kontakt
Sybren Posthumus
D.S. Bangmastrjitte 25
9008 TJ Reduzum
Tillefoan: 0566 - 602928
Mail: sybrenposthumus@hotmail.com
kalender
« Maart 2010
S M T W T F S
  1 2 3 4 5 6
7 8 9 10 11 12 13
14 15 16 17 18 19 20
21 22 23 24 25 26 27
28 29 30 31      

argyf

links

sykje
feeds
XML: RSS Feed
XML: Atom Feed



Foar al jo webhosting!
Revitalisearring: finansjele strop € 1,2 miljoen
Moandeitejûn hawwe wy gemeenteriedsgearkomste hân. Dêr wie ûnder oare oan de oarder de saneamde 'memorie van antwoord' op de jierstikken (sjoch side 3). Yn de LC stie wol dat de skoallen yn Ljouwert fierstente let oplevere wurde, sadat it jild letter útjûn wurdt as pland, mei as gefolch dat jo yn it boekjier sels jild oerhâlde. 'Underútputting' hjit dat yn faktaal. Mar dy situaasje is al jierren sa en dus eins gjin nijs. Wat wol nijs is en noch net nei bûten ta kommen is, is dat it tekoart op it projekt 'Revitalisearring bedriuweterrein Ljouwert-west' no noch grutter wurden is. Yn in eardere weblog haw ik dêr ek alris oer skreaun. Wat is it gefal? Der wie yn’t foar dúdlik ôfpraat: in bydrage fan de ûndernimmers fan € 1,7 miljoen.
In skoftke lyn is de frege bydrage fan de ûndernimmers al foars nei ûnder ta bysteld, nei € 0,9 miljoen. Yn it riedsstik stiet no dat mar ca. 60% fan de ûndernimmers de frijwillige oerienkomst tekene hat of de bydrage hurd mûnling tasein hat. Wat konkreet betsjut: der komt noch mar € 530.000 op it kleed. It is no oan de gemeente om it gat te dekken, tusken dik 5 euroton en de frege € 1,7 miljoen dus hast wol efkes € 1,2 miljoen. Op ‘e nij sizze wy dat wy achterôf gelyk krigen hawwe, as de gemeenterie doedestiids in moasje oannommen hie om de bedraggen helder op in rychje te setten wie dit nei alle gedachten net bart. Ynkoarten krije wy alwer in notysje fan B&W en kinne wy it opnij besprekke. Mar sa stadichoan haw ik myn nocht fan al dy notysjes, it wurdt tiid foar aksje om it tekoart op te lossen! Ik haw sein dat wy dit as FNP in grutte strop fine foar de gemeente en dat wy it wol efkes wat oars foarsteld hienen...
31 Maaie '06 - 17:22 | | Noch gjin kommentaar


Frysk strjitfestival: machtich!

Sneontemiddei efkes op it Frysk strjitfestival west. In geweldige happening, dy't ek diskear wer tsientûzenen minsken lutsen hat, ús Omrop hie it sels oer mear as 60.000 besikers! Chapeau foar de organisaasje, dat is net neat fansels. Yn it blêd 'STEDEN!' wie diskear ek in hiel grut promo-artikel oan Ljouwert wijdt, ûnder oare oan dat strjifestival. Earder hie der ek al ris in prachtich Frysktalich artikel yn stien. Yn it blêd STEDEN! foel it my op dat se net de offisjele ynternet-side neamden fan it strjitfestival, mar de kaapte. Spitich dat it sa rint fansels. O ja, fansels yn de binnenstêd wer tal fan minsken tsjinkommen om it der noch efkes oer te hawwen. Ja, oer it referindum fansels. No foar it earst ek in soad minsken dy't ik helendal net koe, mar my wol sjoen hienen op TV, apart idee is dat. De tillefoan stiet net stil en de mailbox rint fol. Kommende sneon hawwe wy in ekstra fraksjegearkomste as tarieding op it debat fan 7 juny...
29 Maaie '06 - 14:45 | | Noch gjin kommentaar


betrouwen Ljouwerter befolking yn referindum net ferkwânselje
No mar efkes foarút sjen. Want wat is de les fan it referindum fan juster, wêrby't in aardige opkomst wie, in grutte mearderheid tsjin en dochs in ûnjildich referindum? Wolle wy foarkomme dat de Ljouwerter befolking en de gemeenterie it betrouwen yn it referindum ferlieze, dan sil der dochs sjoen wurde moatte nei it saneamde 'kwalifisearre mearderheidspersintaazje' yn de referindum-feroardering. Dat persintaazje is no krekt net helle, en ik soe net witte mei watfoar oar referindum oer in yngripend projekt, yn dit gefal it Saailân, jo yn Ljouwert dat persintaazje wol helje soenen. Ik kin no al oankundigje dat wy op 7 juny, yn de riedsgearkomste, as FNP (mooglik mei oare partijen) mei in moasje komme sille om dy 30% nei 25% werom te bringen. Want, as dat persintaazje no jilden hie, wie der mei de 19.374 tsjinstanners in persintaazje fan 26,6% helle, rom boppe in kwalifisearre mearderheidspersintaazje fan 25% (dêrfoar wienen 18.181 nee-stimmers nedich). Der kin ek noch oanfierd wurde dat Ljouwert mei de 30% yn ferliking mei oare gemeenten yn Nederlân sawat it heechste kwalifisearre mearderheidspersintaazje hat!
Fierder tink ik dat der de kommende wiken in stoarm fan protest komme sil sjoen it feit dat it kolleezje de plannen no wol trochdrukke wol wylst dizze útslach der leit. Kranten fol mei ynstjoerde stikken. Justerjûn hearde ik partij minsken sizze dat se nea wer stimme soenen as Nieuw Zaailand troch giet. As de kolleezjepartijen dit yndied sa oernimme, hawwe se hiel wat út te lizzen. Want in hast 2/3 mearderheid tsjin lizze jo net samar neist jo del. Thea Koster (CDA) sei justerjûn tsjin in sjoernalist fan de LC: 'Het kan toch niet zo zijn dat 19.000 Leeuwarders het beleid van de hele gemeente bepalen?' Se ferjit dêrby blykber efkes dat de PvdA mei de riedsferkiezings fan 2006 14.590 stimmen hie en it CDA 5262 stimmen. Tegearre mar in pear hûndert stimmen mear as it totaal tal tsjinstimmers by dit referindum, mar PvdA en CDA bepale op basis fan dik 19.000 stimmen wol foar it grutste part it gemeentlik belied tusken 2006 en 2010...
25 Maaie '06 - 13:43 | | Al fjouwer kommentaren


meer activiteiten op Zaailand!

Steun uit jeugdige hoek: de danceliefhebbers willen dat ons binnenstadsplein, het Zaailand wordt behouden voor dance-activiteiten! Als de plannen van het Nieuw Zaailand doorgaan, lopen de dancetours in Leeuwarden groot gevaar! Kijk op hun website en stem vandaag tegen! Als FNP-Leeuwarden zijn we het helemaal eens met de dance-liefhebbers: we willen meer activiteiten, cultuur, festivals, muziek, sport en feesten in de binnenstad en minder peperdure herinrichtingen.
24 Maaie '06 - 14:32 | | Noch gjin kommentaar


referindumfolder: gifgriene versus himelsblauwe loften
It sit der op! Wy hawwe as fjouwer opposysjepartijen mienskiplik dien wat wy koenen. Hjoed haw ik noch sa'n 300 folders ferspraat fan ús as 'tsjin'-partijen yn myn 'eigen' buert. By it folderjen seach ik wol dat in hiel soad minsken ek in folder fan de gemeente hienen, dy't ik fan 'e moarn sels ek yn de bus hie. No wie de referindumkrante al net botte neutraal, dizze gemeentlike folder ien dei foar de referindumdei slacht werklik alles. Op de foarside op 'e nij in plaatsje fan it plein, it Saailân sa't it no is, alwer mei in suver gifgriene loft. En dêrûnder, minimaal twa en hast trije kear sa grut it 'Hemels Paradijs', it plaatsje fan de ûntwerpers mei in strielend blauwe loft, it plein dat in ferkearde yndruk jout om't de ôfsûging/lift fan de parkeargaraazje net tekene is, ensfh. Mar it slimste noch is dat der yn de hele folder net iens praat wurdt oer dat je 'voor' of 'tegen' stimme kinne. Der wurdt op de efterside allinich mar praat oer 'de twee varianten', de fariant mei de pleinwand en dy sûnder. Sa wurdt minsken dus op 'e nij in rêd foar eagen draaid. Ek yn de radiospots dy't geregeld op 'e Omrop te hearren binne, hear ik allinnich mar praat oer de mooglikheid fan in Nij Saailân, in nij museum mar net oer de mooglikheid om miskien ek noch tsjin te stimmen. It skynt dat it allegear oan de referindumkommisje foarlein is en dat dy it goedkard hat, mar it is my in riedsel dat dy dat allegear akkoart fûn hat.
Hoopje op knap waar moarn, dat de opkomst heech wurdt en it referindum jildich. Want as wy mei sa'n yngripend ûnderwerp as dit de drompel net helje sil dat yn Ljouwert nei alle gedachten hast net wer slagje.
23 Maaie '06 - 17:18 | | Al ien kommentaar


Simulaasje plannen: net bêst...

boarne foto: Artidos-IT, www.artidos.nl
Freeslik skrokken. dat bin ik sakrekt troch de simulaasje fan de plannen fan it Nij Saailân op ús grutte stedsplein, it Saailân. Dit moat sa noait wêze, hearde ik in soad minsken sizze. En ek: litte wy by in dúdlik 'Nee' in ynternasjonale priisfraach útskriuwe, want it jild fan Bonnema is noch net fuort nei in referindum wêrby't it Nee-kamp winne sil.
Dat de saneamde winkelslurf sa breed en sa heech wurde soe, hie'k net tocht. It steechje fan it plein rjochting it Ruterskertier biedt amper mear sicht op it Auck Petershûs (Old Burgerweeshûs). Fan it plein bliuwt ek net in soad oer. Arsjitekt Peter Walon hat oertsjûgjend oantoand dat it plein net grutter wurde sil as it Aldehoustertsjerkhôf of it Waachplein op de Nijstêd. Syn stimadvys wie dan ek in dúdlik 'Nee'. Datselde, strategyske, stimadvys hie Piet van der Wal (PAl/GL) mei as twadde advys om by de twadde fraach yn alle gefallen tsjin de pleinwand te stimmen, fanwege de kwaliteit en omdat der oars, yn de plannen sa't dy der no lizze, gewoan net foldwaande romte wêze sil foar de merk. Arsjitekt Vegter wie ek poer op de plannen tsjin. Iennige foarstanner dy't fûn wurde koe wie Johan Vos fan de saneamde Saaimannen. Diskusjelieder Asing Walthaus, dy't de saak treflik oan elkoar prate (ik haw him sein dat er dêr wol in twadde tak fan meitsje kin), konkludearre ek al dat it dreech wie om foarstanners te finen fan de plannen.
21 Maaie '06 - 15:59 | | Noch gjin kommentaar


'gewoane' Ljouwerters tsjin, belanghawwenden foar

Sa stadichoan liket it der op dat de balâns opmakke wurde kin. Freedtemiddei wie der in debat yn de bibleteek fan Ljouwert, dat streekrjocht troch de Omrop útstjoerd waard. It foel my tige op dat in lytse minderheid dêr foar de Nieuw-Zaailand-plannen wie, en dat dat benammen de saneamde 'belanghawwenden' wienen of minsken dy't kwa subsydzje of kwa ûnderhanneling in relaasje hawwe mei de gemeente. Bygelyks de direkteur fan de Harmonie, de VVV-direkteur, de direkteur fan it Frysk museum, inkelde topamtners, politisy en fansels de fertsjintwurdigster fan ING. Dêrtsjinyn wie dochs in hele grutte mearderheid fan it grutte publyk tsjin it projekt. De gewoane Ljouwerters om it sa mar te sizzen. Dêrneist ek winkeliers út de binnenstêd en minsken dy't doel hawwe oer stêdebou of arsitektuer. It foel my juster ek wer op, doe't wy as FNP de hiele middei in kreamke hienen op 'e Nijstêd om yn kontakt te kommen mei it publyk. Hast elkenien tsjin, ik rûs 90%, en mar in inkelden ien foar. Der binne ek juster wer tsientallen hantekens setten en Nee-poosters meinommen. En as jo dan by dy foarstanners trochfreegje, docht bliken dat se faak aktyf lid by de PvdA, CDA of VVD binne. As der allinnich mar draachflak foar it projekt is by in pear politike partijen en in soarte fan 'kartel' fan projektûntwikkelders en ôfhinkliken fan de gemeente, wer binne jo dan mei dwaande freegje ik my ôf?
21 Maaie '06 - 12:02 | | Noch gjin kommentaar


foarsitter Referindumkommisje siet yn 'Grote Markt Ja comité'

Sakrekt haw ik in mail krigen dat de foarsitter fan ús referindumkommisje, Heinrich Winter, dy't by in juridysk buro yn Grins wurket, in wichtige rol spile hat yn it Grote Markt Ja comité: "burgercomité dat de vernieuwingsplannen voor de Grote Markt steunt". Ik wist wol dat er belutsen wie by it referindum oer de Grutte Merk yn Grins yn 2005, mar dat er dêr yn it kamp fan de foarstanners siet, wist ik net...
19 Maaie '06 - 12:14 | | Al fiif kommentaren


boargemaster net as foarstanner fungearje litte
Sakrekt bin ik ynterviewd foar de mikorofoan fan AVRO-radio. It sil moarn (17 maaie) om 14.00 oere útstjoerd wurde yn it programma 1 op de middag. Der sille, sa haw ik begrepen, trije Ljouwerters yn optrede: in kommintator (Andries Veldman fan Liwwadders), in tsjinstanner (ûnderskreaune) en as foarstanner boargemaster Dales! Oer dy lêste kar bin ik slim fernuvere. Wêrom in boargemaster, as persoan dy't boppe de partijen heart te stean, yn de lêste wike foar de kampanje yn it kamp fan de foarstanners wylst de gemeente sels objektive en neutrale foarljochting jaan moat oangeande it referindum? Ik hearde dat de ôfdieling kommunikaasje fan de gemeente him nei foaren skood hat. Ik bin fan miening dat dit echt net kin. As der ien representant is fan de gemeente as organisaasje dan is dat de boargemaster wol. It kolleezje sil wol in soad sinjalen krigen hawwe dat de befolking foar it grutste part 'Nee' sizze sil en no nimme se hjir har taflecht ta. Oft dat ferstannich is, wit ik net. In kat yn it nau makket somtiden rare sprongen. De tsjinstanners sille wol wer allegear ferwiten te hearren krije. Dat sil moarn (17/05) en tongersdei (18/05) trouwens ek wol wer te lêzen wêze yn de Volkskrant, dêr't ek grutte artikels oer it Ljouwerter referindum mei de foar- en tsjinstanners yn stean sille. It ôftellen is begûn, de spanning te fielen...
16 Maaie '06 - 14:54 | | Al fjouwer kommentaren


Time for diversity...
Die korte maar betekenisvolle zin staat er op een t-shirt, dat de deelnemers aan de excursie naar Brussel na afloop hebben ontvangen.
Tijd voor verscheidenheid, tiid foar ferskaat. Ook Lubbers sprak er laatst over. Als FNP-ers hebben wij de laatste vier dagen weer gezien hoe belangrijk dit is. Op de eerste officiële dag van onze studiereis in verband met 25 jaar EFA werd er in Antwerpen een racistische moord gepleegd. De media in Vlaanderen, in heel Europa hadden - terecht - veel aandacht voor dit gruwelijke gebeuren. Op dezelfde dag kwamen wij in Brussel aan, waar we in het Europees Parlement het feest van de EFA hebben gevierd. Het was een kleurrijk feest, waarbij vertegenwoordigers van dik 30 politieke groeperingen uit heel Europa, van Letland tot Schotland en van Koerdistan tot Galicië aanwezig waren. De FNP-'fractie' was met 35 man/vrouw nu het grootste gezelschap in de zaal met 626 stoelen. Aan de voorkant van de zaal de vlaggen van de lidstaten, aan de achterkant de vlaggen van onze eigen regio's. Op de grote jubileumdag zijn de woorden respect, begrip en dialoog voor en met anderen heel vaak gevallen. Het was voor ons als Friese delegatie de hele dag een feest van herkenning. De verhalen zijn vaak identiek. De weg naar erkenning van rechten van regio's en minderheden met een andere taal of cultuur dan die van de staat is vaak lang.
Verder wordt de hetze tegenover de nieuwe minderheden, die hier nota bene met name in de zeventiger jaren met alle egards heen zijn gehaald, zo langzamerhand groot. Op een terrasje in Antwerpen spraken we vrijdag met een Berberse jongeman die een paar weken geleden, ook bij een racistische moord, zijn broer had verloren. In het water gegooid en verdronken. Natuurlijk heb ik hem veel sterkte toegewenst. Diezelfde avond zijn we ouderwets op stap geweest, midden in de nacht nog naar bar-disco 'Beautiful Planet', waar voornamelijk Ghanezen komen. Daar hebben we als FNP-ers in een geweldig ontspannen sfeer contact gehad met migranten uit Ghana, urenlang met hen gedanst en gedronken. (Vertegenwoordigers van) EFA en FNP kunnen door hun achtergrond volgens mij een brug slaan tussen de nieuwe minderheden en de 'oude' meerderheden.
14 Maaie '06 - 16:18 | | Noch gjin kommentaar


mei 35 FNP-ers nei Brussel (Eur. Parlemint) en Flaanderen...

Moarn sil ik mei de trein nei Brussel ta. Net samar efkes in pear dagen foar de aardichheid, mar mei mar leafst 35 FNP-ers nei it jubileum fan de EFA ta! De EFA is it ferbûn fan regionale partijen yn heel Europa dêr't de FNP ek by oansluten is en hat op dit stuit 5 minsken yn it Europeesk Parlemint. Europarlementariërs út Skotlân, Wales, Kataloanje, Flaanderen, ... En yn de takomst mooglik ek in ûnôfhinklike partij út Sweden.
Mei in pear hûndert minsken sille wy it 25-jierrich bestean fan de EFA fiere yn de grutte seal fan it Europeesk Parlemint, mei dêrnei resepsje en miel. Fierder steane der noch ekskurzjes op it programma nei it Flaamsk parlemint yn Brussel en nei it stedhûs fan Gent, dêr't wy ek yn de kunde komme sille mei minsken fan ús susterpartij Spirit út Flaanderen.
Om't ik yn de EFA-kommisje fan de FNP sit en tongersdeitemoarn al in gearkomste dêr bywenje sil, gean ik woansdei al fuort (de oare dielnimmers gean tongersdei mei in busfol dielnimmers dêrhinne). Dat jout my fansels moai de gelegenheid om woansdeitejûn Brussel noch efkes te ferkennen! It sille grif in pear moaie feestlike dagen wurde...
09 Maaie '06 - 11:52 | | Noch gjin kommentaar


grutte mearderheid tsjin, no allegear ek stimme!
Juster haw ik de dyk op west, mei in kreamke yn it winkelsintrum Nijlân yn petear gean mei it publyk oer it referindum fan 24 maaie oer de Saailân-plannen. Mei in diske stienen wy as FNP dêr yn it winkelsintrum. CU en SP hienen respektivelik kreamkes yn Bilgaard en by de Waach. Yn't foar freegje jo jo fansels ôf: hoe komt dit? Sille wy wat oanrin hawwe, moatte wy heel aktyf minsken oansjitte, wolle se wol in hanteken sette of in pooster mei? It wie yn ien wurd helder wat de minsken wolle: Nee tsjin de Nieuw Zaailand-plannen. De aksje rûn as it spoar. Minsken kamen spontaan by ús, listen fol hantekens binne ynfolle en der binne ek aardich wat poosters meinommen. Wy binne mar in hantsjefol foarstanners fan de plannen tsjinkommen. Ek de kommende wykeinen sille wy de boer op. Dat in grutte mearderheid tsjin is, is foar ús no sa klear as in klûntsje. No komt it derop oan: elkenien ek nei de stimbus, want PvdA, CDA en VVD hawwe in absurd hege drompel opwurpen sadat it fan belang is dat der safolle mooglik minsken de Nee-knop yndrukke. Oan ús sil it net lizze (sjoch de mienskiplike side)!
07 Maaie '06 - 16:38 | | Noch gjin kommentaar


Referindumkrante - objektyf?
Hjoed de referindumkrante krigen yn ferbân mei it referindum oer it Nij Saailân op 24 maaie. As in soarte fan 'frijheidspresintsje' op 5 maaie? It muoit my al, mar ik krij sterk de yndruk dat de minsken in bepaalde rjochting op stjoerd wurde. Nammentlik, de rjochting fan 'Ja' stimme op de dei fan it referindum. Op de foarside stiet bygelyks by 'Inhoud': 'Voor- en tegenstanders aan het woord'. As jo it krantsje dan iepenslane dan sjogge jo dat der mar leafst 5 foarstanners oan it wurd litten wurde (wêrfan ien sa te lêzen foar de koarte slurf) en mar ien tsjinstanner. Yn in werklik objektive krante soenen jo like folle foar- as tsjinstanners oan it wurd litte moatte. En, as ik sa om my hinne hear, binne der dochs genôch tsjinstanners te finen?
Dan de plaatsjes yn de krante, dy't foar in grut part ek al te finen wienen op de kompjûtersimulaasje. Yn it pittige stedsblêd Liwwadders hie sjoernalist Andries Veldman der ek al in moai stikje oer skreaun. It liket wol oft der yn de takomst allinnich noch mar kreaze YUP-pen, guon mei jonge bern, yn Ljouwert wenje. De fytsen binne ferdwûn, de ôffalbakken allyksa... Op bledside twa fan de krante stiet in plaatsje fan it plein, nommen fan de hoeke ôf dêr't it paleis fan justysje noch krekt helendal oer de folle breedte te sjen is. As it byld fanôf de yngong fan it museum nommen wie, wie it sicht foar in part ûntnommen troch de winkelslurf. Mar wat my noch it meast steurt, is de achterkant, de lêste side fan de krante. Dêr stiet boppe in foto fan hoe't it Saailân no is, en ûnder in fisualisaasje hoe't it wurde moat. Mei boppe in suver gifgriene loft (moat manipulearre wêze) en ûnder in strielend blauwe loft. Boppedat is it byld net fanôf deselde posysje nommen. De boppeste fanôf in 'birds eye view', ik tink út it Fryslân-bank gebou wei, de ûnderste op eachhichte. Wat dan wol posityf is, is dat de gemeente it eksperimint 'stemmen in een willekeurig stemlokaal' hâlde sil op it plein sels, it Saailân.
Mar fierder haw ik in rare smaak oer dizze krante. Ik bin benijd wat de referindumkommisje fine sil fan dizze suggestive ynformaasje fan de kant fan de gemeente. Dat bepaalde foar- of tsjinstanners de klam lizze op de foar- of neidielen fan in projekt, is akseptabel. Sy hawwe it rjocht om dat te dwaan. mar in gemeente heart in ûnôfhinklik orgaan te wêzen en te bliuwen.
05 Maaie '06 - 15:15 | | Noch gjin kommentaar


automatysk oersette fan teksten...
Efkes hiel wat oars as gemeentepolityk. Mar wol handich helpmiddel as jo wurden oersette wolle/moatte fan de iene taal nei de oare en der is gjin wurdboek by de hân. Of: fan de iene taal nei de oare is der helendal gjin wurdboek. Yn de takomst sil it ynternet en/of automatyske oerset-software hieltyd mear brûkt wurde om rap teksten oer te setten. En dat komt jo as politikus wol wer fan pas, bygelyks om in speech of in folder efkes gau efkes yn in oare taal (bygelyks fan it Frysk nei it Hollânsk) oersette te litten. Yn Kataloanje lit bygelyks de krante El Periodico alle dagen wer syn Spaansktalige edysje troch in fertaalmasine oersette yn it Katalaansk. De folsleine krante! Pascal Anton út Seelterlân hat in lyts begjin makke foar ús Fryske taalgebiet en hulde dêrfoar!
Moai foarbyld (it is in begjin fan wat hy makke hat) stiet op dizze side. Lang net alle wurden slagje, mar besykje ris 'Mutter' yn te toetsen en dan fan Dútsk nei West-Frysk (ús Frysk). Dan krije jo kreas 'mem'. Of 'bern' fan West-Frysk nei it Dútsk. Dan krije jo hiel moai 'kind'. Ik haw ek besocht om te sjen wat bern yn it Latyn is, mar dat slagget noch net. Likemin as nei it Ingelsk en alle oare talen. Mar ik haw begrepen dat Pascal Anton op dit stuit ek benammen dwaande is mei Frysk-Dútske oersettings. It oare komt dan fansels wol...
04 Maaie '06 - 22:01 | | Al twa kommentaren