| 'kometenhaften Start' |
Tsja, in 'kometenhaften Start' sa't se itsels neame. Mar dochs gjin sit, dêr wienen mear as 30.000 stimmen foar nedich. Mar ja, wat wolle jo ek, nei mar in heal jier bestean. En dan al meidwaan oan in dielsteatferkiezing! Wol hawwe CDU en SPD fikse klappen krigen. It is wol tige bemoedigjend dat Die Friesen as 'Regionalpartei' yn guon plakken sels hast 9% fan de stimmen hawwe, lykas yn Bunde, tichteby Nijeskâns en yn Weener, in grutter plak, mear as 6%. Dat biedt perspektiven foar de gemeenteriedsferkiezings! |
| |
|
|
| wichtige dei foar Fryslân |
 Dielsteatferkiezings yn Nedersaksen, sil hjoed de macht fan CDU en SPD einlings (in bytsje) brutsen wurde? De partij Die Friesen - in susterpartij fan de FNP yn East-Fryslân besiket it yn alle gefallen! Nettsjinsteande in kiesdrompel fan mar leafst 5% (dy 't sy al oanfjochtsje!) besykje se in sit te heljen yn dizze dielsteat. Geregeld haw ik kontakt mei twa fan har foaroanmannen (de beide Arno's, ien dêrfan is listlûker). It is gjin 'Ostfriesenwitz' (grap fan East-Friezen), mar in serieuze oangelegenheid: 'Hannover' jout net folle om de East-Friezen, en dêrom is in eigen partij foar de regio en har 550.000 ynwenners hurd nedich. It skynt dat se in ôfgryslik soad publisiteit hân hawwe, sels yn der Tagesspiegel. Ik bin benijd wat de Wahlen yn Niedersachsen opsmite sille foar ús kollega's. Foar 1 sit soenen 30.000 stimmen genôch wêze moatte. Ik haw begrepen dat se oant de heechste rjochter sille as sy yn dat gefal gjin sit krije sille. |
| |
|
|
| The Scotch Malt Whisky Society - en ús eigen slokje |
 OK, noch ien foar it ôfwennen. Oer Skotske whiskey en oer ús nasjonale slokje. Freedtejûn hienen wy in whiskey-priuwerij yn in gebou (The Vaults) fan de Scotch Malt Whisky Society yn Leith, tichteby Edinburgh. My tinkt, ien fan de bêste plakken dêr't de Skotske kultuer tige goed kultivearre wurdt. By oankomst stie ús al in 'piper' op te wachtsjen (jawis, mei in doedelsek). Efkes letter waarden wy gastfrij ûntfongen, earst mei in gleske wyn. En dêrnei begûn de seremoanje, want sa is it wol te neamen. Elkenien hie in plakje tawiisd krigen en foar elk fan ús stienen 3 gleskes mei ferskate Whiskey-soarten, út ferskate regio's fan Skotlân. Op in tige profesjonele, ûnderhâldende wize fertelde in wiere ekspert ús hûndert út oer har nasjonale drank. Bygelyks dat iis de smaak faak deaslacht. En dat wetter byjitte mei. En yntusken priuwe fansels. Of moatte wy sizze, rûke ('smell')? Wy krigen ek noch in boekje dêr't tige helder omskreaun stie wat, wêr, hoe, wa ensfh om alles noch ris nei te lêzen. In pear nijsgjirrige details waarden ús net ûnthâlden. bygelyks dat der yn Skotlân mear Wodka dronken wurdt as Whiskey! En nei de tiid, yn datselde gebou fan de Society, in treflik 5 gonge diner! Wat kinne wy hjirmei? Whiskey is fansels gjin bearenburch. Mar wat my al opfallen is, is dat foar myn gefoel ús Fryske slokjemakkers harsels net goed ferkeapje. OK, Sonnema docht oan massa-reklame, mar fierder moatte de krûdedestilleurs neffens my mar ris te riede gean yn Skotlân. Want de BB-ferkeap rint alle jierren fierder werom. Wêrom de krêften ek net bondelje en mei-elkoar in goed en kompakt boekwurkje meitsje? Wêr binne de priuwerijen fan bearenburch mei profesjonele útlis? Mei foarôf in stikje musyk en nei de tiid gelegenheid foar in goed miel? Neffens my in gat yn 'e merk foar de toerist en de eigen ynwenners! |
| |
|
|
| Mear foech smyt wat op! |
De ministerstop yn Skotlân wie tige ynspirearjend. Op it web wurdt der folop oer skreaun en rabbe! Under oare troch Bert Anciaux, de Flaamske kultuerminister. Hy hat krekt de heechste Oranje-Nassau ûnderskieding krigen (Ridder Grootkruis in de Orde van Oranje-Nassau), en dêr haw ik him it ôfrûne wykein ek foar lokwinske (letter haw ik him ek noch dy FNP-stúdzje oanbean). Wat sa'n ûnderskieding oangiet, dy komt Anciaux ûnder oare foar syn krewearjen foar in Flaamsk-Nederlânsk hûs fansels tige ta. Persoanlik haw ik, as Fries, neat mei Nederlân of de oranjes en smyt it lintsjes-systeem as sadanich ek fier fan my. Mar goed, ik soe noch efkes oer 'Edinburgh' te set. De fraach is altyd, smyt mear foech ek echt wat op? Yn myn foarige blog haw ik al wat sein oer lytse steaten. It liket my dat grutskaligens út 'e tiid rekket en stadichoan gjin foardiel mear is. Mear burokrasy, in logge bestjoersstruktuer en minder sosjale kohesy. Dêrom moatte wy sjen nei de súksessen yn de regio's mei mear selsbestjoer. Sa hat it nije Skotske regear de tolwegen en de kolleezjejilden ôfskaft. Yn Wales sjogge wy de lêste jierren in taname fan it persintaazje Welsksprekkers en yn Kataloanje is in bloei fan de kulturele kreative yndustry. Estlân hat sûnt de lêste jierren in soad ynvestearrings yn de toeristyske sektor. Yn Flaanderen giet de essinsjele tsjinstferliening oan de boargers gewoan troch, om't dy saken by de dielsteaten, regio's en gemeenten lizze en net mear by de wrakke Belgyske steat. Sa't Unai Ziarreta (fan EA, Baskelân) sei: wy moatte selsstannigens hawwe om te oerlibjen, dat is de bêste garânsje foar de takomst! |
| |
|
|
| Optimisme yn Edinburgh foar Europeeske regio's |
 Fan 'e middei (17.30 oere) bin ik thúskommen fan de ministerskonferinsje yn Edinburgh, of sa't de Skotten sizze: 'Edinberra'. De sfear wie tige posityf en optimistysk: mar leafst 7 EFA partijen (susterpartijen fan de FNP) sitte op dit stuit yn in koalysje yn har lân, dat binne de partijen yn Skotlân, Wales, Flaanderen, Galisië, Baskelân, Kataloanje en de Dútsktalige Belgen yn har regio. Der is in ferklearring ûnderskreaun troch de ferskate ministers. Yn har slotwurd sei Nelly Maes, de foarsitster, hiel dúdlik: 'der is foar de lannen sûnder steat gelokkich gjin status quo mear. Wy libje yn in tiid fan feroarings en dat bringt kânsen mei him mei. Der komme de kommende jerren tal fan referinda om de befolking te rieplachtsjen oft sy mear autonomy cq ûnôfhinklikens wolle: Skotlân en Baskelân 2011 en Kataloanje 2014'. It súkses fan lytse steaten waard troch de foarsitter fan de ERC (Kataloanje) oantoant: 4 fan de 5 rykste lannen hawwe minder as 5 miljoen minsken, 8 fan de 10 feilichste hawwe minder as 10 miljoen, 5 fan de 10 bêsten kwa konkurrinsjefermogen hawwe minder as 10 miljoen minsken en by de top 10 fan minsklike ûntwikkeling stiet mar ien grutte steat (nammentlik Japan). De EFA-konferinsje waard drok besocht troch sjoernalisten, sa wienen der ûnder oare 7 sjoernalisten út Madrid en ek de BBC wie der. Der is no al praat oer in twadde konferinsje yn Baskelân. Op 'e foto haw ik krekt de stúdzje fan de FNP oer de positive relaasje tusken autonomy en in bettere ekonomy útrikt oan Nelly Maes (lofts), foarsitter fan de EFA, en fierder oan Tontxu Campos en Joan Manel Tresserras, de ûnderwiis- en kultuerministers fan respektivelik Baskelân en Kataloanje. |
| |
|
|
| nei konferinsje Edinburgh ta! |
Nije wike sil ik nei in grutte konferinsje fan de EFA en de SNP yn Edinburgh (Skotlân)! Tongersdei al fuort (ik haw freeds noch in gearkomste fan it EFA-bestjoer) en de sneons dan dy konferinsje. It giet benammen oer regionale partijen yn Europa dy't regearingsferantwurdlikheid krigen hawwe. Hjirûnder stiet it program foar de sneons: EFA Governing Conference MINISTERIAL SUMMIT 19 January 2008 Dynamic Earth near the Scottish Parliament, Holyrood Road, Edinburgh 9.45h Opening remarks by Linda Fabiani Minister for Europe, External Affairs & Culture in the Office of the First Minister. 9.50h Introduction by Nelly Maes President of the European Free Alliance 10.00h ROUND TABLE 1 The role of cultural and linguistic policy in nation building. Ministers of Culture of EFA Governing parties. (Chair - Bernat Joan i Mari, Secretary on Liguistic Policy and Secretary-General of EFA) Joan Manel Tresserras (Catalan Minister of Culture) Tontxu Campos (Basque Minister of Education) Rhodri Glyn Thomas (Welsh Minister of Heritage) Linda Fabiani (Scottish Minister for External affairs, Europe and Culture) Bert Anciaux (Flemish Minister for Youth, Culture, Sports and heritage) Ànxela Bugallo (Galician minister of Culture and sport) JOINT DECLARATION ON CULTURAL CO-OPERATION between Catalunya, the Basque Country, Wales, Scotland, Flanders, Galicia* 11.15h coffee break 11.45h ROUND TABLE 2 The state of play of the recent constitutional changes in relation to Scotland, Wales, Flanders, German community of Belgium, the Basque Country, Catalonia and Galicia. Presidents of the EFA Governing parties. (Chair - Nelly Maes) Josep Lluis Carod Rovira (President of ERC) Begoña Errazti (President of EA) Ieuan Wyn Jones (Leader of Plaid Cymru) Ian Hudghton (President of SNP) Geert Lambert (President of Spirit) Anxo Quintana (President of BNG) Guido Breuer (President of PDB-PJU) JOINT EFA DECLARATION ON THE FUTURE OF THE CONSTRUCTION OF EUROPE BY THE EDINBURGH GROUP* 13h Press Conference with photo opportunity for press and EFA parties Walking lunch untill 14h *The Edinburgh group (with Ministers from Catalunya, the Basque Country, Wales, Scotland, Flanders, Galicia) will introduce the joint declaration that will be prepared in close co-operation with all 6 Ministers. ROUND TABLE 1 In the frame of the "United Nations 2008 International Year of Languages" the EFA wishes to underline the importance of the right to speak your own language. Our leading principle, self-determination of the people, has always been focussing on the use of languages as a means to express one’s specific cultural identity. We would like to hear from the Ministers of our parties in government how they see the role of cultural and linguistic policy in their region or nation in building up an own nation, an own identity. Since our partners have different experiences, and ssince our partners work in a different political context, it is interesting to learn from each others experiences. We will listen to examples of best practice with the seven Ministers. The role of cultural and linguistic policy in nation building. Ministers of Culture of EFA Governing parties. (Chair - Bernat Joan i Mari to be confirmed) Joan Manel Tresserras (ERC Minister of Culture) Tontxu Campos (EA Minister of Education) Rhodri Glyn Thomas (Plaid Cymru Minister of Heritage) Linda Fabiani (SNP Minister for External affairs, Europe and Culture) Bert Anciaux (Spirit Minister for Youth, Culture, Sports and heritage) Ànxela Bugallo (BNG minister of Culture and sport) ROUND TABLE 2 At an historic moment, when the whole of Europe looks to Scotland’s evolution towards independence, 7 EFA parties in government gather in Edinburgh to discuss the constitutional future in their different political realities. SNP has started with a national conversation in order to convince the public to take its future in its own hands. A referendum is scheduled for 2010. Not only in Scotland but also in Wales, Catalonia, the Basque Country, Galicia, Flanders and the German Community in Belgium, the constitutional reality is changing. The state of play of the recent constitutional changes in relation to Scotland, Wales, Flanders, German community of Belgium, the Basque Country, Catalonia and Galicia. Presidents of the EFA Governing parties. (Chair - Nelly Maes) Josep Lluis Carod Rovira (President of ERC) Begoña Errazti (President of EA) Ieuan Wyn Jones (Leader of Plaid Cymru) Ian Hudghton (President of SNP) Geert Lambert (President of Spirit) Anxo Quintana (President of BNG) Guido Breuer (President of PDB-PJU) |
| |
|
|
| SNP komt ôfspraken ál nei |
 'De geloofweardichheid fan de polityk hinget foar in soad minsken faak ôf fan it neikommen fan ôfspraken. Dogge partijen wol wat se foar de ferkiezings tasein hawwe? Yn dit oersjoch stiet spikerhurd dat minsken de SNP, de regionale partij fan Skotlân, dy't krekt oan de macht kommen is, betrouber fine. In pear saken út de list: SNP GOVERNMENTThe SNP has been in government in Scotland for just over six months. How do you think the SNP Government has fared so far? | Well: | 63% | | Badly: | 26% | | Don’t know: | 12% |
Among Tory voters it is 56% well to 32% badly; among Labour voters 52% to 38%; and among Lib Dem voters 64% to 32%. Persoanlik fyn ik it ek goed dat politike partijen resultaten en neikommen tasizzings weromkeppelje oan de kiezers. Sa witte jo wat der mei jo stim bart is! |
| |
|
|
| Leeuwarden niet in dienst van Amsterdam! |
In de Liwwadders van januari 2008 staat een interessant interview met de nieuwe burgemeester van Leeuwarden, Ferd Crone. Zo ben ik het helemaal met hem eens dat je de toegezegde Langman-miljarden niet allemaal in asfalt en beton moet steken, maar bijvoorbeeld ook in kennis en duurzaamheid. Wat me opviel, was dat Crone in navolging van zowel Margreeth de Boer als Geert Dales pleitte voor het verkleinen van de afstand van Leeuwarden naar Amsterdam (in die volgorde). Met Margreeth de Boer ben ik daarover als raadslid geregeld in discussie geweest. Toen ze burgemeester was zei ze voortdurend dat Leeuwarden in de periferie lag en niet centraal. Tja, als je dat als burgemeester telkens weer zegt komt dat op een gegeven moment wel bij mensen 'tussen de oren'. Maar zeg nu zelf, als je zelf wel vindt dat Ljouwert het middelpunt is van jou activiteiten, en als je denken iets verder gaat dan de grachtengordel, Nieuweschans of Lobith, dan kun je dit soort uitspraken al snel weg-argumenteren. Zelf heb ik bijvoorbeeld al eens berekend dat het middelpunt van Europa ergens noordelijk van de Oost-Friese waddeneilanden ligt. Terug naar Crone. Hij zegt in Liwwadders: "Leeuwarden komt met de verdubbeling van de weg tussen Zurich en Harlingen een kwartier dichter bij Amsterdam te liggen. Dik een uur en je zit in de hoofdstad." Als je dit zo leest vallen je 2 zaken op: ten eerste gaat het er blijkbaar steeds om dat wij een kwartier sneller in Amsterdam kunnen zijn. Een burgemeester van Leeuwarden, als belangenbehartiger van onze stad, zou juist voor het omgekeerde moeten pleiten! Ten tweede, hij zegt dat je na een dik uur in de Hoofdstad zit. Dat laatste vergeef ik hem, als nieuwe burgemeester die nog maar net in functie is. Maar Crone zal op korte termijn zich wel moeten realiseren dat voor de Liwwadders en de Friezen niet Amsterdam, maar Leeuwarden onze hoofdstad is! Wil het met Leeuwarden wat worden, dan zullen de Leeuwarders zichzelf centraal moeten stellen, en wat meer voor zichzelf opkomen. "Dy't himsels weismyt, wurdt troch in oar net opkrigen!" |
| |
|
|
|