Sybren Posthumus - Weblog

kontakt
Sybren Posthumus
Gemeenteriedslid Ljouwert
Ibisstrjitte 35
8916 BH Ljouwert
Tillefoan: 058 - 2884700
Mail: sposthumus@leeuwarden.nl
kalender
« July 2008
S M T W T F S
    1 2 3 4 5
6 7 8 9 10 11 12
13 14 15 16 17 18 19
20 21 22 23 24 25 26
27 28 29 30 31    

argyf

links

sykje
feeds
XML Feed (RSS 1.0)
XML: Atom Feed



Foar al jo webhosting!
referindum oer selsstannige regio?
De diskusje oer mear foech, selsstannichheid en de ierdgasbaten rekket yn in streamfersnelling: de Partij voor het Noorden hat foarsteld om in referindum ut te skriuwen foar in selsstannich 'Noard-Nederlân'. Hjoed ferskynt in grut artikel yn it Dagblad voor het Noorden. Op de ynternet-side derfan no al in hiele libbene diskusje!
In referindum yn Kataloanje oer mear selsstannichheid foar dy regio hat lestendeis in hele dudlike utslach jun: in grutte mearderheid fan 75% wie foar. Ik bin benijd hoe't de Friezen deroer tinke. Hjoed sil ik op dizze side in poll iepenje om de lezers fan dizze webside in antwurd jaan te litten op dy fraach.
29 Juny '06 - 11:16 | | Al fjouwer kommentaren


Ferdeling ierdgasbaten: biten troch hûn en kat
Altyd wol witten fansels, fan alle gasopbringsten komt mar in hiel lyts part werom yn ús regio. In skoftke lyn haw ik dêr ek alris nei oan it speuren west, want hieltyd mear ynformaasje oer de ferdieling fan de steatskas is fia it ynternet werom te finen. Yn in eardere weblog haw ik dêr ek alris wat fan sjen litten. Mar hoe't it no krekt siet mei dy ferdieling fan it gasjild, dat koe'k mar lestich efterhelje. Lokkich is der no mear ynformaasje, tank sy in undersyk fan it SNN (dy't hjirmei har skeind imago wer wat oppoetse kin). Yn Fryslân, Grinslân en Drinte wennet 10% fan de befolking fan Nederlân, mar dêr komt mar 1% fan de ynkomsten fan de gasjilden werom. Yn de Rânestêd wennet 47% fan de befolking, mar 88% fan de opbringsten giet dêrhinne. Fan de útjeften fan 12,3 miljard binne in pear lolly's utdield oan Fryslan, Drinte en Grinslan om te sobjen. Is dat rjochtfeardich? My tinkt fan net. Ek Nijpels fûn dat, boppedat wie hy fan miening dat der sjoen wurde moat nei de kritearia op basis wêrfan it jild ferdield wurdt. Tefolle taskreaun nei Randstad-Holland. De reaksje fan CDA, VVD, LPF en D66 is regentesk en as fanâlds: wy as polityk wolle neat feroarje oan it systeem, jim moatte gewoan better jim bêst dwaan! En by de reaksje fan de PvdA tink ik: as jo net troch de hûn biten wurde, dan wol troch de kat (of wie it oarsom)? Se (Pauline Smeets fan de PvdA) sjocht yn it ûndersyk nei de ferdieling fan de ierdgasbaten (tusken 1994 en 2004) in befêstiging fan it 'anti-noordelijke beleid van dit kabinet'. Dêrby ferjit se dan wol efkes dat de PvdA tusken 1994 en 2002 acht jier lang prominint fertsjintwurdige wie yn de pearse kabinetten, en dus ek aktyf meiwurke hat oan in 'anti-noordelijk beleid'!
27 Juny '06 - 19:35 | | Al sân kommentaren


Sinneboatrace: bettere ynnovaasje troch regionale oerheden

Fan 'e middei efkes nei de iepeningsbyienkomst ta west fan de 'Sinneboatrace' oftewol de 'Frisian Nuon Solar Challenge'. In geweldich moai evenemint. Wat ek mar wer ris sjen lit dat de útdrukking 'Liwwadden, ut was niks, ut is niks en ut wurdt niks' grutte ûnsin is.
As jo it goed en op in fernijende, ynnovative wize dogge kin it konsept fan de Fryske Alvestêdetocht geweldich útboud wurde. En Ljouwert kin, as haadstêd fan Fryslân en, meastentiids, as begjin- en einplak dêr fansels hiel goed fan profitearje.
De world solar race fan Austraalje, mar dan op tsjillen en oer lân fansels, is wrâldferneamd en dat kin dizze race troch Fryslân ek wurde! Fan 'e moarn om 08.00 en 09.00 oere hearde ik de oankundiging ek al op de radio (NOS-nijs) dat it hjoed heve soe.
Hiel nijsgjirrich wie de koarte mar heldere taspraak fan Wubbo Ockels, de eardere romtefarder. Neffens him steane wy oan de iene kant mei de rêch tsjin de muorre as it om enerzjy giet. Yndia en Sina keapje lange-termyn kontrakten foar enerzjy op en op in bepaald stuit is de oalje gewoan echt op. Oan de oare kant iepenet dat hiele nije perspektiven foar oerheden, bedriuwen en minsken om yn it gat te springen. Oer 50 jier sil minimaal 50% fan alle enerzjy net-fossile enerzjy wêze moatte. En, neffens him kinne en sille it benammen regionale oerheden wêze dy't de foarstap sette sille. Om't de bestjoeren fan dy oerheden tichter by de minsken steane en sa earder en better kontakt mei it publyk en de fernijende organisaasjes hawwe sille. Sa hearre jo it ek ris fan in oar (en net de earste de bêste)...
25 Juny '06 - 19:52 | | Al trije kommentaren


Oude wetters
Het klinkt klinisch en steriel, 'oude wetters'. Maar het zijn mensen van vlees en bloed. Mensen die vaak in hun vaderland al heel wat hebben meegemaakt, van discriminatie, vervolging, marteling of nog erger levensbedreigende situaties. De categorie waarover hier bij ons gesproken wordt, betreft de groep uitgeprocedeerde asielzoekers. Mensen die hier vaak al 5 tot 15 jaar verblijven en vaak volledig geïntegreerd zijn. Maar die regelmatig door het ontbreken van een goed beleid op straat worden gezet. Soms hele gezinnen, met kleine kinderen. Er gebeuren shockerende dingen, afgelopen winter een Koerdisch gezin die bij vrieskou in een bushokje moest overnachten!
Ik heb in de loop der jaren zeer regelmatig contact (gehad) met andere (minderheids-)groeperingen. Als je dan als Fries contact hebt met deze mensen is een half woord vaak al genoeg. De situatie waarin je als minderheden zit is vaak hetzelfde, al zit de ene groep in een comfortabeler positie dan de ander natuurlijk.
Aanstaande maandag dienen wij met een aantal andere partijen in de gemeenteraad een motie in om andere volksvertegenwoordigers te bewegen zich uit te spreken voor een pardon-regeling voor de 26.000 mensen die nog onder de oude vreemdelingenwet vielen. Om een eind te maken aan de soms mens-onterende toestanden. In Wytmarsum is afgelopen weekend begonnen met het aftellen tot het pardon, waarbij men ervan uitgaat dat dat pardon ingaat na de verkiezingen van mei 2007. Maar dat duurt nog bijna een jaar en dus veel te lang. Opnieuw is Fryslân het land waar de acties tegen dit hardvochtige beleid beginnen (eerder in de Grote Kerk hier in Ljouwert). Laat in Fryslân de victorie voor deze groep beginnen! Of zoals FNP-burgemeester Piersma het dit weekeinde zei: "Ik hoop van ganser harte dat de Afsluitdijk vanaf vandaag het symbool wordt voor de oprijlaan naar Den Haag voor een generaal pardon voor de oude wetters".
22 Juny '06 - 15:28 | | Al ien kommentaar


súkses: foarrang op rotondes foar fytsers!

Lang foar fochten, jierren op oantrune, en de oanhâlder wint: sa stadichoan sille de rotondes yn Ljouwert oanpast wurde, sadat de fytsers dêr foarrang krije. Hjoed is dit sa yn it kolleezje fan Ljouwert fêstlein. Yn it dokumint fan de gemeente stiet it sa:
Ombouw van minirotondes tot minirotondes waarbij fietsers voorrang hebben op het autoverkeer
Het gaat hierbij om de volgende minirotondes:
• Harlingerstraatweg – Harlingersingel-Spanjaardslaan (Us Mem)
• Pier Panderstraat - Harlingersingel
• Westerplantage
• Lange Marktstraat - Sophialaan
• Lange Marktstraat - Oude Veemarkt
• Tesselschadestraat - Westersingel
• Noorderweg - Groeneweg
• Noorderweg - Hoeksterpad
• Bleeklaan – Groningerstraatweg
• Leeuwerikplein

De inzet is gericht op het zo spoedig mogelijk realiseren van deze maatregel voor elke minirotonde.
In lang-koestere winsk fan de FNP-Ljouwert giet yn ferfolling.
20 Juny '06 - 16:33 | | Al fjouwer kommentaren


Bettere ideeën ferpleatsing Mercurius-fontein

Kommende woansdei besprekke wy as gemeenterie de nije lokaasje fan de Mercuriusfontein.
Yn it foarste plak wolle wy as FNP fansels ek de dúdlikens hawwe dat der by in ferpleatsing gjin sprake wêze sil fan it stikken gean fan de fontein. Hoe grut is dy kâns en wa sjocht der op ta? Wissichheid oer it heel-bliuwen dus!

Dan de lokaasjes. Wy binne it der mei iens dat de rotonde fan ús mem, it Stasjonsplein en it Suderplein net sa geskikt binne. Mar is dêrom in plak foar de biblioteek dan de bêste opsje? De oare 3 mooglikheden strepe wy ôf, en dit bliuwt dan oer as in soarte fan lêste kâns ? Wêrom soe in plak by de takomstige Kenniskampus net kinne? Of it Drachtsterplein? Of by it FEC/WTC (World Trade Centre)? Mercurius is ommers de god fan de hannel! It quick-scan ûndersykje nei 4 lokaasjes liket my te koart troch de bocht. Binne der gjin bettere ideeën?
18 Juny '06 - 21:47 | | Al ien kommentaar


Taljochting by referindum-kommisje
Fan 'e moarn in taljochting jûn oer ús klacht by de referindum-kommisje. Neist mysels wie ek it haad kommunikaasje fan de gemeente Ljouwert frege om te kommen. It ferwar fan it haad foarljochting wie neffens him benammen basearre op de nijste ynsichten op it gebiet fan oerheidskommunikaasje neffens de kommisje-Wallage út 2001. Kearn fan it rapport-Wallage is eins dat de oerheden yn de takomst in saneamd 'pro-aktyf' kommunikaasjebelied hawwe moatte, en no komt it 'ook voor niet aanvaard beleid'. Oant de perioade-Wallage wie it sa dat pro-aktive gedrachsbeynfloedzjende foarljochting allinnich mocht by belied dêr't polityk, religieus en kultureel gjin kontroverse oer wie (bygelyks verkeers-veiligheidskampanjes). Ferdúdliking fan belied dus.
Op de rapportaazje is ek al frij gau skerp kommintaar kommen fan Gerard Schuijt, bysûnder heechlearaar mediarjocht yn Leien en haaddosint oan de UvA. Schuijt hat benammen krityk op de sin út it rapport fan de kommisje dat 'de slag om het publieke vertrouwen wordt aangemoedigd'. Hy is bang dat de oerheidsfoarljochting sa ofwol 'propagandistisch, ofwol in elk geval gelijkhebberig, kortom verpolitiekt wordt'. En dat is dus wat der bart is yn Ljouwert by de opmaat fan in referindum oer it Nieuw Zaailand. In projekt dat dúdlik net troch elkenien akseptearre wurdt en dus 'niet-aanvaard beleid' is. No mei it sa wêze dat it rapport-Wallage dan de basis wêze mei fan de normale kommunikaasje-uteringen fan de gemeente Ljouwert (alhoewol't je dêr ek krityk op hawwe kinne), hjir en no giet it foaral om it referindum en de foarljochting dêromhinne. En by dy foarljochting moatte foaral begjinsels lykas neutraliteit en objektiviteit leading wêze. By dit referindum wringt de gedrachsbeynfloedzjende foarljochting fan de gemeente by 'niet-aanvaard beleid' dus mei de referindumferoardering fan neutraliteit en objektiviteit. Sa stelde de kommisjefoarsitter (Winter) bygelyks in krityske fraach oan de foarljochter fan de gemeente, yn hoefier de plaatsjes oer it âlde en nije plein, dy't kwa maat heel bot ferskille, foldogge oan de 'eisen van proportionaliteit' fan de kommisje-Wallage ('Is daar hier sprake van')? En sa falt neffens my de basis fuort ûnder it wichtichste argumint fan de ôfdieling foarljochting (it kolleezje), nammentlik dat hja har ferskûlje kinne efter de rapportaazje-Wallage.
Oer twa wiken docht de referindumkommisje útspraak. Ik bin benijd.
15 Juny '06 - 16:22 | | Al ien kommentaar


Fryslân is gjin Dútslân

Juster hearde ik op de radio dat Joop Atsma fan it CDA in proloog of earste dei fan de Ronde fan Dútslân yn Fryslân begjinne litte wol. Ik freegje my ôf wat dit werklik netto opsmite sil. Op 'e radio hearde ik dat de kosten om ien sa'n dei hjir hinne te heljen al yn de hûnderttûzenen euro's rinne sil. Hiel faak moatte dy kosten dan foar in grut part betelle wurde mei mienskipsjild. In pear jier lyn hienen wy dat hjir yn Ljouwert ek mei de Ronde van Nederland. De gemeente moast tsientûzenen euro's deltelle en de provinsje minimaal safolle. En nei de tiid mochten promininte bestjoerders en politisy oerenlang fergees drinke en ite op kosten fan de belestingbeteller. Hoefolle ekstra toeristen krije jo hjir krekt?
Mar wat my eins noch mear fernuveret, wat docht in ronde fan Dútslân yn Fryslân? Moai wat jierren lyn starte de Giro (ronde fan Itaalje) yn de stêd Grins (Gironingen), ek al sa nuver. Wolle jo hjir wat organisearje, doch it dan sûnder kaptalen oan mienskipsjild. Besykje it mei bedriuwen hjir út de regio op te setten, bygelyks de Fryslân Bank, de Friesland, Batavus, om mar efkes in pear te neamen. En wêrom soe soks net de ronde fan Fryslân hjitte kinne as jo in tocht organisearje troch bygelyks ús Fryslân, West-, East- en Noard-Fryslân? Yn alle gefallen net de 'Deutschland-Tour', Fryslân is gjin Dútslân liket my!
13 Juny '06 - 22:15 | | Al twa kommentaren


bedriuwen foar rjochter; stop op klimaatsferoaring?

De earste echte hite dei fan it jier, en der komme noch mear oan, neffens de waarmannen. It skynt ekstreem te wêzen, en hieltyd faker wurdt de link lein mei it broeikaseffekt. Der komt mear CO2 yn de loft en dêrtroch komt der in tekken dy't de waarmte fêsthâld. It is sa stadichoan wittenskiplik bewiist dat it in relaasje mei elkoar hat. Mar wa sil dit probleem, dat hieltyd gruttere foarmen oannimt, oanpakke? Der mei dan in ferdrach fan Kyoto wêze, der binne net in soad oerheden of bedriuwen dy't har der oan hâlde. Elkenien wiist nei in oar, mar wa docht wat? Ferline wike lies ik in tige nijsgjirrich stik yn Ode oer dit ûnderwerp. Net bedriuwen, net de oerheden mar abbekaten sille oan de slach en slepe de fersmoargers foar de rjochtbank. Mei de oerstreamings ferline jier fan New Orleans troch orkaan Katrina as 'case'. De jurist Steve Susman is fan betinken dat organisaasjes, lykas enerzjybedriuwen of autofabrikanten, op basis fan har oandiel fan de wrâldwide totale útstjit oan CO2, no oanpakt wurde kinne. It past fansels wol tige by de Amerikaanske way-of-live om sa te hanneljen, mar de tabaksfabrikanten wurde sa ek oanpakt fanwege it smoken. En mei súkses. Jo kinne op in bepaald stuit net mear sizze: 'wy wisten it net'. De fersekeringsmaatskippijen witte hoefolle miljarden (40) der oan skea claimd is nei 'Katrina', en as General Motors as ien fan de grutste automakkers fan de wrâld bygelyks foar 0,1 prosint ferantwurdlik achte wurde kin foar de totale CO2-útstjit, meie se ien-tûzenste betelje, dat is dus wol efkes 40 miljoen troch ien orkaan. Ik bin benijd nei it resultaat. It moaiste hie it west as Amearika it Kyoto-protokel tekene hie, mar no is der aksje fan binnenút, út de mienskip dy't troffen is en fersekeringsbedriuwen. Ek wol sa moai.
10 Juny '06 - 21:58 | | Noch gjin kommentaar


Klacht ingediend over referendum-voorlichting gemeente
Gisteravond bij de referendumcommissie namens de FNP een formele, officiële klacht ingediend over de wijze van communiceren bij het referendum door de gemeente. De druppel die bij ons de emmer helemaal heeft doen overlopen was de folder die de meeste mensen op de dag voor het referendum in de bus hebben gekregen. De folder is zodanig opgezet dat er elementen van manipulatie inzitten die absoluut niet door de beugel kunnen. Bijvoorbeeld de gifgroene lucht in het plaatje van het bestaande Zaailand en het feit dat er op de achterzijde van de folder slechts twee alternatieven genoemd worden: de korte en de lange pleinwand, terwijl je ook nog helemaal tegen kunt stemmen. De grote billboards gaven ook duidelijk een verkeerde indruk. Het toekomstige 'Nieuw Zaailand' was minimaal 2, bijna 3 keer zo groot dan het huidige plein en opnieuw dat opgeblaasde contrast tussen huidig Zaailand en het 'hemels paradijs' met een wel heel blauwe lucht. Over de referendumkrant en de radiospots is ook wel het één en ander op te merken. Een betrouwbare overheid hoort de informatiestroom richting burgers niet te manipuleren. Daarom het verzoek aan de referendumcommissie om het voorlichtingsmateriaal op deze punten te toetsen. In artikel 9 van de referendumverordening staat dat: De commissie toetst de gemeentelijke voorlichting aan de eisen van objectiviteit en de campagnevoering aan de eisen van fair play.
Naast deze klacht hebben wij ook een aantal opmerkingen aan het college gezonden over de gang van zaken op de dag van het referendum zelf. Het lijkt misschien enigszins laat, maar pas afgelopen donderdag kregen wij het overzicht hoe er gestemd is per stembureau. Het blijkt dat er hele grote afwijkingen geconstateerd kunnen worden per stembureau, met name het aantal niet-stemmers bij vraag 2. Het kan bijna niet anders of er zijn bij de diverse stembureaus verschillende instructies gegeven.
06 Juny '06 - 14:30 | | Al seis kommentaren


Huzen by de rûs...
Op sa'n moaie pinkstersnein efkes in blokje om west, yn de direkte omkriten. Fuort achter ús hûs leit de Harnzerstrjitwei. Ik doar hast wol te sizzen ien fan de ynfalswegen mei de grutste of djoerste hearehuzen/filla's fan Ljouwert. As jo dêr no lâns rinne of ride, dan falt jo op dat wol in hiel soad fan dy huzen te keap binne. Ik telde yn de gauwichheid 7 huzen dêr't in úthingboerd 'Te koop' by stiet, en it is de fraach oft dat wol alles is (guon minsken hawwe leaver net sa'n boerd yn 'e tún of tsjin de ruten), Ik rûs dat der, mei in grouwe 80 huzen, dus wol sa'n 10% te keap stiet fan dizze 'represintative' strjitte. Op de side fan de NVM, Funda, trof ik op de 8916-kant (noardkant) 5 wenhuzen oan, dy't te keap steane, oan de 8913-kant (súdkant) 3. Dus fia ynternet noch in ekstra oanbieding. De fraach is fansels: watfoar konklúzje moat hjirút lutsen wurde? As jo by 'Leeuwarden' sykje, komme jo op 837 keapwenten, mei dêrûnder 165 apparteminten. Fan it oanbod sitte 236 yn de djoerdere kategory, boppe de € 225.000. It is neffens my in kombinaasje fan demografy en in grut oanbod oan nijbou en apparteminten. Earder hawwe wy oer de demografy al ris fragen steld. De lêste tiid komme der al mear en mear krityske lûden oer de nijbouplannen. It is net te hoopjen dat it kolleezje skielk, krekt sa as mei Suderbuorren, wer it lid op 'e noas krijt. Se binne warskôge!
04 Juny '06 - 22:11 | | Al ien kommentaar


Oanpak blau-alch yn Griene stjer-gebiet

Op 22 maart hawwe wy as gemeenterie praat oer de 'evaluatie masterplan speelruimte'. Dêrby haw ik, oanfoljend op fragen oer boarterstastellen, ek in fraach steld oer de situaasje yn it Griene stjer-gebiet fan Ljouwert. Alle jierren komme dêr tsientûzenen minsken, 62% fan de Ljouwerters hat neffens de jierrekken 2005 ien of mear besites brocht oan dit prachtige rekreaasje-gebiet. Mar sawat alle jierren is der wol sprake fan dat de saneamde blau-alch de wille bedjert. Dêrom haw ik yn maart frege oft dêr wat oan dien wurde kin. Hjoed krigen wy as riedsleden in brief: 'De gemeente onderzoekt samen met de Provinsje Fryslân en het Wetterskip of er mogelijkheden zijn het blauwalgprobleem aan te pakken'. Sjoch, sa mei ik it hearre! Ik hoopje dat der noch foar de simmerfakânsje in oplossing is, en oars foar takom jier, sadat minsken net mear benaud hoege te wêzen foar allergyske reaksjes nei it swimmen.
01 Juny '06 - 19:43 | | Noch gjin kommentaar