Sybren Posthumus - Weblog

kontakt
Sybren Posthumus
Gemeenteriedslid Ljouwert
Ibisstrjitte 35
8916 BH Ljouwert
Tillefoan: 058 - 2884700
Mail: sposthumus@leeuwarden.nl
kalender
« July 2008
S M T W T F S
    1 2 3 4 5
6 7 8 9 10 11 12
13 14 15 16 17 18 19
20 21 22 23 24 25 26
27 28 29 30 31    

argyf

links

sykje
feeds
XML Feed (RSS 1.0)
XML: Atom Feed



Foar al jo webhosting!
140.000 ryksregels foar gemeenten...
Dat de gemeenten fan it ryk in soad regels opkrongen krije, is sa stadichoan algemien bekend. Mei hoefolle krekt, wist ik net. Yn VNG-magazine, it blêd fan de Feriening fan Nederlânske Gemeenten, stie in ynstjoerd stik oer in dielkongres fan de VNG. In sekere professor Brenninkmeijer wist de bywêzigen te fertellen dat allinnich al op it gebiet fan ryksregels gemeenten te krijen hawwe mei sa'n 140.000 regels! Dat is dus noch eksklusyf Europeeske, provinsjale en eigen gemeentlike regeljouwing. Net te leauwen fansels, hoe kinne de amtners dat allegear noch hanthavenje freegje ik my ôf. It is ek in symptoom fan de ôfgryslike sintralistyske Nederlânske ienheidssteat dêr't wy as gemeenten mei wrakselje. Yn De Haach op ministearjes en yn de Earste en Twadde keamer regels betinke foar de desintrale oerheden en dêrnei oer it sket donderje. Idee is dat mei in ekstra regel in oplossing kreearre is foar in beskaat probleem. Meastentiids wurdt dan fersomme om it jild mei te jaan om de útfiering en hanthavening fan dy regels nei te kommen. En sa krije jo dat de geloofweardigens fan de oerheid noch fierder yn de knipe komt. Foar de aardichheid soe it miskien goed wêze om in tal proefgemeenten te selektearjen dêr't jo helendal 'blanko' op 'e nij begjinne. Soe it dan wier ta de spuigatten útrinne?
Dêrom bin ik ek tige benijd nei de útkomsten fan it útstel dat no yn de Feankolonieën yn East-Grinslân dien wurdt om in regel-lichte sône yn te fieren. Soe de ryksoerheid dat akseptearje?
Mar, fansels falt der op gemeentlik nivo sels ek wol wat te dwaan mei de eigen regels. In moai foarbyld is Wymbritseradiel dêr't in soad fergunnings ôfskaft binne. As jo as gemeente yn in APV (Algemiene Pleatslike feroardering) sette wat wol en net kin, binne jo al in hiel ein. Dat moat foar mûnige boargers foldwaande hâldfêst biede. As jo minsken betrouwen jouwe, krije jo it ek werom...
31 July '05 - 12:24 | | Al ien kommentaar


Hottefyljende opposysjepartijen
Om wat yn de (gemeente-)polityk te berikken liket it my saak om op persoanlik nivo gjin spul te hawwen mei oare leden fan politike partijen en benammen op basis fan arguminten en konsensus ta elkoar te kommen. Diskusjes hearre der te wêzen, mar tsiere en bargebiten of elkoar figuerlik of letterlik ta de tinte útslaan hearre dêr net by. Alteast, net yn ús kultuer. Somtiden sjogge jo wolris slaanderij yn de politike arenas fan lannen dy't mear korrupsje hawwe as demokrasy, dat is hjir by ús gelokkich gjin deistich gebrûk. Jo kinne better mei ynhâldlike inisjativen en foarstellen komme as elkoar te bestriden. Positive enerzjy dus, út de gedachte wei om wat foar de befolking betsjutte te kinnen. Dêrom haw ik my ek tige fernuvere oer de nijste set fan Leefbaar Leeuwarden (LL) dy't de namme LLP (Leeuwarder Lokale Partij) no opeasket fan de partij dy't al sa hjit yn de gemeenterie. Al moat ik dêrby sizze dat se dêrby blykber in bytsje (te) lang wachte hawwe mei it offisjeel meitsjen fan de namme; sa stiet op de gemeentlike website as offisjele partijnamme fan har by de 'eksterne links' noch hieltyd de NLP (Nieuwe Leeuwarder Partij) te boek. En no hawwe de leden fan LL dy namme kape en har ek as sadanich registrearje litten by de Keamer fan Keaphannel. Se hawwe dêr har karbrief deponearre en binne ek registrearre by de belestingtsjinst. De 'nije' LLP (earder LL) freget no oan de boargemaster dat de 'âlde' LLP-ers (earder NLP dus) de namme fan de LLP net mear brûke meie.
Foar alle dúdlikens: de eardere LL en NLP binne earder fusearre en in pear moanne lyn wer út elkoar gongen. In soarte fan 'skieding' dus, destiids waard sein yn goed oerlis en sûnder spul. Mar blykber hawwe se, neffens de Ljouwerter Krante om finansjele reden, no noch wat glêd te striken.
It liket my dat de klup fan Katie dit foar in rjochter net steande hâlde sil. Yn it foarste plak operearje de LL- en LLP-fraksje al sûnt de gemeenteriedsgearkomste fan 30 maaie wer apart. En dêrby is dúdlik ôfpraat dat Dolstra ûnder de namme LL fierder gean soe en de oare trije riedsleden fierder ûnder de namme LLP. Twad hat de LL sûnt dy tiid ek wer gewoan syn webside operasjoneel, dy't ek gewoan ûnder de namme Leefbaar Leeuwarden wurket. It hie der mei oare wurden, oant earjuster ta, alle skyn fan dat LL ek gewoan ûnder dy namme fierder soe. In nije politike soap dus yn de gemeente Ljouwert, midden yn de fakânsje en mei neffens my allinnich mar ferliezers. De twa politike partijen sels, de gemeente(-rie) fanwege it imago en de befolking, want der wurdt hottefile om en mei har belestingsinten.
28 July '05 - 12:10 | | Al ien kommentaar


Protest tegen schrappen NDR door UPC
Van veel mensen krijg ik klachten dat UPC de televisiezender NDR eraf heeft gegooid en vervangen door Eurosport. Men vindt dit erg jammer, met name omdat op NDR, een publieke Noord-Duitse omroep veel nieuws was te zien over Ost-Friesland, Helgoland, Seelterland, zeg maar de aangrenzende Friese regio's in Duitsland. Met veel sport, cultuur en politiek nieuws over deze regio, die vanaf Leeuwarden dichterbij is dan bijvoorbeeld Noord-Brabant en veel historische, landschappelijke en culturele overeenkomsten heeft met onze Friese regio. Dus heb ik mijn licht maar eens opgestoken bij een lid van de programmaraad. Het blijkt dat de programmaraad dit helemaal niet heeft geadviseerd; in het originele advies aan UPC heeft de programmaraad geadviseerd een tweetal zenders van de kabel te verwijderen: The Box en het reclamekanaal Tell Sell. Daarvoor in de plaats dienden de zenders TRT, Arte, TVE, Animal Planet en Eurosport te komen. Twee zenders om The Box en Tell Sell te vervangen en de overige zenders om het totaal aantal zenders naar het landelijke gemiddelde, dat een aantal zenders hoger ligt, op te schroeven.

UPC heeft volgens de zegsman van de programmaraad besloten het advies van de Programmaraad slechts ten dele op te volgen. Dit deed ze door Eurosport weer aan het kabelaanbod toe te voegen. De Friese programmaraad heeft hier jarenlang, met veel steun van UPC abonnementhouders, voor gepleit. Desalniettemin heeft UPC ervoor gekozen om niet The Box of Tell Sell te verwijderen, maar om NDR daarvoor in aanmerking te laten komen.

De programmaraad vermoedt dat de reden hiervoor is dat The Box en Tell Sell UPC betalen voor doorgifte. De Duitse publieke zenders doen dat niet. Voor de Duitse zenders geldt ook niet de wettelijke bescherming die wel voor de Vlaamse zenders geldt in verband met de afspraken rond de Nederlandse Taalunie. Naar aanleiding hiervan heeft de programmaraad protest aangetekend tegen de beslissing van UPC om in afwijking van het advies NDR van de kabel te verwijderen. UPC heeft dit bezwaar in behandeling genomen. Er is nog geen reactie van UPC binnen gekomen. Waarom de keuze op NDR is gevallen en niet op ZDF of ARD vraag ik mij dan af. De NDR richt zich op het gebied dichter bij Fryslân, de twee andere zenders veel minder. UPC geeft volgens de programmaraad hier geen inhoudelijk argument voor. Ik heb begrepen dat de eerstvolgende bijeenkomst van de programmaraad begin september is en men krijgt dan meer te horen over de stand van zaken inzake de positie van NDR.

Het grote probleem, zo krijg ik de indruk, is dat UPC een monopoliepositie heeft en er geen commerciële noodzaak is voor UPC om het advies op te volgen. De Onafhankelijke Programmaraad Fryslân geeft UPC alleen advies over de invulling van het aanbod aan televisiezenders. UPC kan binnen de wettelijke kaders aan dit advies gehoor geven of het naast zich neer leggen. Het besluit ligt dus bij UPC, niet bij de programmaraad. In de praktijk schijnt het vooral een proces van duwen en trekken te zijn om het gewenste resultaat te bereiken.
Naar aanleiding van deze toelichting door het desbetreffende lid van de programmaraad ben ik van mening dat NDR met zijn breed scala aan programma's gericht op de Friese gebieden in Duitsland eigenlijk verplicht in het Friese basispakket zou moeten zitten, natuurlijk helemaal als ook de Friese programmaraad dat nog wil. Net zoals het verplicht is dat de Nederlanders de Vlaamse zenders te zien kunnen krijgen, zou het ook zo moeten zijn dat wij als Friezen de informatie kunnen krijgen over wat er bij onze Oost- en Noord-Friese buren over de staatsgrens gebeurd. Ik vraag me zelfs af of één en ander niet in strijd is met de geest van het Europees handvest voor regionale- en minderheidstalen en andere internationale verdragen, waarbij is omschreven dat je als mensen met dezelfde culturele en/of taalkundige achtergrond maar niet wonend in dezelfde staat toegang moet hebben tot elkaars media. In het document van het Ministerie van Binnenlandse Zaken wordt de NDR zelfs een aantal malen expliciet genoemd. Het zou goed zijn dat UPC daar op gewezen wordt door de programmaraad.
23 July '05 - 01:06 | | Al fjouwer kommentaren


fakânsje!?
Juster it lêste presidium (oerlis fan fraksjefoarsitters) hân, yn kombinaasje mei in petear mei de boargemaster. Dat wie de echte lêste gearkomste foar de simmerfakânsje, en ik hie it idee dat de measte riedsleden wol ta binne oan in skoftke 'batterij-oplade' foardat yn septimber de oanrin nei de ferkiezings fan 7 maart takom jier begjint.
It sil wol in hiele hektyske perioade wurde oant dy tiid; in tal wichtige besluten sil nommen wurde moatte (tink oan it projekt 'Nieuw Zaailand', in eventueel referindum, nijbou by it Cambuurstadion, drugs-brûkersromte, plak fan it Casino ensfh.). Mar tink ek oan it gearstallen fan de kandidatelist foar de ferkiezings, it opstellen fan it programma, de kampanje nei de kiezers ta en fansels yn febrewaris/maart de listlûkersdebatten en oare ferkiezingsmanifestaasjes. Foar my, foar ús persoanlik dan fansels ek noch de berte heal novimber fan ús twadde berntsje. Dat alles betsjut dat ik dizze simmerfakânsje net sêft slomjend mei in koel drankje ûnder hânberik yn in hingmatras achter yn de tún trochbringe sil. Myn eardere eigen wurkkeamer sil ik no echt 'opofferje' en ûntromje moatte sadat wy dy omtsjoene kinne ta in bernekeamer. Sels bin ik mei it buro en de kompjûter al ferhuze nei de boppeste keamer, no alle stikken en oar guod noch. Fansels sille wy noch wol even fuort, nei Skiermuontseach. Op 'e fyts nei Lauwerseach en in
fytskarre der achteroan mei Hannelys der yn en in soad bagaazje. Dy fytskarre, in echt Frysk kwaliteitsprodukt makke by Caparis út Drachten is trouwens ûntwurpen troch in goeie freon fan ús (Ronie), dy't wy fan it FYK kenne. Ferline jier hawwe wy dêr ek al west en dat ús hiel goed foldien. Reden om noch mar wer ris nei it eilân...
21 July '05 - 17:20 | | Noch gjin kommentaar


Hope op trochstart Atoglas?
Der is wer wat hope dat de wurkgelegenheid by it bedriuw Atoglas (120 wurknimmers!) foar Ljouwert behâlden wurde kin! Op in kommisje-gearkomste op 4 july waard in notysje oer nijbou op it Douna-terrein besprutsen en yn it skoft hearde ik dat op de publike tribune ek in wurknimmer fan Atoglas siet. Neffens hearren en sizzen moat dy him ferbiten hawwe, om't yn it stik fan it kolleezje stiet dat it wis is dat Atoglas fuort giet en ferskate kommisjeleden dat sûnder mis foar wierheid oannamen. Earder hienen wy al in soartgelikense diskusje oer de foarse nijbou fan Comenius, de skoalle dy't ek buorman fan it fabryksterrein fan Atoglas is. Oer dizze saak dy't ein april wakker yn it nijs wie en dêr't sels keamerfragen oer steld binne en ek yn it Europeesk parlemint omtinken foar frege is, is it no mûsstil.
It probleem is, sa't ek út de keamerfragen dúdlik wurdt, dat de produksje nei Carling-St. Avold yn Frankryk ferpleatst wurdt mei in flink dofke subsydzjejild fan 'Parys' der achteroan. Skandalich fansels dat in goed-rendearjend bedriuw yn Ljouwert dêrfan de dupe wurdt.
It nijs is, sa fernaam ik krekt, dat op it bouplak fan it nije fabryk (sosjale) ûnrêst ûntstien is en dat de direksje fan it memmebedriuw Altuglas international (want sa hjitte se no offisjeel) no miskien op it beslút weromkomme sil.
Mei fanwege de hope op in trochstart hawwe de minsken fan Atoglas-Ljouwert dêrom protesten yntsjinne tsjin de nijbou by Comenius en op it Douna-terrein.
Ik bin benijd hoe't dit ôfrint. Ik sil nei it wykein nochris by Atoglas fernimme hoe't de flagge derby stiet. It soe fansels hiel moai wêze as de wurkgelegenheid hjir bliuwe kin. En dat se op koarte termyn op de hjoeddeistige lokaasje oan 'Achter de Hoven' fierder kinne en op de lange termyn dan op in yndustryterrein oan de râne fan de stêd. Sa kinne de banen fan 120 húshâldens yn Ljouwert en yndirekt noch aardich mear hooplik behâlden bliuwe.
15 July '05 - 15:40 | | Noch gjin kommentaar


Idee archeologische rondleiding ingewilligd
Een tijdje geleden heb ik via deze weblog geopperd om de archeologische opgravingen van het Oldehoofsterkerkhof te laten zien. Ook in de gemeenteraad zelf heb ik dat idee (als enige, namens de FNP) in de vergadering van 13 juni naar voren gebracht. Geweldig is het dan natuurlijk om te zien dat zo'n voorstel ook wordt uitgevoerd. En wat ik eigenlijk wel verwacht had, binnen de kortste keren, binnen één dag waren de rondleidingen volgeboekt. Zelf had ik er ook wel belangstelling voor, nu maar wachten op de andere data! Waar het al met al natuurlijk om gaat is dat nu hopelijk vele honderden mensen een kijkje kunnen nemen bij deze unieke opgraving op één van de bekendste plaatsen in onze binnenstad. Een plek die ook symbool staat voor Leeuwarden. Mooi dat dit idee nu realiteit is geworden.
08 July '05 - 17:16 | | Al ien kommentaar


Oplossing troch bewenners foar soap Suderbuorren/Zuiderburen?
Op de webstek fan de feriening fan húseigners fan Suderbuorren is te lêzen dat it noch net klear is tusken de gemeente en de bewenners dêre. It is ek hiel ferstannich fan de feriening dat sy alles rjochting gemeente iepen en helder kommunisearje en dat ek swart op wyt fêstlizze. It is spitich dat it sa moat, mar op mûnlinge tasizzings fan dit kolleezje kinne jo lang net altyd oan. As ik yn petear bin mei minsken dy't wat regelje wolle mei de gemeente ried ik ek altyd oan om in gespreksferslach te meitsjen en dat tekenje te litten. Troch skea en skande wurde jo wiis.
Op de site kinne je ek lêze dat der diskusje is oer it al as net oanwêzich wêzen fan wethâlder Waanders op in gearkomste op 5 july mei de feriening. De feriening hie boargemaster Dales frege om te praten oer de 'morele aspecten die samenhangen met het niet uitvoeren van de in het bestemmingsplan aangegeven zaken', mar dy antwurde dêrop dat wethâlder Waanders komme moast omdat it yn har portefúlje sit.
Op de side fan de bewenners is trouwens ek in hiel aardich oersjoch te finen fan wat yn it ferline tasein is en wat dêrfan op de hispel kommen is. Fierder drage de bewenners in hiel soad goede ideeën oan om ta in oplossing fan it finansjele tekoart fan 5,7 miljoen euro te kommen. It is werklik geweldich hoe konstruktyf de feriening fan húseigners meitinkt. Se komme, as je it optelle, gau oant sa'n 10 miljoen euro ta. Sa sjogge je mar wer dat in hiel soad kennis en kunde oanwêzich is by de minsken sels yn de wiken en doarpen. Jo soenen sizze, it gemeentebestjoer soe wol hiel dom wêze om dêr neat mei te dwaan! Of hâlde se strak fêst oan har eigen en efterhelle optimalisaasjeplan? Yn dat gefal is it betrouwen by de befolking en by my fansels wol fuort.
03 July '05 - 22:14 | | Noch gjin kommentaar