chemtrails: foar klimaatsferoarings?

In skoftke lyn stie der in stik yn de Ljouwerter krante mei in ynterview mei my oer chemtrails. Ik haw aardich wat reaksjes hân, moat ik sizze. En ik koe ek fuortendaliks melde dat'Sina in droege iepening fan de Olympyske spullen garandearje kin; en dat yn Science in stik stie dat jo mei miljarden kilo's oan sulfaat de saneamde opwaarming fan de ierde tsjinhâlde kinne.  

Hjir stiet wer in tige nijsgjirrich stik; in pear sitaten: 'TV news report from Germany has confirmed that the German Military is manipulating the climate in Germany'. The video concludes, "We can state with a 97% certainty that we have on our hands chemical trails (chemtrails) comprised by fine dust containing polymers and metals... The purpose of chemtrails, which are well documented over the United State and other parts of the world, according to researchers, is to manipulate the weather". An alternative theory to direct toxification of the atmosphere to explain Chemtrails, is that a new weapon related to controlling weather events is being deployed. By creating droughts and thus famines, large populations could be easily controlled or eliminated. Other countries could be easily controlled and brought to their knees by a global power if the weather could be controlled or altered. Many government watchdogs claim global depopulation, the targeted reduction of the world's population by two-thirds, is secretly the reason behind chemtrail spraying. ... 

Sybren Tuesday 18 March 2008 at 8:32 pm | | Default

two comments

Roel v Dijk

Hoi Sybren,
.
In pear jier ferlyn hie ik immen oan de tillefoan dy’t him ek dwaande hold mei “chemtrails”. Ik wie doe kantoarmeiwurker by de SP en de man woe perfoarst yn kontakt komme mei lokale politisy. Fansels ha de beste man net fierder holpen, want hy wie knettergek en boppedat in stalker. It wie in grutte fan fan de side: http://www.niburu.nl/ Stiet fan alles op oer bûtenierdske wezens, graansirkels, UFO’s, Atlantis en “chemtrails”.
.
Mar hawar, guon minsken hawwe wat nedich om yn te leauwen, blykber. Want wêrom meitsje fantasten fan Niburu harren sa drok oer chemtrails, wylst de wrâld fol is fan kernwapens, neutronenbommen, gemyske en biologyske wapens, klusterbommen en lânminen? En wêrom soe Dútslân de wrâldpopulaasje mei twa tredde werombringe wolle? En hoelang soenen soksoarte fan snoade plannen geheim bliuwe kinne yn it tiidrak fan it ynternet? Hoelang soe it duorje foardat amtners mei in geweten begjinne te lekken? En wêrom moat soks nijs dan op Niburu stean, en net yn Die Welt of de New York Post?
.
Trouwens, guon minsken (sels in Nobelpriiswinnares) leauwe dat HIV in útfining fan it Westen is om Afrikanen út te roeien, en dat it kapitalisme eins mar in manier om earme minsken dea te krijen sûnder dat der in nije holokaust foar nedich is… En fansels wie 9/11 in “inside job” en is der gjin ferbân tusken HIV en seks. Ensafuorthinne.
.
Set mar gau dyn aluminiumhuodsje op, foardat de oerheid dy mei har geheime strieling harsenspiele kin! Tip: behingje dyn hûs mei aluminiumfoalje!

Roel v Dijk, (Email) - 19-03-’08 11:39
Sybren

Ha Roel,

fansels, der is folle mear om jo drok oer te meitsjen. Mar tefolle saken binne ‘tafallich’ sa. Sa is it bygelyks wol tafallich en opfallend dat nei it ferskinen fan it artikel yn de LC, wat yn Fryslân in massa-medium neamd wurde mei, der hjirre suver hast gjin lange fleantúchstrepen te sjoen west hawwe…

Sybren, - 19-03-’08 16:33
Emoticons

Remember personal info?
Notify
Hide email
Small print: All html tags except <b> and <i> will be removed from your comment. You can make links by just typing the url or mail-address.