trochbraak yn Ostfriesland
In grutte trochbraak. Sa soenen jo it wol neame kinne. Die Friesen (susterpartij fan de FNP) is fan no ôf fertsjintwurdige yn de Landkreis Leer. En dêrmei kinne se ynfloed útoefenje op de politike beslútfoarming yn East Fryslân. Foar de FNP is dit fansels geweldich nijs. In politike partij dêr't wy jierrenlang kontakt mei hân hawwe brekt troch en docht no serieus mei. Se kinne de partij net mear ferswije of oer de holle sjen. De FNP is ek mei ien sit yn de Steaten begûn. Mar om de safolle jier kamen der sitten by. Ik hoopje dat Die Friesen ek in faktor fan belang wurde by ús buorlju... De útslaggen binne
hjir te besjen. Spesifyk foar Leer steane de útslaggen
hjirre. Mei tank oan de wekkere redaksje fan
It Nijs.
Update: op It Nijs hat it nije lid fan Die Friesen yn de Kreis-Leer en de gemeente hesel in moaie reaksje skreaun (sjoch link):
Moin West-Friesen,
ikk mooch mii bii jo bedanken, för de Glückkwunsch’n to uns Stimmenandeel in’t Kreistag van Leer unn inn’t Samtgemeen Hesel.
Wii sünn doomals Mart 2007 antreede’n mitt dee Fraag “Bruckt Ostfreesland een eigen Partei” unn dat Ergebniss hebn wie nu schwart oop witt.
Ikk hoop datt ich dee “Erwartungshaltung” utfüllen kann unn mien bestreeben iss dat ikk noo beter wesen will ass jii all denkt.
In disse Sinn
Holger ut Hesel