Ien plak foar Europarlemint

Op it stuit komt it Europeesk parlemint allinnich mar gear yn Brussel, en in skoft lang net mear yn Straatsburch. De reden? Yn 'e simmerfakânsje is sawat 10.000 kilo beton út it plafon op 'e stuollen fan 'e politisy fallen (sjoch foto). Yn it dak fan it gebou (noch mar 9 jier âld) binne yn 'e tuskentiid noch mear skuorren en oare swakke plakken konstatearre.

Wat is der no noch mear oan 'e hân? It Europeesk parlemint is it iennige parlemint yn 'e wrâld dat sawat permanint op twa lokaasjes gearkomt (Brussel en Straatsburch). En de kosten? € 200 miljoen op jierbasis. Dat is sawat € 0,50 de boarger. Liket net in soad, mar dat is wol in bedrach dêr't bygelyks in stêd as Ljouwert, mei 95.000 ynwenners, alle jierren de sinteklaasyntocht of in grut part fan 'e kosten fan it âld- en nij feest mei bestuiverje kin (wat altyd wer mei lijen byelkoar finansierd wurde moat). En yn in plak as Reduzum, mei 1100 ynwenners, kin mei in goede € 500 in moaie aktiviteit foar de skoalbern betelle wurde. Ik bedoel mar. De hiele moanlikse karrousel fan Brussel nei Straatsburch en werom moat mar ris dien wêze. In relikt út it ferline, dêr't lidsteat Frankryk blykber fûl foar striden hat, mar wat net mear te ferantwurdzjen is. Dit binne saken dêr't boargers har yn myn eagen terjochte lilk oer meitsje. It ynstoarten fan it dak liket my in moai momint om nochris te sjen oft dit wier net oars kin.

Sybren Sunday 14 September 2008 at 8:33 pm | | Default

One comment

Sybren

update: ik wie tiisdei en woansdei yn it Europeesk parlemint yn Brussel, en my is dêr ferteld dat se dêr deselde plafond-konstruksje hawwe!

Sybren, - 20-09-’08 11:17
Emoticons

Remember personal info?
Notify
Hide email
Small print: All html tags except <b> and <i> will be removed from your comment. You can make links by just typing the url or mail-address.