Pier Tilma listlûker FNP Ljouwert

Pier Tilma (1), Jantsje Heeringa (2), Klaas Wassenaar (3) en Ruurd de Graaf (5)

Myn opfolger yn Ljouwert as listlûker is bekend: Pier Tilma. Lokwinske dêrmei, Pier! Mear ynformaasje oer de list en de spearpunten stiet op de side fan de FNP-Ljouwert. Sa steane der leafst 50% nije gesichten op 'e list. Ien fan de tema's is weryndieling: neffens de FNP-Ljouwert is dat perfoarst net nedich foar Ljouwert. Der is genôch 'bestjoerskrêft' en troch de stêd kompakt te hâlden kinne jo it gehiel goed oersjen. Boppedat wurdt Ljouwert per saldo gjin sint wizer fan in eventuele weryndieling. En dat slút wer hiel moai oan by wat der by de FNP Boarnsterhim libbet.

Sybren Tuesday 29 December 2009 at 8:31 pm | | Default

No comments

Emoticons

Remember personal info?
Notify
Hide email
Small print: All html tags except <b> and <i> will be removed from your comment. You can make links by just typing the url or mail-address.