kontakt
Sybren Posthumus
D.S. Bangmastrjitte 25
9008 TJ Reduzum
Tillefoan: 0566 - 602928
Mail: sybrenposthumus@hotmail.com
kalender
« Maart 2010
S M T W T F S
  1 2 3 4 5 6
7 8 9 10 11 12 13
14 15 16 17 18 19 20
21 22 23 24 25 26 27
28 29 30 31      

argyf

links

sykje
feeds
XML: RSS Feed
XML: Atom Feed



Foar al jo webhosting!
Saailân-stimmerij, net te leauwen!
Justerjûn de definitive beslútfoarming hân oer it plan 'Nieuw Zaailand'. Hoewol't de definitive útslach al min of mear fêst like te stean, hawwe in pear saken my dochs wol heel bot fernuvere. Punt ien benammen de opstelling fan D66, dy't yn it ferline oars altyd sein hat dat it behâld fan karakteristike eleminten fan de âlde binnenstêd har in soad wurdich binne; no ferkwânselje se yn ien kear de hele 19e ieuske wand fan it Ruterskertier troch dêr in slurf fan in winkelstrip del te setten. In stêdeboukundich monster.
Boppedat haw ik begrepen dat D66 op it lêste momint noch in amendemint yn elkoar timmere hat oer de bouhichte fan de slurf om sa noch mar in bytsje kritysk oer te kommen by wize fan kompromis. Hoefolle ferantwurdlikheidsgefoel hat sa'n fraksje freegje ik my dan ôf? Net te leauwen gewoan.
It CDA, tsja de kritykleaze hâlding fan dizze partij rjochting it kolleezje binne wy sa stadichoan wol wend. Blyn foar de ynspraak sa te hearren en ien en al jûchhei foar it plan.
Dan hat de PvdA ek in hiele nuvere kronkel útfûn mei it útstel om by it referindum net allinnich it foarstel yn stimming te bringen dat wy no justerjûn bepraat hawwe, mar ek de fariant C dêr't wy no net iens ta besluten hawwe. Foar alle dúdlikens: fariant C is, koart troch de bocht, it totaalplan mar dan minus de slurf. It kolleezje wurdt frege om dy fariant ek fierder út te wurkjen. Mar yntusken moatte, om de KOMPAS-subsydzje net mis te rinnen, de bestimmingsplanprosedueres no heel hurd útwurke wurde op basis fan de oarspronklike fariant fan it kolleezje. Ut de útspraken fan wethâlder Waanders krige ik de yndruk dat de KOMPAS-subsydzjes stevich yn 'e kiif steane omdat de planning wol heel bot ûnder druk stiet. En dêrmei wurdt de fariant C no finansjeel sjoen net mear realistysk. As de PvdA dat eventueel wollen hie, hie se justerjûn gewoan tsjin de slurf stimme moatten, mar de mearheid kiest der blykber foar om it kolleezje achternei te rinnen.
Mar goed, mei de ekstra fariant fan de PvdA wurdt it referindum wol heel komplisearre, want der moat mar leafst 30% fan de stimmers (sa'n bytsje 18.000 kiezers) foar in bepaald alternatyf wêze. En mei in opsplitsing yn 3 mooglikheden wurdt de kâns op in kwalifisearre mearderheid in stik lytser. Mar goed, dat sil ek de bedoeling fan de PvdA west hawwe...
31 Jannewaris '06 - 12:16 | | Al fiif kommentaren


Foar sted en doarpen!
Ofr?ongersdei (26 jannewaris) stie der in aardich stikje yn de LC oer de kieslisten dy't de ferskate politike partijen ynlevere hawwe by it haadstimburo. Der dogge yn de gemeente Ljouwert diskear 14 partijen mei mei yn totaal 235 kandidaten. Opfallend, it waard ek yn it artikel neamd, de weromgong fan it tal kandidaten ? 9 doarpen dy't ?meente telt. Stienen der fjouwer jier lyn noch 29 kandidaat, no noch mar 21. Oan ? FNP sil it net lein hawwe, wy hawwe sels ien kandidaat mear op ? href="http://www.fnp-ljouwert.nl/index.php/index.php/?option=content&task=view&id=136" mce_href="http://www.fnp-ljouwert.nl/index.php/index.php/?option=content&task=view&id=136" title="">list, te witten Jeroen Hemstra ?tgaard. Mei-elkoar 5 kandidaten ? doarpen: twa ?utum, twa ?tgaard en 1 ?edum. Der is fierder fan alle partijen mar ien dy't ek datselde oantal hat, dat is it CDA. Mar fierder is it wol hiel suterich steld by de measte oare partijen: SP, NLP, Leefbaar Leeuwarden, FRIS en ONS hawwe 0, dus gjinien kandidaat ? doarpen! En hoe stiet it mei de oare partijen? De ChristenUnie hat ien fan Goutum, de PvdA ien fan Snakkerbuorren en ien ?nt Jabik (?), de VVD hat alle fjouwer doarpskandidaten ?utum, de LPF hat ien ?rgea (Boarnsterhim!), ien ?its en ien fan Goutum, de Klokkelieders hawwe ek ien ?utum, PAL/GL hat ien fan Snakkerbuorren en ek immen ?eldoarn (hoesa lokaal) en D66 ta eintsjebesl?t twa fan Goutum.
Fansels is it bekend dat de measte ynwenners fan ?meente yn de stꤠwenje, mar dat hoecht noch net te betsjutten dat de doarpen oan it fuottenein lizze moatte.
Geregeld hawwe wy fragen steld, m?g of skriftlik oer bepaalde aktuele saken. Wat my noch it meast bystiet wie in amendemint (side 70) fan ? de gemeenterie fan 11 oktober 2004 oer it bedriuweterrein fan Wurdum. Stipe troch alle partijen, mar noch hieltyd net realisearre. It avenseart net. Fansels, de bedriuweterreinen yn de stꤠmoatte har ?an kinne, mar in doarp hat dochs ek rjocht op in takomst?
Ik doar wol te sizzen dat fan alle partijen de FNP de doarpen de l곴e fjouwer jier it meast in gesicht j?t yn de Ljouwerter gemeenterie. Wylst oare partijen altyd oer 'de stꤧ prate, haw ik it leaver oer de gemeente, om't wy der w꺥 wolle foar stꤠ鮠doarpen.
28 Jannewaris '06 - 17:16 | | Noch gjin kommentaar


Gemeente heeft tekst Bonnema-legaat niet!!
Gister (26 januari) heb ik aan wethouder Marga Waanders opheldering gevraagd in hoeverre de gemeente Leeuwarden de (originele) tekst of passages van het legaat in bezit heeft. Hieronder het antwoord:

Beste Sybren,

De gemeente Ljouwert is net in ut besit fan in kopy fan it (orizjinele) legaat fan Bonnema of de relevante tekstpassaazjes oer de bou fan in nij museum. De gemeente hat allinnich de brief van de Stifting.

Mei freonlike groetnis,

Tot zover het korte antwoord van de wethouder. Ik heb begrepen dat je altijd een beroep kunt doen op de WOB (Wet openbaarheid bestuur) maar als de documenten niet bij de betreffende overheidsorganisatie berusten, kan men natuurlijk ook geen inzage verschaffen, hetgeen betekent dat de gemeente kan volstaan met een briefje dat de documenten niet aanwezig zijn.
Ik vind het nu erg onnozel om voor de plannen van een Nieuw Zaailand te stemmen, zoals PvdA, CDA, VVD, PAL en D66 waarschijnlijk gaan doen (uitgezonderd enkele dissidenten dan). Immers, staat echt wel in het originele legaat dat er straks € 18 miljoen wordt overgemaakt, staat het geld ook daadwerkelijk op de bank en hoe zit het met de rente? De gemeente heeft hier volgens mij nu geen absolute zekerheid over. Het is verder toch ook interessant om te weten welk (goed) doel Bonnema in gedachten had als het museum niet wordt verplaatst. Bijvoorbeeld een schenking aan het noodlijdende Cambuur of aan een sociaal doel in de stad. Zo zou je als gemeenteraad een afweging kunnen maken.
Of, zoals Omrop Fryslân het stelt in haar WOB-verzoek, dat wij als raadsleden ook hebben gekregen: 'De inwoners van Friesland, en meer in het bijzonder Leeuwarden, hebben recht zoveel als mogelijk te worden geïnformeerd'. Het zou allemaal veel logischer zijn als eerst de staten als antwoord op vragen van onze FNP-statenfractie inzicht krijgen in de stukken, dat zij dan eerst een besluit nemen over het museum en dan wij over het totaalplan. Het gaat nu op z'n Jan Boerefluitjes.
27 Jannewaris '06 - 15:26 | | Noch gjin kommentaar


Oanpak stellerij fytsen

Justermiddei haw ik nei de presintaasje west fan de saneamde 'fietsdiefstalscan' yn de riedsseal fan ús stedhûs. It liket der op dat der no einlings wat dien wurde sil om it stellen fan fytsen oan te pakken. Dat nei oanlieding fan in FNP-moasje (side 48), dy't wy mei súkses ynbrocht hawwe doe't de kadernota feilichheid besprutsen is.
It stellen fan fytsen is, sa waard juster nochris dúdlik, it meast foarkommende delikt yn Ljouwert. Alle jierren is 25% fan de húshâldens slachtoffer fan it stellen fan fytsen.
Lêstendeis haw ik it oplossingspersintaazje yn de gemeenterie oankaarte, mei 6% (neffens de plysje-statistiken) hartstikke leech. Juster waard trouwens praat oer 3,3%, it liket der op dat de plysje dus mei sifers gûchelt. Ik haw de fraach stelt hoe't dat persintaazje omheech kin. It antwurd fan de meiwurker fan it fytsersbûn wie: mear grafearaksjes, in bettere kwaliteit fan de oanjeften realisearje, de súksessen fan de oanpak te publisearjen en ek troch de mooglikheid te kreëarjen fan digitale oanjefte. Dat lêste wurdt no al jierren roppen by ús yn de gemeenterie en ynkoarten sil de plysje it ek echt realisearje.
Der sil op koarte termyn in wurkgroep ynsteld wurde fan plysje, amtners, stedswacht en (hooplik ek) it fytsersbûn om alle mooglike maatregels yn in aksjeplan te setten. Fierder sille der saken opnommen wurde yn it ynkoarten te presintearjen fytsplan foar Ljouwert. No is pepier geduldich fansels, dus wy sille der skerp op tasjen dat der ek echt wat dien wurdt mei de plannen en it stellen fan fytsen omleech giet!
26 Jannewaris '06 - 09:45 | | Al twa kommentaren


Trochbraak brûkersromte?
Sakrekt haw ik in brief krigen fan de direkteur fan SMO-Fryslân, it ynsprekferhaal fan jûn yn de kommisje wolwêzen.
Ik fyn it in prachtoplossing, in wiere trochbraak. Gewoan it gebrûk tastean yn de dei-opfang sels. Gjin nije djoere mega-boat oanskaffe of hiere à raison fan € 595.000 op jierbasis (útstel CDA-PvdA) dy't oan de oare kant fan it wetter leit en it beskerme binnensteds-oansicht ek nochris skeind. De ferslaafden kinne gewoan yn itselde gebou bliuwe, sadat se net de hele tiid fan it iene plak nei it oare plak rinne moatte en eventuele oerlêst feroarsaakje. Trouwens, as gemeenterie hawwe wy op 18 july 2005 (side 4) al ôfpraat dat de dei-opfang en de brûkersromte yn itselde pân komme soenen!

De konklúzje fan it brief fan Van Anken:
Conclusie van mijn betoog is: er is maar één goede oplossing en dat is gecontroleerd gebruik in de Dagopvang aan de Zuidergrachtswal. Wat ons betreft doen we dat in de vorm van een proef van een half jaar, waarin we voor de huidige cliënten van de Dagopvang onder verantwoorde omstandigheden het gebruik van verdovende middelen in de voorziening toestaan. We gaan deze proef onafhankelijk laten evalueren en beoordelen en leggen ons er op vast, dat de uitkomst van deze proef bindend is. Als dan blijkt dat de proef leidt tot meer overlast, stoppen we direct. We gaan met politie, justitie, gemeente, het wijkpanel en andere direct betrokkenen afspraken maken over deze proef. We zullen de meest verantwoorde omstandigheden creëren die nodig zijn. Zoals gezegd richt de proef zich alleen op de gebruikers van onze Dagopvang. Na afloop van de proef weten we dan of er voor andere groepen nog aparte voorzieningen moeten worden getroffen, of dat het straatgebruik grotendeels verdwenen is en de proef verder uitgebreid kan worden.
25 Jannewaris '06 - 15:20 | | Noch gjin kommentaar


Ynsjen brief Bonnema-stichting oer legaat!

Hiel faak hawwe wy as FNP yn Ljouwert frege om mear ynsjoch, mear iepenbierens yn de krekte tekst fan it legaat fan Bonnema. Wy hawwe dêrby ek de griffier fan de gemeente ynskeakele om dat klear te krijen. Sa stadichoan krije wy dat ynsjoch no (sjoch brief fan de griffy hjirûnder).
Yntusken haw ik begrepen dat it briefke mear fragen opropt as dat it beantwurdet. Moandei sil ik efkes nei de lêskeamer op it stedhûs om helderheid te krijen!

Geachte raadsleden,

Op de vraag van de Griffier voor nadere informatie over het "Bonnema legaat" heeft de ir. Abe Bonnema Stichting d.d. 18-1-06 een brief gericht aan het college van B&W met achterliggende stukken (brief gericht aan het Fries Museum van 14 mei 2002) beschikbaar gesteld om vertrouwelijk ter inzage te leggen voor de raadsleden. De brief ligt ter inzage bij de griffier.
21 Jannewaris '06 - 15:58 | | Noch gjin kommentaar


Helpe yn minima-restaurant

(foto: LC).
Justerjûn haw ik, mei in soad oare riedsleden, as ober/keukenassistint holpen by de iepening fan it nije minima-restaurant hjir yn Ljouwert, yn it âldereintehûs 'De nije Hoek/De nieuwe Hoek', op it Hoeksterpaad. It ferrast my alle kearen wer dizze riedsperioade hoefolle goede en spontane inisjativen der hjir yn de gemeente binne. Ek dit 'VanHarte resto', want sa hjit it inisjatyf, tsjûget dêr wer fan. Wat dat oangiet grutte kompliminten foar Ina Veenstra en Tiny Elting, dy't hurd wurke hawwe om it klear te krijen. De sfear wie waarm juster, de seal wie kreas fersierd, der spile in mini-orkestje fan 3 jonge mannen en der wienen taspraakjes fan Ina en in fertsjintwurdiger fan de lanlike VanHarte organisaasje.
Alles mei alles wienen der sa'n 40/45 iters, dy't dêr foar € 2,50 (minima) of € 5,- (oaren) ite kinne. Mei in soad nocht haw ik yn it restaurant betsjinne, mar earlik sein haw ik wol wat dûbele gefoelens by de oprjochting fan sa'n restaurant. Want soe it net sa wêze moatte dat de útkearingen heech genôch binne, dat it foar minsken net nedich wêze moatte soe om in berop dwaan te moatte op sa'n restaurant of, slimmer noch, op in voedselbank. Us FNP-foaroanman yn de steaten, Johannes Kramer hat it ek al sein, wy sille ús sosjale gesicht sjen litte moatte om de minsken dy't yn de kjeld stean, te helpen.
20 Jannewaris '06 - 09:29 | | Noch gjin kommentaar


brûkersromte Hoeksterein net ferstannich

Justerjûn, by de ynformaasjejûn oer de mooglike farianten foar in brûkersromte, is ek praat oer in mooglike brûkersromte op in boat by it Hoeksterein. Yn Arnhim hawwe se ek sa'n brûkers-boat (sjoch foto hjirboppe), dy't trouwens ek alris sonken is! It wie in tige rumoerige byienkomst. Ik krige de yndruk dat de measte minsken út de omjouwing fan it Hoeksterein en de Bleekhoven kamen, oan de ynsprekkers te fernimmen teminste.
It liket my sa ta dat in boat op dat plak net ferstannich is. De boat sit hiel ticht by de winkel fan Super de Boer en by tal fan apparteminten (Bleekhôf) en âldereintehuzen (bygelyks de ‘Nije Hoek’). Dêr wenje in soad âldere minsken, dy’t dan skielk wol hiel ticht by de romte komme soenen te wenjen. It argumint fan it kolleezje fan B&W dat de boat op ridlik romme ôfstân fan huzen en winkels komt, waard troch de omwenjenden dy’t justerjûn massaal op de gearkomste wienen dan ek bestriden.
As gemeente kinne jo jo fansels ek net foar de fraach oer de kosten weiwine; de boat as brûkersromte is de alderdjoerste fariant (strukturele kosten € 595.000).
Oare arguminten binne dat it gemeentlik oanwizingsbeslút foar lisplakken wizige wurde moat en dat de duorsumheid fan in gebou (pân) heger is as dy fan in boat.
As FNP binne wy der wol foar dat der in brûkersromte komt, ommers jo kinne dêrmei in hiel stik oerlêst ferminderje en soarch oanbiede oan de ferslaafden. Mar dat plak en dan yn de foarm fan in djoere boat achtsje ik net sa wiis.
19 Jannewaris '06 - 09:30 | | Al trije kommentaren


Plysje: gjin problemen meitsje dy't al oplost binne

Yn de Dwers fan ôfrûne wike ferbjustert Pieter de Groot him deroer dat ik frijwat optimistysk bin oer de takomst fan it Frysk. Hy sels is dat net. It nijste konflikt tusken boargemaster Liemburg, Dales en Wagenaar hat him it idee jûn dat alle rjochten dy’t befochten binne yn de praktyk net in soad úthelje. De striid moat hieltyd op ‘e nij striden wurde. Sels sjoch ik dat ek yn, mar it rekket my minder. Ik akseptearje dit gewoan as ûnderdiel fan de striid foar de emansipaasje fan wat foar minderheid dan ek.
Nim de homo-emansipaasje. Alle wetten dy’t opsteld binne om homo-diskriminaasje tsjin te gean kinne echt net foarkomme dat de trochsneed 13-14 jierrige homo bytiden narre wurdt troch syn kollega-pubers. Gewoan om’t elke nije generaasje pubers it hoe en wêrom fan dy wetten noch net begrypt.
Diskriminaasje foarkomme dogge dy wetten dus net. Mar se soargje der wol foar dat in skoaldirekteur yngripe kin, moat en sil ás der wat sein wurdt of bart dat net troch de beugel kin. As it “slachtoffer” teminsten it hert hat om der wat fan te sizzen, want dat is faak noch net sa maklik. En as de skoaldirekteur syn funksje teminsten serieus nimt. Lit ús dat teminsten mar hoopje dat der dan yngrepen wurdt. Wy geane der mar net fanút gean dat der skoaldirekteuren omrinne dy’t yn sa’n gefal sizze “kinst dy better de bek hâlde, ju, oars wurdt it de helte slimmer”.
Om deselde reden is it goed dat der anti-taaldiskriminaasje wetten en ôfspraken binne. En dêrom is it goed dat Boargemaster Liemburg it hert hat om by Wagenaar en Dales oan te klopjen om te melden dat der guon fan har wurknimmers binne dy’t it bestean fan de wetten net kenne of net neilibje. En dêrom is it goed dat se har net yntimidearje lit troch in Dales dy’t seit fan “moatst dy de bek hâlde ju, oars wurdt it de helte slimmer."
Dat Dales as persoan it hoe en wêrom fan de anti-taaldiskriminaasje wetten (noch) net begrypt falt him te ferjaan. Dat sil mei de tiid wol komme. Mar dat er syn rol as skoaldirekteur net serieus nimt set him ek as boargemaster in treedsje leger.

Fryslân is net folslein Nederlânsktalich en ek net folslein Frysktalich: Fryslan is twatalich. Dêr kieze wy alle dagen wer foar en dat is by wet nasjonaal en ynternasjonaal fêstlein. It falt goed by de minsken. Sy prate gewoan Frysk of Nederlânsk, sa't it har útkomt. Dat kin hast oeral, dat moat ek by de plysje kinne. Lit ús gjin problemen meitsje dy't al oplost binne.
16 Jannewaris '06 - 09:52 | | Al sân kommentaren


Efterôf gelyk: Piter Jelles Kollum bliuwt iepen!

Juster lies ik yn de krante dat Piter Jelles yn Kollum dochs iepenbliuwt! Se sille dêr no in trochstart meitsje mei nije foarmen fan ûnderwiis op VMBO, havo en VWO nivo. Yn de gemeenterie fan 30 maart ferline jier hawwe wy as FNP noch in moasje (side 37) ynbrocht dat de skoalle neffens ús iepen bliuwe kin. SP, CU, D66 en PvdA hawwe ús dêryn stipe. Yn in eardere weblog haw ik de arguminten al neamd: finansjeel moat it kinne, wat de kwaliteit oangiet is it yn ferliking mei oare skoallen echt net min en út de gemeenten om Kollum hinne binne der genôch mooglikheden om foldwaande learlingen te krijen. It aardige is dat de skoalle op har eigen ynternet-side fia in knipselkrante, ûnderoan de diskusje yn de media sjen lit. Yn dizze saak haw ik my doe djipgeand ferdjippe en ik bin bliid dat wy efterôf dus wol wer gelyk krigen hawwe!
15 Jannewaris '06 - 11:17 | | Al ien kommentaar


Onrechtvaardigheid bij investeringen Rijk
Regelmatig wil ik - aan de hand van cijfermateriaal - laten zien dat objectief aangetoond kan worden dat er door het rijk, de Nederlandse staat, op een onrechtvaardige manier met de belastingcenten om wordt gegaan. Voor mij als FNP-er gaat het er dan met name om, hoe is de verdeling over het land, worden er ook regio's voorgetrokken of is alles keurig in balans? Deze week maakte het ministerie van VROM bekend hoeveel er is geïnvesteerd op verschillende plaatsen in diverse projecten in Nederland. Het leuke is, dat er ook een mooi kaartje is van de totaal-investeringen is in heel Nederland plus dus de regionale verdeling. De schellen vallen je opnieuw van de ogen, het is bijna geen verrassing meer. Er wordt totaal tussen 2000 en 2010 meer dan € 6,4 miljard (6423 miljoen euro) geïnvesteerd in diverse projecten. Het gaat hierbij met name om fondsen voor stedelijke vernieuwing, maar ook om zogenaamde sleutelprojecten en subsidies voor ruimtelijke kwaliteit. Fryslân krijgt totaal € 48,6 miljoen euro en Groningen bijvoorbeeld 147,1 miljoen. Stel dat dit geld gewoon door de regio's zelf kon worden uitgegeven, dus dat er bijvoorbeeld meer geld zou gaan naar het provinciefonds of naar de gemeenten en dan een verdeling op basis van inwonertal. Fryslân heeft ongeveer 640.000 inwoners, Groningen 575.000 en Nederland als totaal 16,3 miljoen. Dan zou Fryslân 252 miljoen euro krijgen en Groningen 226 miljoen euro! Voor Fryslân alleen al dus een meer dan 5 keer zo groot bedrag, meer dan € 200 miljoen meer in 10 jaar tijd. Ik ben ervan overtuigd dat we dan, op basis van criteria die de regio's zelf opstellen, veel meer en betere oplossingen kunnen bedenken voor de wensen en behoeften die er hier, bijvoorbeeld in Leeuwarden, leven. Met 20 miljoen erbij gemiddeld per jaar en een gemiddeld salaris voor iemand in een lagere loonschaal van € 20.000 zouden we alleen al 1000 extra banen bij nuttige maatschappelijke organisaties kunnen scheppen. Er wordt wel eens gedacht over gratis openbaar vervoer in Leeuwarden, op dit moment zijn de kosten hiervan € 3,7 miljoen op jaarbasis. We moeten dus toe naar decentralisatie van middelen en meer autonomie voor de lagere overheden.
13 Jannewaris '06 - 16:01 | | Al twa kommentaren


Skandpeal fan te belutsen boargemaster?

Justerjûn hawwe wy de ynformaasjejûn hân oer de plannen foar it Saailân. Oan it begjin fan de jûn batste Geert Dales der fuortendaliks yn, hy rôp de tsjinstanners, meast opposysjepartijen, op om feiten te brûken yn de diskusje en gjin ûnwierheden te ferkundigjen. Oars soenen se wol op de (digitale) skandpeal fan de gemeente komme, fia de nijste webside dan. Dat wie net in moai begjin fan de jûn, de toan wie setten. Ut it taspraakje oan de ein fan de jûn die ek al bliken dat de boargemaster wol 'ruzie' ferwachte. Net sa ferstannich om op dizze wize mei de diskusje oer it projekt te begjinnen.
De boargemaster beskuldiget de tsjinstanners fuortendaliks al fan 'mislieding', mar as jo de folder lêze fan de inisjatyfnimmers fan it projekt, stiet dêryn dat it in feit is dat der 100.000 minsken nei it nije Frysk museum op it Saailân ta komme sille. Nim my net kwea ôf, mar dat is gjin feit mar in ferwachting en sa dogge jo sels oan manipulaasje. Wat jo in oar ferwite moatte jo sels ek net dwaan. It hie sowieso better west dat de boargemaster, as persoan dy't boppe de partijen heart te stean, net dielnommen hie yn de stjoergroep. Al heel gau, doe noch yn de tiid fan boargemaster Margreeth de Boer, haw ik dat al sein. It hie better west dat dat in saak wie fan de wethâlders.
11 Jannewaris '06 - 10:43 | | Al twa kommentaren


Gjin ekstra winkels Saailân

Juster hawwe wy as riedsleden in brief krigen fan it bestjoer fan winkelsintrum Bilgaard:
Langs deze weg willen wij u melden, dat de ondernemers van Bilgaard fel tegen de uitbreiding van het winkelareaal in Leeuwarden met een groot aantal vierkante meters zijn. Er is sprake van overbewinkeling, een groot deel hiervan komt op het conto van Winkelplein de Centrale.
Het Cambuurplein, met veel grote zaken heeft ons geen goed gedaan.
Het invullen van het "Valkema" terrein mag niet gebeuren door detailhandel.
Wij begrijpen niet waarom er in de Leeuwarder binnenstad veel winkelruimte bij zou moeten komen, terwijl er al veel leegstand van winkels is.

It mei dúdlik wêze, troch de plannen foar it 'Nieuw Zaailand' sil de konkurrinsje foar de besteande winkels noch grutter wurde. Sels wenje ik yn de Fûgelbuert en sjoch by it winkelsintrum oan de Leeuwerikstrjitte deselde situaasje: dêr is ek in pân dat al sûnt de bou fan dat winkelsintrum jierren lyn noch noait ferhierd is! OK, de plannemakkers kinne wol swaaie mei rapporten fan djoere ûndersyksburo's dêr't ynstiet dat der wol romte is foar mear winkels yn de plannen, folle better liket it my ta te harkjen nei de winkeliers dy't mei beide fuotten yn de grûn stean en alle dagen wer oan de omset fernimme hoe't it giet...
08 Jannewaris '06 - 09:14 | | Al twa kommentaren


Foto Sjoukje

By dit plaatsje fan ús dochter hoecht gjin ferhaaltsje, tocht ik...
07 Jannewaris '06 - 14:50 | | Al twa kommentaren


campagne starten over voordelen meertaligheid

Als jonge ouders vanochtend voor de eerste keer naar het consultatiebureau geweest in Bilgaard. Natuurlijk geef je je ogen de kost en kijk je even wat er allemaal aan de muur hangt en in de stellages ligt. Tenslotte wil je het beste voor je kind en de informatie slik je als zoete koek. Zo was er een grote poster van het produktschap Margarine, Vetten en Oliën waarop stond te lezen dat 'Margarine gezond is'. Eerlijk gezegd heb ik daar zo mijn twijfels over. Bovendien, wat moet een baby van 1,5 maand al met margarine? Blij verrast was ik wel met de aanwezigheid van een prachtige positieve folder over meertaligheid en de voordelen daarvan voor kinderen. Er zijn dus minstens 10 belangrijke, wetenschappelijk onderbouwde, redenen waarom het goed is om je kind meertalig op te voeden. In de folder staat het heel simpel: 'Zoals het goed is voor de motorische ontwikkeling dat een kind leert fietsen én lopen, zo is het goed voor de taalontwikkeling dat een kind met twee of meer taalsystemen leert om te gaan'. In de folder staat verder ook een link naar een site waarop een lijst met peuterspeelzalen staat die Friestalig of tweetalig zijn. Wat er in mijn ogen nu moet gebeuren is dat er ook een positieve campagne wordt gevoerd op radio, TV en in de kranten. Een folder is op zich goed, maar de voordelen van meertaligheid, in het belang van het kind, moeten breder en beter worden gecommuniceerd, net zoals in Wales. Door de provincie Fryslân dient dit natuurlijk aangezwengeld te worden.
05 Jannewaris '06 - 17:22 | | Noch gjin kommentaar


Krokodilletriennen by gefolgen bou parkeargaraazje

It is allegear ach en wee oer de risiko's, ekstra kosten, oantaasting fan it stedsgesicht, it mooglik omfallen fan de Aldehou en it ferdwinen fan in histoaryske grêfkelder troch de oanlis fan de nije parkeargaraazje by de Aldehou. As jo it my freegje, binne it allegear krokodilletriennen. Ommers, as jo sa'n grut gat grave en bouwe op sa'n plak, in argeologysk monumint, op in lyts tal meters fan it bekendste fisiteplaatsje fan Ljouwert en in tal oare histoaryske gebouwen, witte jo dat je frij grutte risiko's rinne. Seker ek omdat jo dwaande binne op in âlde terp, dêr't je gewoan rekken hâlde moatte ferskillende grûnlagen en de ôfwettering. It opmerklike is, dat bepaalde fragen of fersuchtingen krekt komme fan dy partijen dy't foar de oanlis fan de garaazje wiene. Lêstendeis stelde PAL/Grien Links yn de kommisje fragen, op himsels terjochte, oer de oantaasting fan it stedsgesicht omdat de gebouwen dy't foar de fentilaasje en de útgongen boud wurde, ôfgryslik heech wurde en foar in pear byldbepalende gebouwen komme. Mar it is de fraach yn hoefier de foarstanners fan de bou noch rjocht fan sprekken hawwe. Ommers, jo hienen eins witte kinnen dat dy risiko's mooglik binne as jo sa hastich besluten nimme oer in plan fan € 21 miljoen euro! Jo hienen gewoan wizer wêze moatten en net foar dit plan stimme moatten. FNP, LL en SP hawwe tsjin stimd, de oare partijen hawwe yn myn eagen bûter op de holle as se moard en brân skreauwe as der rare dingen barre.
03 Jannewaris '06 - 10:09 | | Al twa kommentaren