFA sels. De regionale parse hat der dêr ek al lucht fan krigen... It resultaat wie noch better as ferwachte, want wy wienen yn't foar al bliid mei in positive reaksje fan de kant fan de SSW, mar no wie ek de SP posityf. Ik haw de SSW noch de nije Taalnota fan de provinsje Fryslân tasein en ek it wittenskiplike ûndersyk nei de foardielen fan de 3-talige skoallen (wurk oan 'e winkel)! Neist de formele gearkomsten wie der fansels ek tiid foar ûntspanning en in pear útstapkes. Sa hawwe wy it Deenske gymnasium yn Flensburch besjoen (tige súksesfolle skoalle!), in Deenske berne-opfang, in saneamd 'aktivitetshuset' dêr't se tal fan kulturele aktiviteiten organisearje, ensfh. Fansels, altyd wer nuvere dingen dy't jo fier fuort meimeitsje. Sa waarden wy fan 'e moarn 05.50 oere wekker makke yn in hotel yn Hamburch (Best Western) mei in ear-ferdôvjende sirene, mei de hiele tiid de tekst: 'Sehr geehrte Damen und Herren, es handelt sich um eine technische Steuring. Bitte verlassen Sie das Gebäude umgehend auf den vorgesehenden Wegen" en dan fansels ek noch in kear yn it Ingelsk. En dat gong dan trije kertier sa troch... Wylst der yndied allinnich mar in technyske steuring wie! En justerjûn wie yn datselde hotel myn namme net al te goed stavere:

Sybren Wednesday 07 November 2007 at 8:21 pm | | Default

No comments

Emoticons

Remember personal info?
Notify
Hide email
Small print: All html tags except <b> and <i> will be removed from your comment. You can make links by just typing the url or mail-address.