Korsika wol mear romte foar de eigen taal

Hoewol’t de Frânske grûnwet foarskriuwt dat de taal fan de oerheid it Frânsk is, binne der neffens it eilânbestjoer wol mooglikheden foar lokale oerheden om it Korsikaansk te brûken, bygelyks mûnling yn gemeenteriedsgearkomsten. Fierders soene de doarpen en stêden op it eilân offisjele Korsikaanske nammen krije kinne. Korsika wol ek dat it Korsikaansk in gruttere rol op skoalle kriget.
As earste wol Korsika begjinne mei in nij personielsbelied: by fakatueres foar amtlike funksjes soene kandidaten dy’t Korsikaansk kenne foarrang krije. It eilân wol fierders subsydzje jaan oan media dy’t it Korsikaansk brûke. Op oerheidsgebouwen hingje al langer twatalige buordsjes en de paadwizers binne ek almeast twatalich, lykas op de foto te sjen is. Paul-Felix Benedetti fan it eilânbestjoer seit dat er hopet dat it Frânske parlemint de wil fan de Korsikanen respektearret en eventuele wetten feroarje sil dy’t mear twataligens op Korsika yn it paad steane.
Boarne: It Nijs

No comments