Ek op dizze wize bring ik efkes nei bûten ta dat ik mei yngong fan 1 augustus wurk krigen haw by de Provinsje Fryslân as Beliedsmeiwurker Taal en Kultuer. Dat betsjut dat ik myn politike funksjes no efkes dellis. By de EFA yn Brussel bliuw ik noch wol yn it bestjoer, mar dat is fansels net in funksje as folksfertsjintwurdiger. Betanke foar al jim omtinken en alle reaksjes, dizze side krijt no 'efkes lins'. Oant blogs, Sybren Posthumus PS: myn opfolger, Pier Tilma, is drok dwaande mei syn weblog (noch efkes geduld dwaan)... |