| NS yn Ljouwert net fierder as Hamburch |
 Twa weblogs lyn skreau ik oer de reis dy't ik nije wike meitsje sil nei Kiel, Flensburg, Abenra ensfh. By it plannen fan sa'n reis, moatte jo fansels ferfier regelje. Snein wol ik mei de trein nei Kiel (de grutste stêd fan Sleeswyk-Holstein) en op 'e weromreis fan Hamburch wer nei Ljouwert. Dat ik nei it loket op it stasjon fan Ljouwert. Dêr't ik sa'n 6 jier lyn al foar warskôge hie troch fragen oan B&W fan Ljouwert, komt no dúdlik út. It Ljouwerter loket fan NS-internationaal is, lykas in stik as wat oaren, om ende by 2002 opheven en jo kinne allinnich mar fia de 'gewoane' baly in kaartsje keapje foar in beheind tal bestimmingen. Doe't ik lykwols frege nei in kaartsje foar Kiel kommende snein, wie it antwurd 'Wy gean net fierder as Hamburch', jo moatte nei Grins ta by it loket fan NS-Internationaal dêre of nei in ANWB-ferkeapkantoar. Lykwols, fia de ANWB moat dat minimaal 5 dagen foar de reis en jo moatte dan ek noch € 25 administraasjekosten betelje. Doe't 6 jier ferlyn de opheffing spile, krigen wy as antwurd dat der gjin probleem komme soe, it soe wol fia Holland International kinne of in oar kantoar. Yntusken witte wy better. Fia ynternet krije jo jo reis noait sa't jo dy hawwe wolle en spesjaal nei Grins ta fleane foar in kaartsje út Ljouwert wei dogge jo dochs ek net (of jo moatte sa as yn myn gefal in kollega yn Grins te wenjen hawwe dy't dat wol efkes dwaan wol)? It is in crime. Yntusken hat de NS wol fette winsten fan mear as € 200 miljoen. Lit se dêr wer in pear ekstra loketten fan NS-Internationaal mei iepenje, de besunigingsoperaasje fan om 2002 hinne weromdraaie en wer de âlde fertroude service biede! |
| |
|
|
| Fytsersbrêge? |
Ynkoarten sil de gemeenterie fan Ljouwert oer de fytsersbrêge prate, tusken de Ferlingde Skrâns en de brêge nei Goutum ta. Of moat it in tunnel wurde? It is my yn alle gefallen dúdlik dat der wat dien wurde moat. No't ik súdlik fan de stêd wenje en alle dagen op it fytske nei Ljouwert ta gean, merk ik wêrom't safolle minsken net mear de fyts nimme, mar de auto pakke. Om de binnenstêd hinne wurdt it by de rotondes no stadichoan better foar de fytsers, mar de grutte forinze-stream nei Ljouwert, alle dagen tûzenen minsken, dy feroarsaakje fansels de files. As gemeente moatte jo de automobilisten dus in alternatyf biede, mar ik kom der no achter dat de rûnwei en in stik as wat oare plakken (krusingen) wol hiele grutte blokkades foarmje foar fytsers dy't de stêd yn wolle. Salang't jo dat net feroarje, bliuwt de automobilist 'fan bûten' yn de auto. Want minsken wolle wol fytse, mar dan ek flot en komfortabel. Foar de fytsers moatte der dus tunnels ûnder de rûnwei trochkomme, of brêgen deroer hinne en de ferkearsljochten sille folle better ôfsteld wurde moatte (sadat jo net minutenlang yn de spielende rein steane te wachtsjen wylst de auto's fan elke kant al twa of trije kear foarbyriden binne) etc. Want in automobilist is hast altyd ek in fytser, en oarsom... Wol Ljouwert rekken hâlde mei de takomstige 15.000 ynwenners fan de Súdlannen, mar ek mei de minsken út Goutum, Wurdum en oare doarpen dan sil der dus wat barre moatte. Wat de fytsersbrêge oangiet dy't no presintearre is, haw ik myn twivels. Ik tink dat de ried de krityk fan it fytsersbûn goed besjen moatte. De brêge is te smel en te steil. |
| |
|
|
| yn aksje foar Noard-Friezen en Denen... |
Fan 4 oant en mei 7 novimber sil ik nei Kiel, Flensburg, Abenra en Hamburg ta. Yn aksje foar de Noard-Friezen en de Denen yn Sleeswyk-Holstein (Dl). As FNP-lid yn it EFA-bestjoer sil ik dêrhinne, tegearre mei de foarsitter fan de EFA (European Free Alliance) en de algemien direkteur. Wat sille wy dêr dwaan? Hjirûnder stiet it program. It komt der op del dat wy ús op de hichte bringe litte fan de algemiene politike situaasje fan de Denen en de Noard-Friezen yn Sleeswyk-Holstein (beide offisjeel erkende minderheden yn Dútslân) en dat dêr dan mooglik aksje út folget fia de EFA-leden yn it Europeesk parlemint. Ek binne wy benijd yn hoefier't de SSW (de politike partij fan de Denen en Noardfriezen) belangstelling hat foar oansluting by de EFA, de Europeeske politike partij foar de regio's mei in eigen taal en/of kultuer, sa as Fryslân. EFA Mission to Südschleswig 5-6 th of November 2007 Participants: Nelly Maes, President of EFA Sybren Posthumus (FNP), vice-president of EFA Günther Dauwen, Director of EFA SSW 5th of November 2007 10.30h arrival in Hamburg 12h LUNCH "Frokost" Meeting in Kiel in the "Landtag" Schleswig-Holstein with SSW representatives and discussion with representatives of other parties 14h drive to the Flensburghus, Norderstrasse 76 Flensburg 15.30h Meeting with FUEN 16.45h Meeting with representatives of the Frisian Minority in the Flensburghus 18h Meeting en Dinner with SSW Party leaders 6th of November 2007 09.30h Visit to a school, kindergarten and "aktivitetshuset" nearby the Flensburghus in Flensburg 12h lunch meeting with representatives of Danish organisations and elected bodies in Schleswig-Holstein 14.30h drive across the Danish border to Abenra, meeting with the German minority 16.30h drive back through Flensburg to Hamburg |
| |
|
|
| CBP: privacy in gevaar |
In alarmearjend berjocht dizze wike yn 'e krante: it CBP, College Bescherming Persoonsgegevens, in tige respektable klup, is fan betinken dat de oerheid oer tefolle ynformaasje fan boargers beskikke kin. Guon tsjinsten lykas de AIVD en de MIVD kinne, as sy dêrom freegje, tige ienfâldich gegevens fan banken, telekom- en ferfiersbedriuwen krije. Fansels wurdt it yn earste ynstânsje brocht as 'terroristejacht'. De werklike reden, dat de steat jo oeral folgje kin en kontrolearje kin, wurdt net neamd. Bankgegevens kinne brûkt wurde om te sjen wat jo kocht hawwe. Reisynformaasje om (on-line?) te sjen wêr't jo útheve. Bel-ynformaasje om te sjen oft jo gjin 'kontra-produktive aksjes' fan doel binne. Ek net dat achter dizze politike set fan de Twadde Keamer hiele oare belangen sitte, dy fan in lytse, stienrike wrâldelite dy't sa ynfloedryk is dat mear en mear regearen en parleminten nei har pipen dûnsje... Gelokkich sipelt it earste nijs no ek troch nei de redaksjes fan de gruttere kranten. Ik wurkje der graach oan mei om de healwize en mislike plannen op te kearen yn it belang fan ús mienskiplike frijheid! |
| |
|
|
| ingezonden - over chemtrails boven Leeuwarden |
Bijgaande foto van het sproeien met chemicalien door vliegtuigen ontving ik vandaag. Ik kan alleen maar bevestigen dat de vliegtuigen zondag erg kwistig waren met het sproeien met allerlei troep (bevestigd door overheden). Ik ben geen volksvertegenwoordiger meer, kan dus zelf geen vragen meer stellen via dat kanaal. Maar ik weet dat deze weblog goed gelezen wordt... 
|
| |
|
|
| chip foar hûnen wurdt ferplichte... |
Yn it foarjier haw ik it al op dizze log delskreaun. Se wolle stapke foar stapke ta nei it chippen fan minsken, om ús 'under control' te krijen, altyd yn 'e gaten hâlde te kinnen en foar in lytse machtselite wrotte te litten. Hjoed hearde ik op it nijs it folgjende: 'Minister Verburg wil verplichte hondenchip'. De redenen soenen benammen lizze yn it 'dierenwelzijn'. Lit jo net bedonderje, de minsken dy't efter de chips sitte hawwe hiele oare, tige gefaarlike en mislike ideeën. Stap 1 is yndied alle bisten in chip. Stap 2 lytse bern ('kinne jo fermissings foarkomme'). En stap 3 alle minsken. Yntusken wurde der ek al in hiel soad oare saken mei in chip oanbean, bygelyks klean (mei in saneamde RFID-chip). Op dit artikel stiet alles hiel kreas op in rychje! Yntusken wurdt dizze weblog alle dagen better besjoen, doe't ik noch riedslid wie sa'n 120 besikers deis, no al tusken de 1100 en 2200. En de measte besikers komme (no) út... Jawis, Amearika. As in warskôginkje siet der fan 'e wike ek al in link op fanôf de site fan de CIA! O ja, it hat efkes in pear wiken aardich skjin west yn Fryslân (wol tafallich), mar hjoed wie it wer goed rekke, sjoch de foto hjirûnder fan Reduzum yn jûnsread: 
|
| |
|
|
| 'ynformaasje-oarloch': oer sinsuer yn 'e media |
| In treflik artikel haw ik fûn. Oer sinsuer yn de media en wat der allegear foar saken ferburgen hâlden wurde. De 'ynformaasje-oarloch', neamd de skriuwer, Menno van der Hurk fan PC-active it. |
| |
|
|
|