Arguminten Legeaen foar Súdwest Fryslân

Op 11 oktober 2010 hawwe de fraksjes fan D66, FNP en GroenLinks in harksitting hâlden yn it doarpshûs fan Tersoal (De Tuolle). Dêr die bliken dat sawat alle ynwenners dy't kommen wienen (67 minsken) nei Snits/Súdwest Fryslân ta woenen, en net nei de gemeente Ljouwert. Der wie ien persoan dy't twifele.
Watfoar arguminten binne neamd? De FNP set se op in rychje.
 
Arguminten Legeaën om by Snits/Súdwest Fryslân te kommen:
  1. De Legeaen is ien gebiet, sterk mei elkoar ferbûn. Ien kultuerhistoarysk gebiet. Sport, feesten en de tsjerken, alles dogge se dêr meielkoar. Foarbyld: de sportstichting. Yn Sibrandabuorren in sporthal dêr't ferskate doarpen gebrûk fan meitsje. Dat moat net ferbrutsen wurde. As ienheid krije jo ek mear foarelkoar. Gjin fersnippering.
  2. Fysike ôfstân. Snits is (folle) tichterby as Ljouwert. Ljouwert is 4x sa fier fuort. Foar in rydbewiis/paspoart ensfh. Nei Ljouwert om ferfolgjens in kopy nei Snits ta te bringen (foar maatskiplike aktiviteiten). Ek in (folle) bettere busferbining mei Snits.
  3. Sosjaal-maatskiplike bining. Gebiet hat folle mear mei Snits as mei Ljouwert. Stel dat swimbad yn Snits sluten wurde soe. Dan kinne jo mei rjocht en reden protestearje (jo sitte yn deselde gemeente). SW Fryslân mear in plattelânsgemeente, wat De Lege Geaën ek is.
  4. Foarsjennings, opheffingsnoarm skoallen. Yn SW Fryslân in protte doarpen en in goed doarpebelied (goede ynpassing yn doarpen en wiken). Dat moatte jo by Ljouwert noch mar ôfwachtsje. En 80 of 84 doarpen makket ek net in soad út. It giet om 'e belangen fan 'e ynwenners.
  5. Ynfrastruktuer. Fytspaden fan Snits oant de ein fan De Lege Geaen, en net healweis ergens ophâlde. Dat driget as it gebiet opsplitst bliuwt/wurdt. As ien gehiel sterk meitsje foar wegen en paden.
  6. Der is bestjoerlike rêst as jo by SW Fryslân komme. De diskusje hawwe jo de earste 12 jier net wer. Dat moatte jo by Ljouwert noch mar ôfwachtsje. Idem by Littenseradiel. Kies foar in robúste oplossing, in skoftke foarút.
  7. Snitsermar: as der minder gemeenten binne dy't dêr oer geane (bygelyks allinnich Snits en Skarsterlân) gauwer dúdlikens by kalamiteiten/ûnfeilige situaasjes. By mear gemeenten mear 'drokte'. It is net praktysk dat Ljouwert ek by de Snitsermar komt.
  8. Foarsjennings: de brânwacht fan Snits is folle tichterby as dy fan Ljouwert.
  9. Taalbelied: Tersoal wol ûnder oare syn eigen plaknamme hâlde.
  10. Draachflak: mei hantekens, enkêtes en ynspraak hawwe de doarpen mei grutte mearderheden genôch dúdlik makke dat se by Snits/SW Fryslân hearre wolle. Dat is dus wat oars as 'geen sterke voorkeur aanwezig';
  11. SW Fryslân foldwaande bestjoerskrêftich en bestindich (lange termyn).
Sybren Tuesday 19 October 2010 at 2:17 pm | | Default

No comments

Emoticons

Remember personal info?
Notify
Hide email
Small print: All html tags except <b> and <i> will be removed from your comment. You can make links by just typing the url or mail-address.