Wat salle se met ut Cambuurstadion útheve? As raadsleden binne wij útnoadigd foar un bijeenkomst over de toekomst fan ut gebied om ut Cambuurstadion heen.
De wethouder seit hierover in un brief an de raadsleden: 'ideeën tot verbetering van het voetbalstadion en de omvorming van het sportpark tot een gebied waarin naast sportvelden ook andere functies een plaats krijgen'. Ik bin benijd wat de A7-korporasys krekt fan plan binne, want dy komt met de plannen. Ut su foaral om woaningbou gaan. Un paar weken leden hewwe wij fan dy korporasys al un sakdoek kregen met un knoop derin ('nyt fergete'). Gaat Cambuur weg út syn fertroude folksbuert richting Liwwadden-súd en gaat ut stadion plat? Of prate se allenug mar over de andere velden. Ut su wel sonde weze dat weer un groen stukje fan de stad ferdwynt. Mar eerlik seid su ik der de meeste problemen met hewwe as der weer feul geld achteran mut fan de gemeente. Ik hew fan de griffy, dy't over de agenda fan de raadsleden gaat, begrepen dat ut om un openbare bijeenkomst gaat. Nije week dinsdag, 19.30 uur in de Sakeklub fan ut Cambuurstadion. Wat fine jim? Mut ut su blive of kenne der oek wel woaningen boud wurde?
Dit fien ik skitterend. op sien luwadders.
Wat mij betreft ken Cambur wel plat. At je de problematiek sien met de infrastructuur tydens de wedstrieden dan lykt et mij handiger as je de ruumte opsoeke. En dan kenne de'r huzen bouwt wurde op de speulvelden.
Flak bij de binnenstad dus dure grond.
Luwadden mut niks bijbetale, fien ik. Skenk de grond voor een habbekrats an de corporaties en die mutte van de winst dan mar de club cambuur financiere inclusief de nieuwe cambuurvelden in Luwadden Sud, want dat su et moaiste weze, wud et tenminste een echt stadsdeel en gien deursneewyk.
Cambuer mut sels mar sêge waar it heen wil. In ferhuzing het fansels syn foar en syn teugen. En it is in moai hoekje grond om huzen te setten, dy rake je fast wel kwyt. Ik su it wel noflik fine as de gemeente der gyn hoochbou delplant.
Henk - 29 Juny '05 - 09:56
Mear ambysje yn besteand Frysk museum
Tongersdei wie ús temajûn oer súksesfolle musea. De (jonge) direkteur fan it Drintsk museum, Michel van Maarseveen, joech in flitsende presintaasje mei powerpoint oer de súksessen fan syn museum: yn in pear jier tiid fan 53.000 besikers yn 2002 nei 135.000 yn 2004. Resept: in kombinaasje fan goeie PR/publisiteit, nijsgjirrige tentoanstellingen en leechdrompelige aktiviteiten foar de eigen regio. Dêrnei wie it wurd oan Jan van Laarhoven, de direkteur fan it Noardbrabânsk museum. Hy slute oan op de kritearia fan súkses dy't syn foargonger neamde. Boppedat wie hy fan betinken dat alliânsjes mei oare (kulturele) ynstellings yn de stêd foar in fierdere fersterking en dus mear besikers soargje kinne. Bygelyks in mienskiplike promoasje fan de ferneamde Sint-Jansstraat dêre mei it museum. Treffend foarbyld fan in súksesfolle tentoanstelling wie 'Knus' oer de fyftiger jierren. Mei in grutte publykskampanje mei de oprop om materiaal nei it museum te bringen oer dy tiid en hast sûnder gebrûk te meitsjen fan de eigen kolleksje is it museum deryn slagge om 160.000 besikers foar ien tentoanstelling te lûken! Dan foel de reaksje fan Cees van 't Veen fan it Frysk museum my dochs wol wat ôf. Hy stelde him dúdlik tefreden mei it heljen fan de jierlikse "bandbreedte van tussen de 50.000 en 60.000 bezoekers". Op himsels bin ik it wol iens mei syn opmerking dat besikersoantallen net hillich ferklearre wurde moatte, mar in bytsje mear ambysje soe net ferkeard wêze. Sa haw ik my bygelyks twa jier lyn tige ferwûndere dat it Frysk museum de hiele súksesfolle eksposysje oer de Fryske frijheid yn Emden en Aurich net nei Ljouwert helle hat. Dat hie it Frysk museum in soad positive PR en ek besikers besoargje kinnen, bygelyks troch dy eksposysje in plak te jaan yn de lessen skiednis fan skoallen.
It aparte fan dit alles is no dat de beide musea yn Assen en Den Bosch yn frij âlde gebouwen sitte yn de binnenstêd. Ferlykber mei ús eigen Frysk museum. It Drintsk museum folle lytser as it Frysk museum, mar dochs dy súksessen. Beide musea binne no ta oan in stik nijbou, neist of oan it besteande museum. By dy musea is dus it ferhaal: earst it súkses en dan de nijbou, hjir yn Ljouwert is it motto: earst in nij gebou en dan moat it súkses komme. Mar yntusken haw ik noch gjin inkelde betroubere besikersprognoase sjoen foar it Saailân...
De kwaliteit van een museum hoeft niet samen te hangen met de kwaliteit van het gebouw; noch negatief noch positief. Dus kan aan succesvolle musea in oude gebouwen geen argument ontleend worden voor of tegen nieuwbouw voor het Fries Museum. Wel kan worden gesteld dat het huidige Fries Museum in een nieuw gebouw waarschijnlijk net zo veel bezoekers zal trekken als in het oude gebouw. Dus: een mooi gebouw op het Zaailand voor relatief weinig publiek (gemeentelijk) geld en de bezem door het Fries Museum lijkt mij het beste.
g. faber - 25 Juny '05 - 18:46
Beste Faber,
Oan suksesfolle musea yn besteande gebouwen kin WOL in argumint tsjin nijbou foar it Frysk museum untliend wurde: as in museum likegoed in in ald gebou kin, werom dan nijbou? Witte jo wol wat in nij gebou kostje moat?
roel - 26 Juny '05 - 23:34
Beste Roel,
Als een museum evengoed in een oud gebouw kan, waarom dan in een nieuw? vraagt u. Om van alles en nog wat, maar dus niet omdat het museum goed of slecht is. Het gaat m.i. om de vraag: willen we een mooi nieuw gebouw in het hart van Leeuwarden dat grotendeels niet door de provincie Fryslan noch door de gemeente Leeuwarden wordt betaald en waarin een Fries Museum kan worden gehuisvest; een museum dat verder weinig opzienbarend is en ook niet wordt als daar alles bij het oude blijft. Dat museum is wat mij betreft bijzaak; de stad Leeuwarden (en die stad ligt in de provincie Fryslan voor alle duidelijkheid) kan een prachtig nieuw centrum krijgen dat allerlei nieuwe activiteiten en ontwikkelingen op gang kan brengen.
g. faber - 02 July '05 - 16:18
Magneetsweeftreinjild ynsette foar wurkgelegenheid Ljouwert
De twadde keamer hat nei oanlieding fan it rapport fan de kommisje-Duijvestein oangeande de grutte (ynfrastrukturele) projekten dúdlik makke dat is sa helder as wat is dat de magneetsweeftrein ek yn polityk De Haach yn de kiif stiet.
It is trouwens op himsels al nijsgjirrich genôch om te witten hoefolle jild en tiid al fergriemd is oan dit projekt. Yn in oersjoch hat de Twadde Keamer dêr no goed sicht op krigen. Folle better hie it fansels west en stek al dy enerzjy yn it behâlden en ferbetterjen fan it besteande iepenbier ferfier en de ferbinings ynstee fan dat ôf te brekken.
Foar de gemeenterie Ljouwert is it no fan belang om nei te gean wat wy mei de ynstelde reserve fan sawat € 13 miljoen dwaan sille. De magneetsweeftrein is troch de bestjoerders betocht yn oanfolling op it Langman-akkoart. Offisjeel stie dy sweeftrein der helendal net yn, Langman woe krekt mear ynsette op de East-West ferbinings mar goed dêr draait it no efkes net om. De fraach is efkes oft de saken dy't Langman woe, noch hieltyd jilde om dy wurkgelegenheid yn de stêdlike sintra te stimulearjen en it saneamde 'fase-ferskil' lytser te meitsjen. As ik sjoch nei de útstelde maatregels dan binne dy noch hieltyd aktueel. In soad maatregels binne yn Ljouwert ek yn gong setten, lykas mear wenningboulokaasjes en de revitalisearring fan bedriuweterreinen. As ien fan de wichtichste prioriteiten om mear wurk te kreearjen neamde Langman it oprjochtsjen en stimulearjen fan kennisynstellingens yn ús regio. Dêrom haw ik yn it begruttingsdebat ek nei foaren brocht dat de gemeente Ljouwert de 13 miljoen euro fan de sweeftrein dêr ûnder oare foar ynsette moat. Mei de ynset fan dy eardere sweeftreinmiljoenen en kofinansiering fan it ryk en Europa moat it dochs mooglik wêze om struktureel in aardich part fan de 6000 Ljouwerter wurkleazen oan wurk te helpen. In deltaplan foar de Ljouwerter wurkgelegenheid dus. Mar oare suggestjes binne fansels wolkom...
Fuort mei de sweeftrein, ynvestearje yn ECHT iepenbier ferfier en yn DIREKTE wurkgelegenheid!
Roel van Dijk - 20 Juny '05 - 13:58
Leeftydsdiskriminaasje CWI Ljouwert?
Ofrûne moandei stie der ek al in stikje yn it Frysk deiblêd dat der sprake wie fan leefttydsdiskriminaasje by it CWI op it Hearrenfean. It docht bliken dat dêr no ek yn Ljouwert sprake fan is. De freeds foar it wykein krigen wy fan frou Morreau fan Almere in e-mail berjocht dêroer en ik haw frege om my de fakatueretekst efkes ta te stjoeren. Jo moatte sokke saken fansels earst efkes ferifiearje om te witten oft it kloppet wat der sein wurdt. Yn de tekst stiet yndied dat jo foar dizze baan, telefonist/resepsjonist, net âlder wêze meie as 23 jier. Dat is yn grutte striid mei de wet Leeftydsdiskriminaasje dy't op 1 maaie 2004 yngongen is. In leeftydsyndikaasje is ferbean neffens dizze wet. Yn dit gefal is dus it CWI sels skuldich oan it skeinen fan dy wet, om't sy net it bedriuw of de organisaasje yn de fakatueretekst melde en dus sels blykber de einredaksje hawwe foar de tekst. It CWI, as dé arbeidsbemiddelder, hie fansels better witte moatten. De wet is al mear as in jier âld en no noch de regels net witte, dat liket op fleanen fansels... Ik hie ferwachte dat diskriminaasje anno 2005 sa stadichoan ferdwûn wie. Ik sil har ris in mailtsje stjoere en konfrontearje mei de feiten. Ik bin benijd nei har reaksje!
Niet alleen het CWI doet aan leeftijdsdiscriminatie. Er zijn meer bedrijven die het doen, alleen een stuk minder duidelijk.
Ik werk bij een schoonmaakbedrijf waar, laten we het netjes zeggen, dames en heren werken in een iets oudere leeftijdsgroep. Zelfs daar word al gezegd dat er jongere medewerkers moeten komen, omdat het anders echt te duur word.
Nu kan ik me er best wat bij voorstellen hoor.Een schoonmaakbedrijf schrijft voor een bepaald bedrag in, en die dure, boven de 23 jarige krachten, drijven de prijs toch behoorlijk op.
Jammer maar waar.
Franka - 16 Juny '05 - 23:17
Skandalich fansels, mar ik ha ek noch nea fakkenfullers fan boppe de 25 jier sjoen.
Foar de grap hat in freondinne fan my, 21 jier, sollisitearre nei in baan as kasjere... No, tink mar net dat immen fan 21 of alder by de Albert Hein efter de kasse mei hjer!
Sa'n ferbod kin dit net ferhelpe....
Roel - 17 Juny '05 - 23:14
De fakatuere dêr't it hjir om giet is spesifyk bedoeld as in soarte fan lear-wurkbaan om jeugdwurkleazens tsjin te gean. Alteast, sa begryp ik it fan it CWI. Op himsels is it goed dat dêr wat oan dien wurdt fansels, allinnich it bliuwt de fraach wêr't op in bepaald stuit de grins leit tusken wat noch wol en wat net mear akseptabel is.
Dat de diskusje oer dit ûnderwerp noch net útiten is, docht wol bliken út de mail fan frou Morreau dy't ik krige:
Enige CWI's in Nederland maken zich schuldig aan leeftijdsdiscriminatie door een leeftijdsindicatie er in te zetten en niet het bedrijf te vermelden welke deze vacature heeft geplaatst. Zo ook het CWI van Leeuwarden. In hun vacature waarin gezocht wordt naar een telefoniste/receptioniste gezocht wordt. Daarin staat letterlijk dat je niet ouder mag zijn dan 23 jaar. En dat is nu bij wet per 1 mei 2004 verboden, een leeftijdsgrens in een vacature. Dit is pure discriminatie op leeftijd. En dat is nog altijd zeer stafbaar!!! Daarom verzoek ik u om hier wat aan te doen en de betreffende wethouder die verantwoordelijk is voor het CWI en het CWI flink op hun vingers te tikken. Dit soort akties ben ik ook hier in Almere aan het voeren en krijg ik alle steun van een aantal raadsleden en ook in de gemeente Amsterdam, want in Almere en Amsterdam heb ik de CWI's ook betrapt op dit soort discriminerende activiteiten. Van de gemeente Amsterdam, de betreffende wethouder en een aantal raadleden van de gemeente steunen mij ook heel goed hierin en gaan de CWI's hard aanpakken. Daarom nu mijn mail aan u, raadslid van de gemeente Leeuwarden, om dit ook aan de kaak te stellen binnen de gemeenteraad en bij de wethouder. Ik ben ook van plan om op korte termijn een landelijk meldpunt te openen om meldingen binnen te krijgen over allerlei vormen van discriminatie tijdens sollicitaties. Wij gaan binnenkort een webpagina maken. Het programma Netwerk gaat ook op korte termijn aandacht hieraan besteden. Er is een wet, maar die wordt door heel veel bedrijven overtreden. Ik zelf heb al ruim 25 bedrijven betrapt op het overtreden van deze wet. Daarom vraag ik nu uw steun ook.
Sybren Posthumus - 20 Juny '05 - 19:31
Frou Morreau hat my hjoed skreaun dat har meldpunt yn 'e loft is:
Hierbij stuur ik u het laatste nieuws. Ik heb nu een eigen website http://www.lmdws.nl.tt Dat staat voor Landelijk Meldpunt Discriminatie Werk en Sollicitatie. Deze site moet u zeer zeker gaan bekijken. Vooral het kopje de schandpaal. Tot nu toe heb ik bijna 50 CWI's in Nederland betrapt op het overtreden van de wet leeftijdsdiscriminatie. Van ongeveer vier gemeentes heb ik heel positief nieuws gekregen. Deze gemeentes, Helmond, Zutphen en Geldrop, hebben direct aktie ondernomen door de betreffende CWI's en Start heel hard op hun vingers te tikken en hen ook verboden dit nog ooit te doen, leeftijdsindicaties stellen in hun advertenties. En de vierde gemeente, mijn eigen woonplaats Almere, gaat de wethoudster ook aktie tegen het CWI ondernemen. Van andere gemeentes heb ik de nodige steun en beloftes gekregen dat zij hier ook aktie tegen gaan ondernemen. Aanstaande maandag kom ik ook in het programma Netwerk, 's avonds rond half negen, na het journaal van 8 uur op Nederland 1. Moet u zeer zeker gaan zien. Daarin wordt ook iemand van het CWI om commentaar gevraagd. Bekijkt u dus onze site en kijk dus aanstaande maandag de uitzending van Netwerk. Als u naar aanleiding hiervan nog vragen hebben stel ze mij gerust. Mijn telefoonnummer is inmiddels bij u bekend. U ziet het, het kan wel, aktie tegen deze zeer foute CWI's ondernemen. Kijk maar naar uw collega's in andere gemeentes. Mijn aktie is ondertussen een zeer groot succes. Ik hoop dat u gaat kijken naar de uitzending en op onze site gaat kijken.
Met vriendelijke groet,
Karin Morreau
Landelijk Meldpunt Discriminatie Werk en Sollicitatie http://www.lmdws.nl.tt
Sybren Posthumus - 26 Juny '05 - 08:18
Ald-pepier frijwilligers net ûntmoedigje
Soms hawwe jo yn de rie hiele grutte abstrakte fisys by de ein mei in flecht nei foaren, folle faker giet it oer konkrete taastbere saken dy't de boargers direkt reitsje. Sa haw ik juster in brief krigen fan de 'pepierploech Westeinde' yn ferbân mei in útstel fan it kolleezje om de subsydzje-systematyk foar it opheljen fan âld pepier te feroarjen. Op 30 maaie soenen wy dat al yn de gemeenterie besprekke. Oankommende tiisdei (14 juny) stiet it op 'e nij yn de kommisje, want de wethâlder (Hafkamp) antwurde yn de gemeenterie dat der noch gjin oerlis west hie mei de (mar leafst 80!) ferienings, tsjerken, skoallen ensfh. dy't it âld pepier ophelje. It wie dus net dúdlik oft dy it der wol mei iens wienen. Gelokkich hawwe wy doe it útstel net yn behanneling nommen, oars hienen de rapen no gear west! De pepierploech fan it Westeinde (likernôch 30 frijwilligers) is poer op it útstel fan B&W tsjin en as it moat sille se har der ek tsjin fersette as it al oannommen wurdt. It punt is yn wêzen dat de gemeente de rezjy oer it opheljen fan it âld-pepier min ofte mear 'oernimme' woll. Der wurde aparte mini-konteners oantúgd en it leegjen dêrfan moat dan ien kear yn de fjouwer wiken dien wurde.
Grut beswier fan de âld-pepierploech is dat de wykferienings dy't it âld pepier sels by de huzen en flats ophelje troch it nije systeem der finansjeel op achterút gean. It wurdt dus minder oantreklik om it pepier en karton op te heljen. Dêrneist sil troch de rezjy fan de gemeente de motivaasje en it 'saamhorigheidsgevoel' nei alle gedachten weromrinne. In protte ferienings helje bygelyks it pepier ienris yn de moanne op, op freedtejûnen of op sneons. De gemeente wol dat no ienris yn de fjouwer wiken dwaan. Net in logyske frekwinsje dus en ek noch yn in strak keursliif. Der sil noch wol wat 'skaafd' wurde moatte oan dit útstel fan it kolleezje om ek yn de takomst de âld-pepier frijwilligers te stimulearjen...
Zonet kreeg ik een mailtje dat je via de website van Eurominority een prachtig mooie poster kunt bestellen van de 100 Europese naties. Dus niet van de staten alleen, maar ook van landen of regio's zonder eigen staat maar wel met een eigen taal, cultuur, geschiedenis en/of andere kenmerken. Als je zo'n poster ziet, dan is de situatie in Fryslân/Friesland met z'n meertalige situatie natuurlijk helemaal niet zo bijzonder of apart. De hele Europese kaart lijkt wel een groot bloemperk met honderd bloemen in alle kleuren van de regenboog!
ik heb begrepen dat het de bedoeling is dat er in één keer centraal wordt besteld (scheelt porto- en administratiekosten). Als jij of anderen belangstelling hebben geef ik dat zsm door!
Sybren Posthumus - 10 Juny '05 - 19:48
Tefolle winkelromte troch 'Nieuw Zaailand?'
Juster publisearre de Ljouwerter krante in berjocht dat de besteande winkels yn de binnenstêd net te lijen hawwe soenen fan 6000 oant 8000 ekstra m2 troch it plan fan it 'Nieuw Zaailand'. Neffens it (troch de gemeente betelle!) buro BRO sil troch de komst fan beskate winkels yn it topsegmint, lykas Zara, Espirit en Mexx in delgong foarkommen wurde kinne. Nijsgjirrich is dat BRO krityk hat op de winkels dy't tocht binne oan it Ruterskertier. Dy krityk komt oerien mei wat de LEON, de klub fan Ljouwerter ûndernimmers, seit. Ofrûne tiisdei hawwe wy as opposysjepartijen in petear mei harren hân.
Neffens harren is Ljouwert oant in winkeloerflak fan 250m2 al 'oerbewinkele' (rapport fan Locatus). Yn dyselde kategory falle op dit stuit ek de measte faillisseminten. Dêrom stelle sy dat in grut part fan de winkels grutter as 250 m2 wêze moat. As jo sjogge nei it stêdeboukundich ûtwerp dat der no leit, sille de winkels oan de noardkant fan it plein in djipte fan mar 14 meter hawwe. Dy konkurearje dus mei de besteande winkels! Boppedat is it sa dat dy winkels fan beide kanten (plein en Ruterskertier) in yngong hawwe. Dat is dus net realistysk. Fierder wurde dy winkels oan de noardkant fan it plein ek fierstente heech neffens de ûndernimmers (5 boulagen), wêrtroch de passaazje fan it Ruterskertier letterlik en figuerlik yn it skaad komt. De projektûntwikkelders wolle no ta op trendy winkels, mar it punt is dat jo yntinsje-ôfspraken mei dy ketens om dêr lang te sitten net hanthavenje kinne. De merk giet syn eigen gong, de branches binne net fêst te lizzen. Konklúzje fan my nei it petear is dat 8.000 m3 ekstra winkelromte op dat plak wolris dramatysk útpakke kin foar de besteande winkels.
Ôfrûne freed wie der wat my oangiet in trochbraak by de FNP: nei in earder prinsipebeslút om diel te nimmen oan de twadde keamer-ferkiezings as de partij der klear foar is, is der no ek besluten om te besjen oft dat al yn 2007 kin tegearre mei de Partij voor het Noorden. Suver anonym wie de ledegearkomste derfoar, wat neffens my net oars ynhâlde kin as dat de ‘geasten’ ryp binne foar in besykjen om yn de twadde keamer te kommen. De partij hat wenne moatten oan it idee, mar nei in evolúsjeproses fan in goed 40 jier bestean (sûnt 1962) binne wy der no echt klear foar. Gean mar nei: sa’n 50 gemeenteriedsleden yn 21 gemeenten en in stik as wat gemeentebestjoerders (wethâlders/boargemaster), de suksesfolle steateferkiezings fan 2003 mei mear as 37.000 stimmen, in FNP-er yn de earste keamer, it lidmaatskip fan de EFA op Europeesk nivo dêr’t de FNP mei fan oan de widze stien hat. Wat net oer de holle slein wurde moat is dat oare, ferlykbere partijen, bygelyks de Plaid Cymru fan Wales, de SNP (Scottish National Party) en de Katalanen ek allang útfûn hawwe dat jo yn it lidsteate-systeem ek yn de nasjonale (steats-)parleminten sitte moatte. Want in grut part fan de ynfloed (it wurdsje macht brûk ik leaver net) ynklusyf de ferdieling fan jild leit noch altyd op dat steatsnivo en net op it nivo fan de regio’s, provinsjes of gemeenten. Derom is de parse fansels ek tige goed fertsjintwurdige op dat nivo. Suver alles wat jo yn de kranten lêze giet oer de polityk op steatsnivo. Hoewol’t ik persoanlik eins fan betinken bin dat it net nedich wêze moatte soe foar FNP-ers om yn De Haach te operearjen, twingt it politike systeem fan Thorbecke us eins om der wol aktyf te wêzen. Ik bin benijd wat foar arguminten der noch mear te betinken binne om yn de twadde keamer te sitten, ideeën en suggestjes wolkom!
De FNP / Partij foar it Noarden yn de Twadde Keamer, dat is in goed idee! Sa wurd Den Haach permanint herinnere oan it bestean fan it Noarden en fansels it Frysk!
Wat mij betreft ken Cambur wel plat. At je de problematiek sien met de infrastructuur tydens de wedstrieden dan lykt et mij handiger as je de ruumte opsoeke. En dan kenne de'r huzen bouwt wurde op de speulvelden.
Flak bij de binnenstad dus dure grond.
Luwadden mut niks bijbetale, fien ik. Skenk de grond voor een habbekrats an de corporaties en die mutte van de winst dan mar de club cambuur financiere inclusief de nieuwe cambuurvelden in Luwadden Sud, want dat su et moaiste weze, wud et tenminste een echt stadsdeel en gien deursneewyk.
Cambuer mut sels mar sêge waar it heen wil. In ferhuzing het fansels syn foar en syn teugen. En it is in moai hoekje grond om huzen te setten, dy rake je fast wel kwyt. Ik su it wel noflik fine as de gemeente der gyn hoochbou delplant.