Juster it oanslachbiljet krigen fan de gemeente. Wat ik al ferwachte hie, is no ek útkommen. Ferline jier hat der in nije taksaasje west fan it ûnreplik guod en de huzen en bedriuwen hawwe in nije wurdearring (ekonomyske wearde) krigen. Yn desimber ferline jier sei ik yn de gemeenterie al dat troch de grutskalige sloop fan wenten en flats yn Ljouwert, der in grutte druk op de prizen fan de goedkeape- en middenklasse wenningen ûtstean is. Mei as gefolch dus in hegere taksaasje- en ekonomyske wearde en dêrtroch wer in hegere oanslach foar dy typen wenningen. Gemiddeld soenen de huzen yn Ljouwert 52% djoerder wurde, mar troch de sloop soenen foaral de hierflats mear yn priis omheech gean, neffens it kolleezje dan. Mei as gefolch in hegere oanslach. Foar de partikuliere huzen soe de wearde gemiddeld 48% omheech gean, leger as gemiddeld, en dus (troch kompensaasje) in legere oanslach. Dêr haw ik doe al kanttekeningen by setten, ek minsken mei in eigen hûs dat yn de legere- en middenkategorieën sit soenen mear betelje moatte troch it eigen belied fan de gemeente. Ik seach der dan ek net fan op dat ús (eigen) hûs mei 55% yn wearde omheech gongen is en de OZB mei dêrtroch mei 5,5 % omheech. Wylst it gemiddeld yn de gemeente mei 0,8% omheech giet. Hawwe jim ek in hegere oanslach krigen?
Ferline wike krigen wy, as âlden fan ús Hannelys (1 jier, wurdt yn maaie 2), in brief fan de Postbank. 'Gratis mobiel en veilig Prepay Belpakket bij Easy Blue'. No is it fansels punt 1 de fraach wat in lytse pjut fan ien jier al mei in mobile tillefoan moat mei i-mode, camera en 20 fergese belminuten. Se soe net iens witte hoe't je sa'n ding betsjinje moatte. Je dogge har mear plesier mei in skepke en in sânbak. Wat ús oangiet dan ek it toppunt fan fuortsmiten reklamejild. It is trouwens überhaupt de fraach hoe't de Postbank wit dat wy ferline jier in bern krigen hawwe. Wy hawwe neat oan har trochjûn. No ja, dat sille se wol ôflaat hawwe fan de berne-byslach dy't ien kear yn't fearnsjier op de postbankrekken bystoart wurdt. Ynstee fan effektive service oan de klanten rjochtet de Postbank (en ek oare banken) him sa te sjen blykber hieltyd mear op suver agressive reklamekampanjes om ta winstmaksimalisaasje te kommen... Sa freegje ik my ek ôf oft de wurknimmers hjir yn Ljouwert fan de Postbank (myn âld-kollega's) skielk net de dupe wurde fan it ferdwinen fan banen.
Soms binne dingen tafal. Soms ek net. Mar yn de polityk binne net safolle saken tafallich, bin ik sa stadichoan wol achterkommen. Ofrûne tongersdei wienen wy mei in pear riedsleden byelkoar yn de lêskeamer en wy hienen it der eefkes oer hoe faak de fraksjes fan PvdA en VVD yn de Ljouwerter gemeenterie elkoar de lêste tiid oankrûpe. Bygelyks mei it jongereinwurk (meinskiplike moasjes), de fragen oer de BTW-kwestje fan de BV Sport en it inisjatyf fan it revolving fund. Sit hjir in bepaalde strategy achter fan ien of fan beide partijen mei it each op de ferkiezings takom jier? As dat sa is, dan sil it nei alle gedachten wol fan de VVD komme, want dy partij is by ferskate ferkiezings sûnt 1999 hurd achterútbuorke (fan 17,2% yn 1999 nei 9,6% ferline jier by de Europeeske ferkiezings). Omrekkene soenen sy no 4 sitten yn de gemeenterie krije, in fikse achterútgong dus. Ik soe my yntinke kinne dat sy alles op alles sette om in sit yn it kolleezje feilich te stellen. Of sit ik der helendal neist? Wat tinke jim?
Zo nu en dan wil ik op deze weblog wat voorbeeldjes geven van wat ik noem onrecht in de Nederlandse staat. Enige tijd terug zei onze burgemeester Geert Dales dat het in de gemeente Leeuwarden 'schraalhans keukenmeester' is. Een slechte financiële positie dus. Interessant is natuurlijk: waar wordt dat door veroorzaakt? Van de nummer twee op de FNP-lijst in 2002, Eric Hoekstra, kreeg ik enige tijd terug een mailtje dat hij een dossier op internet had geplaatst met als titel 'Weg met de randstad'. Bijzonder informatief en interessante invalshoeken. Hij gaat ook in op een stuk onrecht wat gemeentefinanciën betreft. Dat betreft de verdeling van het gemeentefonds. Ik heb de verdeling even bekeken, en het is inderdaad zo dat de verdeling helemaal toegeschreven is naar de grote steden in de randstad. Zo krijgen de grote 4 steden Amsterdam, Rotterdam, Den Haag en Utrecht enorme extra bedragen van 40 tot 174 miljoen euro. Als elke gemeente naar inwonertal daar een deel van zou krijgen, zou alleen Leeuwarden per jaar al 2,3 miljoen euro extra krijgen. Dales' eerdere gemeente Amsterdam krijgt van het rijk meer dan 1 miljard euro, per inwoner 1419 euro. Ljouwert ontvangt 81 miljoen, per persoon 882 euro. Als Leeuwarden per inwoner hetzelfde bedrag van het rijk zou ontvangen als Amsterdam, zou er nu per jaar meer dan 49 miljoen euro extra in de Leeuwarder gemeentekas terecht komen. Hoezo eerlijke verdeling? Is de verstrekking van een paspoort in Amsterdam nu echt zoveel duurder dan hier? In de algemene beschouwingen ga ik er nu bij het college zeker op aandringen de ongelijke verdeling in Den Haag aan de orde te stellen. Dit zit ongelovelijk scheef.
Woansdei prate wy yn de kommisje oer de festiging fan Piter Jelles (PJ) yn Kollum. In VMBO-skoalle mei sa'n bytsje 80 learlingen. It is fansels hiel nuodlik dat in gemeenterie fan Ljouwert beslute moat oer wol of net iepenhâlde. Foar de streek is de sprieding en oanwêzichheid fan iepenbier ûnderwiis fan belang, foar de skoalle telle mear de hurde sifers.
Argumint fan it kolleezje fan bestjoer fan PJ om 'Kollum' te sluten binne foaral finansjeel fan aard. It iepenhâlden fan de festiging soe tefolle jild kostje en te'n koste gean fan de oare festigings fan PJ yn oare plakken. Dat wurdt lykwols net hurdmakke, der wurdt gûchele mei sifers en der is helendal gjin ûnderbouwing fan in mooglik tekoart fan 1 of 2 ton. Wat wol hurd is, binne de finansjele sifers yn it jierferslach fan 2003 fan Piter Jelles, dy't sjen litte dat de skoalle in poerbêste finansjele posysje hat en yn 2003 ek in posityf resultaat fan sawat 6 ton. Ek is in gegeven dat it gebou yn Kollum hiel goed is en dat de ûnderwiiskundige kwaliteit tsjintwurdich wer goed is. Yn de fraksje waard al suver in ferliking makke mei Atoglas, wol Piter Jelles in noch heger finansjeel resultaat te'n koste fan in skoalle dy't hiel wichtich is foar de leefberheid yn Noardeast-Fryslân? Wat fynsto, moat de skoalle yn Kollum iepen bliuwe?
Vandaag is het de tweede donderdag van de maand, dus fractie-overleg om 20.00 uur. Maar voor de tijd (19.00 uur) ga ik nog even naar een commissie-vergadering van de Provincie Fryslân. Er wordt vanavond namelijk gesproken over de zogenoemde kern- of leerdoelen voor het Fries in het basisonderwijs. Een werkgroep die door de provincie is aangesteld, grotendeels vertegenwoordigers van door de provincie gesubsidieerde instellingen, heeft geadviseerd om de leerdoelen naar beneden bij te stellen. Het komt er ongeveer op neer dat een kind in Fryslân na het volgen van de basisschool een 'positieve houding heeft ten opzichte van het verstaan van de Friese taal'. Dat advies heeft (terecht) grote beroering veroorzaakt. Want tot nu toe was het gewoon zo dat het Fries en het Nederlands op de basisschool dezelfde leerdoelen hebben. Ook in allerlei nationale en internationale afspraken is vastgelegd dat de beide talen op school als gelijkwaardig behandeld worden. In de praktijk blijkt dat ook heel goed mogelijk. Zo ontstaan er steeds meer twee- of drietalige scholen en in andere tweetalige regio's in Europa is het heel normaal dat de beide talen als voertaal gebruikt worden. Vaak met succes, want uit vele wetenschappelijke onderzoeken is gebleken dat kinderen grote voordlen hebben bij een meertalige opvoeding.
Toen de plannen van de provincie, d.w.z. van gedeputeerde Mulder, bekend werden heeft de actiegroep 'Te mâl' aangekondigd dat zij actie ging voeren voor de gelijkwaardigheid van en goed onderwijs in beide talen. Want in plaats van een extra inspanning om de leerdoelen te halen, worden de doelen nu zelf naar beneden bijgesteld. Dat is natuurlijk de zaak op z'n kop zetten! Er is ook een internetsite van Te mâl waar je een petitie kunt tekenen voor het behoud van de kerndoelen. Zoals je kunt zien steunen vele 'pommeranten' de actie. Ze hebben mij ook gevraagd om met een button op de foto te komen, daar heb ik natuurlijk volmondig 'ja' op gezegd.
Op 2 maart soe de presintaasje wêze fan it saneamde 'stadsconvenant' tusken de gemeente Ljouwert en de Provinsje Fryslân. Mar 2 maart wie de dei dat hiel Fryslân ien grut poallânskip waard mei 20 oant 50 sentimeter snie en dy presintaasje gong dus net troch. Doe krigen wy de stikken oer de post tastjoerd. Yn it stedskonvenant stean in hiel soad goeie saken, lykas de kenniskampus om it heger ûnderwiis yn Ljouwert mear te stimulearjen en ek de realisaasje fan in poppoadium. Ien fan de meast opfallende saken wat my oangiet is dat der mar leafst 8,2 miljoen euro útlutsen wurde sil foar de stadsring Zuid-west, it stik Julianaleane-Europaplein. Dat is dus sawat 20 miljoen âlde gûnen! Sakrekt kaam ik fan Goutum en fytste efkes by de rûnwei lâns. Ik kin my net yntinke dat al dat jild allinnich foar de oanpassing fan in pear ôfslaggen en rotondes wêze sil. Dêr is it fierstente folle jild foar. Sa hawwe wy juster noch in foarstel besprutsen foar de oanlis fan in rotonde foar € 400.000. In pear fan sokke bedraggen makket lang gjin 8,2 miljoen euro! Wat my oangiet is dit in stik jildfergriemerij. It is folle better om no de druk op de minister op te fieren dat der einlings in beslút nommen wurdt oer de Heak om Ljouwert. Dan kin ferkear dat net yn de stêd hoecht te wêzen der moai omhinne ride. En dan hoege dizze djoere projekten dy't te'n koste gean fan de leefberheid yn de stêd ek net mear útfierd te wurden.
Hasto ek suggestjes wêr't dy 8 miljoen euro better oan útjûn wurde kinne?
08 Maart '05 - 17:19 | |
Fraach nei 400 filla's Bullepolder?
In skoftke lyn fytste ik foar it earst yn myn libben efkes troch de Bullepolder. It wie in kâlde en tsjustere dei yn febrewaris. Ik frege my op dat stuit serieus ôf oft hjir no 400 húshâldens wenje wolle yn filla’s yn it eksklusive topsegmint fan mear as € 400.000. It is echt de kâlde wynderige noardeastkant fan de stêd Ljouwert. OK, simmerdeis is it dêr fansels prachtich moai, mar in grut part fan it jier is it oantrekliker foar guozzen en smjunten as foar minsken, liket my sa ta. Op dat stuit hie de útspraak fan de Rie fan steate noch net west. Dy útspraak wie op 23 febrewaris.
Ik haw dy útspraak efkes opsocht fia it ynternet (www.raadvanstate.nl). No bin ik gjin jurist, mar neffens my is op dy útspraken fan de rjochters wol wat ôf te tingjen. As wy allinnich efkes sjogge nei de fraach, it ferlet nei de 400 filla’s yn de Bullepolder (plangebiet Blitsaerd) dan giet de Rie fan Steate (RvS) net út fan in ‘positive’ argumintaasje, dat wol sizze it werklike en oantoande ferlet fan de wenningen yn dy kategory, mar krekt oarsom. Sy erkenne sels ek dat de fraach nei wenten yn de hegere priisklasse ôfnommen is. De argumintaasje fan de RvS is eins dat der in lyts tal djoere/eksklusive huzen yn Ljouwert oanwêzich is, dat der dêrom in tekoart is en dat der dêrtroch ek wol ferlet wêze sil fan de 400 filla’s yn de nije wenwyk. Dat is fansels de saak omdraaie. De rjochters folgje dêrmei de logika fan it al tiden net wurkjende wenningbouprogramma fan de provinsje en de ôfspraken dy’t dêroer tusken de ferskate oerheden makke wurde. Ofspraken op basis fan polityk hantsjebakken fan boppe-ôf oer wat wêr boud wurde mei sûnder har werklik wat oan te lûken fan de werklike fraach.
Earlik sein sjoch ik as FNP-er it swurk driuwen mei de fillawyk ‘Blitsaerd’, it kin wolris de safolste tebeksetter fan de gemeente wurde. Yn it foarste plak konkurrearet it mei de eigen gemeentlike plannen yn Suderbuorren en Ljouwert-súd ('Zuidlanden'), dêr’t ek aardich wat huzen yn de djoerdere kategory boud wurde. Dêrneist is der gewoanwei net in soad fraach nei ditsoarte fan huzen of filla’s hjirre. Neffens in treflik stik fan redakteur Willem Bosma fan de L.C. fan 24 febrewaris 2005 wikselje yn de regio-Ljouwert mar 50 eigners fan hûs yn de priisklasse boppe de heal miljoen euro. Op basis fan it wyksinjalearringssysteem haw ik by de behanneling fan it wenplan yn de gemeenterie al nei foaren brocht dat Ljouwert de kommende jierren (2004-2009) folle mear huzen bouwe wol yn it djoere segmint as dat der fraach wêze sil. Fan de befolking wol 13% fan de minsken in djoer of eksklusyf hûs keapje, wylst it oanbod yn Ljouwert 43% wêze sil (1440 fan de 3321 huzen). In hiel dúdlik teken wie fansels dat de eksklusive bûtenpleatsen by Himpens/Tearns net oan de man/frou brocht wurde koenen. Der wurdt sein dat der no al 400 belangstellenden binne foar de kavels. Mar in belangstellende is noch gjin keaper. Fierder moat der net fergetten wurde dat de lêste jierren der hieltyd mear oanbod komt fan pleatsen dy’t ferkocht wurde. Pleatsen dy’t de oarspronklike funksje ferlern hawwe en ferboud binne of wurde ta wenpleats. Neffens www.funda.nl stean op dit stuit mar leafst 167 huzen te keap yn in striel fan 15 kilometer om Ljouwert hinne boppe de 4 ton. En dat sil lang net alles wêze, want in soad wurdt net iepentlik sa te keap oanbean.
Jim begripe, ik haw grutte fraachtekens by de takomstige werklike fraach nei de filla’s en set kanttekens by it oardiel fan de Rie fan Steate. Wat fine jim? Sil der genôch fraach wêze nei de eksklusive huzen?
Wolkom op myn weblog.
Op dizze log sil ik geregeld stikjes pleatse oer de aktuele gemeentepolityk. Kommintaar, oproppen ta diskusje, nijtsjes dy’t noch net bekendmakke binne mar wol spylje en gean sa mar troch. Ik hoopje datst it aardich fynst, ast wolst kinst sels ek reaksjes skriuwe fansels!
Oant sjen!
Welkom op mijn weblog.
Regelmatig, ik probeer een paar keer per week, zal ik korte ‘dagboek-fragmentjes’ op deze weblog plaatsen. Meestal in mijn eigen taal, het Frysk, maar zo nu en dan ook in het Nederlands voor de afwisseling. De artikeltjes zullen meestal gaan over de ‘achtergronden’ bij het nieuws, commentaar van mijn kant als FNP-raadslid in Ljouwert en natuurlijk de laatste nieuwtjes die nog niet bekend zijn. Reacties zijn natuurlijk welkom!