Sybren Posthumus - Weblog

kontakt
Sybren Posthumus
Gemeenteriedslid Ljouwert
Ibisstrjitte 35
8916 BH Ljouwert
Tillefoan: 058 - 2884700
Mail: sposthumus@leeuwarden.nl
kalender
« July 2008
S M T W T F S
    1 2 3 4 5
6 7 8 9 10 11 12
13 14 15 16 17 18 19
20 21 22 23 24 25 26
27 28 29 30 31    

argyf

links

sykje
feeds
XML Feed (RSS 1.0)
XML: Atom Feed



Foar al jo webhosting!
Omtinken foar Stimwizer by RTL4
Sakrekt bin ik ynterviewd troch kameraminsken fan RTL-Editie NL. It gong oer de stemwijzer. Jûn om 18.15 oere sil dat útstjoerd wurde, fia RTL4. Sy binne benijd hoe't it no krekt sit mei de ôfwizing fan grutte partijen fan de Stemwijzer. By in fraksjefoarsittersoerlis dêroer hjir yn Ljouwert hawwe grutte partijen sein dat se gjin ûnôfhinklike programferliking wolle. En dus al helendal gjin Stemwijzer. Ik haw sein dat ik it te gek foar wurden fyn dat de measte partijen no de kiezers in objektyf oardiel ûnthâlde. Want fia de stemwijzer kinst dochs yn in koart tiidsbestek derachter komme watfoar partij by dyn eigen persoanlike foarkar past.
As lêste haw ik noch mar efkes neamd dat wy as FNP foar Ljouwert no ús eigen stimwizer ûntwikkele hawwe en dêr in soad positive reaksjes op krije. Spitigernôch kin ik it jûn sels net sjen, want dan moat ik earst nei Omrop Fryslân (Brekking), dêrnei nei in listlûkersdebat yn Lekkum en as lêste nei ús eigen ferkiezingsjûn. Mar gelokkich kinne jo it programma letter ek noch fia ynternet besjen.
28 Febrewaris '06 - 10:46 | | Al twa kommentaren


Sluiting vliegbasis- geen broodje aap of onzin

Na ons nieuws over de mogelijke sluiting van de vliegbasis heb ik enorm veel reacties gehad. Ik kreeg al vrij snel bevestiging van mensen op de basis zelf die het verhaal op onze website hadden nagelezen, en stelden dat het helemaal klopt. Ook kreeg ik al gauw te horen dat er een soort 'decreet' op de basis was uitgevaardigd; men mocht over dit onderwerp niet meer met de buitenwacht spreken. Via de statistieken op onze FNP-site kon ik zien dat er via allerlei zoekmachines heel vaak is gezocht naar de items 'sluiting vliegbasis Leeuwarden'. De reacties van het Ministerie had ik verwacht. Er is net nog fors geïnvesteerd in de startbaan. Ja, voor de sluiting van 'Twenthe' is ook daar tot het laatste moment fors geïnvesteerd. In het jaar 2010 kan van sluiting geen sprake zijn, dan zijn er nog F16's. OK, dan worden ze in 2011 of 2012 verkocht en vervangen door JSF's. Ook Tweede Kamerleden deden een duit in het zakje met allerlei theorieën. Binnenkomende niet-geïdentificeerde vliegtuigen zouden niet snel genoeg 'onderschept' kunnen worden. Maar vanuit Volkel of vanuit Noord-Duitsland is men er met de supersnelle vliegtuigen ook rap. Vandaag of morgen zullen de antwoorden van het college van B&W wel komen op onze officiële vragen. Men zal het wel afdoen als 'geruchten'. Maar ondertussen weten wij uit de eerste hand wel beter...
26 Febrewaris '06 - 17:15 | | Noch gjin kommentaar


Jou postboade rol yn buertnetwurk

De lêste dagen bin ik yn it ramt fan de ferkiezingskampanje geregeld efkes oan it folderjen foar de FNP-Ljouwert. Ien oere, twa oeren deis, om sa stadichoan de hele MTV-wyk, it Rengerspark en Transvaal (mei-elkoar 3000 adressen) te foarsjen fan ús ynformaasje. As ik sa dwaande bin dan falt my geregeld op dat bepaalde post/brievebussen folslein foltroppe binne mei kranten, folders, hûs-oan-hûs-blêden en gean sa mar troch. Der kin werklik neat by! Minsken krije dan dus ús folderke net, mar wat noch folle belangriker is ek gjin ynformaasje fan de gemeente, fan banken, oare ynstânsjes, ensfh. En dan tink ik, hoe komt dat sa? Foar in part sil der fansels neat mis wêze, guon minsken binne op fakânsje, op kursus foar it wurk op lokaasje of foar opname nei it sikenhûs. Al moat ik sizze dat as jo wat langer fan hûs binne dan soenen jo dochs ek in berop dwaan kinne op famylje, freonen, buorlju of oare kunde. om de post op tafel te lizzen, de blommen te dwaan of de kat wat iten te jaan. Teminsten, wy freegje dan altyd wol in 'omtinker'. Mar ik haw soarch en noed dat guon minsken helendal net mear by steat binne om de post op te heljen of dat net wolle. Psychysk yn de knoei, bang foar hege rekkens, fysyk te min om noch nei de foardoar ta of nei bûten. Wat jo ek hieltyd faker hearre is dat minsken wikenlang of moannenlang dea yn har eigen hûs lizze sûnder dat ien it wit... Op dit stuit prate wy yn de gemeenterie oer de WMO (Wet Maatskiplike Ondersteuning). Hoe kinne wy dy minsken dy't it wat minder hawwe helpe? De sinjalearringsfunksje is dêrby hiel wichtich, op 'e tiid yngripe kinne as der wat mis is. Ik soe my yntinke kinne dat postboades fan TPG, dy't faak deselde wyk hawwe en altyd it wurk dogge wat ik no in pear oerkes dien haw, dêrby in funksje krije. Gewoan gebrûk meitsje fan de besteande saken dy't der al binne. Jo hoege gjin djoere monitoringssystemen op te setten, mar gewoan, as in postboade wat sinjalearret, bygelyks sa'n wikenlange of moannenlange grôtfolle postbus en/of yn kombinaasje mei striemin ûnderhâld fan it hûs dan soe sa'n ien bygelyks wolris in buertopbouwurker 'tippe' kinne dy't yn deselde wyk wurket. Man of frou, gean dêr ris hinne. Se krije de post net mear, wy sjogge se net of net safolle mear, wat is der oan de hân? Sa kinne wy op buertnivo wer wurkje oan leefberheid. Miskien soenen jo der sels oan tinke kinne om sa'n postboade foar it ekstra 'omtinkerswurk' finansjeel wat yn 'e mjitte te kommen.
24 Febrewaris '06 - 21:04 | | Al twa kommentaren


Draachflak komby brûkersromte-opfang groeit
Justerjûn haw ik by de harksitting yn de riedsseal west dy't CDA en PvdA organisearre hienen oer har idee om in brûkersromte te realisearjen yn in grutte boat, by de Easterbrêge (gefangenis) of tsjinoer Gymnasion, oan de Nijewei (oare kant fan de Sudergrachtswâl). It idee foel net yn goede ierde. Ik haw, ûnder de sawat 30 bewenners/ûndernimmers dy't oanwêzich wienen (de oare 30 minsken yn de seal wienen politisy/amtners/belanghawwenden) gjin inkeld posityf gelûd heard oer dit alternatyf fan CDA/PvdA.
In pear opmerkings dy't neamd binne:
- lisplakfergunning sil lestich te realisearjen wêze;
- de ekstra kosten fan de boat;
- de drokte fan it ferkear by de Easterbrêge;
- as jo twa lokaasjes hawwe (dus opfang én brûkersromte) hawwe jo mear gerin fan de iene nei de oare lokaasje en dus (yn de beleving fan de minsken) mear oerlêst.

Ek direkteur Van Anken fan de SMO Fryslân wie poer op de fariant fan CDA/PvdA tsjin. Sawat alle brûkers wolle leafst in kombinaasje fan opfang en brûkersromte, op itselde adres. Dêr't de gemeenterie har yn it ferline trouwens ek foar útsprutsen hat!

Wat my noch it meast trof wie de opmerking fan ferskate ynwenners fan de Oranjewyk e.o. dat se leaver ek in kombinaasje fan beide foarsjennings hawwe wolle op de Sudergrêftswâl. It draachflak foar de kombinaasje fan beide groeit dus, net allinnich polityk mar ek yn de wyk sels. En dy realiteit sille CDA en PvdA ûnder eagen sjen moatte. Ik ferwachtsje moandei yn de gemeenterie in grutte trochbraak.
23 Febrewaris '06 - 08:53 | | Noch gjin kommentaar


Haachske hotemetoten opdrave litte...
'Nepperij', sa skreau it Deiblêd op moandei 20 febrewaris. Al dy twadde keamerleden, ministers en steatssiktarissen foar de gemeenteriedsferkiezings opdrave litte om yn 'de regio' har sechje te sizzen. Dus net foar har eigen Twadde Keamer, mar foar de striid dy't fierd wurde moat op lokaal nivo! Wis fan media-oandacht, mar ôfgryslik preekjend foar eigen parochy. Meastentiids is der in sealtsje hierd dêr't allinnich mar leden en bestjoerders fan de lokale ôfdieling oanwêzich binne. In CDA-er preekjend foar CDA-publyk, lykas Joop Wijn moarndeitejûn yn kafee Wouters, Rouvoet die itselde by de CU, Rita Verdonk sil as echte VVD-er prate oer yn hoefier asylsikers de frijheid krije om hjir te kommen en de PvdA hat kameraad Wouter hjir hinne helle om te sizzen dat se hert foar âlderen hawwe. Wat neffens my alle partijen hawwe, mar hawar.
Nee, it liket my better om de ynwenners sels oan it wurd te litten. Of nei har harkje. Net top-down, mar bottom-up! As FNP dogge wy dat bygelyks troch minsken oan it wurd te litten watfoar fisy sy op Ljouwert hawwe. Gyn Haagse bluf mar mensen dy't midden in de Liwwadder gemeenskap staan.
22 Febrewaris '06 - 15:03 | | Al ien kommentaar


Werkbezoek tracees Haak om Leeuwarden

Gisteren een groot gedeelte van de dag op oriëntatie geweest in het gebied waar de Haak om Leeuwarden in de toekomst gaat lopen. Nu kun je je misschien afvragen, waar is dat voor nodig, die Haak moet er toch zo snel mogelijk komen om de doorstroming en bereikbaarheid van Leeuwarden te bevorderen? Natuurlijk is dat zo, maar op dit moment zitten we midden in de inspraakperiode die tot 2 maart duurt en het is belangrijk dat je als politieke partij de verschillende belanghebbenden hoort voordat er een definitieve beslissing gaat vallen. Bovendien is het nu nog helemaal geen uitgemaakte zaak welk tracé er wordt gekozen; sterker nog, als raads- en statenleden moeten wij zelf met een voorstel/advies richting de minister komen. Een goed inzicht in de situatie en het zoekgebied is dus van groot belang. Niet alleen de ambtelijke stukken lezen maar ook horen wat de betrokkenen er van vinden. 's Morgens hebben wij als raadsfracties van Leeuwarden, Menaldumadeel en Litterseradiel en de statenfractie een presentatie gehad van de plannenmakers en daarna zijn we 'de boer op' gegaan. We hadden verschillende vertegenwoordigers uitgenodigd van dorpsbelangenverenigingen, het wijkpanel Vosseparkwijk maar ook mensen die tegen een Haak om Leeuwarden zijn in het oude Middelzeegebied.
Voor ons als raadsleden van Leeuwarden is met name de inbreng vanuit Wirdum van belang, omdat dat dorp in onze gemeente valt. De voorzitter (Posthuma) heeft ons duidelijk gemaakt dat als de verbinding tussen Wytgaard en Wirdum/Swichum plus de aansluiting op de weg Leeuwarden-Heerenveen zou wegvallen, Wirdum de figuurlijke 'doodsteek' zou krijgen. Later heeft ook de uitbater van Duhoux (café/zalencentrum) ons dit bevestigd. Wij hebben dorpsbelang Wirdum/Swichum toegezegd dat wij ons heel hard zullen maken voor handhaving van de aansluiting op de autoweg Leeuwarden-Heerenveen plus een goede verbinding met Wytgaard. Als dit niet in de voorstellen staat opgenomen zullen wij hier zeker op terugkomen in de raad!
18 Febrewaris '06 - 12:00 | | Noch gjin kommentaar


Kapfergunning monumintale beam Herdershoven?

Juster kaam stipefraksjelid Klaas Wassenaar efkes del om wat foldermateriaal op te heljen. Mar hy hie ek noch in oar boadskip: yn de Huis aan Huis hienen in pear lytse wurdsjes stien oer in oanfraach foar in kapfergunning foar de monumintale es op de hoeke fan de Troelstrawei en de Leeuwerikstrjitte!
Ik wie ferbjustere: dat koe dochs net wier wêze? It is in monumintale beam fan seker 100 jier âld en op in wykpanelfergadering fan ein 2004, doe't de plannen bekend waarden foar de sloop fan de Goede Herdertsjerke en de nijbou fan it appartemintekompleks, hat de wyk dúdlik tsjin de wethâlder sein dat de beam absolút stean bliuwe moast!
Fan Klaas haw ik kopiën krigen fan de oanfraach foar de kapfergunning. It docht bliken dat it oannimmersbedriuw Visser net allinnich de es kappe wol, mar ek de kastanje oan de Troelstrawei. Yn de oanfraach stiet dat 'De boom verkeert nog in een goede conditie, echter met het opkomen van de kastanjeziekte of bloedingsziekte is er een grote kans op besmetting'. Unfoarstelber, fanwege in mooglik risiko sa'n beam yn't foar al delhelje.
No is it sa dat de es al gigantysk snoeid is, de moaie folle beam is al op in skandalige wize ynkoarte. Blykber alles foar it ekonomyske gewin fan de projektûntwikkelders, want ja, no komt de tiid dat de apparteminten ferkocht wurde moatte en it skaad fan sa'n beam stiet de ferkeapberens dan fansels bot yn de wei.
Visser wol de beammen ferfange troch smelle 'zuilbeuken'. Nei it hearren en sjen fan dit tryste nijs haw ik de foarsitter fan it wykpanel fan de MTV-buert mar efkes opbelle. Hy hat fuortendaliks in brief oan wethâlder Waanders ta stjoerd dat sy har soarch uterje. Hooplik net te let!
16 Febrewaris '06 - 09:26 | | Noch gjin kommentaar


Legere BTW op biologyske produkten

Hjoed krige ik in mailtsje fan út wethâlder fan miljeu/duorsumens, dat de proef dy't op in hiel soad plakken hâlden wurdt om biologyske produkten goedkeap oan te bieden, oan Ljouwert foarby giet:
Van Minister Veerman hebben we een brief gekregen als antwoord op onze aanmelding voor het Praktijkonderzoek Biologische producten.
Leeuwarden is helaas niet uitgekozen, omdat de gemeente niet voldoet aan de criteria die een objectief onderzoek naar de effecten van prijsverlagingen van EKO producten goed mogelijk maken.
Naast supermarkten is er in Leeuwarden nl. ook een Natuurwinkel en een biol. markt, dit maakt een goede registratie van de verkoop niet mogelijk, zo begrijp ik uit de brief.
Wy as FNP-Ljouwert hienen dit ein 2005 oankaarte. It is no sa dat de proef benammen yn de wat lytsere plakken, lykas Uthuzen, Uden en Brielle hâlden wurdt. Spitich, it hie wol aardich west as de ynwenners fan Ljouwert en in grutte regio dêromhinne goedkeap oan dit iten komme kinnen hienen. Want hast elkenien wol wol biologysk, mar op de priis heakket it faak ôf. Ik bin der dan ek fan oertsjûge dat it eksperimint in súkses wurde sil. Folgjende stap is dan in leger BTW-persintaazje op bio-produkten!
14 Febrewaris '06 - 20:32 | | Noch gjin kommentaar


Se hingje!!


Tansij in inisjatyf fan de FNP no kreaze ferkiezingsbuorden. Gjin plakoarloch, gjin geklider en oerenlang de saak neirinne om te sjen oft de poosters der no hingje. Dat liket der op!
No is it oan partijen om de ôfspraken nei te kommen. Op 'oerplakken' stiet in sanksje: dan wurde alle poosters fan dy partij fan de oare ferkiezingsbuorden helle.
Fierder moatte partijen har ek oan de normale regels hâlde. Dat in partij as de LPF wer ferskriklik ynkonsekwint is, is te sjen op in grutte ferkearsmêst op de hoeke Meeuwenstrjitte-Harnzerstrjiwei: dêr hawwe se in biljet mei Pim silger opplakt. Gemeente: oanpakke dy lju!
13 Febrewaris '06 - 14:54 | | Al fjouwer kommentaren


Ferkiezingsaktiviteiten - lêste wiken!!
Dizze wike by tiden alle oeren wol in oanfraach krigen fan sjoernalisten foar in ynterview, om del te kommen, stikjes te skriuwen, politike merken ôf te rinnen ensfh.
Sa sil ik kommende tongersdei nei it programma Omnium fan de Omrop (16.30-17.00 oere). Prate oer it fenomeen webloggende politisy, mei in pear oare riedsleden sa haw ik begrepen. Tiisdei 14 febrewaris ferskynt der yn de Metro in grut ynterview mei my, yn in oplaach fan 500.000 en alle dagen 1.500.000 lêzers! Woansdei is der in politike merk op de NHL (Bouhof) dêr't wy dus yn kontakt komme mei in hiel soad studinten hjir yn Ljouwert. En freed sille wy ús oriëntearje op de mooglike trasees fan de Heak.
Yntusken stean de gemeente en de rie sels ek net stil. Krekt haw ik yn it personielsblêd fan de gemeente, dat ferspraat wurdt ûnder (âld-)personielsleden, B&W, riedsleden en parse, noch lêze kinnen wat der allegear oan stiet te kommen: op 4 maart in grutte politike merk yn kombinaasje mei in iepen dei fan it stedhûs, ynklusyf listlûkersdebat ûnder lieding fan Klaas Jansma. De riedsleden sille op in oar momint ek in chat-sessy hâlde, benammen om de jongerein mear te ynteressearjen foar de polityk. Fansels wisten wy as riedsleden dat al lang, al in heel skoft binne de tariedings geande. Benammen de griffy fan ús gemeenterie hat de lêste moannen hurd yn't spier west om it allegear te regeljen. Ien en al aktiviteit, no wurdt it echt spannend!
Fansels bin ik ek wol benijd as de lêzers noch leuke suggestjes hawwe foar de ferkiezingstiid, serieus of ludyk! Mail my mar efkes of jou in reaksje op dizze log!
11 Febrewaris '06 - 14:58 | | Al trije kommentaren


Duorsumens, foar droege fuotten...

Ferline wike krige ik in kaartsje yn de bus fan de partij voor droge voeten mei in oprop om foar in klimaats-freonlike gemeente te stimmen. Fuortendaliks haw ik it kaartsje opstjoerd. Ommers, as FNP binne wy foar griene stroom, sparlampen en enerzjy-sunige apparatuer. Sa te sjen hawwe yn Ljouwert allinnich de CU fan Addy Stoker en de FNP derfoar stimd om ús gemeente klimaatfreonlik ynkeapje te litten.
In skoftke lyn hawwe wy al mei súkses in moasje ynbrocht om as gemeente mear oan duorsumens te dwaan. Tusken no en 2010 fan 70% duorsumens nei 80% om it mar frij ienfâldich út te drukken. Persoanlik soe ik it wol goed fine om, yn neifolging fan Sweden te stribjen nei 100% duorsumens yn 2020. Ommers, de fossile brânstoffen sille nei ferwachting oer sa'n 40/50 jier opreitsje. Mar dan moatte wy earst de mearderheid yn de gemeenterie noch wol efkes meikrije! Hooplik wolle sy it kaartsje ek noch ynfolje en stjoer it nei de partij foar de droege fuotten...
09 Febrewaris '06 - 15:01 | | Al twa kommentaren


Meerderheid raad op laatste benen?

Gisteravond een integrale commissie welzijn/stadsontwikkeling. Het was een trieste vertoning. Niet door de onderwerpen, die waren belangrijk genoeg. Eerst over de nieuwe wet Maatschappelijke Ondersteuning, die toch een enorme impact heeft op de zorg aan mensen die dat hard nodig hebben. Daarna onder andere over de MER (Milieu-Effect Rapportage) voor het gebied De Zuidlanden gesproken. Als deze MER niet wordt aanvaard staat er voor de gemeente heel veel op het spel! De teleurstelling zit hem erin dat er amper commissieleden aanwezig waren. Het CDA en de SP waren helemaal niet komen opdagen, terwijl zij wel met respectievelijk 7 en 3 mensen in de raad zitten! Hoe serieus neem je de politiek en de kiezer dan, vraag ik me af. Na de eerste punten waren ook D66 (Elzinga) en Leefbaar Leeuwarden (Dolstra) vertrokken. Het steunfractielid van de CU had ook al vrij snel de zaal verlaten. Na de pauze zaten wij dus nog met slechts 5 van de 10 partijen in de raadszaal: Van der Wal (PAL/GL), Stoelinga (NLP), Zwart, Ten Hoeve en Tiekstra (PvdA), Feddema van de VVD en ikzelf voor de FNP. Slechts 7 raadsleden! Ik vind dit een blamage voor politiek-Leeuwarden, zo vlak voor de verkiezingen. Binne feul raadsleden moed en útblust? Ut lykt der op dat de meeste partijen op de laatste benen lope, su krekt foor de ferkiezingen.
07 Febrewaris '06 - 09:11 | | Al sân kommentaren


Alle gemeenten in museumhaven?

Mei ynstimming lies ik dat myn kollega's fan de FNP yn Boarnsterhim net foar it € 1,2 miljoen euro kostjende plan foar in museumhaven yn Terherne stimd hawwe. No wol ik har absolút neat ûntsizze fansels, mar hoe ferstannich is it as twa buorgemeenten elk in aparte museumhaven ûntwikkelje mei in soad mienskipsjild. Lit ús sokke plannen asjebleaft net oeral meitsje, dan bekonkurearje wy elkoar as gemeenten tefolle. Ljouwert is no drok dwaande mei sa'n museumhaven, wêrom moat soks dan ek 15 kilometer fierderop? Boppedat skynt dêrtroch yn Terherne de wenningbou yn de knipe te kommen (doarp op slot), der skynt te min draachflak foar te wêzen en de gemeente soe der dêr ek net yn partsipearje. In wiis beslút fan ús kollega's, spitigernôch hat in mearderheid fan de gemeenterie fan Boarnsterhim it der wol 'trochdrukt' ferline wike.
06 Febrewaris '06 - 17:05 | | Noch gjin kommentaar


Mooglike sluting fleanbasis

Hjoed hawwe wy as FNP-Ljouwert skriftlike fragen steld oan it kolleezje steld yn ferbân mei de mooglike sluting fan de fleanbasis Ljouwert. It nijs wie by my al in aardich skoft bekend mar ik woe my earst better yn de saak ferdjipje, om de saak te feriviearjen en it ek yn in breder ramt pleatse te kinnen.
It hat alles te krijen mei in trijetal saken: as earste de besunigings by Definsje fansels, twad de konsintraasje fan de loftmacht yn Brabân (Brabant Airforce wurdt it al neamd) en as lêste it feit dat de F16's ferfongen wurde troch JSF's.
Op Omrop Fryslân-radio hearde ik krekt dat de wurdfierder fan Definsje it hie oer dat der krekt in nije startbaan oanlein wie as motivaasje dat de basis net slute soe. Dat antwurd hienen wy al ferwachte, ek yn Twinte is oant it lêst ta fiks ynvestearre mar de basis is no wol ticht! Fierder neamde de wurdfierder it 'ûnsin', der sil no konsintraasje fan fleantugen plakfine yn Ljouwert en Volkel. Dat kloppet op himsels foar de koarte termyn (earste jierren) mar nei 2010 binne de ynterne foarnimmens oars.
As âld-Marsumer wit ik fansels dat de fleanbasis sa út en troch foar flink wat oerlêst soarget, mar wy moatte ús al realisearje dat der mar leafst 1200 banen binne by de basis en noch flink wat yndirekte wurkgelegenheid. It soe wat wurkgelegenheid in klap foar de regio wêze as de basis slute soe. En dêrom moat ús kolleezje gau yn aksje komme. Want as der wachte wurdt op in definitive 'meidieling' kin it wolris sa wêze dat der mar 100 of 200 banen as 'kompinsaasje' oanbean wurde en dat is dan wol in heel grut netto ferlies fan sawat 1000 banen!
03 Febrewaris '06 - 17:31 | | Noch gjin kommentaar