kontakt
Sybren Posthumus
D.S. Bangmastrjitte 25
9008 TJ Reduzum
Tillefoan: 0566 - 602928
Mail: sybrenposthumus@hotmail.com
kalender
« July 2008
S M T W T F S
    1 2 3 4 5
6 7 8 9 10 11 12
13 14 15 16 17 18 19
20 21 22 23 24 25 26
27 28 29 30 31    

argyf

links

sykje
feeds
XML Feed (RSS 1.0)
XML: Atom Feed



Foar al jo webhosting!
Gjin plak mear foar lytse partijen Europarlemint?

Der binne mooglik nije regels op kommendewei dy't it foarmjen fan lytse 'groepen' yn it Europeesk parlemint sa goed as ûnmooglik meitsje. Dat wol neffens my sizze, dat der noch wol lytsere partijen yn it parlemint komme kinne, mar sy kinne dan gjin saneamde 'groep' mear foarmje dy't ek finansjele stipe krijt fan Europa foar kaderfoarming, wittenskiplik ûndersyk en partijfinansiering (it sil dus net sa wêze dat in Euroseptyske partij mei mar ien lid yn it EP der net yn komme kin, sa't yn dit artikel wat suggerearre wurdt). De grutte partijen yn it Europeesk parlemint wolle dit der troch drukke, sa liket it. Earlik sein fyn ik dit in tige ûndemokratyske maatregel. Fan it EFA-haadkertier yn Brussel haw ik noch gjin alaarmbellen te hearren krigen, om't wy as EFA en Greens tegearre wurkje en sa boppe dy 30 útkomme, mar it wurdt net nofliker want de 'drompel' komt wol tichterby.

Ik bin pro-Europeesk, mar dan wol foar in demokratysk Europa dêr't alle minsken, folken en partijen har gerak krije kinne. En spitigernôch is dat Europa noch fier fuort en moatte lidsteaten har befolking noch besteanswissigens jaan. Wurk oan de winkel! Ik sil as bestjoerslid fansels noch al neifreegje oft dit foar ús as EFA noch konsekwinsjes hat.

31 Maaie '08 - 13:43 | | Noch gjin kommentaar


maksimum € 25.000 bedriuwsjefte oan politike partijen?

Juster foel myn each op in stik yn it FD dat de VVD tientsjesleden oansjitte wol. On-line koe ik it dêr net fine, it hat lykwols ek yn oare media stien. No fyn ik sa'n aksje op himsels hiel akseptabel, al sille guon VVD-ers no mooglik prate oer de 'ferpaupering' fan har partij.

Wat my net akseptabel liket, en wat yn itselde stikje stie, is dat bedriuwen en maatskiplike ynstellings mar leafst € 25.000 jaan kinne oan in politike partij. Dat is nei alle gedachten it útstel fan minister Ter Horst. Dêrmei giet yn myn eagen in geweldich stik neutraliteit, objektiviteit en belangeleazens fuort dy't partijen eins yn sekere mate hawwe moatte soenen. OK, alle partijen fertsjintwurdigje beskate rjochtingen of doelgroepen, mar it kin yn myn eagen bygelyks net sa wêze dat foar in bepaald beslút (tink oan delfstofwinning) bygelyks de NAM of Shell him yn't foar ynkeapet mei in foars bedrach en sa - yn alle gefallen yndirekt - ynfloed útoefenje kin. Dan komt de demokrasy op in glydzjende skaal.

Ut it stik wurdt my dúdlik dat ien en oar ek te krijen hat mei krap by kas sittende politike partijen. Dêr liket my dan mar ien remedy foar: goed op 'e sinten passe! En fierder moat it foar nije partijen net hiel dreech wêze om oan ferkiezings mei te dwaan, bygelyks foar de Twadde Keamer of Europa. It moat net sa wêze dat de drompels sadanich heech binne dat se har taflecht sykje moatte ta it grutkaptaal of ta ekstremistyske stânpunten om oan foldwaande middels of kiezers te kommen om sa úteinlik meidwaan te kinnen oan de ferkiezings. In -ridlik - ûnôfhinklike polityk foar alles!

25 Maaie '08 - 21:11 | | Noch gjin kommentaar


Massa-media noch objektyf?

Nijsgjirrich filmke mei ynterviews mei insiders út de massa-media. Yn hoefier krije wy de wierheid te hearren, wurde saken fuortlitten of 'regeart de leugen'? Sjoch hjirre!

Tekst by it filmke:

De media zijn niets meer dan een doorgeefluik van het nieuws geworden zonder eigen mening of visie. Voor gedreven en onafhankelijke onderzoeksjournalistiek is geen geld meer. Het kloppende hart van de Nederlandse onderzoeksjournalistiek is op sterven na dood en de redacties worden bevolkt door uitgebluste broodschrijvers die schrijven wat het volk zogenaamd wil lezen. Bovendien worden kranten en tv-stations opgeslokt door grote mediaconglomeraten met vele belangen. Zijn er nog onafhankelijke media? Professor Hamelink ( hoogleraar communicatiewetenschappen aan de Universiteit van Amsterdam) laat z'n licht schijnen over deze tendens. Muntz heeft een onderhoud met Micha Kat (journalist) en Van de Wint voelt Ben Knapen (PCM) danig aan de tand.

21 Maaie '08 - 11:17 | | Noch gjin kommentaar


rampen forsearre troch waar-manipulaasje?

In stik as wat boarnen jouwe oan dat der sprake is fan wol hiele frjemde ferskynsels, foardat de grutte rampen yn Myanmar/Birma en Tibet (Sichuan) barden:

1. Hiele frjemde kleuren wolken foar de ierdbeving fan Sichuan.  

2. Chemtrails en Haarp foar de orkaan (sykloan) by Birma; Siegfried Bok stelt: Zou het kunnen dat Amerika doelbewust met behulp van HAARP en Chemtrails deze tyfoon in kracht heeft doen toenemen om de macht van dit militair regiem te verzwakken? Sjoch ek dizze foto.  

Lit my foarop stelle dat it hiel slim is wat der bart is. Mar, wêrom is der sa'n gigantyske berjochtjouwing fan de VN oangeande dizze 2 rampen? En wêrom wurdt der no mooglik in berop dien op in VN-bepaling oangeande it opheffen de yntegriteit fan steaten yn gefal fan dizze ramp yn Birma? Giet it wier om de minsken yn Birma of om útwreiding fan ynternasjonale macht fan de VN troch waar-manipulaasje (de orizjinele site leit der al út!)? Lit der yn alle gefallen gjin geweld brûkt wurde troch de ynternasjonale mienskip!

19 Maaie '08 - 21:21 | | Noch gjin kommentaar


Skotlân: soap Labour oer referindum ûnôfhinklikens

Ien fan de wichtichste rjochten fan folken op dizze ierde is selsbeskikking. It rjocht om op demokratyske wize selsstannigens nei te stribjen en te wurden. De SNP, ien fan de grutste susterorganisaasjes fan de FNP en no yn it Skotske regear, stribbet dêr iepentlik nei. En, se wolle dat ek dwaan troch de befolking te riedplachtsjen, middels in referindum. Liket my tige legitym. Lykwols, as de kniper op 'e skine komt, sjogge jo oeral wer dat earlike demokratyske prosessen tsjinwurke wurde. Diskear troch Labour-Prime Minister Gordon Brown (wylst in Skotsk labour parlemintslid yn it Britske parlemint yn Westminster wol achter it referindum stie en dêrom letter yn in soarte fan soap fernedere is troch Brown!) . Hy (Brown) besiket him efter wetten te ferskûljen en achter 'The defence of the Union'. Lykwols, mar leafst 85% fan de befolking fan Skotlân stiet achter it idee fan in referindum oer selsstannigens. As jo it my freegje is dit neo-koloniaal gedrach fan Brown; Skotlân wurdt sa behindere yn syn demokratyske ûntjouwing en dat is kwealik te neamen!

Lokkigernôch sil it allegear wol goed komme mei it referindum sels: Labour yn it Skotske parlemint stiet der wol efter, dêrmei is in hiele grutte mearderheid wis (ommers, de SNP is sels ek foar mei hast de helte fan de sitten).

17 Maaie '08 - 14:39 | | Noch gjin kommentaar


tiisdei nei Pinksteren: Opstalbeamsbetinking

Eala Fria Fresena!

Oan de Friezen út Wester- en Eastergo, Bornego, it Smellingerlân, út Achtkarspelen, Fredewâld, de Stellingwerven, út Langewâld, it Easbrooksterlân, Kollumerlân, Humsterlân, Hunsingo, Flivelgo, it Oldamt, Westerwâld, it Reider- en Overledingerlân, Sealterlân, it Moormer- en Lengenerlân, út Emsigo en Federgo, Noarderlân en Brookmerlân, út it Auwerker- en it Harlingerlân, it Wangerlân, Eastringen und Rustringen,

út Butjadingen, it lân Wursten en fan Noard-Fryslân:

Tige wolkom by de gearkomste fan de frije Friezen by de Opstalbeam op de tiisdei nei Pingsteren

Yn ‘e midsieuwen kamen de fertsjinwurdigers fan de Sân Seelannen, de frije Fryske lannen, ien kear yn ´t jier gear by de Opstalbeam op de tiisdei nei Pingsteren, om te rjochtsprekken en mienskiplike saken te bepraten. De Opstalbeam is sûnt dy tiid it `Altaar fan de Fryske frijheid`.

It Friesisches Forum ferfettet de tradysje en organisearret alle jierren de gearkomste by de Opstalbeam, om de tiisdei nei Pingsteren as "belangrykste Ynterfryske feestdei" te fieren.

Dit jier sille de neikommende persoanen by de gearkomste sprekke:

Rolf Trauernicht (Tullum), Undernimmer út Großefehn („Mister A31")

Wiard Siebels MdL (Auwerk / Aurich)

Musykprogram:

Bläserklasse 6a des Ulricianum

Wortsatia mei de formaasje Latene

 

Tiisdei 13 maaie 2008

om 18 oere by de Upstalsbeam

yn Aurich-Rahe

Thit send tha urkera allera Fresena. Aldfrysk

Dit binne de oerkêsten fan alle Friezen. West-Frysk

Dies sind die Überküren aller Friesen. Dútsk

Theth forme, theth hia gaderkome enes a iera to Upstelesbame a tyesdey anda there pinxstera wika and ma ther eratte alle tha riucht, ther Fresa halde skole. Jef aeng mon eng bethera wiste, theth mathet lichtere lette and ma theth bethere helde.

Foarst, dat hja ein kear yn it jier op de tiisdei yn de pinksterwike by de Upstalbeam gearkomme sille en dat hja dêr alle rjochten besprekke, dy’t de Friezen oanhâlde sille. As immen in better rjocht wit, moatte hja it minder goede opjaan en it bettere folgje.

Erstens, dass sie einmal im Jahre am Dienstag in der Pfingstwoche am Upstalsboom zusammenkämen, und dass man dort alle Rechte bespräche, die die Friesen halten sollten. Wenn irgendjemand ein besseres Recht wüßte, sollte man das weniger richtige aufgeben und das bessere befolgen.Thiu othere kere: ief there soghen selonda aeng vrherath vrde auder fon tha suther sareda ridderum jeftha fon northeska wigandum, theth tha sex tha soghenda hulpe, theth hit alsa wel machte sa there sexa hoc.

De twadde kêst: as ien fan de sân seelannen troch de wapene ridders ú it suden of troch de striders út it noarden ferwoastge wurdt, sille de seis it sânde helpe, sadat it like sterk bliuwe sil as elts oar seelân.

Die zweite Küre: wenn irgendeines der sieben Seelande entweder von den im Süden gerüsteten Rittern oder von nordischen Kriegern verheert würde, so sollten die sechs dem siebenten helfen, damit es ebenso stark bliebe wie jedes der sechs.(út it Emsigoër rjocht, om 1300 hinne)

12 Maaie '08 - 20:36 | | Al ien kommentaar


ynterview Netkurd

Foar de Koerdyske lêzers ûnder ús: der is krektlyn yn it Kurmanci-dialekt in ynterview mei my ferskynd yn de ynternet-krante www.netkurd.com (foarside). It giet oer de FNP en de EFA, ús doelen en de oerienkomsten mei de Koerden (in hiel soad!). Fierder is ferline wike it artikel ek yn it blêd 'Rûdaw' ferskynd, wat útbrocht wurdt yn Súd-Koerdistan (wat offisjeel ûnder Irak falt). It lêste ynterview is yn it Koerdysk-Arabyske skript. Efkes wenne om jo holle en namme yn in Koerdysk-Arabysk skript te sjen!
07 Maaie '08 - 15:17 | | Al ien kommentaar


4 en 5 maaie: noch altyd aktueel

Yn it Frysk Deiblêd stie sneon in kolumn fan Sytze Faber dy't wat my oangiet de spiker op 'e kop sloech. De yngrediënten foar in holocaust binne noch altyd oanwêzich, en dêrom is it stilstean by de oarloch en de skriklikheden dy't dêrmei anneks binne wichtich. Deselde (respektabele) krante dêr't ik sakrekt nei ferwiisde, hat as in neffens my noch relatyf ûnôfhinklik medium ek al tal fan kearen warskôge tsjin de opbou, of leaver sein (yn har wurden), it ôfglydzjen nei de plysjesteat dy't Nederlân sa stadichoan wurden is.

In foarbyld fan de steatsmacht hawwe wy krekt yn Ljouwert noch belibje kinnen: nei oanlieding fan de melding fan guon klokkelieders hat CDA-minister Verburg sein dat der misstannen wienen by Friesland Vlees, wat yn Tros Radar nochris breed útmetten waard. Doe't it bedriuw (dêr't ik persoanlik as fegetariër werklik neat mei haw) dêrtroch oarders misrûn en yn 'e swierrichheden kaam, woe soan fan eigner Wildeboer ferhaal helje op it Ministearje fan LNV. Doe't dy dêr blykber letterlik mei de fûst op tafel slein hat, is it hiele e-mailferkear fan it bedriuw troch it Ministearje platlein. En dêrmei lit LNV, en dêrmei de Steat, syn tosken sjen. Ferset wurdt net allinnich net op priis stelt, "as jo net dogge wat de Steat wol litte wy jo bedriuw fersûpe". Want der skynt gjin gramke bewiis te wêzen dat it bedriuw werklik ferkeard sit. 

Boppesteande foarbyld is fansels noch gjin oarlochssituaasje. Mar it toant wol oan dat de rjochtssteat yn it geding is. Dat, yn kombinaasje mei it fiergeand ynperken fan de persoanlike frijheden, tink oan kameratafersjoch, ferplichte identifikaasje, fûljearaksjes, ensfh. makket dat by it oan de macht kommen fan ekstremistyske partijen of yn it gefal fan in nije krisis wy tige wach wêze moatte!

05 Maaie '08 - 20:12 | | Al ien kommentaar


Plaid: 33 riedssitten winst!

De susterpartij fan de FNP yn Cymru/Wales, de Plaid Cymru, hat in histoarysk ferkiezingsresultaat helle: 33 riedsleden der by, fan 164 nei 207 riedsleden yn de 'counties' (distrikten). Op in moaie kaart fan Ingelân en Wales kinne jo per county sjen hoe't der stimd is (gebiet oanklikke). Sa is bygelyks te sjen dat yn 'e haadstêd Cardiff de Plaid Cymru fan 4 nei 7 riedsleden gongen is. Dat sil my in feest west hawwe! En yn Ceredigion fan 16 nei 19 (fan 'e 42). Yn absolute sifers sels mear ekstra stimmen as de Liberal-Democrats yn Ingelân en Wales tegearre. Sjoch ek Plaid TV.

Lykwols, ek in minpuntsje: Plaid hat har absolute mearderheid yn Gwynedd, yn it noardwesten fan Wales ferlern. In diskutabele skoalle-werstrukturearring wie dêr de oarsaak fan. Blykber is tefolle macht is net goed; lykwols hawwe se dêr no noch altyd 35 fan 'e 74 riedsleden yn hannen, hast in mearderheid, mar se sille no wol mear oerlizze moatte om in mearderheid te krijen. Neat mis mei, liket my. Absolute mearderheden binne yn myn eagen net goed foar de demokrasy.

Alles mei alles dochs in boppeslach, net allinnich foar ús partner Plaid Cymru, mar foar de hiele EFA. Ek foar de FNP jout dit betrouwen!

02 Maaie '08 - 21:00 | | Al ien kommentaar