Sybren Posthumus - Weblog

kontakt
Sybren Posthumus
Gemeenteriedslid Ljouwert
Ibisstrjitte 35
8916 BH Ljouwert
Tillefoan: 058 - 2884700
Mail: sposthumus@leeuwarden.nl
kalender
« July 2008
S M T W T F S
    1 2 3 4 5
6 7 8 9 10 11 12
13 14 15 16 17 18 19
20 21 22 23 24 25 26
27 28 29 30 31    

argyf

links

sykje
feeds
XML Feed (RSS 1.0)
XML: Atom Feed



Foar al jo webhosting!
lokkich nijjier!

Elkenien folle lok en seine!

Iedereen heel veel geluk in 2007!   I wish you all a lot of love and happiness in the new year!

(en ferjit de steateferkiezings net; noch 66 dagen!)

30 Desimber '06 - 16:39 | | Noch gjin kommentaar


ferkear wer feilich Fliet op...

Noch in moai polityk súkseske oan de ein fan it jier. Nei in soad oantrún fan myn kant rjochting wethâlder Waanders hat bushalte-eksploitant Viacom it bushokje op it Fliet in tsiental meters opskood, sadat auto's wer goed útsjoch hawwe en feilich it Fliet opkinne. Op 4 septimber en letter op 4 desimber hie ik hjir wer fragen oer steld. Goed nijs foar de 'Yndyske buert'. En no mar hoopje dat se dêr (en op oare plakken fansels) gjin ûngemakken troch it fjoerwurk krije. Feilige jierwiksel!
28 Desimber '06 - 20:01 | | Al ien kommentaar


nijsgjirrich krystboadskip...
Juster krige ik ûndersteand parseberjocht  fan it Friesisches Forum. It soe fansels wol aardich wêze dat de beweging ek yn East-Fryslân breder wurde soe mei in eigen politike partij.    
F r i e s i s c h e s F o r u m e.V. 26. Dezember 2006
Presse-Information"Braucht Ostfriesland eine eigene Partei?" Umfrage im Internet dokumentiert Interesse
Das Friesische Forum hat mit Interesse die Diskussion um das Erfordernis einer eigenen politischen Vertretung für Ostfriesland zur Kenntnis genommen. In einer Internet-Umfrage hat sich jetzt eine deutliche Mehrheit für eine eigenständige ostfriesische Partei ausgesprochen. Auf der Internetseite der "Ostfriesischen Botschaft" (http://botschaft.ealafryafresena.de)haben sich in zwei Monaten von insgesamt 275 Teilnehmern 233 (= 85 %) für eine eigene politische Interessenvertretung für Ostfriesland ausgesprochen. Angesichts der politischen Gesamtsituation wertet das Friesische Forum das Ergebnis als wenig überraschend: "Es gibt gerade auch in unserer Region eine deutliche Unzufriedenheit mit der politischen Entwicklung", so der stellvertretende Vorsitzende des Friesischen Forums, Arno Rademacher aus Leer. In Westfriesland und Nordfriesland gibt es mit der FNP (Fryske Nasjonale Partij) bzw. dem SSW (Südschleswigscher Wählerverband) bereits seit Jahrzehnten politische Parteien, die die Interessen der Friesen vertreten. Arno Ulrichs, Vorsitzender des Friesischen Forums weist darauf hin, dass "diese Parteien in den dortigen Frieslanden viel für die Friesen erreichen konnten und ein ständiger Stachel im Fleisch der großen Parteien waren , damit diese die friesischen Gebiete nicht vernachlässigen."Das Friesische Forum will sich am weiteren Diskussionsprozess über eine eigenständige ostfriesische Partei beteiligen. Anfang 2007 wird das Friesische Forum dazu eine Diskussionsveranstaltung mit Vertretern der FNP, des SSW und weiteren Regionalparteien organisieren.Bei Rückfragen: Arno Ulrichs 0160-1889343
27 Desimber '06 - 09:10 | | Noch gjin kommentaar


Seva piroz sahibe u sersala te piroz be!

It is de tiid fan de winsken en de krystkaarten. Juster krigen wy in krystkaart yn de bus bestimd foar dhr en mevr Mulder, 7433 AS yn Schalkhaar! No is it bekend dat de PTT, sorry TNT post, it smoardrok hat, mar dit wie wol in flink ein út 'e bocht! Hawar, elkenien moaie dagen tawinske!

23 Desimber '06 - 13:45 | | Al ien kommentaar


Nijbou Provinsjehus: alwer op haren en snaren
Unbehoarlik. Sa mei it sa stadichoan wol neamd wurde. Yn de agindakommisje fan ôfrûne moandei hawwe wy in nota krigen fan B&W oer de 'vervolgdiscussie Stedenbouwkundige uitgangspunten nieuwbouw en verbouw Provinciehuis'. De bedoeling is om dat op 8 jannewaris 2007 te besprekken yn de kommisje Stadsontwikkeling. En wat lêze jo dan? STUKKEN KUNNEN NIET EERDER DAN 5-1-06 WORDEN AANGELEVERD DOOR COLLEGE. No bedoele se dêr fansels 5-1-07, mar it is foar de measte fraksjes hast net te dwaan om hjir goed oer te praten. En dan is it noch de fraach oft it kolleezje wol de stikken levert dêr't de gemeenterie op sit te wachtsjen (nammentlik: byldmateriaal sûnder al te grut 'hichte-aksint', oftewol in te grutte oantaasting fan it karakter fan de binnenstêd). Mar, yn de kuiergongen haw ik al heard dat Soeters him der bot mei dwaande hâldt, ik bin der dus net gerêst op. Wêrom krije wy de stikken no sa let? Wolno, pas op 4 jannewaris wurdt it nijbouplan bepraat yn de Commissie Welstand. In stânpunt fan de rykstsjinsten (wêrûnder Monumintesoarch) wurdt pas op 5 jannewaris ûntfongen. En last but not least, it frege byldmateriaal is ek pas begjin jannewaris klear. Foar de safolste kear yn dit proses moat der haastwurk levere wurde. En seit it sprekwurd net: 'Haastige spoed is zelden goed'?'
21 Desimber '06 - 21:08 | | Noch gjin kommentaar


'junk food'-reclame in kinderprogramma's toegestaan
Op Europees niveau worden regelmatig beslissingen genomen die behoorlijk wat invloed hebben op ons alledaags bestaan. Nu ik het laatste nieuws van onze 'moederpartij' de EFA regelmatig lees krijg ik sterk de indruk dat de lobby van de industrie en commercie toch wel erg sterk is. Eigenlijk ben ik, zeker als ouder met jonge kinderen, verbijsterd over onderstaand bericht van die EFA-site. Reclame voor junk food met veel suiker, vet en zout blijft gewoon mogelijk tijdens kinderprogramma's. Ik ben blij om te constateren dat onze vertegenwoordigers hier tegen hebben gestemd, maar het is en blijft ongelovelijk dat de meerderheid toch accoord is gegaan!  14.12.06 No ban on TV junk food ads (14/12/2006)
Plaid Cymru Euro-MP Jill Evans has criticised a European Parliament decision to liberalise TV advertising that will scupper efforts to ban junk food adverts during breaks between children's programmes. The all-Wales MEP had supported a ban on advertising junk food targeted at children as a means of improving health care and tackling rising childhood obesity. Commenting on the European Parliament vote on new rules on TV Advertising, Plaid MEP Jill Evans said:
" It is regrettable that Parliament has rejected our attempts to ban junk food advertising during children's programmes, especially as there's such public support for such measures. Banning the advertising of foods high in sugar, salt or fat is one of the main demands of the debate on healthier diets".
" We've seen in the US that it is very often these products that are the subject of product placement as well. Not only will programs be interrupted by adverts but these products will be marketed throughout programs. This vote to introduce American-style advertising rules in the EU will lead to even more commercialisation of the media. There will be no escaping commercial intrusion into private lives."
14 Desimber '06 - 19:53 | | Noch gjin kommentaar


Lytse middenstanner de klos

Jûn is der kommisje B&M (Bestjoer en Middels). Dêr wurde ûnder oare de belestingferoarderingen fan 2007 bepraat. Ien fan dy feroarderingen is it rioelrjocht. Wat wy in skoftke lyn nei foaren brocht hawwe, komt no út. De lytse winkelman, it MKB mei in lyts wetterferbrûk is de klos. De regeling pakt super-ûnearlik út, foaral foar minsken dy't in net-wenning (faak in bedriuw) brûke. Ien dy't 10m3 oan wetter brûkt, betellet likefolle as ien mei in ferbrûk fan 450 m3 (nammentlik € 200). As der takom jier protesten komme, is it dúdlik wa't hjirmei ynstimd hawwe: PvdA, CDA, SP en NLP. As FNP woenen wy, tegearre mei CU en PAL/GL, in oare, earliker regeling, nammentlik heffe nei ferbrûk. Dat hawwe wy yn de riedsgearkomste fan 30 oktober ynbrocht.

11 Desimber '06 - 17:01 | | Noch gjin kommentaar


Winst Sudlannen ferdampt

Dizze wike hawwe wy kommisje Stedsûntwikkeling hân, en dan spesifyk oer it bestimmingsplan fan Techum.  Ik kom dêr efkes op, om't ik krekt op de side fan de Omrop lêzen haw dat der in soad belangstelling is foar de bouwerij dêre. Moai, mar ik hoopje net te let. Finansjeel sjoen haw ik dêr wier grutte soargen oer. Punt ien om’t út de ekonomyske útfierberens bliken docht dat der no in negatyf saldo by Techum ferwachte wurdt fan € 3,1 miljoen. Dan wurde jo as riedslid fansels wol efkes goed wekker! Je skrikke en binne benijd nei it totale saldo fan de Súdlannen. Dêrom haw ik fansels mar efkes nei de eksploitaasje fan it hele gebiet sjoen. En doe skrok ik noch mear. Fansels kin ik hjir net op details yngean (it wienen geheime stikken). Mar ik haw wol dúdlik sjoen dat in soad wenten folle letter yn de tiid boud wurde. Dat sil dan de reden wêze dat it positive saldo fan ‘de Zuidlanden’, wat earst miljoenen euro's wie, hast ferdampt is. Mar wat my noch mear fernuvere, wie dat it no net mear de bedoeling is om 6500, mar hast 7000 wenten te bouwen. Myn fraach oer dat lêste oan de wethâlder wie, wêrom wurdt de rie hjir net yn in iepenbiere notysje oer ynformearre? Se (Waanders) antwurde dat de gemeente yn in CV/BV konstruksje siet mei private partijen, en dat it dus net goed mooglik is om hjir en public oer te praten. Achter de skermen barre allegear saken dy't it grutte publyk seker oangean, mar as rie wurde wy kear op kear bûtenspul setten. En yn de aginda-kommisje haw ik al tal fan kearen frege oft de ynformaasje-byienkomsten oer de Súdlannen iepenbier kinne, mar de mearderheid wol dat ek net... Dêrom mar sa’n stikje op de weblog.
 
10 Desimber '06 - 20:01 | | Noch gjin kommentaar


Sis it mar; vertel het maar!

Fan 'e middei hawwe wy as FNP efkes in byienkomst hân yn ferbân mei de steateferkiezings, dy't oer 89 dagen binne. It sil wer in drokke tiid wurde. Fansels hawwe wy al in program, mar ik bin benijd oft der by dij ek noch oare saken spylje, dy't omtinken freegje. Kinst it hjir kwyt by de reaksjerubryk, mar do kinst my fansels ek efkes maile of belje (adressen sjoch by 'Kontakt'). Yn it bysûnder fansels saken út de gemeente Ljouwert, omdat iksels foar Ljouwert by de earste 10 stean (en riedslid bin fansels)! Ast ús helpe wolst yn de kampanje hearre wy dat fansels ek graach!

Vanmiddag voor de FNP een bijéénkomst gehad in verband met de Provinciale Statenverkiezingen, die op 7 maart zijn (nog 89 dagen). Het zal wel weer een drukke tijd worden. Natuurlijk hebben wij al een programma, maar ik ben benieuwd of er bij jou ook nog andere zaken zijn die op dit moment van belang zijn. Je kunt het kwijt in de reactierubriek, maar je kunt me natuurlijk ook even mailen of bellen. Als het over Leeuwarden gaat helemaal, want ik ben op dit moment ook nog raadslid en sta als Leeuwarder bij de top-10! Als je ons op de één of andere wijze wilt helpen in de campagne, graag (laat het me maar weten)!

08 Desimber '06 - 21:08 | | Noch gjin kommentaar


Fryslan kwaliteitsregio!

Dat wie dizze wike efkes in goede oppepper yn it FD: 'Scholen in Fryslân doen het goed!' Nij bewiis dat it predikaat 'Fryslân efterstânsgebiet' no echt út de boekjes en út ús tinken moat. Wy moatte ta nei Fryslân as kwaliteitsregio. Earder wie ek al oantoand dat de trijetalige skoallen it hiel aardich dogge. Better mei Frysk, gelyk mei it Nederlânsk en de plus fan Ingelsk. Struktureel en mei goede learmetoaden wurkje oan better ûnderwiis yn Fryslân yn it belang fan de bern, it kin dus wol! In skoftke lyn haw ik fan de projektlieder fan de trijetalige skoalle in oersjoch krigen fan alle skoallen dy't belangstelling hawwe foar dat konsept, en dat wie bemoedigjend (der wienen ek skoallen út de gruttere plakken lykas Ljouwert by). Yn it FNP-program foar de steateferkiezings (noch 87 dagen) stiet it sa: 'Mear meartalich ûnderwiis
Goed ûnderwiis is fan essinsjeel belang foar it yndividuele bern, mar ek foar de takomstige wurkgelegenheid yn Fryslân. De FNP stribbet nei kwalitatyf goed meartalich ûnderwiis dêr't Frysk en Hollânsk rom har gerak krije. Skoallen dy't wurkje neffens in bewust taalkonsept (bygelyks de trijetalige skoallen), helje goede risseltaten. Opfallend is dat krekt dy konsepten derfan út geane dat bern wol wat oankinne. De FNP wol dan ek ôf fan it efterstânstinken. Wichtich punt foar de FNP is it yntegrale taalûnderwiis. Dat bestjut dat troch de hiele skoalle hinne meardere talen oan bod komme en dat der goed neitocht wurdt oer hoe't je mei dy talen omgeane'.

06 Desimber '06 - 16:42 | | Noch gjin kommentaar


skoarstien fan de binnensted?
Wurdt it nije Provinsjehûs de skoarstien fan de binnenstêd? As ik de nijste 'Volumestudies' fan Soeters Van Eldonk Ponec Architecten lês wol. Op 31 oktober hawwe wy as FNP by it masterplan Twibaksmerk/Turfmerk al sein dat in aksint ek in aksint bliuwe moat as it oer de bouhichte fan it nije provinsjehûs giet. En foar myn gefoel wie dat ek de útspraak fan de mearderheid fan de kommisje. Mar, wêr’t ik al bang foar wie en wat ik doe ek al útsprutsen haw, it Provinsjehûs krijt as it oan B&W leit as iennige yn it hele gebiet fan it bestimmingsplan in útsûnderingsmooglikheid om folle heger te bouwen as de hichte dy't no jildt fan sawat 17 meter. 40 meter! Dat fansels ek om't de provinsje dan de gebouwen oan de oare kant, it Wite en Hege Hûs, ôfstjitte kin. Yn it masterplan stie al: 'Slechts incidenteel is in het verleden afgeweken van huidige bouwhoogten en ook in de toekomst wil de gemeente slechts bij hoge uitzondering afwijken van de geldende hoogtematen en de geformuleerde welstandscriteria. In het plangebied wordt een dergelijke uitzondering alleen overwogen bij het nieuwe Provinciehuis'. It komt by my allegear tige ynkonsekwint oer. Sa as de FNP-Ljouwert al earder nei foaren brocht hat, in bouhichte op dat plak fan 40 meter nokhichte is foar ús net akseptabel. Dizze útsûndering is net normaal mear. It beskerme stedsgesicht wurdt ferknoeid.  De neidielen fan twa lokaasjes wurde gewoan opblaast en de foardielen oerdreaun te'n koste fan it stedsgesicht. Kin de Provinsje oan de oare kant fan de Twibaksmerk wier gjin twadde kantoar hâlde? Of, wêrom net wat hiere by Achmea of bouwe by it stasjon foar in part fan de útfieringsorganisaasje? As ik de lûden fan minsken hear dy't op it Provinsjehûs wurkje dan hie dizze eksersysje lang sa grutskalich net hoecht as wat der no dien wurdt.

03 Desimber '06 - 19:33 | | Al ien kommentaar