kontakt
Sybren Posthumus
D.S. Bangmastrjitte 25
9008 TJ Reduzum
Tillefoan: 0566 - 602928
Mail: sybrenposthumus@hotmail.com
kalender
« Maart 2010
S M T W T F S
  1 2 3 4 5 6
7 8 9 10 11 12 13
14 15 16 17 18 19 20
21 22 23 24 25 26 27
28 29 30 31      

argyf

links

sykje
feeds
XML: RSS Feed
XML: Atom Feed



Foar al jo webhosting!
besloten 'raadswerkgroep' voor vervolg referendum

Tijdens de politieke markt, die onlangs (in een rommelige atmosfeer) werd gehouden, hebben de raadsleden aangegeven uitgebreider terug te willen komen op de evaluatie van het referendum over het 'Nieuw Zaailand. Die evaluatie stond wel op de agenda van die politieke markt, de bespreking was helaas uiterst chaotisch. Ik sta er zelf ook 100% achter dat wij de resultaten van de evaluatie, uitgevoerd door de TU Twenthe, nog eens goed gaan bespreken. Zo'n zeperd als in mei wil natuurlijk niemand meer en schaadt het vertrouwen van de bevolking in de politiek! Gisteravond was er een openbare agendacommissievergadering. Nu kon er gekozen worden voor een vervolg van de evaluatie via een openbare reguliere commissievergadering (waarbij ook inspraak mogelijk is en iedereen, inclusief pers aanwezig kan zijn) en dan een raadsvergadering er achter aan. Een andere optie is een traject via een zogenaamde 'raadswerkgroep'. Dat laatste houdt in dat er achter gesloten deuren door een gedeelte van de raad bekenen gaat worden welke conclusies nu precies moeten worden getrokken. Uiteraard zijn wij als FNP voor een open en transparant proces, geen achterkamertjespolitiek waarbij politieke deals worden gesloten. Dus zijn wij tegen die 'raadswerkgroep'. Ook de VVD was voor behandeling via een openbare commissie. Er ontstond opnieuw een patstelling (zoals onlangs ook met de toekomst van de Fries museum-panden) aangezien PvdA en PAL/GroenLinks nu voor die besloten raadswerkgroep waren. En toen werd er besloten dat de 'macht van het getal' ging gelden, dat wil zeggen de grootte van de fracties. Aldus besloten. Mensen, als er straks in de gemeenteraad over dit onderwerp iets terugkomt, hoeft u zich geen illusies te maken. De besluitvorming is al voorgekookt en u heeft hier geen enkele invloed meer op. Dat u het even weet. En zo hebben procedures over de agenda van de gemeenteraad, die op het eerste gezicht zo onschuldig lijken, vaak grote gevolgen voor de latere besluitvorming.

31 Oktober '06 - 13:48 | | Al ien kommentaar


fakatuere: polityk adviseur (f/m)

By de EFA, de memme-organisaasje fan de FNP, wurdt in polityk adviseur socht. Sjoch foar de eksakte fakatueretekst op de site fan de EFA. It soe wol aardich wêze om in Fries of Friezinne op dizze posysje te krijen. Moatst der wol aardich rap by wêze: e-mails wurde foar 10 novimber ferwachte!

25 Oktober '06 - 00:36 | | Noch gjin kommentaar


gemeenterie net akkoart mei 'spoedproseduere' bestimmingswiziging Frysk museum

Juster krige ik in mail fan de griffy. dat 5 fan de 8 partijen it net iens binne mei de 'spoedproseduere' om te kommen ta in ferromming fan de bestimming fan de gebouwen fan it Frysk museum. Yn de proseduere dy't it kolleezje foar eagen hie, soenen wy kommende moandei (30 oktober) in kommisje hawwe oer dit ûnderwerp en op 6 novimber dan it ôftikjen yn de gemeenteriedsgearkomste. Mar de 4 opposysjepartijen CU, FNP, NLP en SP en kolleezjepartij PAL/GL hawwe te witten dien dat wy in soarchfâldige proseduere folgje moatte en gjin oerhaaste besluten nimme. It soe dus heel goed kinne dat de fraksjefoarsitter fan it CDA yn Provinsjale Steaten syn sin net krijt, nammentlik op hiele koarte termyn dúdlikens fan de gemeenterie fan Ljouwert oer hoe't it komt mei de takomst fan de gebouwen oan de Twibaksmerk. Fan 'e middei om 17.00 oere hawwe wy no op 'e nij oerlis fan de agindakommisje om út de ympasse te kommen. De saak is yn rep en roer haw ik begrepen. It liket der yn de gemeenterie fan Ljouwert hieltyd mear op dat wat grutter de projekten, wat ûnfoarchfâldiger de beslútfoarming. Ik winskje dêr net oan mei te dwaan.

24 Oktober '06 - 08:45 | | Al ien kommentaar


gelikense muontsen, gelikense kappen?

Dit wykein haw ik it Masterplan Tweebaksmarkt/Turfmarkt e.o. efkes trochnommen. Sjoch, jo meie hiel wiis wêze mei it feit dat it bestjoer fan Fryslân yn Ljouwert sit en dêr kwa fasilitearring wat foar oer hawwe. Tink bygelyks oan de nije brêge dy't der no leit, sadat jo net mear sa'n ein hoege om te riden om nei de eastlike kant fan de binnenstêd te gean. Dêr hat ek elkenien wat oan. Mar, it moat mei mate. As gemeentlike oerheid moatte jo net safier gean dat jo ynwenners of ûndernimmers jierrenlang saken ûnthâlde en dan ynienen in oerheidsorgaan dat wol takenne. Der moat sprake wêze fan in sekere gelikenens yn optreden nei alle partijen ta. En dat mis ik yn dit stik. It liket hjir wol oft alle registers iepen gean om de Provinsjale oerheid te skewielen en it Frysk museum de maksimale mooglikheden te jaan om de ferhuzing mooglik te meitsjen. Mooglikheden dy't bygelyks by de Ljouwerter ûndernimmer Boomsma nea mooglik wienen. Dy woe yn Post Plaza destiids ek in hotel hawwe, mar dat wie út noch yn net besprekber. En no kin ynienen yn 'it Wite hûs' fan de Provinsje, nota bene sawat neist Post Plaza, wol wat doe net koe. Ik freegje my no wol ôf, wat sa'n ûndernimmer no dwaan sil as de gemeente dit trochsette soe. Kinne wy prosedueres ferwachtsje? Ik wol dus dúdlik witte watfoar juridyske risiko's der eventueel te ferwachtsjen binne foardat wy ja en amen sizze.

Earder haw ik it al oer de bouhichte hân, it Provinsjehûs krijt as iennige yn it hele gebiet fan it bestimmingsplan in útsûnderingsmooglikheid om (folle) heger te bouwen as de hichte dy't no jildt fan tusken de 20 en 25 meter. Dat fansels ek om't se dan de gebouwen oan de oare kant, it Wite en Hege Hûs, ôfstjitte kinne. Se sizze sels: 'Slechts incidenteel is in het verleden afgeweken van huidige bouwhoogten en ook in de toekomst wil de gemeente slechts bij hoge uitzondering afwijken van de geldende hoogtematen en de geformuleerde welstandscriteria. In het plangebied wordt een dergelijke uitzondering alleen overwogen bij het nieuwe Provinciehuis'.  It komt by my allegear tige ynkonsekwint oer.

22 Oktober '06 - 21:15 | | Noch gjin kommentaar


maksimale druk foar besprekking funksjeferoaring Frysk museum

Fan 'e moarn krige ik as lid fan de aginda-kommisje in tillefoantsje fan de griffy. Oft wy akkoart gean kinne mei in 'spoed-agendearring' fan de funksjeferoaring fan it Frysk museum. Fanwege de plannen mei it Nij Saailân wolle Provinsjale Steaten witte wat de âlde gebouwen opbringe. Om in maksimale opbringst mooglik te meitsjen, soe in ferromming fan it bestimmingsplan realisearre wurde moatte. Dan soe der bygelyks ek in hotel yn kinne, iepenbier bestjoer, neam mar op. Oan it begjin fan 'e middei krige ik ek al in mail der achteroan mei de oprop, om foar moandeitemoarn 12.00 oere útslútsel te jaan. Plus in memo fan it kolleezje mei in taljochting op de proseduere. No is it sa dat der 4 minsken yn de aginda-kommisje fan de gemeenterie sitte: Amarins Dikken (PvdA), Aukje de Vries (VVD), Piet van der Wal (PAL/GL) en iksels út namme fan de FNP. 2 kolleezjepartijen, 2 oposysjepartijen. Ut de media hie ik fernaam dat in pear grutte fraksjes yn Provinsjale steaten wissichheid hawwe wolle fan de gemeenterie fan Ljouwert oangeande de takomst fan de gebouwen oan de Turf- en Twibaksmerk. De druk wurdt gigantysk opfierd om dit der yn bysûnder koarte tiid trochhinne te krijen. Earlik sein bin ik net fan doel om ûnsoarchfâldige besluten te nimmen oer dizze monumintale gebouwen. En, ik hie woansdei fan Piet van der Wal begrepen dat hy dat ek net fan doel is. It wurdt dus superspannend.

Se binne no fan doel om op 30 oktober, om 18.45 oere, in ekstra kommisje SO (Stedsûntjouwing) te hâlden. En yn de begruttingsgearkomste op 6 novimber, 2 dagen foar de finale beslútfoarming yn Provinsjale Steaten oer it Frysk museum (8 novimber), soenen wy dan ja of nee sizze moatte tsjin de funksjeferoaring. It sil wol in wykein wurde der't de druk fia tillefoantsjes en mails behoarlik opfierd wurde sil...

20 Oktober '06 - 14:17 | | Noch gjin kommentaar


it fallyt fan D66

Op dit stuit stiet D66 yn de peilingen foar de Twadde Keamer op 0 sitten, stie juster yn de Ljouwerter. Neffens my ek gjin wûnder as jo hearre en lêze wat sy wolle. Se lykje it kontakt mei de kiezer definityf kwyt te wêzen. It begûn al mei it foarige kabinet. D66 moast yn it begjin fan de perioade in hiel soad slikke, mar soe dan wol útsjoch hawwe op de realisaasje fan de saneamde kroanjuwelen. It is neat wurden en se hawwe foar myn gefoel ek fierstente let de stekker út it kabinet lutsen. As wy wat tichter by hûs bliuwe dan krij ik de yndruk dat wy te meitsjen hawwe mei in filosofe-klupke dat te bot yn himsels keard is. Hjir yn Ljouwert hawwe se hiel lang folhâlden oan de sweeftrein as ferlossend ferfiersmiddel. Wylst alle ljochten al tiden op read stienen. De beslútfoarming mei it projekt Nij Saailân hjir by D66-Ljouwert wie helendal in drama. No komme se mei it idee om Fryslân, Grinslân en Drinte mar op te heffen en dêr ien provinsje/lânsdiel fan te meitsjen. De reaksjes binne dan ek net sunich. As se sa trochgean kinne se harsels wol opheffe. Hoewol't de (sympatike) bestjoerlike kroanjuwelen noch lang net fersulvere binne...

17 Oktober '06 - 16:59 | | Noch gjin kommentaar


'Warme winternacht' trochsette, jongerein mear by beluke
Moarn besprekke wy yn de kommisje B&M de evaluaasje fan de waarme winternacht. Ut de evaluaasje fan de winternacht komt dúdlik nei foaren dat de effekten fan dizze aktiviteit hiel posityf binne. Der binne minder ûngeregeldheden, der is sprake fan in stik positive promoasje foar Ljouwert en de organisaasje rint goed. By de ferskate partijen is sprake fan tefredenheid. It oarspronklike doel, minder ynsidinten yn de binnenstêd yn de nacht fan âld en nij, wurdt dúdlik helle. Yn de evaluaasje stiet mei safolle wurden dat ‘het incidentenpatroon in de binnenstad tijdens de jaarwisseling wijkt nauwelijks af van een doorsnee uitgaansavond’. It lêste jier is it tal besikers wer omheech gongen fan 2500 nei 3500. Dus, wêrom ophâlde mei dizze súksesfolle aktiviteit? De iennige reden soe wêze kinne it jild. Mar om no krekt yn it jier dat wy der finansjeel sjoen sa goed foarsteane dizze aktiviteit fuort te besunigjen giet ús as FNP dúdlik te fier. In hege yntree heffe is ek net ferstannich. Jo binne dan ek wer ekstra kosten kwyt oan drukwurk, kaartsjes, kontroleurs etc. In lobby by it bedriuwslibben smyt ek net it measte op, sa hat de leste jierren bliken dien. Foar ús jildt fierder dat wy kulturele en musikale aktiviteiten stimulearje wolle, benammen ek foar jongerein. En dêr foldocht de waarme winternacht heel goed oan. Yn kombinaasje fansels mei it tsjingean fan de ûnfeiligens mei âld-en-nij. Want der is dochs altyd in kategory minsken dy’t de relatyf djoere feesten yn de kroegen yn de binnenstêd net betelje kin en dêr is dit in moai alternatyf foar. Ut in enkête ûnder de jongerein sels docht ek bliken dat 82% fynt dat it evenemint bestean bliuwe moat! Wol fine de jongelju dat goede musyk en sfear wichtich binne. En krekt dêr kinne dyselde jongelju ynfloed op útoefenje.  Wat ik wol graach sjen wolle soe is om de jongerein sels mear by de organisaasje te belûken. Tink oan de JAR (Jongeren-advys-rie), de jongelju yn de wykpanels en de frijwilligers fan poppoadium Romein.  Konklúzje: wol trochgean, sykje nei finansjele middels dy't der echt wol binne en belûk de jongerein mear by de programmearing!

15 Oktober '06 - 16:09 | | Al ien kommentaar


susterpartij FNP wint yn Flaanderen mei boadskip ferdraachsumens

It die my ôfrûne wykein deugd dat it Vlaams Belang fan De Winter Antwerpen net 'ferovere' hie. Al skrok ik wol fan de oerwinning fan dy partij yn de lytsere stêden en gemeenten. Alle media-oandacht wie spitigernôch rjochte op dy ekstreem-rjochtse partij. Foar my wie it ek ynteressant hoe't de susterpartij fan de FNP yn Flaanderen (Spirit) it dien hie. It docht bliken dat sy it op eigen krêft tige goed dien hawwe. Sy binne de ferkiezings yngongen mei in 'positief intercultureel verhaal' en hawwe dêrby blykber in goed alternatyf west foar in soad minsken. In boadskip fan ferdraachsumens en mei-elkoar foarút de takomst yn, ynstee fan it yntolerante gedachteguod fan de partij dy't syn heil siket yn brúnhimd-ideologieën fan foar de twadde wrâldkriich. Tritich prosint foarút, dat is wier mear as in lokwinsk wurdich. Yn de ferslachjouwing kaam nei foaren dat it benammen de sosjalisten en kristen-demokraten wienen dy't wûn hienen, mar it binne eins de alliânsjepartijen Spirit (dy't ferbûn wie mei de sosjalisten) en de N-VA (Nieuwe Vlaamse Alliantie) dy't ferbûn wie oan de CD&V dy't de winst opstrutsen hawwe. De N-VA is in nije partij as opfolger fan de VolksUnie, dêr't de FNP earder ek wol mei gearwurke yn de EFA. Sy hawwe no dus ek in goed resultaat helle. Hooplik sille dizze partijen, dy't respekt en toleransje predikje, yn de takomst in noch gruttere fust meitsje kinne tsjinoer it Vlaams Belang.

12 Oktober '06 - 15:12 | | Noch gjin kommentaar


Mear partikuliere wenningferbettering
It giet nei jierren einlings wer goed mei de huzebou yn Ljouwert. De lêste en kommende jierren giet om om oantallen fan tusken de 400 en 640, sa stiet it yn de gemeentlike begrutting. Juster hienen wy begruttingsgearkomste en dêr melde de wethâlder (Sluiter) dat wy dit jier oant no ta ek al hast wer op de 500 sitte. Ek de kommende jierren wurde sokke oantallen ferwachte. En it resultaat? Op bledside 245 fan de begrutting kinne wy lêze dat de befolking amper mear ta nimt. 91.700 yn 2005, 92.400 yn 2006 en 92.200 yn 2007. Wy kinne wol bouwe tsjin de klippen op, mar de groei bliuwt achter. De fraach is fansels, komt dat achterbliuwen soms troch de grutte leechstân by de besteande wenningfoarrie? Der stean mar leafst 813 huzen te keap yn Ljouwert. Wy moatte der om tinke dat de besteande wenningfoarrie op in bepaald stuit net mear oantreklik is. Yn de sneon en snein fan de LC stie dit wykein ek wer in artikel oer in stel dat al tiden besocht har wenning te ferkeapjen, en it slagge mar net. It giet hjir benammen om de huzen yn de âlde sted. Dêrom hawwe wy as FNP juster nei foaren brocht dat dy besteande wenning-foarrie yn de ‘âlde stêd’ takomstklear makke wurde moat. No binne der programma's foar û.o de Vegelinbuert foar wenningferbettering fan partikulieren. Dat soe in oplossing betsjutte kinne foar studinten, minima en minsken dy't (noch) gjin hus keapje kinne of wolle. Dat soe de taname fan it ynwennertal fan Ljouwert ek stypje kinne. Net as doel op himsels, mar om bygelyks kulturele- en sportfoarsjennings oerein te hâlden.
10 Oktober '06 - 16:52 | | Al twa kommentaren


Alle húshâldens in miljeuparkje...

Foto fan it 'miljeuparkje' by ús efterhûs.
En no steane de kompostbult en de gemo-amer der noch net iens op.  Dizze wike hawwe wy fan de gemeente ek in kontener krigen foar it âld-pepier. By ús is dat net sa'n punt, wy hawwe in tún fan sa'n 20 meter djip, dêr kinne jo wol wat kwyt. Mar by ús yn 'e strjitte binne no al tal fan minsken dy't de kontener gewoan noch yn de foartún te stean hawwe, noch net fan syn plak kaam. Doe't it nijs nei bûten kaam fan dy ekstra pepierkontener wienen der daliks minsken út ús strjitte dy't my oansketten: "Dy wegerje wy!" It is nammentlik sa dat minsken oan de oare kant fan de strjitte mar in lyts 'plaatske' hawwe. Ik haw doe sein dat dat wegerjen neffens my ek yndied mooglik is, wat no ek sa blykt te wêzen, want yn de measte wiken wegeret 10% fan de hushaldens de konteners en hoege se him net te akseptearjen. In alternatyf foar dy minsken is it âld-pepier yn spesjale âld-pepier-sammelkonteners te smiten dy’t op ferskate plakken yn de wiken steane. Mar, no sitte se dus mei konteners dy't se net wolle. Wat is it gefal: de minsken fan de miljeutsjinst hawwe by ús yn de strjitte net efkes oanbelle, sa fan 'Wolle jo ek sa'n kontener of dochs leaver net'. Se binne gewoan yn de foartún fan minsken delsetten... Dat is fansels net sa netsjes. Saillant detail: dizze pepierkontener (foto) hat blykber earder funksjonearre as griene kontener yn Ferwerderadiel. Goeie solidariteit tusken dy gemeente en Ljouwert. Ik soe wolle dat Smellingerlân dat ek wat mear dwaan soe;-)  

05 Oktober '06 - 20:01 | | Al trije kommentaren