Tariven by Arriva net omheech

antwurden op FNP-fragen

It begjint no echt ferkiezingstiid te wurden. CDA-deputearre flink ûnder fjoer. Hy moat sels weromkomme út Nij Seelân! Ideeën foar stunts, debatten en kanvassen wurde omsetten yn dieden. De 'sjochsifers' fan ús websiden sjitte omheech (ek dizze weblog). Justerjûn haw ik polityk noch yn aksje west by in kommisje fan 'e Steaten fan Fryslân. Dat nei oanlieding fan eardere FNP-fragen oer grouwelige priisferhegings by Arriva. Oer alle boegen is it Kolleezje de FNP yn 'e mjitte kommen. De ôfspraken oer de tariven yn it Provinsjaal Ferkearsplan bliuwe oerein. De deputearre hat Arriva fuortendaliks oansprutsen op de mooglike taryfsferhegings. Betsjut: gjin ekstra kosten foar reizgers mei in NS-koartingskaart. Wy wurde op 'e hichte holden fia saneamde 'monitoringsgegevens'. Mocht bliken dwaan dat de reizgersoantallen troch de ynfiering fan 'e OV-chip fiks weromrinne dan kinne wy fansels oan 'e belle lûke.  Deputearre Adema (CU) sei noch al dat 'it grutste part fan 'e reizgers hiel tefreden is mei de OV-chipkaart. Dat binne syn wurden fansels. Wy krije in soad sinjalen dat minsken it oars belibje!

Sybren Thursday 10 February 2011 at 5:36 pm | | Default

No comments

Emoticons

Remember personal info?
Notify
Hide email
Small print: All html tags except <b> and <i> will be removed from your comment. You can make links by just typing the url or mail-address.