Der binne hieltyd mear minsken, merk ik yn myn omjouwing,
dy't har slim soargen meitsje oer wat der geande is. Wêrom moasten
der al yn in hiel jier stadium al 2 x 17 miljoen (34 miljoen) faksins besteld wurde
foar Nederlân (alle ynwenners)? Wêrom moatte der sokke yngripende maatregels nommen wurde,
is der safolle media-omtinken foar wat in gewoan grypke is, as jo GGD Fryslân leauwe meie?
Alles wiist der op dat it spultsje luzen hat. Dêrom moatte minsken no yn aksje komme.
De list mei skealike bywurkingen fan de stoffen dy't yn de vaccins sitte binne lang. Wisten jo
dat Nederlân en in hiel soad oare steaten in oerienkomst sletten hawwe mei de WHO dat as fase 6
fan de pandemy yngongen is, minsken ferplichte faksinearre wurde kinne (en wy sitte no yn fase 6!)?
En, dat as minsken dat wegerje, se yn karantêne steld wurde kinne, opsluten wurde kinne, oant in heal jier?
Ik kin noch in hiel ferhaal fertelle, mar ik ried elkenien oan dizze site en dizze goed te lêzen en dan
in oardiel te foarmjen. Persoanlik kin ik my no hiel goed yntinke dat der no minsken binne dy't dwaande
binne mei in melding misdriuw foar as de faksinaasjes ferplichte wurde. As de faksinaasjes miljoenen
deaden fan gefolgen hawwe kinne, moatte minsken wekker wurde. As jo sjoen hawwe of serieus fan
betinken binne dat immen in misdriuw dien hat, of dat fan doel is, binne jo neffens de wet ferplichte
om dat by de plysje te melden. Ik gean der fan út dat in Melding misdriuw serieus neirûn wurdt...
Hjirby in link mei it dokumint: Verklaring Melding Misdrijf.
No comments