Gesellich Akkrum

Mei de slogan 'De FNP komt nei jo ta dizze simmer' is de FNP Boarnsterhim har kampanje foar de gemeenteriedsferkiezings, dy’t yn maart 2010 holden wurde sille, begongen.Op snein 19 july en 1 augustus wienen FNP-ers fan de ôfdieling Boarnsterhim oanwêzich op de bradery yn Grou en de Fryske dei yn Akkrum. Dêr waarden de “Ik –pompeblêdsje- Fryslân” stickers útdield. Deselde stickers dy’t mei de provinsjale ferkiezings yn 2007 hûs oan hûs ferspraat binne. Ek waarden grutte oantallen bern bliid makke mei in ballon. Fierder koe men ek handige skriuwblokjes, moaie pinnen en noch oare soarten stickers krije.
In protte minsken kamen op dizze dagen foar de earste kear mei de FNP yn kontakt. Ek de Jongerein ôfdieling fan de FNP wie fertsjintwurdige. Sy gongen by de minsken lâns mei in fragenlist. De útkomsten dêrfan sil de FNP letter bekend meitsje. De FNP hat sûnt koart net allinnich in eigen partij-dichter mar ek in musykband. De Koudumer blasers sille nammentlik by elk evenemint wêr’t se optrede mei FNP stickers op harren ynstruminten bekendheid jaan oan de FNP.
Op de foto de stand fan de FNP yn Akkrum op de Fryske dei, dêr't mei troch it moaie waar in soad oanrin wie.

No comments