Sybren Posthumus - Weblog

kontakt
Sybren Posthumus
Gemeenteriedslid Ljouwert
Ibisstrjitte 35
8916 BH Ljouwert
Tillefoan: 058 - 2884700
Mail: sposthumus@leeuwarden.nl
kalender
« July 2008
S M T W T F S
    1 2 3 4 5
6 7 8 9 10 11 12
13 14 15 16 17 18 19
20 21 22 23 24 25 26
27 28 29 30 31    

argyf

links

sykje
feeds
XML Feed (RSS 1.0)
XML: Atom Feed



Foar al jo webhosting!
TomTom yn Liwwadders en Frysk; Fryske software yn de lift!

Sjoch, dat binne moaie berjochten. Neist de Liwwadder ferzje fan TomTom, dy't de Ljouwerter VVD krekt foar de ferkiezings as stunt nei bûten ta brocht (knypeach nei listlûker Tom van Mourik), komt der no ek in Frysktalige rûteplanner foar yn de auto. Kommissaris fan de keninginne Nijpels presintearre hjoed de Fryske ferzje fan it navigaasjesysteem op it provinsjehûs yn Ljouwert. Hy kin fia de side fan de provinsje download wurde (klik hjirre).
It giet trouwens hiel aardich mei it oersetten fan programma's nei it Frysk de lêste tiid. In entûsjaste inisjatyfgroep hat der sels in side foar makke mei in oersjoch fan dêr't se mei dwaande binne! Grutte wurdearring foar dizze minsken, dy't sa meihelpe it Frysk de 21e ieu yn te loadsen.
27 July '06 - 21:56 | |


Stop ûnnedich geweld, tiid foar diplomasy!

It rint hieltyd fierder ut de hân yn Libanon en Israël. Minsken sûnder skuld, lytse bern, âlderein, memmen, studinten, allegear slachtoffer fan wrede agressy. Neffens my binne de militêre aksjes fan Israël der fier by troch. Tal fan boargerdoelen wurde bombardearre sadat de skea oan de ynfrastruktuer yn tsientallen jierren net mear reparearre wurde kin. Fansels binne de raket-oanfallen fan de Hezbollah ek net goed te praten. Al kin ik my yntinke dat jo razend of moedeleas wurde as freonen en kunde troffen wurdt troch de aksjes. Mar dan noch, dialooch, mei-elkoar prate stiet foarop en net it heilleaze ferneatigjen fan de oar! Ik slút my dan ek graach oan by it berjocht fan de EFA, de partij dy't de FNP en dêrmei Fryslan fertsjintwurdiget yn Brussel: ‘EFA appalled by violence in the Middle East condemns the disproportioned Israeli armed response’. Soms komt it lijen hiel tichtby as jo yn de LC lêze of op de Omrop hearre dat ek FNP-ers, yn dit gefal bekenden fan my, dêr tahâlde of tahâlden hawwe (bygelyks frou Castelein fan Marsum en Jelmer van der Hem, earder fan Jorwert, no yn Grins). Tiid foar diplomasy!
24 July '06 - 22:00 | |


Veel hogere exploitatiekosten stadhuis

Een hele tijd geleden (3 januari 2006) is er aan de gemeenteraad een brief gezonden waarin het college eindverantwoording aflegt voor de verbouw en renovatie van het Stadhuis en de hoofdwacht. In de commissie Bestuur en Middelen is hier na heel lang aandringen van de raad en oponthoud door het college over gesproken. Natuurlijk is er door alle partijen uitgesproken dat het geheel er prachtig uitziet. Waar het je als raad echter ook om moet gaan is hoe is dit financieel afgelopen. Zo wilde ik bijvoorbeeld in de commissie weten hoe het met het meer- en minderwerk is afgelopen en wat de afwijkingen waren op het bedrag voor de verbouw- en renovatie van het stadhuis (€ 9,8 miljoen). De VVD wilde weten hoe het met de exploitatie zat. Ik heb me er erg over verbaasd dat bepaalde partijen aangaven deze vragen niet op zijn plaats te vinden, immers 'het is toch heel mooi geworden allemaal en we zijn toch binnen het totaalbedrag gebleven?' De kritische blik is bij sommige raadsleden, in dit geval van enkele collegepartijen, ver te zoeken. Maar wij hebben toch doorgevraagd, met als resultaat dat wij nu vandaag een e-mail kregen met als titel 'Projectdecharge stadhuis'. En, wat ik in 2002 en 2003 al heb uitgesproken is nu bewaarheid. Ik vermoedde toen al dat de exploitatielasten van de huisvesting van de gemeente fiks zouden oplopen. Volgens mij heb ik toen als voorbeelden energie en verzekeringen genoemd. Helaas moet ik nu constateren dat het totaalplaatje wel heel veel extra kosten met zich meebrengt. Voor de jaarlijkse exploitatie van de panden was in 2002 in totaal volgens de memo van het college toen € 348.000 beschikbaar. Op dit moment is het actueel budget voor huisvesting € 1.219.000. Hier zit toch een verschil tussen van maar liefst € 871.000. Ik vind dat je zo'n verschil naar de inwoners van deze gemeente wel goed moet verantwoorden en je niet met een kluitje in het riet moet laten sturen!
18 July '06 - 21:46 | | Noch gjin kommentaar


Diskusje ZZL troch kolleezjepartijen blokkeard!
Yn de weblog fan juster haw ik skreaun oer de diskusje dy't wy justerjûn hawwe soenen oer de takomst fan de Suderseeline, al of net en sa ja, watfoar fariant. Oan in echte ynhâldlike diskusje is it helendal net takommen. Oan it begjin fan de byienkomst mocht CDA-wethâlder it wurd efkes hawwe fan foarsitter Zwierenberg (PvdA) om't hy foarstelle woe om it stik fan de aginda te heljen. Neffens de wethâlder wie mei de fal fan it kabinet in hele nije, ûndúdlike situaasje ûntstien en wie it net wis wat der nei de simmerfakânsje barre soe. Wol wie de Stuurgroep Zuiderzeelijn mei in heel yntinsyf lobbytrajekt begûn, mar it hie foar de gemeenterie gjin sin om te diskusjearjen, fanwege alle ûnwissichheden.
Ik haw dêrop sein dat der wol deeglik in koerswiziging wie troch foar de HST/RER-fariant te kiezen en dat it kolleezje mei it briefke nei de Stjoergroep de gemeenterie passearre wie. En dat wy dat ynhâldlik beprate moasten, ommers wy prate hjir oer in projekt fan hast 6 miljard euro. Wylst der folle bettere mooglikheden binne om de wurkgelegenheid hjir te stimulearjen. En dat de gemeenterie dêroer beslute moat. De VVD wie dat mei ús as FNP iens. Mar, doe sluten de kolleezjepartijen PvdA, CDA en PAL/GrienLinks de rigen en woenen ek gjin ynhâldlike diskusje. Dêrmei dus in mearderheid foarmjend yn de kommisje. Unfoarstelber, de koalysje blokkearde de diskusje en yntusken kinne de stjoergroep, mei út namme fan de gemeente Ljouwert, trochgean mei de lobby foar de freeslik djoere treinen. Allegear te gek foar wurden. Ik respektearje dat der mearderheden en minderheden binne yn de polityk, mar sokke rare spultsjes haw ik it mier oan!
13 July '06 - 11:07 | | Al twa kommentaren


kolleezje swimt yn sneltreinfûke Alders

Jûn prate wy foar de safolste kear oer de Suderseeline. En, it liket der op dat it kolleezje fan B&W op 'e nij yn de fûke swimt fan Hans Alders en-dy. Ynstee fan goed nei te tinken wat de bêste oplossing is om de wurkgelegenheid hjir te stimulearjen, wat Langman foar eagen hie, helje B&W middel en doel op 'e nij troch elkoar en kieze alle kearen wer foar rottekrûd-djoere treinen tusken Amsterdam en Grins. No't de magneetsweefbaan ôfblaasd is, wurdt der keazen foar de HST2/RER. HST stiet dan foar HegeSnelheidstreinen en RER foar oanslutende treinen nei de binnenstêd fan Amsterdam en nei Skiphol. Je tinke dan, dy fariant sil wol heel wat goedkeaper wêze as de 'sweef'. No, ferjit it mar! Wylst de oanliskosten foar de magneetsweeftrein € 4,4 miljard wienen, binne de oanliskosten de HST2 sûnder de RER neffens de nijste struktuerfisy € 5,3 oan € 6,1 miljard. En, ek yn dit senario moatte der út de regio wer hûnderten miljoenen euro's bypast wurde (jild fan ús allegear dus as Friezen, Grinzers,...).
It is dúdlik dat de Stuurgroep Zuiderzeelijn hjirmei folslein trochdraaft en eachkleppen op hat foar de maatskiplike en finansjele realiteit.
Better soe it wêze en set yn op de folle € 2,7 miljard foar de regio. Om dêrmei in bettere Heak om Ljouwert te beteljen, ferdûbeling fan it folsleine spoar Ljouwert-Grins, Wetsus, universiteiten en hegeskoallen en in ympuls foar it regionale bedriuwslibben (MKB). Us regio klear meitsje foar de takomst. Mar de ferskillende kolleezjes hâlde blykber leaver fêst oan de hobby fan in pear kommissarissen en litte Fryslân yn de hâldgreep fan it rânestêdlik tinken. Ik hoopje dat de riedsleden ferstanniger binne...
12 July '06 - 09:51 | | Al ien kommentaar


boargersjoernalistyk

Ofrûne wike kaam nei bûten dat de deiblêden yn de hoeke sitte dêr't de klappen falle. It FD 600 efterút, de LC mar leafst 4.000. Yn syn algemienens soe ik it spitich fine dat it media-lânskip ferskraalje soe, dat wy hieltyd minder titels krije soenen en dat de plurifoarmiteit fan de parse achterút gean soe. Foaral as it om regionale sjoernalistyk giet fansels. OK, jo binne it dan miskien net altyd iens mei de wize fan berjochtjouwing mar it is wol wichtich dat minsken belutsen binne by har eigen regio, wat der yn de buert, wyk of streek bart. En dêr binne de media, yn watfoar foarm dan ek, tige wichtich foar. No tink ik earlik sein dat de algemiene tendins fan it efterútbuorkjen fan de printe media net te kearen is. Dat, jo moatte wat oars. It FD en de LC wurkje sa bygelyks al hurd oan har ynternet-sites. Neist de min of mear offisjele blêden, radio- en TV-stasjons sjogge jo no ek in hiele nije 'beweging': boargersjoernalistyk. In prachtich foarbyld wat my oangiet is de website fan de sjoernalist Temmo Bosse fan Lear (East-Fryslân). Boargers út dy kontreien (it hiele East-Fryske gebiet) kinne dêr har eigen nijs yn har eigen taal bringe. It Dútsk, mar ek it Platt en it Frysk. Yn syn (Temmo’s) eigen wurden: "nordwest.info is Hör Narichtensied. Daar steiht dat in, wat Se willen. In Hör Stadt of Hör Nahberskupp en Bült Malöör gebört, man kien een will daaröver proten off schrieven? Se sünd up en herelk Fier west, man in`t Bladdje stunn daar nix van? Denn schrieven Se dat sülvst. Up uns Internetsied nordwest.info word dat ruutgeven. Wat wi hier maken word Börger-Journalismus nömt. De Lesers sülvst weten am besten, wat se lesen willen. Se sünd d'r heel dicht an, wenn wat gebört. Un se sünd leep gau." Alwer sa'n moai inisjatyf út East-Fryslân (nei jierren fan relative stilte is de saak dêr sterk yn beweging). Fraach is fansels wannear't wy yn ús Fryslan no sa'n boarger-sjoernaliste-webstek krije...
09 July '06 - 17:16 | | Noch gjin kommentaar


'Europa' blokkeert onafhankelijk stralingsonderzoek

Miljarden worden er ook door Europa uitgegeven voor Research&Development (Onderzoek en ontwikkeling), zeg maar het versterken van onze economie door technologische verbeteringen. Recent (22 juni) is hier opnieuw veel geld voor uitgetrokken. Goede zaak natuurlijk, stilstand is achteruitgang. Echter, van bepaalde technieken of methoden is het de vraag hoe duurzaam ze zijn. Denk aan gentechnologie in de landbouw of de gevaren van straling. Veel zaken op dat gebied worden op Europees niveau, in Brussel, geregeld. Daar, in het Europees parlement, zijn wij als FNP vertegenwoordigd door de EFA-fractie, de Europese Vrije Alliantie. En de EFA heeft terecht z'n teleurstelling uitgesproken dat er vanuit dat gigantische miljardenbedrag helemaal geen enkele mogelijkheid is voor onafhankelijk onderzoek naar de gevolgen van technologieën op de gezondheid, en in het bijzonder de gevolgen dan van elektromagnetische straling. Dat zo'n onafhankelijk onderzoek bitterhard nodig is, bleek onlangs wel weer uit het 'befaamde' Zwitserse onderzoek naar de gevolgen van UMTS-straling. Punt een is er alleen onderzoek gedaan naar de effecten op de zeer-korte termijn (blootstelling van 45 minuten). En punt twee is het onderzoek voor een groot gedeelte gefinancierd door overheden en telecom-bedrijven, die beide gigantische belangen hebben bij de verdere uitbouw van het GSM- en UMTS-netwerk. Terecht dat stopUMTS nu zelf overweegt om een onderzoek te laten uitvoeren. Jammer dat de meerderheid van het Europees Parlement doof is voor de bezorgdheid van vele burgers en zich niks aantrekt van het 'voorzorgsprincipe'.
05 July '06 - 15:42 | | Al twa kommentaren


Ljouwert brûst!

Ljouwert sit yn 'e lift! Wylst ik dit stikje typ kin ik, mei de ruten iepen fanwege de subtropyske temperatueren, genietsje fan de achtergrûnmusyk fan it Dancefeest dat op dit stuit op it Saailân spilet en der't tûzenen minsken op ôf kommen binne. Justerjûn wie it helendal geweldich. Persoanlik hie ik earst in reüny yn de Haniahof, it wen- en wurkprojekt dat dit jier op 'e kop ôf 20 jier bestiet. In soad âlde bekenden fansels, suver in 'sentimental journey' nei it plak dêr't ik in pear jier wenne haw. Legindarysk wie it optreden dêr fan Ype en de Skavers, dy't yn de seal fan de Anders Actieven optreden (de tsjinstelling kin hast net grutter;-)). Dy band koe ik benammen noch út ‘e tiid fan Radio 18 fan Eric Ennema, wat dus ek de begjintiid wie fan de Hania (1986-1990). Mar de mannen setten de kaart- en bingoseal fan de Anders Actieven folslein op 'e kop, alive and kicking! Yn it programma fan de reüny wie ek in tocht oer de Nijsted opnommen, by it fjoer en flamfeest del, mar 50 meter fierderop. Wat ik dêr seach haw ik wier yn Ljouwert noch nea meimakke. Midden yn 'e nacht in bomfolle stêd, in fantastysk evenemint dat Ljouwert echt op 'e kaart set as haadsted fan Fryslan. Prachtige bylden en in geweldige, mystike sfear. Op sa'n stuit is elkenien grutsk om yn Ljouwert te wenjen, minsken wienen wyldentûsjast. In prachtige ôfsluting fan Fryslân fart, wat my oangiet krije wy mear fan sokke wykeinen!
02 July '06 - 21:02 | | Noch gjin kommentaar


Alwer ferkiezings!
Uteinlik hat D66 no dochs de stekker der út lutsen. It fernuvert my dat sy dat net earder dien hawwe, doe't de kroanjuwielen fan D66 (boargemastersferkiezings en oanpassing kiessysteem) op 'e non rûn binne. Mar it wie dúdlik dat de fraksje net om in kongres-útspraak fan har eigen partij hinne koe dat se Verdonk de wacht oansizze moasten as sy noch ien flater meitsje soe. Dat no net allinnich Verdonk fuortgiet mar ek fuortendaliks it hiele kabinet opstapt hie'k net ferwachte. mar, earlik sein bin ik der net rouwich om. De ferkiezings komme no sawat in heal jier earder, sadat de steateferkiezings fan 2007 net dominearre wurde troch de lanlike polityk en brûkt wurde as opstapke nei de twadde keamerferkiezings 2 moanne fierder. It sil dan net in spultsje wurde fan 'wa wurdt de grutste partij'. Ik kin my yntinke dat Andriessen dat spitich fynt, want no kinne de PvdA en de oare 'Haachske' partijen net profitearje fan de grutte kampanjes foar de twadde keamerferkiezings. Mar it wol sa earlik.
Yntusken krige ik juster in parseberjocht fan de Partij voor het Noorden yn de digitale postbus:
Partij voor het Noorden overweegt deelname Tweede Kamer verkiezingen
De Partij voor het Noorden stelt vast dat met het aftreden van het kabinet Balkenende-II de door dat kabinet geschapen chaos in de relatie rijk-Noord-Nederland voortduurt: voorlopig geen Zuiderzeelijn, geen zeggenschap wat de besteding van het Waddenfonds betreft, geen directe afdracht van een deel van de aardgasbaten naar de noordelijke provincies, geen investeringen uit het FES in Noord-Nederland, geen regulier regionaal economisch structuurbeleid à la het Kompasprogramma, enz.
De Partij voor het Noorden acht het daarom van groot belang dat het thema ‘meer zeggenstandigheid voor Noord-Nederland’ een rol gaat spelen in de komende verkiezingscampagne. Ze roept alle partijen op in hun verkiezingsprogramma’s daaraan aandacht te besteden. Tevens overweegt de Partij voor het Noorden zelf deel te nemen aan de komende Tweede Kamerverkiezingen. Ten spoedigste organiseert de Partij voor het Noorden een ledenraadpleging over de vraag of we de sprong zullen wagen.
It soe my goed talykje dat der út ús regio wei in ûnôfhinklike stim heard wurde soe yn de Twadde Keamer. De tiid is der ryp foar!
01 July '06 - 14:06 | |