Der is no ek in apart, twatalich (Frysk-Nederlânsk) webstee makke troch de FNP foar de ferkiezings. Boppedat hiele aardige spotsjes: sjoch en harkje hjirre wat it resultaat wurden is! Ynkoarten sil ik de doarpen Eagum, Friens, Idaerd en Reduzum befolderje (postkoades 9006, 9007, 9008 en 9009). Mei-elkoar sawat 640 stiks. Mar, sjoen de gruttere ôfstannen sil it net folle minder wurk wêze as in pear tûzen struibrieven yn in stêd as Ljouwert, dêr't ik dat ek jierren dien haw. Bykommend foardiel is lykwols dat ik myn gemeente (Boarnsterhim) wat better kinnen lear. En sa binne der wer in hiel soad frijwilligers dwaande by de FNP de kommende wiken. As ik it leauwe mei, hawwe frijwilligers in soad bydroegen oan it súkses fan Obama oare kant oseaan. As politike partij kinne jo net wiis genôch wêze mei alle minsken dy't har belangeleas ynsette...
Noch efkes en it is safier. De ferkiezings foar it wetterskip. Op dit stuit wurdt, as it oer ferkiezings giet, fansels noch folslein dominearre troch de striid tusken Obama en Mc Cain. Mar, nei 4 novimber sil it wol los gean mei de kampanje hjir yn ús omkriten. Hjir fine jo alle ynformaasje fan de FNP oer dy ferkiezings. Ik doar te sizzen dat wy in tige saakkundige listlûker hawwe (Lolke Folkertsma). Op 27 novimber om 19.00 oere witte wy de útslach. It sil my nij dwaan hoe't dit ynstitút demokratisearre wurde kin, want dat it oars moat is dúdlik...