Sybren Posthumus - Weblog

kontakt
Sybren Posthumus
Gemeenteriedslid Ljouwert
Ibisstrjitte 35
8916 BH Ljouwert
Tillefoan: 058 - 2884700
Mail: sposthumus@leeuwarden.nl
kalender
« July 2008
S M T W T F S
    1 2 3 4 5
6 7 8 9 10 11 12
13 14 15 16 17 18 19
20 21 22 23 24 25 26
27 28 29 30 31    

argyf

links

sykje
feeds
XML Feed (RSS 1.0)
XML: Atom Feed



Foar al jo webhosting!
BIRK-subsydzjeregeling Nieuw Zaailand yn gefaar


Sakrekt haw ik, nei in tip, efkes op de side fan Binnenlands Bestuur sjoen. 'Subsidiepot BIRK zo goed als leeg'.
Op de webstek wurdt al hiel gau dúdlik dat op de ynternet-side fan it ministearje fan VROM mear stiet.
Helendal nijsgjirrich wurdt it as jo de Tweede voortgangsrapportage lêze oan de Twadde Keamer. Ljouwert wurdt net mear neamd. Blykber leit it projekt op it ministearje no op de planke en wurdt wachte oant dit gammele kaartehûs yn elkoar falt.
31 Oktober '05 - 16:58 | | Al fjirtjin kommentaren


Geen referendum 'Nieuw Zaailand' met verkiezingen?
Zonet kreeg ik van onze griffie (gemeentelijke organisatie die de gemeenteraad ondersteunt) bericht dat wij aanstaande maandag NIET de zogenaamde 'onafhankelijke referendumcommissie' kunnen instellen als gemeenteraad. De reden is mij op dit moment onduidelijk, ik heb het nagevraagd bij de griffie maar nog geen antwoord gekregen. Dat zou kunnen inhouden dat wij niet tegelijk met de verkiezingen op 7 maart volgend jaar een referendum kunnen hebben. Zie ook een eerder artikel van mij hierover op deze weblog. Qua planning is het nu op basis van de gemeentelijke verordening al onmogelijk om op basis van een zogenaamd 'raadgevend' referendum (op initiatief van de bevolking) die twee zaken (verkiezingen en referendum) te combineren. Maar nu lijkt het er ook op af te stevenen dat het op basis van het initiatief van de gemeenteraad (raadplegend referendum) qua planning in de tijd onmogelijk gaat worden. Tenzij... Wij op 7 november, dat is de begrotingsvergadering, de referendumcommissie instellen. En deze commissie advies laten uitbrengen over de vraagstelling voor een referendum over het project 'Nieuw Zaailand' dat wij dan uiterlijk 28 november in de raad vaststellen. Wat mij betreft zetten wij daar wel op in, want anders wordt er snel € 150.000 uitgegeven aan een referendum dat een paar weken na de verkiezingen is, terwijl je de zaken als je het wilt nog best kunt combineren. Even doorpakken dus!
27 Oktober '05 - 17:07 | | Al twa kommentaren


Earst eigen Ljouwerter hûs op oarder...
Op 12 oktober hat boargemaster Dales sein dat er Ljouwerteradiel anneksearje wol. De helte fan de gemeenten yn Fryslân kin wol opdoekt wurde en mear fan sok praat. As in oaljefant giet Dales troch de diggelkast dy't bestjoerlik Fryslân hjit. Sûnder ienich gefoel foar bestjoerlike- en mienskipsferhâldingen wâdet er dêr trochhinne. Okkerjiers wie der yn Ljouwerteradiel bygelyks noch in referindum dêr't út bliken die dat sa'n bytsje 95% fan de befolking tsjin in weryndieling mei Ljouwert wie. Omdat ik fia de media noch noait wat heard hie oer it stânpunt fan de gemeenterie fan Ljouwerteradiel, haw ik mar ris kontakt socht mei myn kollega's fan de FNP dêre. Op 21 july dit jier hawwe se dêr noch in moasje fan de FNP oannommen dat se fierder wolle mei de G-4 (It Bildt, Menameradiel, Ferwerteradiel en Ljouwerteradiel) en dat se yngripen fan boppen-ôf absolút net nedich fine. Want wat Dales wol is net de gedachte fan ûnder-op út de mienskip wei, mar it twingend oplizze fan saken dy't boargers en gemeenterieden helendal net wolle, nammentlik: gemeentebestjoeren dy't (noch) fierder fan de befolking ôf stean.
Nije wike sil de Feriening fan Fryske gemeenten oer dit ûnderwerp te set. As se dêr ferstannich binne sille se beslute dat de gemeenten op praktyske punten gearwurkje kinne mar foaral dat se sels earst yn eigen hûs noch genôch te ferbetterjen hawwe. Sûnder konkrete foarbylden te neamen (mar dy binne der fansels genôch) moat der ek yn Ljouwert noch in soad dien wurde. Kom mar ris op in willekeurige ynspraakjûn... En as Dales merkt dat Ljouwert net foldwaande yn byld is yn Den Haach of dat ús gemeente net genôch jild krijt omdat it net mear as 100.000 ynwenners hat, dan hat it mear effekt om te lobbyen om de ferdiel-kaai foar de ryksútkearingen oan te passen, te stribjen nei mear autonomy foar de gemeenten en minder Haachske regelsucht.
24 Oktober '05 - 13:53 | |


Alternative plannen Nieuw Zaailand?

Sakrekt hawwe wy in oerlis hân mei it bestjoer fan it Old Burger Weeshûs (OBW) hjir yn de stêd oan it Ruterskertier.
Sy hawwe har beswieren tsjin de besteande plannen foar it projekt Nij Saailân noch wer ris taljochte: mei de 'winkelslurf' oan de noardkant fan it plein ferdwynt it sicht op de prachtige tún en it gebou, as der winkels komme wurdt de ferhierberens fan it Koetshûs minder (dat sy yn besit hawwe) en boppedat binne sy bang dat it Ruterskertier skielk mar in smel, eng steegje wurdt.
It bestjoer fan it OBW woe dy slurf, de winkelgalerij dus fuort hawwe. As reaksje dêrop hearden wy fan guon leden fan de kolleezjepartijen dat der alternativen yn de maak binne foar de plannen om de beswiermakkers (bygelyks LEON, OBW ensfh.) yn 'e mjitte te kommen. Sadat der mooglik dochs gjin of folle minder winkels oan it Ruterskertier komme. Skave en skjirje dus oan de plannen. Nuver is dan wol wer dat kolleezjepartijen soks wol witte en opposysjepartijen net. Dualisme yn optima foarma...
18 Oktober '05 - 19:52 | | Noch gjin kommentaar


Emigraasje fan Friezen nei Skandinavië



In skoftke lyn is in goeie bekende fan my, ek lid fan it FYK, emigrearre nei Noarwegen. Spitigernôch koe iksels net by it ôfskiedsfeest komme, mar ik haw wol wat eftergrûnynformaasje krigen. It is sa dat se dêr suver sitte te springen om nije minsken. De persoan dêr't ik oer praat wurket by it buro Placement. As jo sa'n side besjogge dan wurdt it wol dúdlik dat de autoriteiten de 'nije Noaren' lette en sette.
Persoanlik fyn ik Noarwegen in prachtich lân, hiel Skandinaviê is skitterend. Foar in oantal (fakânsje-)wiken of miskien moannen soe ik dêr hiel graach wer ris hinne wolle. As jo bepaalde plaatsjes sjogge dan wolle je sa wol fuort. Mar emigrearje soe ik fanwegen de lange tsjustere winters wol tsjinop sjen. In pear moannen lyn haw ik ek in oar famke troffen dy't dêrhinne emigrearre is; har feint wenne dêr en se koe hiel maklik oan wurk komme. It liket in trend te wurden, emigrearje. In skoftke lyn stie yn it nijs dat it NIDI útsocht hie dat Nederlânske emigranten har nocht hawwe fan de drokte, de mentaliteit, kriminaliteit en it ûntbrekken fan stilte. Oft dat ek sa is foar de Fryske emigranten waard ik net gewaar...
14 Oktober '05 - 19:57 | | Al trije kommentaren


Sirkus-kolleezje passearret gemeenterie

Justerjûn hawwe wy de begrutting 2006 bepraat. By it kopke 'Politiek bestuur' stiet it folgjende by 'Prestaties gemeenteraad':

- het consulteren van de burger en instellingen bij het maken en/of wijzigen van hoofdlijnen

- het afleggen van verantwoording aan de burger

- het optimaliseren van de communicatie tussen burger en raad

- duidelijk en begrijpelijk communiceren naar de burger

Oer dizze passaazjes hawwe de riedsleden neat sein, it is ek logysk as jo it dualisme serieus nimme. By de prestaasjes fan it kolleezje steane sokke saken net. Wat der no mei de sirkus-shows fan it kolleezje gebeurd, giet dwers en rjocht tsjin dizze punten yn. It kolleezje heart gewoan it belied út te fieren. En de riedsleden as folksfertsjintwurdigers yn kontakt te wêzen mei de befolking en op basis dêrfan kaders te stellen en it kolleezje te kontrolearjen. En dan net yn in sirkus krekt foar de ferkiezings, mar 4 jier lang, op strjitte, yn doarps- en wykgebouwen, yn de winkel, de kroech of yn it stedhûs.

11 Oktober '05 - 10:10 | | Al fjirtjin kommentaren


Kolleezje as sirkus-clowns

Sakrekt efkes op de ynternet-side fan ús gemeente sjoen en no stiet 'ús' kolleezje werklik foar aap. Mei clowns-noazen op en huodsjes, is dat no in gemeentebestjoer fan de haadstêd fan Fryslân? It spyt my al dat ik it sizze moat, mar hjirmei meitsje se harsels yndied folslein belachlik. 'Plaatsvervangende schaamte' soenen guon minsken sizze.

04 Oktober '05 - 20:17 | | Al 22 kommentaren