Yn in eardere blog (
18 july 2008) hie ik op basis fan in
berjocht op in Australysk ynternet-side al trochskimerje litten dat ik ek persoanlik yn septimber in finansjele crash ferwachte. Der hat in
geheime gearkomste west yn it 'House of representatives', foar it earst wer yn 25 jier dêr't oer it plande ynstoarten fan de Amearikaanske ekonomy yn septimber 2008 praat is. En wat slimmer is, folge troch dy fan de oerheid begjin 2009 en it massaal oppakken fan minsken dy't yn protest komme. En no is it oangeande dy finansjele crash al safier...
UPDATE 22 septimber: sjoch dit stikje mei filmke en dit oangripend en skokkende filmke...
Dat sa’n geheime groep de Amerikaanske ekonomy ynstoarte litte kin en dat út eigen belang ek docht, dat sil grif sa wêze en ik wol dat ek wol leauwe.
By it twadde filmke komt it ferhaal fan de demonstranten fan ien kant, as it echt in objektive film wie hie in wurdfierder fan de polysje derby moatten.