kontakt
Sybren Posthumus
D.S. Bangmastrjitte 25
9008 TJ Reduzum
Tillefoan: 0566 - 602928
Mail: sybrenposthumus@hotmail.com
kalender
« Maart 2010
S M T W T F S
  1 2 3 4 5 6
7 8 9 10 11 12 13
14 15 16 17 18 19 20
21 22 23 24 25 26 27
28 29 30 31      

argyf

links

sykje
feeds
XML: RSS Feed
XML: Atom Feed



Foar al jo webhosting!
Lokkich nijjier/gelukkig nieuwjaar!

Fan dit plak ôf wol ik elkenien in hiel lokkich en sûn 2006 tawinskje! Meie jim de romte krije om jim dreamen en winsken te realisearjen. En: ferjit net om op 7 maart te stimmen:-)

Hierbij wil ik iedereen een heel fijn en plezierig 2006 toewensen. Kijk uit met de gladheid en het vuurwerk met oud en nieuw, wie weet zien we elkaar bij het nieuwjaarsfeest van de gemeente.
31 Desimber '05 - 08:59 | | Al twa kommentaren


Magneetzweefbaan door bevolking afgeserveerd

Opnieuw is er een groot onderzoek geweest naar de verschillende varianten van een Zuiderzeelijn, en de resultaten van het rapport zijn niet verrassend: men ziet niks in de zweeftrein. Wat nieuw is, is dat men ook geen heil verwacht van de zogenaamde 'superbus' van Wubbo Ockels'. Persoonlijk zag ik daar ook al niets in, grootste nadelen van die superbus zullen volgens mij zijn dat het prijskaartje voor de meeste reizigers te hoog zal zijn en het dus een 'yuppen-bus' zal worden en met die enorme snelheden zal het volgens mij een energieslurpende wijze van vervoer worden.
Op zich heb ik wel vraagtekens bij de opzet van het onderzoek. Voorafgaand aan deze enquete waren er 'hoorzittingen' in zes verschillende plaatsen, waaronder Leeuwarden. Een lid van onze FNP-steunfractie was hier ook bij aanwezig en hij had de indruk dat de organisatoren zelf een duidelijke voorkeur hadden voor de magneetzweeftrein-variant en dat de sessies niet geheel objectief verliepen, om het maar zachtjes uit te drukken. Ook de oproep van spontaan stemmen via het internet draagt niet bij tot representativiteit.
Maar gelukkig heeft het gezonde verstand gezegevierd en is massaal gestemd op de intercity-varianten door de polder en via de Hanzelijn-variant. Als politiek-Den Haag dit overneemt betekent het dat Leeuwarden en Fryslân geen bijdrage van respectievelijk 12 en 200 miljoen euro hoeven bij te dragen. In de tussentijd is er echter wel miljoenen verkwanseld aan onderzoeken, lobby en projectorganisatie!
30 Desimber '05 - 09:48 | | Noch gjin kommentaar


Wat wurdt lokaasje brûkersromte?
Net helendal goed by de holle, tocht ik doe't it kolleezje mei de lokaasje foar de Willemskaai kaam as ien fan de alternativen foar in nije brûkersromte. No binne wy fan dit kolleezje wol mear wend, tink bygelyks oan de mâle sirkus-shows. Mar dit is wer in nije misser fan B&W, jo sette mei goed ferstân dochs net in brûkersromte foar ferslaafden del midden yn it sakekertier, flakby it 'manhattan' fan Ljouwert, tichteby de mooglike nije lokaasje fan it nije casino? En pal neist tal fan abbekate-kantoaren dy't it de gemeente ferrekte lêstich meitsje kinne om dêr in rûmte te festigjen? As riedsleden krigen wy krekt al in brief fan it kolleezje dat de lokaasjes wol deeglik droegen wurde troch ALLE kolleezjeleden. Dat fansels nei oanlieding fan publike diskusje yn de LC tusken Hafkamp en Sluiter dy't elkoar fia de krante melde dat elke partij it rjocht hat op syn eigen stânpunt. It leit gefoelich, sa krekt foar de ferkiezings. Foar de FNP is de lokaasje fan de Willemskaai yn alle gefallen net yn byld, mar wy binne fansels wol benijd wat de reaksjes fan de ynwenners en besikers fan Ljouwert binne. Jou jim miening, hjirre, op de poll hjirneist of op de ynformaasje-jûn dy't op 18 jannewaris hâlden wurdt! Fierder hawwe wy as gemeenterie noch besletten om in harksitting te hâlden foarôfgeand oan de kommisje op 25 jannewaris.
23 Desimber '05 - 15:22 | | Al trije kommentaren


Befolkingsgroei en nijbou: B&W hat blynkape op
In pear wiken lyn hawwe wy it 'statistysk jierboek 2005' fan de gemeente Ljouwert krigen. No stiet dêr op himsels net iens safolle nijs yn, mar as jonge heit en as riedslid foel ien ding my wol op: yn guon wiken fan de stêd Ljouwert binne de stjertesifers heger as dy fan it tal bertesifers. Huzum-doarp (Huzum-east) spant wol de kroan: mar 25 bertes en 106 stjergefallen. Saldo -81 dus. Achter de Hoven is ek sterk 'negatyf': 30 bertes en 65 ferstoarn. De oare wiken binne de binnenstêd (saldo -15), Transvaal en Rengerspark (-23), Skepebuert (-20), Aldlân (-33) en Nijlân (-1). Fansels binne der ek wiken (de measten) dêr't wol in posityf saldo is, en dêr springe dan Camminghabuorren (+81) en Himpens/Tearns en Suderbuorren (+68) út. It is dúdlik dat yn de wiken mei in soad nijbou de jonge generaasjes opgroeie sille en dat yn de wiken mei in bytsje grien, in soad allinnichsteanden of in soad âlderein de balâns minder goed útpakt. Foar hiel 2004, foar de hiele gemeente Ljouwert, is it saldo + 242 (1082 bertes, 840 stjergefallen). It jierboek is fansels in momintopname, it giet my der fral om, hoe komt it yn de takomst. De Ljouwerter krante berjochte dêr lêst ek oer: it ynwennertal fan Fryslân groeit folle minder hurd en Ljouwert sil op in bepaald stuit ('op eigen krêft') mar amper de 100.000 ynwenners helje. Demografyske ûntwikkelings, fergrizing, minder ymmigraasje ensfh. Reden foar ús om dêr lêst skriftlike fragen oer te stellen. Jo kinne yn Ljouwert-súd wol bouwe wat jo wolle (6500 huzen foar 15.000 minsken), mar as der op in gegeven momint minder minsken komme en der dêrtroch minder fraach komt, soenen jo dan net ris kritysk sjen nei jo plannen? Nee, seit it kolleezje, de sketste demografyske ûntwikkelings hawwe gjin ynfloed op it oankeapjen fan grûn, bouplannen en ‘e grûneksploitaasje. Werklik ûnfoarstelber, jo wolle net witte wat der om jo hinne bart; sa sette jo in blynkape op. As FNP hawwe wy it al earder opmurken, Ljouwert bout net op basis fan de fraach, mar op basis fan wat winsklik achte wurdt, op basis fan ôfspraken mei provinsje, konvenanten mei de omlizzende gemeenten en ferâldere plannen. Ik bin datoangeande benijd wat it (mooglike) rekkenkeamer-ûndersyk opsmite sil! Wie it net sa dat it kolleezje de lêste tiid roppen hat dat benammen de merkûntjouwings ferantwurdlik wienen foar de tekoarten yn Suderbuorren?
21 Desimber '05 - 16:27 | | Al twa kommentaren


Trochbraak foarrang fytsers op rotondes?

Ik stean op de ferstjoerlis fan it fytsersbûn-ôfdieling Fryslân en ôfrûne wike krige ik in hiele nijsgjirrige mail dy't ynhâlde kin dat der yn Fryslân einlings foarrang foar fytsers op de rotondes komt. Op de reaksjenota fan de Provinsje Fryslân stiet it folgjende te lêzen oer oanpassing cq nijbou fan besteande rotondes: 'Bij aanpassing c.q. nieuwbouw van rotondes wordt richtlijn 126-A van het CROW in acht genomen; bestaande rotondes worden niet actief aangepast omdat hiervoor de vormgeving ingrijpend moet worden veranderd.’ Dat is dus in echte trochbraak, want it soe ynhâlde dat by oanpassingen fan rotondes of by nije rotondes de fytser foarrang krijt, want dat hâldt de CROW-rjochtline 126-A yn. Dan hat it pleit fan ús as FNP, CU en D66 net om 'e nocht west.
Dat it befoarderjen fan it fytsferkear hurd nedich is, wie ôfrûne sneon wol wer te lêzen yn de Ljouwerter krante: 'Leeuwarder fietser langer onderweg'. It is hurd nedich dat der no yn it Ljouwerter ferkearsbelied wer ris wat (werom-)dien wurdt foar de fytser, want de oanlis fan de binnenring en it 'antisipearjen' op de ferdûbeling fan de rûnwei hawwe allinnich mar negative gefolgen foar de fuotgongers en de fytsers ta gefolch. De maatregels binne der op rjochte om it tal oerstekplakken te ferminderjen en om rotondes en krúspunten sa yn te rjochtsjen dat de auto's dy inkelde kearen dat it foarkomt net op fytsers en fuotgongers hoege te wachtsjen. Fytsers wachtsje soms minutenlang by bepaalde krusingen yn rein, hagel en sniebuien op ferkearsljochten dy't de auto's soms wol twa kear foargean litte. Hoesa earlik ferkearsbelied?
19 Desimber '05 - 10:45 | | Noch gjin kommentaar


Voedselbank en de nieuwe armoede

Vanmorgen ben ik, als enige raadslid, bij de opening van de Voedselbank Leeuwarden geweest, in Wirdum. Onderweg er naar toe was het koud, en onder het - figuurlijk - zelfde kille Haagse politieke sociale klimaat schieten de voedselbanken als paddestoelen uit de grond. Op dit moment krijgen wekelijks in heel Nederland al 6500 mensen een pakket. Het is op zich natuurlijk geweldig dat een grote groep vrijwilligers, alleen in Wirdum zo'n 15 nu al, voor 30 huishoudens in Leeuwarden elke week een grote bak met voedsel bezorgd (via 4 adressen, zoals kerken). Maar het is in-en-in triest dat zoiets anno 2005 geregeld moet worden, wij hebben als FNP dan ook uit solidariteit met de allerarmsten, maar ook met gemengde gevoelens, een motie mede-ingediend om het initiatief te steunen. Gemengde gevoelens omdat door de inkomenspolitiek van het rijk nu al 1 op de 10 huishoudens in armoede moet leven en wij als gemeente, door overdreven regelzucht vanuit datzelfde rijk, steeds minder mogelijkheden krijgen om daar iets aan te doen. Bovendien worden wij in Fryslân, Groningen en Drenthe en daardoor ook Leeuwarden extra in de kou gezet door het afschaffen van de Langman-gelden, IPR-premies en verlaging van de WWB-gelden. In Wirdum hoopte men dat de voedselbank over een tijdje weer overbodig zou zijn, maar ik heb zorg dat er wel eens meer zouden komen. Ik hoop niet dat we de grote steden van Amerika achterna gaan met hun gaarkeukens...
10 Desimber '05 - 15:29 | | Al seis kommentaren


Inisjatyf doarpstún Snakkerbuorren
Juster hawwe wy op wurkbesite west yn Lekkum en Snakkerbuorren. It wie in geweldich nijsgjirrige dei, mei de saakkundige begelieding fan Cor Opmeer, foarsitter fan doarpsbelang. In hiel moai inisjatyf wat de middeis as twadde oan bod kaam, wie de doarpstún fan Snakkerbuorren. Op in behoarlike lape grûn fan sawat 1,5 bunder binne dêr sa'n 30 frijwilligers dwaande mei it ûnderhâlden en bewurkjen fan in grutte doarpstún, dêr't tal fan grienten en fruchten boud wurde (op biologyske grûnslach).
De stifting doarpstún hat fierder sa'n 150 stipers en geregeld, meast middeis, wurde de produkten oan de stipers ferkocht foar in relatyf sêft pryske. It mei ek allinnich oan dy stipers ferkocht wurde, oars soe der sprake wêze fan in kommersjele hannel en komt de belestingtsjinst om 'e hoeke. Koöperatyf dus. Bern hawwe in aardich stik bosk dêr't se boartsje kinne en tusken de beammen hawwe se in poadium boud foar kulturele aktiviteiten, lykas ynkoarten wer in kryst-sjongerij.
De doarpstún krijt ynkoarten útwreiding mei in goede bunder grûn dat foar € 150 fan de gemeente Ljouwert pachte wurdt. In hiel goed foarbyld fan mienskipssin yn ien fan de 9 doarpen fan de gemeente Ljouwert, wat troch ús as gemeente fia in goedkeape hierpriis moai stimulearre wurdt. Nei ôfrin haw ik sein dat dit allegear perfekt yn de FNP-gedachte past om saken út de befolking wei, fan ûnderen-op te organisearjen en dat as gemeente te stypjen.
09 Desimber '05 - 15:01 | | Noch gjin kommentaar


Rekôr-lange kommisjegearkomste
It is op't heden bannich mei de politike gearkomsten. Sawat 4 jûnen yn de wike fuort foar de gemeenterie en oerdeis fansels tariede.
Tiisdeitejûn wie de absolúte klapper: 00.30 oere wie de kommisje stedsûntjouwing (stadsontwikkeling) klear. Foar my wie dat dizze perioade it rekôr, salang hawwe wy noch net earder byelkoar sitten; fan 19.30 oant 00.30 oere is 5 oeren! Neffens 'âlde rot' yn it politike fak Addy Stoker (CU), dy't al sawat 8 jier meidraait yn de gemeenterie fan Ljouwert en dêr't ik justerjûn mei opfytste werom nei hûs, wie dit ek foar him in rekôr. Op himsels is der neat mis mei it besprekken fan aktuele politike saken en dêr moat ek tiid genôch foar wêze, mar as jo mei-elkoar ôfprate dat 23.00 oere de 'limit' is moatte jo elkoar dêr ek oan hâlde. OK, in kertierke of miskien in heal oerke útrinne is net sa slim. Mar minsken moatte de oare deis ek wer oan it wurk en foar it publyk op de tribune is it ek net leuk. Miskien moatte wy in reserve-datum ôfprate foar as kommisjes útrinne. Of, it kolleezje gjin presintaasjes mear jaan litte yn de kommisje sels, want dat nimt faak ek in hiel soad tiid en is faak in werhelling fan setten.
08 Desimber '05 - 09:37 | | Al twa kommentaren


Legere bydrage ûndernimmers Ljouwert-west?
Gelyk hawwe en krije sit somtiden noch wolris wat tiid tusken, mar úteinlik jouwe de arguminten en de kennis fan de lokale situaasje faak de trochslach. Mei twa foarbylden dêr't wy ús as FNP kritysk oer útsprutsen hawwe mar letter dochs gelyk krigen hawwe wol ik ien en oar ferdúdlikje.
In skoftke lyn haw ik bygelyks skreaun dat de rotonde op de hoeke fan de Pier Panderstrjitte en de Harnzersingel gefaarlik is. Wy hawwe doedestiids dan ek tsjin de € 1,8 miljoen foar dizze rotondes stimd. Ofrûne tongersdei 1 desimber berjochte de Ljouwerter der oer (de helte fan de klachten fan fytsers hie betrekking op dizze rotonde) en ek it fytsersbûn jout de rotonde oan as in grut knipepunt.
In oar punt is de bydrage fan de ûndernimmers oan it Revitalisearringsplan Ljouwert-west. Op 5 july 2004 binne wy mei in moasje (side 6) kommen om yn gearwurking mei de ûndernimmers de eigen bydrage dúdliker fêst te lizzen. Allinnich CU, D66 en SP stipen ús moasje. Mar no docht dus bliken dat de tasizzings fan de ûndernimmers mar 30 oant 40% (Brief B&W) oant 50% (neffens de Bedriuweferiening) binne fan it bedrach fan € 1,7 miljoen dat nedich is. It is foar my no sterk de fraach hoe't it kolleezje de oare 50 oant 60% oer de streek hellet. Ek is it foar my de fraach wêr't krekt de grins leit dat eksterne subsydzjejouwers sizze: no komt ús bydrage yn 'e kiif te stean.
Hjoed haw ik oer de post in nijsbrief fan de gemeente krigen oer it projekt; de bedriuweferiening wol no in legere bydrage per m2 betingje by de gemeente, mei in plafond yn de bydrage. Yn it nijsbrief ropt de foarsitter fan de feriening, Douwe de Boer: 'Zo redden wij het niet!' as it giet oer de eigen bydragen. Hast oardel jier nei july 2004 en op 'e nij diskusje oer de finansjele bydrage. It hie nei alle gedachten allegear net nedich west as ús moasje oannommen wie.
03 Desimber '05 - 17:07 | | Al ien kommentaar