kontakt
Sybren Posthumus
D.S. Bangmastrjitte 25
9008 TJ Reduzum
Tillefoan: 0566 - 602928
Mail: sybrenposthumus@hotmail.com
kalender
« Maart 2010
S M T W T F S
  1 2 3 4 5 6
7 8 9 10 11 12 13
14 15 16 17 18 19 20
21 22 23 24 25 26 27
28 29 30 31      

argyf

links

sykje
feeds
XML: RSS Feed
XML: Atom Feed



Foar al jo webhosting!
skeastoarm beammen Ljouwert 500.000 euro!

Ferline wike krige ik it personielsblêd fan 'e gemeente Ljouwert yn 'e bus. Der stie ek in nijsgjirrich stik yn oer de lêste 2 stoarmen dy't ús lân teheistere hawwe (dy fan 1 novimber, en dy fan jannewaris). Dy twa stoarmen hawwe allinnich al yn Ljouwert in heal miljoen euro skea oanrjochte oan de beammen (dus noch ôfsjoen fan oare saken, lykas dakpannen, auto's ensfh). In gigantysk bedrach fansels. Hoefolle soe it foar hiel Fryslân wêze? De koördinator wyksaken by de gemeente tinkt dat dit yn 'e takomst faker foarkomme sil troch de klimaatsferoarings. It liket my dat dit wer in ekstra reden is om as politisy no folop yn't spier te gean om dy klimaatsferoarings tsjin te gean!

31 Maart '07 - 21:17 | | Noch gjin kommentaar


Gaat verkwanseling stadsgezicht door?

Als je de betonnen blokken vanwege de pleinherinrichting aan de onderkant van de foto even wegdenkt, is dit een prachtige wand in het centrum van Leeuwarden. Een pleinwand, wel te verstaan. Echter, hoe lang nog? Aanstaande maandag mag de gemeenteraad zich uitspreken over de vraag of, en zo ja, onder welke voorwaarden, de oostkant van het Oldehoofsterkerkhof bebouwd mag worden (zodat deze wand volledig uit het zicht wordt ontnomen). Het college heeft het alvast ingevuld: 'Richtlijnen mogelijke bebouwing Oldehoofsterkerkhof'. Blijkbaar wil men hier ook nog een 'slurf' bouwen, nu echter als vrijstaand object. Enige tijd geleden zei wethouder Waanders dat de binnenstad voldoende  beschermd was door Structuurvisie en Bestemmingsplan. Daarop zei ik dat dat op papier inderdaad zo mocht zijn, maar dat het van de raadsleden af hangt of het historisch stadsgezicht niet verder wordt aangetast. Immers, bij concrete initiatieven zal steeds opnieuw beoordeeld moeten worden in hoeverre men hiermee accoord gaat. In dit geval zeg ik: wat mij betreft kan deze nota van tafel, en komt op deze plek helemaal geen bebouwing. Er is al genoeg moois verdwenen in de binnenstad. Bovendien zal hierdoor het plein veel kleiner worden (minder ruimte voor (culturele) activiteiten).
29 Maart '07 - 15:00 | | Noch gjin kommentaar


Saailan under druk

Ofrûne tiisdei hawwe wy as riedsleden wer efkes in oerlis mei de winkeliers fan it Saailân hân. It docht bliken dat it ûndertekenjen fan de SOK (SamenwerkingsOvereenkomst) tusken de ferskate partijen (ING, Achmea, gemeente en Frysk museum) behoarlik útsteld is. Wat ynhâldt dat de druk op 'e planning allinnich mar grutter wurdt. 1 jannewaris 2008 wurdt no begûn oan de kant fan 'e Wurdumerdyk, yn april 2008 giet de parkeargaraazje der út en yn 2008 wurdt de oare kant fan it winkelsintrum 'ûnder hannen nommen'. De winkellju binne fral benaud dat der in beskate perioade oan beide kanten (dus sawol oan 'e kant fan 'e Wurdumerdyk as oan 'e 'pleinkant') boud wurde sil, omdat it dan in soad oerlest jout en der minder 'loop' komt nei it winkelsintrum Saailân. Mar troch it útstel sille der no dochs in pear moanne komme dat der al oan beide kanten boud wurdt (wat earst net de bedoeling wie). Op syn sachts sein binne de ûndernimmers dêr net bliid mei. Earlik sein haw ik noch gjin spyt dat ik as riedslid tsjin Nij Saailân stimd haw...  

28 Maart '07 - 14:36 | | Noch gjin kommentaar


WMO: de boarger oan it wurd!

Kommende woansdei hawwe wy wer in politike merk. It sil no einlings oars, is de bedoeling. Oant no ta wie it sa dat de haadrol foar de riedsleden weilein wie, en der mar sa no en dan in boarger meiprate. De lêste kear, doe't wy it referindum yn Ljouwert bepraten en hoe fierder, wie al helendal in drama. Wy seagen hieltyd minder minsken op 'e publike tribune en it wie kwa presintaasje en oan elkoar praten hiel rommelich. Gjin wonder fansels dat it kwa belangstelling minder en minder waard. Minsken hienen it gefoel dat der net nei har harke waard en kwa organisaasje rûn it ek net. No hooplik woansdei better. Der binne yn it foarste plak al 45.000 WMO-kranten (!) yn de hele gemeente ferspraat (se hawwe my en oare riedsleden ek ynterviewd foar dy krante). Dat is stap ien om minsken op 'e hichte te bringen. Yn it twadde plak moat it no mear in harksitting wurde, dus de boarger oan it wurd ynstee fan dat de riedsleden dêr al oerelkoar hinne falle. Mei as doel fansels 'it krijen fan maatwurk foar de boarger'. Troch woansdei goed te harkjen kinne de riedsleden dat maatwurk hooplik leverje.   

19 Maart '07 - 19:08 | | Noch gjin kommentaar


Byldferslaggen gemeenterie no ek op it net!

Neist de lûdsferslaggen dy't der al in hiel skoft binne, kinne de gearkomsten fan de gemeenterie no ek efterôf besjoen wurde ('útstjoering mist'). De firma Notubiz makket fan 1 jannewaris ôf dizze ferslaggen. Dêrta is der in breedbân ferbining makke oer it ynternet fanút de riedsseal yn it stedhûs nei Notubiz. De gearkomsten kinne mei dizze ferbiningen no ek live besjoen wurde op it ynternet (wat ik op dit stuit dus ek doch, fan de kommisje Bestjoer en Middels). De byldferslaggen binne fan no ôf te rieplachtsjen fia de website fan de gemeenterie. Dit soe ek wol wat foar oare oerheden wêze (bygelyks de Provinsjale Steaten!).

12 Maart '07 - 20:04 | | Noch gjin kommentaar


in respektabele utslach...

The days after... Tiid foar analyses en selsrefleksje. Hoe moatte wy dizze útslach no oantsjutte? Pieter de Groot hie juster yn de Ljouwerter in skerpe en neffens my treflike analyse. It liket wier net sa min. Ofrune tongersdei wie ik efkes yn it partijhûs fan de FNP, hjir yn Ljouwert, en dêr hinget in hiele rige útslaggen fan 1987 oant no ta. Ik sil it jim net ûnthâlde. In pear gemeentlike utslaggen binne spitigernôch net berekkene, om't it totaal tal stimmen net goed bekend is.

1987 steaten    4,5%

1991 steaten    6,1%

1995 steaten    6,4%

1998 gemeente 7,7%

1999 steaten    8,4%

2002 gemeente 9,4%

2003 steaten   13,2%

2006 gemeente 9,5%

2007 steaten   10,7%

En, de sit yn de Earste Keamer liket ek feilichsteld. Sterker, miskien krije wy sels twa sitten fia de OSF!

10 Maart '07 - 14:54 | | Al trije kommentaren


Kiezers, betanke!!

Alderearst, elkenien betanke foar jim stimmen foar de FNP. Iedereen hartelijk dank voor alle stemmen op de FNP! Net ûntefreden, dat is it gefoel wat ik haw oer it resultaat fan de FNP nei juster. Yn 2003 hienen wy dúdlik it 'sweeftrein-effekt', in gigantyske útslach fan mear as 13%. Dat krije jo net gau wer. De FNP is in partij fan stadige opbou en groei, en 2003 wie in útsjitter. In lyts ferlies hie ik persoanlik al ynkalkulearre. Ik wie earlik sein ek útgongen fan 5 sitten, dus net iens ûnaardich. Ferlike mei de ferkiezings fan de gemeenterieden, eksakt in jier lyn, binne wy sels foarút buorke, fan 9,6% nei 10,6%. Yn Ljouwert binne wy fan 7,0% yn 2003 nei 6,5% dit jier gongen, 0,5% achterút en dat is marzjinaal. Ferline jier mei de riedsferkiezings hienen wy noch 4,2%, dus ten opsichte fan dy útslach sels foarse groei. Wol is de útslach heel ûnrjochtfeardich. De SP hat der 4 jier lang in sûpsoadsje fan makke yn Fryslân en wint dan ek noch sterk (fan 2 nei 4). En it is foaral in ferlies foar de demokrasy dat polityk Den Haach miende dat de steaten wol lytser kinne nei 43 minsken, sadat D66 no fuort is, Gemeentebelangen net weromkomt en ek de OFS (Pim Fortuyn-partij), al hat dy lêste partij der de leste jierren ek net safolle fan makke.

Beste mensen, mede dankzij jullie stemmen gaan we de komende vier jaren weer werken aan een beter en sterker Fryslân. Oog voor de wensen en behoeften uit deze regio, de menselijke maat voorop en inzetten op de kwaliteiten van Fryslân. Of ikzelf ook in de Staten kom? In eerste instantie niet (ik sta op plaats 6). Dus eerst ga ik me nog voor de volle 100% inzetten voor de belangen van Leeuwarden! Maar, je weet maar nooit hoe het de komende tijd loopt... 

08 Maart '07 - 09:08 | | Al twa kommentaren


Stim FNP-er yn Earste keamer!

Op it nijs hearde ik dat it hiel spannend wurde sil oft de koalysje fan PvdA, CDA en CU wol in mearderheid yn 'e Earste Keamer helje sil. Stim dêrom hjoed net allinnich de FNP yn de Provinsjale steaten, mar ek in FNP-er yn de Earste Keamer (Hindrik ten Hoeve). Hy sit dêr no ek al 4 jier (foar de OSF), en kin dan mooglik in krusiale rol spylje as der krekt ien stim te min is foar de regearingspartijen! Boppedat binne jo dan wis dat der yn elk gefal ien ut Fryslân yn de Earste Keamer komt, want dat is by de 'Haachske' partijen sterk de fraach.    

07 Maart '07 - 11:47 | | Noch gjin kommentaar


Ferantwurding fan in kampanje-dier...

It sit der op, alles dien wat jo dwaan kinne wat yn jo mooglikheden leit. Sels haw ik 3700 struibiljetten ferspraat yn de MTV-wyk en Bilgaard-east, soarge dat de 25 poosters by de gemeente kamen en twa middeis op 'e Nijstêd stien. In adverinsje en in advertorial yn de Liwwadders, de aksje mei de FNP-fytskarre, iten siede foar swalkers yn it Oanrinhûs en aktyf oan 6 ferkiezingsdebatten meidien yn hiel Fryslân. Fansels it iepen hûs by Arjan en Elizabeth, mar ek in sjippekist-presintaasje by de Waach op 'e Nijstêd. In aksje foar de universiteit op 1 maart en in aksje tsjin weryndieling en tsjin it opheffen fan de Provinsje Fryslân. Grif haw ik saken fergetten. It is no oan de kiezer, jimme! Moarn sille wy it witte. As ik foar de FNP yn de steaten kom, soe in dream útkomme. Folksfertsjintwurdiger fan it heechste orgaan fan Fryslân, de steaten. It wurdt tige spannend...

Het zit er op, alles gedaan wat voor mijn gevoel zo'n beetje in mijn mogelijkheden ligt. Zo heb ik zelf 3700 folders verspreid in de MTV-wijk en Bilgaard-Oost, ervoor gezorgd dat de 25 posters voor de verkiezingsborden bij de gemeente kwamen en twee middagen op de Nieuwestad gestaan. Een advertentie en een advertorial in de Liwwadders, de promotieactie met de FNP-fietskar, eten koken voor de daklozen in het Aanloophuis en actief aan 6 verkiezingsdebatten meegedaan in heel Fryslân. Natuurlijk het Open Huis-initiatief bij Arjan en Elizabeth, maar ook een zeepkist-presentatie bij de Waag op de Nieuwestad. Een actie voor de universiteit op 1 maart en een actie tegen herindeling en tegen het opheffen van de Provincie Fryslân. Vast zal ik zaken hebben vergeten. Het woord is nu aan kiezer, jullie! Morgen weten we het. Als ik voor de FNP in de staten kom, zou een droom uitkomen. Volksvertegenwoordiger van het hoogste orgaan van Fryslân, de staten. Het wordt enorm spannend... 
06 Maart '07 - 19:11 | | Al trije kommentaren


Jonge asielzoekers helpen FNP bij folderen

Een goed doel in combinatie met verkiezingen. Dat is in de praktijk gebracht in Lemmer. Een groepje jonge asielzoekers wilde de FNP graag helpen om promotie te maken, anderzijds wilden ze ook collecteren voor een stichting die hun heel goed heeft geholpen de laatste jaren. FNP‘er Arjen Tjerk Loonstra uit Lemmer kwam op het idee om, voor een leuk bedrag, de kranten met stickers te laten bezorgen door een aantal asielzoekers die geholpen zijn en/of worden door de stichting Medemenselijkheid Friesland. Iedereen wilde graag meehelpen, maar niet alleen dat! Een aantal was zo enthousiast dat ze meteen het verkiezingsprogramma wilden lezen van de FNP. Op de foto staan een aantal enthousiaste bezorgers, helaas niet de hele groep, en rechts: Pieta Kroonemeijer. Één van de vrijwilligers van Medemenselijkheid Friesland. Een prachtige kleurrijke combinatie natuurlijk!  

Vanmorgen in Sneek geweest voor een jongerendebat op ROC de Friese Poort. De 'Ik love Fryslân'-stickers waren weer zeer in trek. Straks om 16.00 een zeepkistdebat bij RTV Mercurius, dan nog even folderen, vanavond commissie stadsontwikkeling (discussie over stenen Nieuwestad!) en morgen onder andere naar Drachten.

05 Maart '07 - 14:24 | | Al trije kommentaren


Iepen hus: smeudige ferhalen, pittige kollums

Justerjûn wie it dan safier, it earste Iepen hûs fan FNP-leden hjir yn Ljouwert foar de buert. Neffens my is it sels de earste kear dat in soartgelikens inisjatyf yn Fryslân plakfynt. Foar mysels wie it ek in grutte ferrassing hoe't it wurde soe, want ik siet net yn 'e organisaasje (loslitte is ek in keunst!). En ik moat sizze, it wie in moaie jûn mei tige nijsgjirrige ûnderdielen. Punt ien wie it al hiel aardich dat de happening by ús âld-stedsdichter Arjan Hut thús wie, freon fan nûmer 19 fan de FNP-steatelist Elizabeth Hietkamp. Arjan Hut hat tegearre mei de nije stedsdichter Derwent Christmas in optreden hâlden op 'e souder fan it hûs (tige smûk!). As earste kaam Kerst Huisman mei in stikeljende kollumn oer Ljouwert. Hy woe hawwe dat der mear ferset komt tsjin alle bybaantsjes en de djoere tsjinstauto fan Ed Nijpels. Ek it sizzen fan guon Ljouwerters dat de stêd in 'Voorpost' fan de rânestêd wêze moat, wie him min nei't sin. Nee, der moast gau in universiteit komme om fan dat soarte fan ôfhinklikheidstinken ôf te kommen! Efkes letter spile Job van 't Veer fan Lawn ûnder in soad belangstelling yn de badkeamer fan de famylje Hut. Fansels it it alderaardichste om mei nije minsken út de buert yn 'e kunde te kommen, en dy wienen der ek! Echte Liwwadders út 'e Fliet-buert, mar ek in flechte Afghaan. Der wie in frou út de wyk (ek in nij-ynkommeling, út Súd-East Azië) dy't har stimpas kwyt wie. Dy hawwe wy fansels efkes wiisd op de mooglikheid om dy noch oant en mei tiisdei by de gemeente op te heljen. Persoanlik fûn ik de workshop 'aventoerlik libjen' fan Eric Hoekstra wol hiel leuk. Ynstee fan in ienrjochtings'kolleezje' dage Eric elkenien út om, mei de eagen ticht, in aventoer te fertellen dat hy of sy meimakke hie. Der kaam sels in 'aventoerke' foarby, om reade earkes fan te krijen...

 Noch 3 dagen. Hjoed ek alwer in machtiging krigen fan ien dy't woansdei op d-day yn Dútslân sit. Minsken, kinne jim net stimme, machtigje dan ien en lit jim stim net ferlern gean. Nim oars efkes kontakt mei my op (adresgegevens stean hjirneist)...  

04 Maart '07 - 19:42 | | Noch gjin kommentaar


Stimming poerbest!

Sakrekt wer in pear oeren op 'e Nijstêd stien. Ik kin wol sizze dat de stimming better en better wurdt. Ik merk dat in hiel soad minsken it lêste nijs folge hawwe oer de gas- en sâltwinning yn Noard-West Fryslân en dat se der knap de búk fol fan hawwe. Oan de iene kant fansels fan de boaiemdelgong, de skea oan huzen, diken en pleatsen, oan de oare kant it feit dat Fryslân (it Noarden) fan al dy miljarden oan delfstoffen mar in sinteklaaspresintsje werom krijt. Der kaam ek in man by my dy't sei dat Shell dêr sels net doarde te boarjen fanwege de risiko's. Hy wist wol fan 'Mining'-rapporten dy't Shell hie en dy't oantoanden dat it allegear te folle gefaren oplevere. Hy lei ek in relaasje mei de klimaatsferoarings, hy fûn it ûnfoarstelber dat jo yn in gebiet sa ticht by de see it lân en de diken noch fierder sakje litte.
It is allegear knap slim wat dêr bart en de measte partijen hawwe der doedestiids 'gewoan' mei ynstimd. Mar sawat elkenien yn de regio wit dat de FNP him fan begjin ôf oan fûl fersetten hat tsjin de gas- en sâltwinning út de grûn. Hjoed fernaam ik hjir yn Ljouwert dat minsken dat woansdei by de ferkiezings (noch 4 dagen!) net ferjitte sille!   

03 Maart '07 - 16:02 | | Noch gjin kommentaar


Neat te kiezen foar Ljouwerters?
Guon sizze dat it de kampanje fan de nuânse is. Der soe neat te kiezen wêze, de stânpunten foar de ferkiezings fan 7 maart yn Fryslân soenen ticht by elkoar lizze. Dat weagje ik lykwols te betwiveljen. Jûn sil ik nei in diskusje ta yn De Bres-EFTRIJE. Stêd en steaten, dêr giet it oer. Fansels kinne jo achterom sjen, dat CDA en VVD bygelyks keazen hawwe foar útwaaiering fan de megawinkels (GDV, Grutskalige Detailhannel) oer de Provinsje, dus ek nei plakken as Drachten en Hearrenfean. Gelokkich hawwe PvdA en FNP dat opkeard, mei noch in pear oare partijen. De FNP is mei in moasje kommen om der by de Twadde Keamer op oan te trunen om Ljouwert as Nasjonale netwurkstêd op te nimmen yn de Nota Romte. Allinnich D66 stipe dat, PvdA, CDA, VVD en GrienLinks kamen doe net foar Ljouwert op. It rêden en it súksesfolle ferfolch fan Liet Ynternasjonaal waard net stipe troch de VVD. De útbou fan de Fryske Akademy en it stimulearjen fan mastersopliedingen, allinnich wer de tsjinstimmen fan CDA en VVD. As wy nei sokke saken sjogge, liket it hast wol oft de VVD net foar Ljouwert kiest. En, dat kloppet ek wol as wy nei harren program sjogge. Ljouwert wurdt mar twa kear neamd, wylst alle oare wat gruttere partijen (CDA, PvdA, FNP en Grien Links) minimaal fjouwer kear it wurd ‘Ljouwert’ of ‘Leeuwarden’ neame. Dan nei de takomst. De Suderseeline, tsjinwurdich de fariant HST, de Hegesnelheidstrein foar minimaal 4,1 miljard euro tusken Grins en Skiphol. watfoar partijen wolle dy djoere trein, dy't Ljouwert 30 kilometer foarbyraast en it lânskip slim skeine sil? VVD, CDA mar ek GrienLinks! Nei alle gedachten sille der ek tsientallen, sa net hûnderten miljoenen euro’s oan Frysk mienskipsjild by moatte. As FNP kieze wy leaver foar it 'regiospesifike pakket', mei maatregels dy't op de regio tasnijd binne. Wat kin dat foar Ljouwert ynhâlde? In opwurdearring fan it besteand spoar tusken Ljouwert en Swolle, ferbettering fan it spoar Ljouwert-Grins (intercity), faker ride litte fan de treinen fan Ljouwert nei Grins, Harns en Starum, it opsetten fan in wettertechnologysk topynstitút yn Ljouwert, de ynfalswegen nei Ljouwert oanpasse en oanlizze (Westlike ynfalswei, Drachtsterkompleks), in bettere Heak om Ljouwert, it stimulearjen fan de ekonomyske aktiviteit yn de stêdlike sintra en bopperegionale Q-liners. Finansjeel skoart it ferbetterjen fan de berikberens fan Ljouwert ek posityf: de baten binne 186 miljoen, de kosten 160 miljoen euro. Jun sil ik dizze punten seker ynbringe by de diskusje. Ljouwert en Fryslân moatte kieze foar harsels...

01 Maart '07 - 15:15 | | Noch gjin kommentaar