Oer krekt 3 wiken sit ik yn Súd Tirol om dêr as ferkiezingswaarnimmer te fungearjen. Dat wol sizze, fan in
referindum oer selsbeskikking. It sil allegear heve yn it Arntal, yn it plak
Weissenbach. Om 18.30 is de stimming en dêrnei is der in
ynformaasjejûn mei ferskate sprekkers, dêr't ik dan ien fan bin. It is de 4e dei dit jier dat oer selsbestimming stimd wurde kin. Wat is de fraach by dat referindum eins? Dat is: 'Bisto/Binne jo der foar, dat de Súd-Tirolers har rjocht op selsbeskikking útoefenje meie, om frij oer de takomst fan har lân te besluten?". En dan kin ja of nee andere wurde. Op 21 july gean ik fuort en de 24e bin ik wer werom.
Sjoch de link: dêr’t ik doe (novimber 2009) ta oproppen haw, is no útkommen. De Súdtirolers binne dwaande mei in referindum oer selsbeskikking.