Petearjûnen en resultaat
Rekening houden met?

-
six comments
Sybren,
In wichtige gewisse fraach dy’t it stellen wurdich is oan it kolleezje fan Boarnsterhim!
Hat it kolleezje fan Boarnsterhim efter de skermen oerlis hân mei deputearre steaten fan provinsje Fryslân oer dizze ferdieling foardat sy mei dit útstel nei bûten kaam? Fan ûnder op betsjut gjin stjoering fan boppe ôf!
groetnis,
Sjoerd
@ Gogem: goed opmurken, hiel skerp. Yndied, 94% fan ‘e ynfollers.
@ Sjoerd. Dêr bin ik op himsels wol wis fan, mar it is in goede fraach foar de gemeenteriedsgearkomste.
Het is onzin dat het college helemaal niet naar de inwoners luistert. Ik begrijp de teleurstelling bv. Aldeboarn en Terherne. Maar, Skarsterlan zit ivm de de herindeling met Gaasterland-Sloten niet te wachten op Terhorne. Daarnaast is het al uitzonderlijk dat Boarnsterhim opgedeeld wordt. Niet gebeurt eigenlijk nooit. Het is onmogelijk om elk dorp haar zin te geven en Boarnsterhim te verdelen over 5 gemeenten.
@ H.H. Vermeulen: Skarsterlân hat wol deeglik oanjûn dat Terherne, mar ek Akkrum/Nes wolkom binne. Dat hawwe se yn in saneamde ‘petition paper’ te witten dien. In offisjeel stik, dat ek nei it Kolleezje en Gemeenterie ta gongen is.
Fierder: by de opheffing fan Boarnsterhim is as ien fan ‘e wichtichste arguminten brûkt dat doarpen neat mei elkoar hawwe soenen, dat der gjin ‘ienheid’ of ‘kohesy’ is. Wat neffens my in socht argumint wie. mar troch doarpen no tsjin har sin by Ljouwert en Hearrenfean te foegjen krije jo dat effekt dúdlik hiel sterk. Doarpen as Sibrandabuorren en Tersoal hawwe neat mei in stedswyk as de Frijheidswyk of Skieringen.
Wat my oanbelanget mei de gemeenterie de doarpen fan Boarnsterhim wol beskermje tsjin de lânhonger fan Ljouwert en it Fean. De megalomane útwreiding fan Ljouwert oan ‘e súdkant kin no de gemeentegrins noch net oer. Alle histoaryske gearhing is fuort as der ynienen sa’n ûnbidige deade wenpûst oan ‘e stêd plakt wurdt.

De rekkensom doocht yn myn eagen net hielendal: it moat wêze ’94% fan de ynfollers’ yn stee fan ‘befolking’, of miskien: 187 fan de 805 ynwenners (fan mrt 2008 neffens Wiki, dus kin natuerlik ferskille fan hjoeddeistige oantal); rûm 23 prosint fan de ynwenners.
Nimt net wei dat B&W hielendal net harket nei de ynwenners. In sear spitige saak!
Groetnis út Skarsterlân