Hjoed, 29 septimber, fan B&W in brief krigen dat de partijen oangeande it projekt 'Nieuw Zaailand' noch hieltyd gjin oerienstimming hawwe oangeande gearwurking en finânsjes (sjoch hjirûnder).
'Ondanks de vorderingen bestaat helaas nog geen volledige overeen¬stemming over de Samenwerkings¬overeenkomst en het Financieel Document. Daarom lukt het ons niet om binnen de vastgestelde termijn met een, door alle partijen ondersteund, voorstel te komen.
Als de Stuurgroep Nieuw Zaailand de Samenwerkings¬overeenkomst, het Financieel Document en het Voorlopig Ontwerp heeft geaccordeerd, zullen wij u zo spoedig mogelijk de gewenste raadsstukken doen toekomen'.
Earst soenen wy der as gemeenterie yn de kommisje fan 12 oktober oer prate en dan op 31 oktober in beslút. Nei jierren fan praten binne de ferskate partijen it noch net iens. Blykber binne de finansjele bydragen en risiko's en de mooglike politike gefolgen (tink oan de ferkiezings) te grut. It projekt 'Nieuw Zaailand' is as in krystbeam wurden dêr't hieltyd mear ballen yn hongen wurde. Op in gegeven momint wurdt de beam kopswier en brekt er midstwa.
Op in ynternet-krante stienen in stik as wat reaksjes nei oanlieding fan myn krityske fragen oer de 'sirkus-show' fan it kolleezje mei echte artysten. Sels de Telegraaf berjochte der oer. Ik bin benijd wat it folk fine sil fan dizze poppekast fan it kolleezje. As it goed is krij ik op 11 oktober, dus krekt foardat it sirkus begjint, antwurd fan it kolleezje op ús fragen. Ik bin benijd hoefolle dizze happening de Ljouwerter mienskip kostje sil.
Referindum Nieuw Zaailand tagelyk mei ferkiezings!
Moarntejûn beprate wy in nij útstel foar in referindumferoardering, diskear fan de Ljouwerter PvdA-fraksje. By neier ynsjen bin ik nochal skrokken fan de terminen dy't dêr ynstean, want as wy moarn (26 septimber) de feroardering oannimme fan de PvdA, dan betsjut dat, dat wy it noait rêde om tagelyk mei de ferkiezings foar de gemeenterie (7 maart 2006) in riejaand (raadgevend) referindum oer de Saailân-plannen te hâlden. It soe wolris sa wêze kinne dat wy dan ein april of begjin maaie, dus noch net iens twa moanne nei de riedsferkiezings, wer nei de stimbus moatte. No is it ûnderwerp dêr fansels wichtich genôch foar, mar je hawwe wol in protte ekstra kosten, gau € 100.000 en nei alle gedachten in folle legere opkomst as je it kombinearje soenen.
Ik haw efkes rûch oan it rekkenjen west, mar stel dat inisjatyfnimmers fan in riejouwend referindum 5 wurkdagen foar de gearkomste fan 31 oktober, dus uterlik 24 oktober in ynliedend fersyk dogge mei 300 hantekens, dan sil de gemeenterie 28 novimber op syn gaust beslute oft dat ynliedend fersyk oan alle easken foldocht. Ommers, de ûnôfhinklike kommisje dy't dat besjen moat, moat ek noch ynstallearre wurde en dat kin net earder as yn de gearkomste fan 31 oktober, deselde datum dat de gemeenterie nei alle gedachten stimme sil oer it plan.
Nei de akseptaasje fan it ynliedend fersyk op 28 novimber krije de kiezers dan yn 6 wiken tiid de gelegenheid om 3000 hantekeningen te 'bringen' foar in definityf fersyk. Dan is it dus al 30 jannewaris. Dêrnei moat de gemeenterie beslute oft de 3000 hantekeningen jildich binne en dat sil dan yn de riedsgearkomste fan 30 jannewaris dien wurde moatte. As dat allegear goedachte wurdt, kin de rie in riejaand referindum útskriuwe. Tusken dat momint en de echte referindum-datum sit yn de feroardering fan de PvdA minimaal 12 wiken, en dan is it dus 24 april!! Dat betsjut dus, as alles ek noch hiel goed rinne sil (ûnôfhinklike referindum-kommisje ynstallearje, deadlines, op 'e tiid advys etc.), dat it referindum dan 6 wiken en 6 dagen nei de ferkiezings is. Dat soe werklik kolder wêze om der sa'n lytse tuskentiid tusken te hawwen.
Dat is dus de yngewikkelde en tiidrôvjende metoade. In oare mooglikheid is dat de gemeenterie sels, op basis fan de sinjalen fan de befolking, in referindum útskriuwt. Dy pear tûzen hantekens soenen der oars sowieso wol komme. Dus moat de gemeenterie op 31 oktober, tagelyk mei de beslútfoarming oer 'Nieuw Zaailand', sels in referindum útskriuwe en tagelyk de referindum-kommisje ynstallearje. Dy kin dan binnen 4 wiken advys jaan, sadat op 28 novimber it beslút nommen wurde kin om it novimber oer minimaal 12 wiken, dus nei 20 febrewaris, te hâlden. In logyske datum is dan 7 maart, deselde datum as de ferkiezings!
Vanmiddag heb ik meegeholpen aan de 'Sutelaksje' van de stichting 'it Fryske Boek'. Deze 'actie', het huis aan huis verkopen van (Friestalige) boeken, kalenders, CD's etc. was vandaag in Leeuwarden actief. Elk jaar helpen ongeveer 1800 vrijwilligers mee om Friese boeken bij mensen thuis te bezorgen, en bijna elk jaar worden de records van het vorige jaar weer verbroken. Volgens mij was de omzet vorig jaar 2 euroton aan boeken die in een paar weken van de hoofdstad van Fryslân tot in de kleinste uithoeken met behulp van kruiwagens (kroaden) aan de man gebracht worden. Het schijnt een uniek fenomeen te zijn, wat nergens anders in de wereld voorkomt. Vandaag was de Vogelwijk in Leeuwarden aan de beurt. Er was een mooie ploeg 'sutelders' (venters) gekomen, ik schat zo'n 20 vrouw/man en ik werd met Reitze Jonkman ingedeeld om de Harlingerstraatweg te doen. We hadden niet zoveel tijd, en hebben de nummers 2 tot en met 52 gedaan. Omgerekend zo'n 26 adressen en totaal een dikke € 160 aan boeken verkocht. Als je dan in aanmerking neemt dat op de helft van de adressen mensen niet thuis waren of als er een kantoor in gevestigd is, hadden we toch per huis zo'n € 13 opbrengst. We hebben behoorlijk wat kinderboeken verkocht en geconstateerd dat er aan één van de duurste straten van Leeuwarden veel mensen Fries spraken of in elk geval veel sympathie voor de Friese taal hadden. Ook van anderen heb ik begrepen dat er behoorlijk verkocht is in de Vogelbuurt. Totaal zal het dan wel op enkele duizenden euro's uitkomen. Een mooie en hartverwarmende dag...
Sakrekt in tige nijsgjirrige wurkbesite brocht oan it SWOL, de stifting Wolwêzen Alderein Ljouwert. Sy sitte yn it Crystallic-gebou hjir yn Ljouwert, better bekend as de glêzen pyramide as jo oan de westkant de stêd ynride. Yn datselde gebou sit ek it ICT-center Fryslân, wolbekend fan de Digitale stedsring hjirre en oare ynternet-projekten.
Nei in heldere ynlieding fan direkteur Hiemstra en lekkere sop mei broadsjes koenen wy presintaasjes fan ferskate projekten bywenje.
Ik haw nei in presintaasje west oer 'I-box senioaren op de digitale snelwei'. In geweldich nijsgjirrich projekt om te ynternetten fia de TV. It is in projekt dat yn earste ynstânsje opsetten is foar âldere minsken (senioaren), mar skielk fansels ek foar folle mear minsken nijsgjirrich (bygelyks de minima). It wurket sa dat minsken de TV oansette en op in ynternet-begjinskerm komme. Dan kinne se ynternette en e-maile sa faak en sa lang as se mar wolle. En dit projekt is net allinnich nijsgjirrich foar bygelyks 80-plussers dy't sa út en troch in mailtsje fan de bern of pake- en beppesizzers krije mar ek foar toeristen yn fakânsjehúskes yn Fryslân, hotelgasten en fansels foar foar de minima. Ommers, sawat elkenien hat wol in TV, mar foar minsken mei in smelle beurs is in kompjûter hast net te beteljen. Mei dit projekt kinne jo foar in relatyf lytse ynvestearring en in lytse moanlikse bydrage minsken op de digitale snelwei helpe. En dat is tsjintwurdich echt hurd nedich, ommers ynstânsjes as de belestingtsjinst en de banken twinge minsken dêr hieltyd mear ta. It liket my sa ta dat wy ditsoarte fan ynternet-inisjativen fan it SWOL en oare Ljouwerter organisaasjes stimulearje en benutte moatte. As wy yn Ljouwert deryn slagje om sokke ynnovaasjes rapper yn de praktyk omsette te kinnen, bin ik der wis fan dat wy in foarsprong opbouwe kinne ynstee fan eamelje dat it hjir 'niks wurde kin'.
Ofrûne sneon wie op it Saailân yn Ljouwert de earste ôflevering fan it Cultumult-festival. Wat my oangiet meie der noch wol folle mear fan sokke festivals yn Ljouwert hâlden wurde. No't alle sineeske stientsjes lein binne en wy skielk ferlost binne fan al dy djoere werynrjochtingen en bou fan nije parkeargaraazjes, wurdt it tiid foar de aktiviteiten! En dêr lient it Saailân as grut plein yn de binnenstêd him fansels geweldich moai foar. It is foar my sterk de fraach as der yn de opset fan it 'Nieuw Zaailand' noch wol foldwaande romte wêze sil foar soksoarte fan aktiviteiten. Punt ien sil it plein in hiel skoft, miskien wol 2 jier, helendal net brûkt wurde kinne foar merk, merke ensfh. Punt twa wurdt de 'omfang' fan it plein lytser, de winkels en it museum komme tichter op it plein. Neffens de plannemakkers wurdt it dêr allegear smûker fan, mar hoe't dat yn de praktyk útfalle sil?
Dy plannen foar it Saailân roppe dus grutte fraachtekens op, mar yntusken is in groep ûndernimmers yn Ljouwert, ferienige yn 'Netwerk Coltrane', ûnder it motto 'de kop derfoar' drok dwaande mei de organisaasje fan in grut tal aktiviteiten yn de binnenstêd fan Ljouwert dêr't ús haadstêd mei op de kaart setten wurdt. Sy hawwe ús benadere mei it fersyk om in relatyf beskieden stipe (seker as jo it ferlykje mei dy miljoenen kostjende werynrjochtingsprojekten). Kommende freed is dêr in byienkomst oer. Spitigernôch kin ik dêr net by wêze, mar ik haw al tasein dat ik my hurd meitsje sil foar in finansjele bydrage. Inisjativen fan ûnderen op om te kommen ta in brûzjende binnenstêd moatte stimulearre wurde!
Net te leauwen, mar dochs wier: der komme op 'e nij diskusjebyienkomsten ('meedenkbijeenkomsten') oer de Suderseeline. In stipefraksjelid fan ús FNP-fraksje yn Ljouwert hat dêrfoar in útnoeging krigen. Hy moat him tusken 3 en 17 septimber oanmelde. Yn septimber 2004 wienen sokke byienkomsten der ek al, en no wurde der dus op 'e nij kapitalen útjûn om it tsjil op 'e nij út te finen. Yn it briefke dat myn stipefraksjelid krigen hat stiet dat der in nije 'nut- en noodzaakdiscussie' organisearre wurdt mei in brede groep relevante partijen, lykas de regionale oerheden, merkpartijen en ynwenners út it hiele Suderseelinegebiet. Foar de ynwenners wurde 6 diskusjebyienkomsten organisearre (ien per provinsje mei 24 dielnimmers per kear). Yn Ljouwert is dat op 11 oktober. De resultaten fan dy byienkomsten wurde dêrnei mei in enkête fia ynternet (1600 persoanen) toetst. It resultaat fan dat alles sil dan bydrage moatte oan in nije struktuerfisy dy't sa'n bytsje april 2006 de ynspraak yn giet. De útkomsten wurde dan wer beskikber steld oan regionale bestjoerders, kabinet en twadde keamer. In grutte ferkwânseling fan jild en enerzjy as jo it my freegje. Der hat genôch ûndersyk west oer wat de befolking wol. Gjin sweeftrein. Ferbetterje no earst mar ris de besteande treinferbiningen en lis gewoan dy ferbining fan Swolle nei Lelystêd oan. Klear út.
Tijdens onze vakantie op Schiermonnikoog was er in het nieuws veel aandacht voor de orkaanramp die New Orleans getroffen heeft. Enorm veel leed en slachtoffers. Naar aanleiding van wat er in de VS gebeurd is, is ook hier de vraag centraal komen te staan hoe het zit met de kustverdediging. Is die op orde, hoeveel risico lopen we en hoe groot zijn de risico's? De Leeuwarder Courant heeft daar vandaag een interessant artikel over. Bij een grote doorbraak van de waddenzeedijk hier in Fryslân en Groningen minstens 1000 doden en 100 miljard euro schade! De vraag of een mensenleven in de randstad meer waard is dan in Fryslân kwam bij me op bij het lezen van een artikel in het Friesch Dagblad. Voor de 'grote' steden geldt een norm van eens in de 10.000 jaar, voor Fryslân is het risico eens in de 4000 jaar. Volgens mij horen Leeuwarden en Groningen tegenwoordig ook bij de G-26 van grote steden, maar met groot zal wel bedoeld zijn de G4 in de randstad (Amsterdam, Rotterdam, Den Haag en Utrecht). Vanuit de regering wordt nu opnieuw onderzoek gedaan naar denkbeeldige rampscenario's. En jawel, vooral voor de randstad wil staatssecretaris Schultz van Haegen (Verkeer en Waterstaat) dat laten uitzoeken. Ik vraag me af hoe dit in de toekomst verder gaat als de risico's en kosten door de klimaatveranderingen steeds hoger worden (hogere zeespiegel, grotere golven, zwaardere stormen en daarom betere kustverdediging). Als we dit op z'n beloop laten zouden de centralistische beleidsmakers in Den Haag de normen voor Fryslân en Groningen nog wel eens verder kunnen laten zakken. Het lijkt me voor onze veiligheid tijd om bevoegdheid en geld over te dragen aan de besturen in onze eigen regio zodat onze belangen beter kunnen worden behartigd.