Sybren Posthumus - Weblog

kontakt
Sybren Posthumus
Gemeenteriedslid Ljouwert
Ibisstrjitte 35
8916 BH Ljouwert
Tillefoan: 058 - 2884700
Mail: sposthumus@leeuwarden.nl
kalender
« July 2008
S M T W T F S
    1 2 3 4 5
6 7 8 9 10 11 12
13 14 15 16 17 18 19
20 21 22 23 24 25 26
27 28 29 30 31    

argyf

links

sykje
feeds
XML Feed (RSS 1.0)
XML: Atom Feed



Foar al jo webhosting!
klacht oer rioelbelesting, lytse undernimmers de dupe
As riedsleden hawwe wy juster de earste offisjele klacht krigen oer de nij-ynstelde rioelbelesting. De klacht is fan in ûndernimmer, fan 'De Tuinen' yn it winkelsintrum Saailân. Dit is krekt wat ik ferwachte hie en ek útsprutsen (by punt 17) haw doe't wy de behanneling fan de rioelbelesting yn de gemeenteried fan 30 oktober 2006 hienen: de lytse ûndernimmers wurde wer de dupe! Wat is nammentlik it gefal? Foar ûndernimmers jildt fan dit jier ôf ien fêst taryf foar de earste 500m3 wetter, oft jo no 1 m3 of 499 m3 brûke, elkenien betellet itselde: 163,50 euro. De winkel yn kwestje brûkt mar 43 m3 op jierbasis. Dy is der dus flink op achterút gongen. Wy hienen as FNP, tegearre mei CU en PAL/GL, foarsteld om it te keppeljen oan it wetterferbrûk ('waterspoor'). Mar, in grutte mearderheid fan PvdA, CDA, SP en NLP woenen dêr net oan. De VVD woe in wat oare regeling, basearre op in heech basisbedrach en fierder ek mear nei rato fan it ferbrûk. Sa't ik sei, de klachten hie ik al ferwachte, it is in totaal net earlik systeem. sa't de ûndernimmer sels skriuwt: 'Aangezien de meeste, zo niet alle ondernemingen ongeveer een zelfde verbruik hebben kan ik mij niet aan de indruk onttrekken dat hier de belastingdruk voor ondernemers wel op een erg gemakkelijke manier door de gemeente wordt verhoogd.'   

29 April '07 - 14:44 | | Noch gjin kommentaar


Nieuw Zaailand: aftellen tot zomervakantie?

Weer terug in de stad na de inspirerende reis naar Bilbao. En hoe was de terugreis? Niet geweldig. Ik ben op het station van Arnhem, waar ze de boel druk aan het opknappen zijn, van een grote metalen trap gevallen waardoor ik nu redelijk gehandicapt rondloop. Gelukkig gaat het fietsen wel goed, waardoor ik me nog enigszins kan verplaatsen. Maar goed, direct maar over tot de orde van de dag. Zonet kreeg ik een telefoontje van een steunfractielid van de FNP. Hij is ook lid van het Koninklijk Fries genootschap, die gisteravond een vergadering hadden. Als laatste zou Cees van't Veen, de directeur van het Fries museum, vertellen over de stand van zaken met het project Nieuw Zaailand. Het eerdere enthousiasme bij de man was helemaal weg, zo werd me verteld. Er zou geen enkele oplossing op de korte termijn zijn, het is allemaal een 'enorme puzzel' zou hij letterlijk gezegd hebben. De planning en financiering staat enorm onder druk. Wat de financien betreft, maakte Van 't Veen duidelijk dat elk voor zijn eigen gedeelte verantwoordelijk is, en dat het Fries museum voor zijn gedeelte staat. Maar voor de andere partijen worden er tegenvallers verwacht, waar men niet op berekend is. Als laatste maakte de directeur duidelijk dat er voor de zomervakantie echt een besluit moest zijn gevallen, anders zou het Fries museum zich echt terugtrekken. Mijn fractiegenoot kreeg de indruk dat er een enorme patstelling is ontstaan, hij kreeg de indruk dat er wordt afgeteld totdat de zaak ploft.

25 April '07 - 11:48 | | Noch gjin kommentaar


Leste dei-ferslach...

De lêste dei alwer fan de reis nei Baskelân. Foar elkenien dy´t troch de massamedia it byld hat dat plysje en ETA hjir alle dagen striid leverje en dat der in ûnfeilich gefoel op strjitte is, dat byld kloppet absolút net. Op strjitte is der suver neat te merken fan de politike spanning. Sa út en troch lôget it op, mar foar it oare giet it libben hjir gewoan troch. Yn ús hotelkeamers hawwe wy in boek mei as titel ´Euskadi Essencials´. Dêr stiet hiel goed yn beskreaun dat Baskelân tsjintwurdich in ryk en modern lân is. Kwa BNP soe it bygelyks it op 3 nei rykste lân fan Europa wêze. Mear as 20% fan de jongerein krijt in oplieding op universitêr nivo. Der is in soad toerisme en de foarsjennings binne tige goed.

Juster nei Gernika ta west, it plak dêr´t yn 1937 troch bombardeminten fan de Dútske fleantugen tusken de 800 en 1200 Basken omkamen (it eksakte oantal binne se nea te witten kommen, om´t Franco opdracht jûn hie alle dokuminten dy´t nei de bombardeminten ferwiisden te ferbaarnen of ferneatigjen). En dan moatte jo rekkenje dat Gernika yn dy tiid in frij lyts doarp wie, wat dus foar in grut part fernield en ferbaarnd is troch ferskate soarten bommen fan de Dútsers, dy´t de Spaanske nasjonalisten fan Franco holpen. As EFA-delegaasje hawwe wy nei it fredesmuseum ta west. Dêr waard ús dúdlik makke dat Franco publisitêr sjoen ´Gernika´ brûkte om de republikeinen swart te meitsjen. Sa wienen in wichtige brêge en it Baskysk parlemint net fernield en waarden der foto´s makke fan plysjes en militêren fan Franco dy´t dy saken ´bewaakten´ tsjin de republikeinen. De hiele skuld fan de fernieling fan Gernika waard troch Franco ek yn ´e skuonnen fan de republikeinen skood (mei help fan de massamedia). It wie allegear tige yndrukwekkend. Justerjûn noch in itentsje hân mei myn twa oare Fryske reisgenoaten Douwe en Roel en de foarsitster fan de EFA Nelly Maes dat om 00.45 ôfrûn wie. En moarn yn Ljouwert wer hurd oan ´e slach mei de begrutting fan 2008 (kaderbrief). Oant safier myn ferslach hjir út it moaie griene Baskelân wei...

22 April '07 - 10:03 | | Noch gjin kommentaar


Lytse wrald...

Justerjûn in tige lúks diner hân yn it ferneamde Guggenheim-museum. No hie ik yn in fakânsje jierren lyn al ris earder yn it gebou west, mar dan om keunst te besjen. No dus in offisjeel miel. Nei´t ik juster offisjeel keazen wie yn it EFA-buro (bestjoer), mocht ik ek oanskowe oan ´e tafel dy´t ornearre wie foar it buro en in pear hege officials út Baskelân. Sa siet ik skean foar de minister fan ûnderwiis fan Baskelân oer, Tontxu Campos Granados. Dat, it petear gong ek foar in grut part oer ûnderwiis. It die bliken dat hy oer 3 wiken nei Ljouwert ta soe foar in kongres oer ûnderwiis!! Sa sjogge jo mar wer hoe lyts de wrâld is en hoe wichtich ek organisaasjes as de Fryske Akademy en Mercator binne foar de útstrieling fan Ljouwert. De man wie tige yntereressearre yn de foardielen fan meartaligens, om´t der yn guon plakken yn Baskelân fan ûnwittende âlden noch wolris fragen kamen hoe goed it no al of net foar de bern is. Wê hawwe wy dat faker heard... Ik haw him tasein dat ik him it adres fan de de website fan de Welsh Language board tastjoere soe, dêr´t tsien wittenskiplik oantoande foardielen fan meartaligens yn stean. Fierder juster ek in pear kear mei in oar nij burolid praat, dy´t fan de Aland-eilannen komt, in regio foar de kust fan Finlân. Hy hat kontakten mei de minsken dy´t der foar soarge hawwe dat de eilannen in eigen ekstinsje op it ynternet krigen hawwe, ek al binne se sels gjin steat. Hy hat my tasein dat er my de adressen takomme litte sil, sadat wy as Friezen of FNP dêr mei fierder kinne.

As lêste hat der juster noch in nijsgjirrige moasje oan ´e oarder west op de Algemiene Ledegearkomste wat foar my werkenber wie. It is sa dat se flakby Zaragoza, de haadstêd fan Aragon (regio yn de Spaanske steat),  in grutte nije militêre fleanbasis bouwe wolle. Mar de befolking hat dêr grutte muoite mei. De moasje is dan ek oannommen. Nei de tiid haw ik harren fertsjintwurdiger noch mar efkes wiisd op de hichterjochtlinen fan it Ministearje fan definsje, dêr´t ek wy yn Ljouwert mei oantangele sitte en dy´t troch de NAVO oplein binne. En dy´t dus ek fan tapassing wêze soenen op Zaragoza... Sa sjogge jo mar wer, tûzenen kilometers fierder, mar de wrâld is lyts en werkenber.

21 April '07 - 08:52 | | Noch gjin kommentaar


Groetnis ut Bilbo!

Ja, ik bin der al, sit no yn in 5-stjerrehotel (Carlton hotel) yn Bilbo efter de kompjûter om de log efkes by te wurkjen. Earlik sein haw ik sa stadichoan aardich wat hotels meimakke, mar dit is wol in echte topper. In soad ûnderhannelings oer it Baskyske regear hawwe hjir plakfûn, en in man as Albert Einstein hat hjir sliept... Yntusken folgje wy de situaasje yn Fryslân (ûntjouwings nij kolleezje, koertsdokumint) in pear kear deis fia it ynternet. Aansens om 09.30 oere de Algemiene ledegearkomste fan de EFA. Dizze dagen stean foar in hiel grut part yn it teken fan frede. Frede yn Baskelân, frede yn Europa. Dêrta hienen wy justerjûn in tige nijsgjirrige byienkomst mei sprekkers út Noard-Ierlân, Korsika en Baskelân. Sy joegen de kritearia en râne-omstannichheden oan hoe te kommen ta duorsume frede. Yn Noard-Ierlân slagget dat aardich mei it ta elkoar kommen fan de haadrolspilers Paisley en Adams.  Wat Baskelân oangiet sille partijen erkenne moatte dat it kommen ta frede in polityk item is, en dat alle spilers meidwaan moatte en mei-ûnderhannelje meie, dus ynklusyf de PP (Partido Popular) en Batasuna. Wat ynhâldt dat ek alle yn de polityk fertsjintwurdigjende befolkingsgroepen meidogge. Fierder waard konstatearre dat guon politike partijen en media blykber helendal gjin frede wolle. ´Wy wolle fiktory, gjin frede´, soe de PP sein hawwe. Guon partijen en media wolle it fjoerke leafst noch fierder oanwakkerje, fanwege de stimmewinst en oplagesifers.

Jûn in ofisjeel miel fan de EFA en moarn dus in tocht nei Guernika. En snein wer op hûs oan. Foar no groetnis út Bilbo!

20 April '07 - 08:45 | | Noch gjin kommentaar


Euskal Herria/Baskelan

De kommende dagen sit ik yn Bilbo (Bilbao), yn it Baskelân (Euskal Herria op syn Baskysk). Wat docht in FNP-er yn Baskelân, freegje jo jo ôf? Ik haw der in stik as wat gearkomsten fan de EFA, de European Free Alliance, in Europeeske politike partij fan regionale politike partijen dy't ek fertsjintwurdige is yn it Europarlemint. Neist dy gearkomsten sil der grif ek gelegenheid wêze om wat op te snuven fan de Baskyske kultuer en it útgeanslibben yn Bilbo. De sneons sille wy nei Guernika, dat yn de Spaanske boargeroarloch (1937, krekt 70 jier lyn!) bombardearre is. Wy sille ûnder oare it monuminten besykje ta oantins oan de slachtoffers. Foar alle dúdlikens: de Basken dêr’t wy kontakt mei hawwe binne echte pasifisten, sy swarre it geweld ôf. En dat treft, want sels haw ik, ek om it geweldsaspekt, militêre tsjinst wegere.

18 April '07 - 14:31 | | Noch gjin kommentaar


Wenningbou Wytgaard: mear tiid is in goede saak

Ferline jier hawwe wy as FNP fia skiftlike fragen frege om mear tiid foar de bou fan wenten yn Wytgaard. De doarpsbewenners hienen oanjûn dat der net al tefolle nije bewenners yn koarte tiid by komme moasten, oars soe de sosjale kohesy ûnder druk komme te stean. It boerd fan hjirboppe is in 1 april grap, der wurde no net 150 nije wenten boud, mar 40 oant 60 yn 8 oant 10 jier tiid. It liket my sa ta dat der dan ek echt boud wurde kin foar it ferlet fan de minsken ut Wytgaard sels! Yntusken haw ik begrepen dat se yn Wurdum no ek in ynventarisaasje meitsje fan de winsken nei wenningbou foar it útwreidingsplan. Goede saak om dit mei doarpsbelang en de bewenners te oerlizzen! As FNP-Ljouwert hawwe wy dêr ek altyd op oanstien...

13 April '07 - 16:54 | | Noch gjin kommentaar


stop feanbran fan yntoleransje

Koartlyn wie der dy fikse útglider fan Jan Marijnissen oangeande de dûbelde nasjonaliteit. Ik krij earlik sein ek it idee dat de SP oer har hichtepunt hinne is, seker nei ditsoarte fan útspraken. Doe't ik myn argyf lêst wer ris oprêde, kaam ik noch in oantal krantestikken tsjin út 2004. De titels sizze genôch: 'Gedwongen integratie is heilloos (LC, 15/07/2004) en 'Migranten moeten deel eigen cultuur houden' (FD, selde datum). De artikels binne destiids ferskynd nei oanlieding fan it jierrapport 2004 fan de UNDP, de ûntwikkelingsorganisaasje fan de Feriene Naasjes (UNDP). In tal sitaten: 'Minderheden moeten hun eigen identiteit kunnen behouden. Gedwongen integratie leidt er alleen maar toe dat spanningen onder de oppervlakte blijven bestaan. Die kunnen uiteindelijk tot een uitbarsting komen'. 'De UNDP-experts stellen dat minderheden hun eigen taal moeten kunnen behouden. Dat geldt ook voor een dubbele nationaliteit en het beleven van een eigen godsdienst. Om een botsing van culturen en beschavingen te voorkomen, moet ruimte gegeven worden aan culturele verschillen. Dat is ook een voorwaarde voor een goede ontwikkeling van een land'. It nijsgjirrige komt hjirnei noch: 'Volgens de VN-organisatie betekenen culturele verschillen een verrijking van een land. De UNDP bestrijdt dat meerdere identiteiten in een land tot ontbinding van de staat leiden'. Dat stie der yn de LC. Yn it FD stie it folgjende noch: 'Het rapport komt verder tot de conclusie dat het belangrijk is een bescherming te bieden voor de eigen taal van de migrant. Zeker in de eerste jaren biedt onderwijs in de eigen taal veel betere resultaten'. En as leste: 'Het is het misbruiken en manipuleren van de etnische achtergrond dat tot problemen leidt'. No sa, yn Fryslân witte wy dat mar al te goed, soe ik sizze! It wurdt tiid om op te hâlden mei it oanwakkerjen fan de feanbrân fan yntolerânsje...    

11 April '07 - 16:13 | | Noch gjin kommentaar


Saailan: krante jout wol iepenheid

Yn de Ljouwerter krante koenen wy dit wykein wòl leze wat de stân fan saken is oangeande it projekt Nieuw Zaailand. Wat Boargemaster en Wethâlders ús mar net fertelle wolle (wy moatte wachtsje oan in kommisjegearkomste fan 7 maaie)! Ik bin dêr knap lilk oer. In skoftke lyn woe wethâlder Waanders ús sawat gjin inkelde meidieling dwaan; se ferwiisde ús troch nei de kommisje fan 7 maaie. En no meie de riedsleden in soad ynformaasje út 'e krante helje. Fansels alle kompliminten foar de redaksje fan de LC dat sy de ynformaasje wol boppe wetter helle hawwe, mar ik haw de stellige yndruk dat de ried op ynformaasje-achterstân setten wurdt en net serieus nommen wurdt. As der sokke grutte fermoedens binne fan mooglike stagnaasje, dat it risiko sa grut is dat it hiele projekt as in kaartehûs yn elkoar dondert (sa't Geert Dales it omskriuwt), dan bringe jo de ried dochs fuortendaliks op 'e hichte? Nije wike woansdei hawwe wy aginda-kommisje, ik sil ris fernimme hoe't it no sit.

08 April '07 - 14:02 | | Noch gjin kommentaar


op besite by 21e ieuske 'Diogenes'

Ein fan 'e middei efkes op besite west by Eric Hoekstra, jim witte wol, de man dy't acht dagen lang yn in Hongaarske wyntonne bivakearret foar de boeke-winkel fan Van der Velde. En tagelyk sjoen dat it rekôr ferbrutsen is hoefolle minsken der by him yn 'e tonne kinne. It wie hjoed net samar in gewoane dei foar him, want hy wie jierdei! Krekt op it stuit dat de flessen wyn soldaat makke wurde soenen, moast ik alwer fuort fansels, sille jo altyd sjen... Yn alle gefallen wie it in noflik barren. Eric hat as in 21e ieuske Diogenes dizze wike hiel faak it nijs helle, oant yn Grikelân ta makke hy my dúdlik. Dat alles mei yn it ramt fan de moanne fan de filosofy. Moai, sa'n kreativiteit ûnder de Ljouwerter FNP-ers (Eric is foarsitter fan de ôfdieling). Moarn sil er noch in pear oerkes en dan hat er de put der út!

plaatsje fan Diogenes...
06 April '07 - 19:44 | | Noch gjin kommentaar


Evaluaasje kameratafersjoch

Kommende woansdei (4 april, 14.00 oere) komme 2 ûndersikers by my del om te praten oer it kameratafersjoch yn 'e binnensted fan Ljouwert. Fansels kin ik derby myn eigen gedachten en ûnderfinings fertelle, mar ik hear ek graach fan oaren wat sy derfan fine. Is de sted troch it ophingjen fan in pear kamera's no feiliger wurden? Hie mear blau op strjitte better west? Steane de kosten yn ferhâlding ta de opbringsten? graach hear ik dyn reaksje. Kinst my maile op sposthumus@leeuwarden.nl, belje op 058 - 2884700 of hjir op dizze log in reaksje efterlitte...
02 April '07 - 13:48 | | Al ien kommentaar