Diyarbakir: 700 terroristyske bern?

700 Koerdyske bern terrorist yn 'e stêd Diyarbakir? As jo dit artikel leauwe moatte dan is dat al de miening fan de Turkske plysje en dêrmei fan Turkije as steat. As jo stiennen smite nei de plysje of it V-teken (fan Victory/Oerwinning) brûke kinne jo al 25 jier de sel yn gean as 'terrorist'. Hiel slim. Sa makket Turkije him net goed op foar oansluting by de EU. Mar dan noch, it wurdt dêrneist heech tiid dat de EU sels de kritearia fan Kopenhagen (bepalingen dat nije leden fan de EU oan beskate elemintêre minskerjochten foldogge) serieus nimt. Yn in eardere weblog haw ik sjen litten dat yn bygelyks Bulgarije de Masedoaniërs noch altyd net erkend wurde en ek suver gjin eigen partij oprjochtsje kinne. Salang't dat net better giet, is der (op dit stuit) net in soad hope foar de Koerden by oansluting by de EU.
Sybren Sunday 31 May 2009 at 1:39 pm | | Default

No comments

Emoticons

Remember personal info?
Notify
Hide email
Small print: All html tags except <b> and <i> will be removed from your comment. You can make links by just typing the url or mail-address.