It referindum yn Ierlân oer it ferdrach fan Lissabon hat west. De útslach is helder, in mearderheid tsjin. En oars as by it diskutabele Saailân-referindum yn Ljouwert wie der diskear gjin minimale opkomst nedich. Lykwols, yn hoefier wurdt de stim fan 'e demokratyske mearderheid heard? Wat wurdt der dien mei dizze streekrjochte en dúdlike ôfwizing? It hat der alles fan dat oer de miening fan 'e mearderheid fan de befolking hinne walst wurde sil. Wat sei Balkenende derfan? 'De Ierse regering kan besluiten de uitslag van het referendum te negeren. Net samar, sa'n útspraak fansels. JP hie krekt in 'wichtige' byienkomst meimakke en dêr grif wat 'ynstruksjes' krigen! Frankryk wol dat der in nij referindum hâlden wurdt yn Ierlân. Of dat der -alwer - in oar, nij ferdrach makke wurdt. Mar, Ierlân hie earder, yn earste omloop, it ferdrach fan Nice ek al ôfwiisd. Boppedat wie de mearderheid fan de befolking fan Frankryk en Nederlân net ree om yn te stimmen mei de Europeeske grûnwet by referinda dêroer. Ik moat earlik sizze dat ik by in nij referindum no Nee stimme soe, wylst ik de foarige kear Ja stimd haw. De boargers dy't by de referinda Nee stimd hawwe binne net ree foar in ûndemokratysk Europa fier fan hûs mar wolle it foech ticht by hûs en mear ynfloed op 'e ûntwikkelings. Wy sille de demokrasy en dêrmei de útslach fan de referinda respektearje moatte. |