 Dat wurdt noch wat takom jier juny. Dan, yn 2009, binne de Europeeske ferkiezings. Wat wie it nijs juster fan it CBS? 'Scepsis over Europa toegenomen'. Wichtichste konklúzjes binne (sjoch ek kaartsje): Sinds het begin van de jaren negentig is de Nederlandse kiezer sceptischer geworden over Europa. Alleen de allerjongste kiezers (18–25 jaar) lopen echt warm voor Europa. In 2006 is een duidelijke meerderheid van de kiezers tegen een verdere Europese eenwording: 55 procent is daar tegen, 26 procent is voor en 19 procent neemt een middenpositie in. Het wantrouwen tegenover Europa is daarmee aanzienlijk groter dan aan het begin van de jaren negentig. In 1994 waren er nog meer voorstanders (38 procent) dan tegenstanders (30 procent) van een verdergaande Europese eenwording. Fierder wurdt dúdlik dat fan gjin inkelde partij-efterban fan 2e keamer partijen mear as 50% betrouwen hat yn de EU. Neffens myn persoanlike miening is soks werklik werom te lieden op mar in pear saken: it referindum oer de grûnwet, de euro en de ynflaasje en ek it gebrek oan ynformaasje oer wat de EU konkreet docht yn jo leefomjouwing. En fansels dat minsken graach ynfloed hawwe op wat der yn har eigen omjouwing bart (en dat de EU dan wol op in frij grutte ôfstân stiet). Mochtsto der folslein oars oer tinke dan hear ik dat fansels graach. Mar it kin ek sa wêze dat kiezers net noch mear ynfloed cq macht takenne litte wolle oan de EU. Tusken 1994 en no is de EU fansels folle grutter wurden kwa ynwennertal en kwa foech. Dat kiezers - oer it generaal - it measte betrouwen hawwe yn 'oare minsken' en net yn politike organen jout te tinken. Politisy hearre gjin machtsspultsjes te spyljen om persoanlik gewin of foar in lyts klupke minsken op te kommen dy't oan de toutjes lûke. Koartlyn waard ik troch in callcentre belle om't ik - neffens har - mooglik ynfloed hawwe soe op de politike beslútfoarming yn Brussel oangeande beskate yndustrieën, en foar watfoar bedriuwen as ik dan wol of net opkomme woe. Net te leauwen fansels en mei reden foar dizze blog. Freonlik haw ik betanke en it tillefoanpetear eindige! |