Reaksje FNP op útfieringsakkoart Fryslân

ynvestearje yn plattelân, leefberens, taal en kultuer en ekonomyske struktuerfersterking

Yn it koalysje-akkoart stiet oanjûn wêr't de aksinten de kommende fjouwer jier lein wurde sille: plattelân, leefberens, taal en kultuer en ekonomyske struktuerfersterking. De FNP hat earder al oanjûn dat wy ynnommen binne mei dizze kar yn it koalysje-akkoart.

Wat de finânsjes oangiet is de FNP bliid dat wy no in skerpe kar meitsje om te besunigjen op asfalt en beton, it oantal amtners en de rynske frije reserves. Dat makket it mooglik dat foar Taal en Kultuer itselde budzjet beskikber bliuwt, en dat de Provinsje eigen jild stekken bliuwt yn it Fryske plattelân.

In hoeden en degelik finansjeel belied stiet foarop: dêrom moat it kolleezje aktyf yn spylje op de strukturele fermindering fan ynkomsten út it Ryk wei. Fan de 105 miljoen euro dy't beskikber is foar nij belied foar de kommende 4 jier wurdt earst 25% apart set foar mooglike nije tsjinfallers út Den Haag wei.

Om koart te gean: de FNP is bliid mei it finansjeel realisme dat út dit útfieringsakkoart sprekt: in gedegen finansjeel plaatsje mei transparânsje oer de risiko's dy't noch oer ús komme kinne.

Lês de folsleine tekst fan de reaksje fan de FNP hjirre.

Sybren Saturday 16 July 2011 at 8:25 pm | | Default

No comments

Emoticons

Remember personal info?
Notify
Hide email
Small print: All html tags except <b> and <i> will be removed from your comment. You can make links by just typing the url or mail-address.