Alde Feanen en Warten wolkom by T-diel

It is logysker dat de Alde Feanen by Tytsjerksteradiel komme by in opdieling fan Boarnsterhim. En Warten bliuwt fan herten wolkom. It Kolleezje fan B&W fan Tytsjerksteradiel hat, mei út namme fan de folsleine ried dêr, in brief skreaun nei ús as gemeenteried. Se wize der ûnder oare op dat it besikerssintrum fan 'e Alde Feanen al yn Earnewâld sit, dat it logysker is dat de ôfstimming fan taken en regels foar it nasjonale park troch ien gemeente dien wurdt en boppedat dat de praktyk al is dat rekrearjende minsken no Earnewâld al faak as útfalsbasis hawwe om fan dêr út de Alde Feanen yn te gean. Oer Warten wurdt it folgjende sein: 'It doarp Warten hat oanjûn, ek mei it each op de relaasje mei De Alde Feanen, ek dúdlik yn de rjochting fan Tytsjerksteradiel te sjen. It doarp leit ek net fier fan Garyp en Burgum. De relaasje mei De Alde Feanen hoecht dus net ferbrutsen te wurden. It doarp is wolkom yn Tytsjerksteradiel'.

Sybren Thursday 21 October 2010 at 6:06 pm | | Default

No comments

Emoticons

Remember personal info?
Notify
Hide email
Small print: All html tags except <b> and <i> will be removed from your comment. You can make links by just typing the url or mail-address.