Moasje yn Steaten: dochs folweardich fytspaad Grou-Warten

Utstel FNP oernaam troch Kolleezje

In aardich súkseske juster yn 'e Steaten mei in saak dy't ik de lêste wiken taret haw. By de behanneling fan in tal begruttingswizigings gong it ek oer it noch oan te lizzen fytspaad tusken Grou en Warten. As FNP hawwe wy altyd in grut foarstanner west fan de oanlis fan dat fytspaad, fanwegen de ferkearsfeiligens. Lykwols, it Kolleezje woe it fytspaad as in skelpepaadsje oanlizze. Dat gong ús wat al te rûch. Yn de ynrjochtingseasken foar de oanlis fan fytspaden, fêststeld troch de Steaten fan Fryslân, stiet dúdlik dat it yn beton of asfalt moat. Dêrom binne wy mei in moasje kommen om it Kolleezje op te roppen om alles yn it wurk te stellen om it fytspaad yn ien kear goed oan te lizzen, dat wol sizze, yn asfalt (beton wurket dêr net, slappe feanûndergrûn). En, de moasje (mei ûnderskreaun troch CDA, GL en SP) is oernommen! Foar de ynwenners fan it gebiet in opstekker!

Sybren Thursday 14 July 2011 at 09:33 am | | Default

No comments

Emoticons

Remember personal info?
Notify
Hide email
Small print: All html tags except <b> and <i> will be removed from your comment. You can make links by just typing the url or mail-address.