'Allegear iisgers' sei ús âldste famke fan 'e wike by it sjen fan it berypte fjildsje efter hûs. Op 'e foto de iisbaan fan Reduzum hjoed. Yn Europa is it gewoan moai winterwaar. Yn grutte parten fan 'e wrâld hat it noch nea sa kâld west. Lês
hjir in kritysk stik oer de opwaarming fan de ierde (
Record Low Temperatures Around the World). Is der in ferburgen aginda? Ik lies by ús yn 'e doarpskrante dat de kachelprodusint (Tichelaar) der oer yn sit dat oerheden it stoken mei hout ferbiede wolle, fanwege de tochte relaasje tusken CO2-útstjit en opwaarming fan de ierde. Mar binne datsoarte fan maatregels net krekt ynjûn om minsken noch ôfhinkliker te meitsjen, fan sintrale oanfier fan gas en elektrisiteit?
No comments