De 'revanche' fan Grou, Akkrum ...
Al earder haw ik skreaun dat in soad hjir yn de gemeente goed giet. Sa hat Grou it Skûtsjesilen wûn, grutte klasse sa't se syld hawwe! Jûn is de huldiging op it Halbertsmaplein. Uteraard sil in delegaasje fan de FNP dêrby oanwêzich wêze...
En hjoed oerdeis de Fryske dei yn Akkrum, in aktiviteit op inisjatyf fan de pleatslike middenstân. Ik haw der fan 'e moarn al efkes west en super gesellich. Ast noch komme kinst, seker efkes delkomme... Wy steane der as FNP ek (Kanadeeskestrjitte, by de fytsemakker). De ynwenners rêde it mei-elkoar op. Yn sekere sin soenen jo sizze kinne der is sprake fan in 'revanche' nei it debakel op it gemeentehûs mei de miljoenetekoarten.

No comments