Sybren Posthumus - Weblog

kontakt
Sybren Posthumus
Gemeenteriedslid Ljouwert
Ibisstrjitte 35
8916 BH Ljouwert
Tillefoan: 058 - 2884700
Mail: sposthumus@leeuwarden.nl
kalender
« July 2008
S M T W T F S
    1 2 3 4 5
6 7 8 9 10 11 12
13 14 15 16 17 18 19
20 21 22 23 24 25 26
27 28 29 30 31    

argyf

links

sykje
feeds
XML Feed (RSS 1.0)
XML: Atom Feed



Foar al jo webhosting!
Bonken âldehoustertsjerkhôf yn Reduzum
It liket wol in spannende jongesdream, yn in grutte bulte grûn omwrotte en dan ieuwenâlde bonken fan minsken weromfine dêr't je je fan ôffreegje: wêr komt dit wei. Yn werklikheid is dit fansels te tryst foar wurden. De grûn dy't fan it Aldehoustertsjerkhôf ôffierd is, is net goed kontrolearre troch de oannimmers en foar de twadde (!) kear fine minsken no de oerbliuwsels fan minsklike rêsten. Fan 'e moarn sei wethâlder Waanders dat it de ferantwurdlikheid is fan de oannimmer Strukton, dy't de grûn fuorthellet fan it plak dêr't de parkeargaraazje komme moat. Wat se der net by sei is dat de gemeente fansels wol einferantwurdlik is foar de kontrôle op de oannimmers, bygelyks troch dokuminten te kontrolearjen dêr't ynstiet oft de grûn wol skjin is en frij fan ôffal. De Wet boaiembeskerming is der fansels net foar neat. In skoftke lyn hawwe wy ek al fragen steld oer de situaasje yn Suderbuorren, om't wy ynformaasje hienen dat de oanfier fan grûn ek dêr net goed kontrolearre waard. It liket derop dat de kontrôle troch de gemeente struktureel tekoart sjit. En yndied, Reduzum hat der in skatgravers-attraksje by.
27 April '05 - 11:31 | | Noch gjin kommentaar


Klachten hege wenlêsten Ljouwert
Jûn prate wy yn de gemeenterie oer in ûndersyk nei de lokale lêsten. It Coelo docht dêr geregeld ûndersyk nei en sil jûn ek in presintaasje jaan. Yn't foar hawwe wy de stikken fansels al tastjoerd krigen en sa't eins wol bekend wie, Ljouwert sit by de alderdjoerste gemeenten. Yn in ûndersyk nei de lêsten yn de 35 grutste gemeenten fan Nederlân kaam Ljouwert mei de netto wenlêsten mei € 628 as fjouwer nei heechste út de bus (kategory 'relatief hoog'). It OZB-taryf foar eigners (taryf per 2268 euro wearde) is mei 4,74 it heechste fan alle grutte gemeenten en foar de brûkers mei 3,80 de ien nei heechste! No wit ik wol dat dêr ek it rioelrjocht yn sit, mar ek as jo bygelyks sjogge nei de ôffalstoffeheffing is Ljouwert mei 258 euro foar ienpersoanshúshâldens en 296 euro foar mearpersoanshúshâldens de 3 nei heechste. It fernuvert my dan ek net dat wy as gemeenteriedsleden nei it ferstjoeren fan de oanslaggen in hiel soad klachten krije oer de hichte fan de OZB en de oare belestingen yn Ljouwert. Nettsjinsteande it útstel fan it kolleezje dat de gemiddelde OZB-tariven foar partikuliere hûseigners 3 persint omleech gean soenen, gean dy foar in hiel soad minsken no dochs foars omheech. Grutste klacht dy't wy hearre is dat in soad minsken it gefoel hawwe dat de taksaasje net doocht (WOZ) en dat se op gjin inkelde manier ynfloed útoefenje kinne op de hichte fan de (oare) belêstingen. Ik bin benijd watfoar konklúzje de riedsleden jûn lûke sille...
26 April '05 - 10:18 | | Al trije kommentaren


Europese grondwet in het Fries!
Laatste nieuws: de Europese grondwet wordt volledig vertaald (alle 492 bladzijden) in het Fries, zo melde Omrop Fryslân vanavond op de radio en internet. Een enorme doorbraak natuurlijk en een geweldige erkenning voor de Friese taal. Nu zullen andere belangrijke documenten, verdragen en zaken die de overheid betreffen vast ook sneller in aanmerking komen voor versies in de Friese taal (precedentwerking). Even later hoorde ik via de NOS dat er ook een Referendumwijzer is, waarop je via internet kunt 'testen' in hoeverre je het eens bent met de grondwet. Zal hem direct even invullen!
21 April '05 - 23:28 | | Al ien kommentaar


Europeeske grûnwet posityf foar Fryslân?
Op woansdei 1 juny meie wy allegear stimme oer de Europeeske grûnwet fia in referindum. De earste kear dat ik my tariede moast op dat referindum wie op 23 maart, doe't ik by radio Mercurius, ús lokale stjoerder, oer dat referindum yn diskusje moast mei Irona Groeneveld fan Grien Links (steatefraksje) yn it programma Pandora radio. Us konklúzje doe wie dat der yn alle gefallen folle mear ynformaasje jûn wurde moast oan de boargers. Dat wie 23 maart. Yntusken witte de measte minsken noch net wat de grûnwet no al as net ynhâldt. Persoanlik bin ik der ek noch net út. It is goed om alle innen en einen op in rychje te hawwen en op basis fan alle arguminten in kar te meitsjen. Ik haw mysels bygelyks ynformearje litten op de website grondwet Europa. Dêr stiet in hiel soad ynformaasje en ek trochferwizings nei diskusje en ynformaasje yn oare lannen. Foar de FNP is de datum fan 20 maaie fan belang. Dan sil Nelly Maes, ien fan de Europarlementariërs fan de EFA, de Europeeske 'memmepartij' fan de FNP, tekst en útlis jaan oer de grûnwet. Nei de ynlieding sil der nei alle gedachten in soarte fan 'stimadvys' fan de FNP komme wat de Friezen stimme moatte.
As wy de EFA folgje soenen, soe der fan de FNP in 'Nee' tsjin de Europeeske grûnwet komme. Op in pear websites, fan de EFA sels en fan ien fan de Europarlementariërs, Bernat Joan , wurde de stânpunten fan de EFA út de doeken dien. De miening fan de EFA hoecht lykwols net deselde te wêzen as dy fan de FNP...
21 April '05 - 15:05 | | Noch gjin kommentaar


Wegert stêd Grins Bernlefs lustrum-pompeblêd?
Juster nei it lustrum fan de F.F. J. Bernlef ta west (Feriening foar Fryske Jongerein Bernlef). Al 80 jier bestiet dizze warbere studinteklub, dêr't ik tusken 1989 en 1994 lid fan wêze mocht. It is altyd in bytsje in 'nostalgic journey' om wer efkes werom te gean mei de trein en dan wer kuierjend troch de multykulturele stêd Grins nei de soas 'De Pizel' te gean en je tusken it studintefolk te bejaan. Diskear wie it fanwege de ferwachte opkomst mei it lustrum yn Huize Maas, ek net in ferkeard plak. It lustrum wie yn ien wurd geweldich. De organisaasje hie de saak strak regele, der wienen in soad minsken en in moai nijsgjirrich programma. Mei ferskate âldleden wer efkes bypraat oer ditsjes en datsjes. Fan minsken fan de Stifting Eigen Honk Bernlef, dy't it pân fan Bernlef beheare, hearde ik dat yn Grins de gemeente lang net altyd in positive stimulearjende hâlding oannimt rjochting behearders fan gebouwen mei in maatskiplike funksje. Sa wie de erfpacht ôfgryslik omheech gongen en mocht boppe op it pân fan Bernlef gjin pompeblêd oanbrocht wurde fanwegen it beskerme stedsgesicht. Ik haw my dêr bot oer fernuvere, want de strjitte dêr't Bernlef yn sit sil mei in lapetekken oan nijmoadrich en in bytsje âldere pannen dochs net ta dat beskerme stedsgesicht hearre? Soe dit no dwersichheid fan in amtner wêze? Of sit der wat oars achter? Ik haw in Bernlef-bestjoerder mar it advys jûn om eefkes te lobbyen by Jacques Wallage, dy't de lustrum-wike iepene hie en sein hie: "As ik noch wat foar jim betsjutte kinne, moatte jim my mar freegje". No sa!
17 April '05 - 17:16 | | Al twa kommentaren


Onrecht en onrechtvaardigheid (2)
Een tijdje geleden heb ik het al aangekondigd, regelmatig zal ik op deze weblog voorbeelden laten zien van onrecht in de Nederlandse staat. Afgelopen zaterdag publiceerde de Leeuwarder Courant een interessant artikel over Bouwsubsidies van het rijk. In totaal gaat het daarbij elk jaar om miljarden euro's, zo heeft het Sociaal en Cultureel Planbureau al eens in een publicatie laten berekenen. Het rijk stimuleert met financiële bijdragen het bouwen van huizen. Daarbij wordt per woning een bijdrage uitgekeerd. Het onrechtvaardige nu is dat er per regio grote verschillen zijn. Zo wordt voor een huis in de randstad maar liefst gemiddeld € 2000 uitgekeerd, terwijl het Rijk (minister Dekker) Leeuwarden aanvankelijk slecht € 337 per huis wilde geven. Na stevig duw- en trekwerk van ons gemeentebestuur is dat uiteindelijk toch nog € 600 geworden. Als Ljouwert en de gemeenten eromheen ook € 2000 per huis hadden gekregen, had dat weer € 7,4 miljoen gescheeld over een periode van 5 jaar. Door de lage(-re) bijdragen van het rijk aan de regio's buiten de Randstad halen sommige regio's hun taakstelling voor de huizenbouw niet, en moeten ze soms ook nog miljoenen terugbetalen. Sterk staaltje van bevoordeling van de Randstad...
12 April '05 - 13:58 | | Al trije kommentaren


Frysk museum: wa nimt earst beslút?
Ofrûne woansdei yn de riedsseal in byienkomst fan de gemeenterie en de steaten oer it stedskonvenant en it nij Frysk museum. It stedskonvenant wie net safolle nijs ûnder de sinne, by it Frysk museum/Nieuw Zaailand krekt wol. It foel my by de presintaasje fuortendaliks op dat in behoarlik part fan it gebou fan it nije Fryske museum sels yn de plannen brûkt wurde sil troch de ING bank. Dus net yn it winkelsintrum, mar yn it museum sels. Op de begeane grûn en op de earste ferdjipping, as ik it goed ûnthâlden haw. Dêr haw ik my bot oer fernuvere, sa'n kommersjele funksje yn in museum dat mei in soad mienskipsjild betelle wurde moat. Fansels, út it eachpunt fan de bank is it logysk, foar in dûbeltsje op de earste rang (AA-lokaasje). No ja, it sil wol wat mear wêze as in dûbeltsje, mar foldwaande reden foar my om dêroer fragen te stellen yn de gearkomst. Fierder foelen my noch 2 saken op: punt 1 wêrom wie dit in semy-besletten byienkomst? Allinnich Omrop Fryslân-TV wie der by, oare media en sjoernalisten net. Beheinde útnoegings ferstjoerd? Der hat ek net in advertinsje yn de krante stien. It tal besletten gearkomsten nimt de lêste tiid wer hieltyd mear ta. Oar punt wie dat it de bedoeling is fan de kolleezjes dat earst de gemeenterie fan Ljouwert (foar de fakânsje dit jier) en dan de Provinsje Fryslân (dêrnei) in beslút nimt. Dat is fansels de saak omdraaie: de Provinsjale steaten soenen earst in beslút nimme moatte oer it museum, en dan kin de gemeenterie fan Ljouwert te set oer it totale plan (ynklusyf parkearen, winkelsintrum etc.). It is dúdlik dat dêroer it lêste wurd noch net sein is. Yn de byienkomst waarden der al wat krityske opmerkings oer makke. Fan ferskate riedsleden fernaam ik dat sy ek pas nei de Provinsje in beslút nimme wolle.

08 April '05 - 15:41 | |


Achterhâlde ynformaasje Suderbuorren/Zuiderburen
Justerjûn in kommisjefergadering fan de gemeenterie mei as wichtich punt de 'optimalisaasje' fan de wenwyk Suderbuorren. De publike tribune siet grôtfol mei lilke en ferûntrêste wykbewenners, dy't it gjin 'optimalisaasje' neamden mar 'fersobering'. Har krityk wie ûnder oare dat tal fan ôfspraken dy't yn it ferline dien binne, net neikommen wurde. Op har eigen website jouwe se in kreas oersjoch fan de gebroken beloften. Se freegje har ek ôf hoe't it mooglik is dat der sa'n grut finansjeel tekoart (hast 6 miljoen euro) ûntstean kinnen hat, wylst in hiel soad fan de saken dy't realisearre wurde soenen, net iens dien binne. De gemeenteriedsleden hawwe letter dan ek tal fan fragen op de wethâlder ôffjurre. Dit kin noch wolris in swier dossier wurde foar it kolleezje. Foaral ek om't de ynformaasje oer de miljoenetekoarten yn alle gefallen al begjin 2003 bekend wie en no pas, begjin 2005 troch it kolleezje nei bûten brocht wurdt. Yn de tuskentiid hawwe se de gemeenterie wichtige finansjele ynformaasje ûnthâlden. Fanwege alle klachten en net neikommen tasizzings hawwe wy as FNP op ús nije webstek in reaksjefoarum pleatst. Ik bin benijd hoefolle reaksjes der komme sille!
05 April '05 - 11:37 | |


Ljouwert skjinste gemeente?
Fan 'e moarn wie it nijs op de radio dat Ljouwert troch is nei de folgjende ronde yn de ferkiezing fan de 'skjinste gemeente fan Nederlân'. Ljouwert heart no mei Smellingerlân en It Bildt ta de 41 skjinste gemeenten, neffens it nijs dan. It is foar my sterk de fraach oft dizze ferkiezing wol earlik is en oft de resultaten net op in bepaalde manier 'manipulearre' wurde. Yn it foarste plak dogge der mar 71 gemeenten mei oan de ferkiezing dêr't dan dus no 41 fan trochgeane. Dat wylst der yn Nederlân in pear hûndert gemeenten binne. De measte gemeenten hawwe har dus net iens opjûn. Wat dy mooglike 'manipulaasje' oangiet: de gemeenten kinne har eigen meiwurkers en befolking oproppe om op de ynternet-side 'Schoonste gemeente' foar har eigen gemeente te stimmen. As dy kampanje mei in soad bombaarje dien wurdt, sil dat grif effekt hawwe. Ek yn Ljouwert is dat dien: op de eigen (intranet-)website fan de gemeente en mei in foarprinte formulier yn de Huis aan Huis-krante. Sa binne grutte gemeenten dy't in soad reklame (en dus mienskipsjild) ynsette dus yn it foardiel. Yn de earste fase wurdt ek helendal net sjoen nei hoe skjin de gemeente werklik is. Pas folle letter, as de earste seleksjes plakfûn hawwe, meie de gemeenten in yn 't foar oanwiisd gebiet 6 wiken lang skjinhâlde. Tsja, dus ekstra je bêst dwaan yn in lyts gebiet fan in gemeente en dan mar skoare... No is Ljouwert echt in prachtige gemeente mei in geweldige binnenstêd, mar skjin? As riedsleden krije wy in soad klachten fan boargers oer hûnestront, opsjittend túch, ynjeksje-nuddels, troep op strjitte. It is net sa dat ik my dêr persoanlik alle dagen oan ergerje, mar sjoen al dy klachten dy't grif ek by de gemeente sels binnenkomme is it meidwaan oan dizze ferkiezing troch Ljouwert suver wat wrang rjochting de eigen ynwenners dy't alle dagen wer mei de smoargens konfrontearre wurde.
Wat fynsto, is dit in earlike ferkiezing?
01 April '05 - 10:22 | | Noch gjin kommentaar