kontakt
Sybren Posthumus
D.S. Bangmastrjitte 25
9008 TJ Reduzum
Tillefoan: 0566 - 602928
Mail: sybrenposthumus@hotmail.com
kalender
« July 2010
S M T W T F S
        1 2 3
4 5 6 7 8 9 10
11 12 13 14 15 16 17
18 19 20 21 22 23 24
25 26 27 28 29 30 31

argyf

links

sykje
feeds
XML: RSS Feed
XML: Atom Feed



Foar al jo webhosting!
Lokkich nijjier!

In sûn en lokkich 2009. Wa wit oant op 'e FNP-nijjiersgearsit yn Easterein op sneon 3 jannewaris. Lês hjir it programma.
30 Desimber '08 - 16:03 | | Noch gjin kommentaar


Europa: gjin ferdieling yn earste en twadde rangs boargers

Yn in prachtich ynterview lit Nelly Maes hearre wat de stân fan saken is mei it demokratyske gehalte fan 'Europa'. De PvdA woe bygelyks yn it ferline (mei de Sosjalistyske fraksje) noch mar 3 talen oerhâlde as wurktalen foar de EU (en dêrby it Nederlânsk falle litte). De EFA hat dat witte te kearen. In ûntjouwing dêr't wy tige wach op wêze moatte is dat wy sa stadichoan in Europeeske Uny krije fan earsterangs en twadderangs boargers. Respektivelik fan minsken dy't it al en net mei it belied fan de lidsteaten iens binne en dêrtroch (yn it twadde gefal) beneidield wurde. Fierder is in realiteit dat de hjoeddeistige EU hieltyd mear in EU fan lidsteaten is en bliuwt, lykas dat ek fêstlein is yn it EU-ferdrach. En dat betsjut dat minsken út regio's sûnder steat dy't lykberjochtiging wolle ek hieltyd faker stribje nei in eigen steat.
29 Desimber '08 - 15:45 | | Al twa kommentaren


Gjin kontrôle fan macht mear yn Nederlân
Alle wiken wer genietsje ik fan de kolumns fan Sytze Faber yn it Frysk Deiblêd. Dizze wike jout er de Twadde Keamer in feech út 'e panne. Demokrasy, dat wol yn dit gefal sizze kontrôle op it wurk wat it regear docht troch de keazen folksfertsjintwurdiging, is fier te sykjen. Yn wêzen bepale in pear partijlieders, en dan benammen CDA-lieder Balkenende mei syn 'sekondant' Maxime Verhagen, it belied en is de Twadde Keamer stimfee. Ik leau de man op syn wurd, hy is insider yn it Haachske en âld-Twadde Keamerlid. Hy hat de besprekkings dy't laat hawwe ta dit kabinet fan tichtby folge. It is Faber te priizgjen dat er syn eigen partij, it CDA, sa kritysk folget en it boekje-iepen docht. Wol skrik ik alle wiken wer fan de hurde realiteit; de koalysjepartijen binne applausmasines fan it regear wurden en se (Balkenende, Bos ensfh.) kinne dwaan en litte wat se wolle. Grutste soarch haw ik oer it feit dat guon fan de foaroanlju, lykas Balkenende en Verhagen, besikers binne fan de saneamde 'Bilderberg-konferinsjes' en dêr de mâlste plannen betinke tsjin it minskdom.
28 Desimber '08 - 15:44 | | Noch gjin kommentaar


Jo binne mei Tomtom en/of mobyltsje altyd trasearber...

Tink net datst mei in mobyltsje yn 'e bûse of tas, of mei in Tomtom yn 'e auto anonym en sûnder kontrôle troch it libben gean kinst. Yn bygeand artikel kinst dat bygelyks lêze. Dat it ek op basis fan de TomTom kin stie yn in artikel yn it Friesch Dagblad. Der is no in onlinerouteplanner ûntwikkele (dêr't Fryslân trouwens 'Noord-Nederland' wurden is) op basis fan de gegevens fan miljoenen mobile tillefoans (dy't in abonnemint by Vodafone hawwe) yn kombinaasje mei de gegevens fan Tomtom-brûkers. Sa kin fuortendaliks bepaald wurde wêr't, op basis fan de ynput fan wêr't de mobyltsjes en de Tomtoms krekt binne, de files binne. Hoe't dat kin? Yn de neamde apparatuer sitte chips, dy't fia sateliten te finen binne. As de autoriteiten it wolle en se krije de gegevens troch, bist dus foar har altyd en oeral werom te finen ast dizze apparatuer by dy hast. De technyk is der. Fansels kin de online routeplanner handich wêze en binne der ek foarbylden dat der op in positive wize gebrûk makke wurde kin fan de nije technyk. Mar ik fyn it earlik sein beeangstigjend hoe't minsken hieltyd mear troch digitale systemen altyd kontrolearre en folge wurde kinne...
27 Desimber '08 - 16:13 | | Noch gjin kommentaar


Bon Natale e Bon capu d' annu!

24 Desimber '08 - 20:00 | | Noch gjin kommentaar


Om de 23 jier alvestêdetocht...

Tryater skoart op it stuit wakker mei syn alvestêdetochtfoarstelling. Prachtich projekt. Mar, hoe sit it mei de kâns op in echte alvestêdetocht? Al earder haw ik hjirre witte litten dat ik de CO2-klimaatfatalisten op in pypfol haw. Al moat iksels tajaan dat ik de 'yndoktrinaasje' dy't yn de media oer ús útstoart wurdt oer in mooglike relaasje ynearsten wol leaude. Yn grutte parten fan 'e wrâld is it op't heden wer iis- en iiskâld. Lês dit stikje mar ris. Neffens my moatte wy folle mear sjen nei oare oarsaken fan klimaatsferoarings. Benammen sinne-aktiviteit. Nei (ûnder oare) 1917, 1940, 1963 en 1986 yn 2009 ek wer in alvestêdetocht? It wurdt fan de krystdagen ôf wer fiks kâlder, nije wike op redens, hie Pyt it oer...
22 Desimber '08 - 20:09 | | Noch gjin kommentaar


Bern - kreatyf yn taal

Us âldste famke, Hannelys, begjint sa stadichoan frij knap te praten en it is in aardichheid te hearren hoe kreatyf bern fan dy leeftyd (4-5) taal 'betinke' kinne. Wy, as folwoeksenen, sitte faak yn in stramyn fan it wurdboek, en it skynt ferrekte dreech te wêzen om nije wurden te betinken of moaie wjergaders fan yngewikkelde Ingelske of Hollânske termen. Om oan te jaan dat it helendal net sa lêstich hoecht te wêzen hjirby in pear foarbylden dy't Hannelys sels betocht hat:

'It iten moat earst waarm wurde' (Taljochting: net ôfkuolje, want dan is it ommers net lekker mear. As it hyt is, is it net te deien en dêrom moat it fan hyt earst waarm wurde).  Oanslutend dêrop: 'Wytlof yn it waarm' (net: seane wytlof, mar waarme wytlof as alternatyf foar rauwe, en dêrmei 'kâlde' wytlof).

Doe't wy noch yn Ljouwert wennen, wennen wy krekt bûten de binnenstêd. 'O', sei Hannelys, 'dan wenje wy dus yn 'e bûtenstêd'.

As der in laachje ryp op it gers sit, is it 'iisgers' wurden.

Wy hienen it thús oer allegear 'lannen'. Fryslân, Dútslân, Ingelân. De Friezen wenje yn Fryslân, de Grinzers yn Grinslân ensfh. De Frânsen soenen dus yn 'Frankrikerlân' wenje moatte, ornearre Hannelys.

In typysk betocht wurd is 'springfalle'. Lytse bern springe fan 'e trep of bank ôf en 'falle' dan ek fan boppen (foar har is de hichte frij grut fansels, ferlike mei ús). En troch dy twa wurdsjes te kombinearjen wie it wurd springfalle betocht.

18 Desimber '08 - 17:59 | | Al ien kommentaar


Finânsjes Boarnsterhim noch altyd net op oarder

Boarnsterhim 'ûnder kuratele'

Polityk 16-12-2008 | 20:07
Boarnsterhim stiet takom jier as iennichste Fryske gemeente ûnder finansjeel tafersjoch fan de provinsje. Ek dit jier is dat al it gefal. Boarnsterhim hat mei de provinsje in plan makke om yn 2012 definityf út de reade sifers te wêzen. Neffens wethâlder Daan van der Meulen hat de gemeente it ôfrûne jier al mear as 500.000 euro besunige. Dêr moat it kommende jier nochris 1,2 miljoen euro bykomme.

Boarne: Omrop Fryslân.

17 Desimber '08 - 14:42 | | Noch gjin kommentaar


Reduzum hiel feilich?

Sjoch hjirre foar mear ynformaasje. Yn alle gefallen binne der blykber gjin saken dy't op de saneamde 'risikokaart' in plakje hawwe moatte. Wolle jo de ynfo fan jo eigen plak witte, sjoch hjir efkes. Fansels binne der ek oare risiko's, mar dy hawwe gjin plakje op 'e kaart krigen.
14 Desimber '08 - 20:44 | | Noch gjin kommentaar


Hawwe jo de grypprik al helle?

Hieltyd mear wurdt ús, fia media mar ek fia it wurk, ynwreaun dat it goed wêze soe om in grypprik te heljen. Gefoelsmjittich haw ik dêr fuortendaliks al fan tocht dat dat foar my mar net wêze moat, ommers wat is der mis mei in lyts grypke ienris yn 'e safolle jier? It heart by it libben en in bytsje útsiikje wurdt in minsk foar myn idee net minder fan. Mar goed, ik bin gjin medikus en lit de echte sûnens-diskusje ek graach oan oaren oer. Lykwols, politike partijen hâlde har ek dwaande hâlde mei saken as folkssûnens en de sinteraasje dy't dêrmei anneks is. En by de folgjende berjochten tinke jo dan wol: by twivel net ynhelje en gjin spuitsje helje. En yn syn algemienens oare metoaden promoate om minsken sûn te hâlden of te krijen en gjin jild foar dizze diskutabele saken út te lûken.  

It earste berjocht stelt dat yn gryp-faksinaasjes it foar de minsk tige gefaarlike thimerosal (dat foar it grutste part út kwik bestiet) brûkt wurdt. En yn it twadde berjocht ('griepvaccin bedrog en risicovol') wurdt dr. Kris Gaublomme oanhelle, dy't gjin inkeld foardiel fan de grypsfaksinaasjes ferwachtet, mar al grutte risiko's.

13 Desimber '08 - 17:00 | | Noch gjin kommentaar


Program Europeeske ferkiezings ûnderweis...

Kommende woansdei sille wy, yn EFA-ferbân, wer prate oer de Europeeske ferkiezings. Yn ien fan de sealen fan it Europeesk parlemint (Brussel) wurdt dat goed trochpraat. Fansels hawwe wy dat net allegear sels betocht. Yn septimber ferskynde der in oprop mei fragen oan it publyk om mei suggestjes te kommen. Wat de reaksjes oangiet kin ik sizze dat it publyk foaral in demokratysker Europa wol, tichter by de boarger. En minder burokrasy. Tink oan hele spesifike formulieren, dy't yn 5-fâld opstjoerd wurde moatte. Net mear fan dizze tiid. It kommittee fan de regio's dêr't gjin beneamde, mar keazen bestjoerders yn sitte moatte.

Wy briede trouwens noch al op in ludike aksje, om't it noch altyd net mooglik is om yn 2009 by nota bene Europeeske ferkiezings as Fries op in Katalaan, Skot of Hongaar te stimmen. Jo kinne as ynwenner fan de Nederlânske steat allinnich mar op Nederlânske (faak twadde keamer-partijen) stimme. Dat is wol slim achterhelle fansels. En op in oare wize, Friezen kinne net iens op bepaalde partijen stimme lykas de EFA, dy't de ynwenners fan Fryslân program-ynhâldlik poerbêst fertsjintwurdigje. Hoe en wat fan dy aksje? De tiid sil it leare...

07 Desimber '08 - 20:21 | | Noch gjin kommentaar


Dútslân: ien steat, ien taal?

Is it fiif foar tolven foar it ferskaat oan talen yn Dútslân? As wy de meast resinte ûntjouwings leauwe moatte al. De CDU, kollega-partij fan it CDA hjirre (Kristen-Demokraten), hat útsteld dat "Die Sprache der Bundesrepublik ist Deutsch". Dy sin soe opnommen wurde moatte yn 'e Dútske grûnwet. Wylst oant no ta bepalingen oer taal benammen op dielsteat (Land)-nivo nommen waarden. Friezen, Denen en Sorben binne erkende taalminderheden yn Dútslân, hoe komt it dêrmei? Doe't ik it berjocht op de side fan de EFA, de Europarlemintspartij dêr't de FNP by oansluten is, lies, gong de grize my oer de grouwe. Wol de CDU werom nei de tiid fan ien steat, ien folk ensfh? Brrrr.... Gelokkich hawwe EFA en ús Sorbyske kollega-partij fuortendaliks reagearre. Hjirûnder it berjocht fan de Sorben:

Pressemitteilung Nr.: 011/2008 SLS – Serbska Ludowa StronaWendische Volkspartei - Lausitzer Volkspartei Cottbus, 03.12.2008  Der Beschluß des CDU-Bundesparteitages zur Sprachregelung im Grundgesetz ist nicht akzeptabel Die Wendische Volkspartei kritisiert den Beschluß des CDU-Bundesparteitages am 2. Dezember 2008 in dem die deutsche Sprache mit dem Satz“ Die Sprache der Bundesrepublik ist Deutsch“ im Artikel 22 GG festgeschrieben werden soll. Damit beschreitet die CDU einen befremdlich wirkenden rückwärtsgewandten Weg, auf dem sie die vier anerkannten nationalen Minderheiten, die schließlich auch loyale Bürger der Bundesrepublik sind, regelrecht ausgrenzt, sowie den mit gegenseitiger Achtung geprägten Dialog von der Mehrheit und den nationalen Minderheiten contrakariert. Mit einer solchen Entscheidung der CDU stellt sie sich auch gegen europäische Entwicklungen und Beschlußlagen wie u. a. die „Europäische Charta der Regional- und Minderheitensprachen, welche von der Bundesrepublik auch ratifiziert worden ist, deren Leitmotiv die Gleichberechtigung gegenüber der hegemonialen Mehrheitssprache ist.Der Bundesrepublik fehlt eine koordinierte Sprachpolitik, die die Position der Sprachen der nationalen Minderheiten stärkt, u. a. als Amtssprache in den jeweiligen Siedlungsgebieten, um damit die Gleichrangigkeit mit der deutschen Sprache herzustellen. In der Nieder- und Oberlausitz die Nieder- und Obersorbische , in Nordfriesland die Nordfriesische , im Saterland die Saterfriesische  und in Südschleswig das Dänische.

Die Wendische Volkspartei plädiert für eine bewußt gestaltete Mehrsprachigkeit.

04 Desimber '08 - 16:36 | | Al ien kommentaar


weblog 'hacked'

Einlings, nei hast in moanne, wer on-line. De webloch wie, nei alle gedachten troch in fikse hack, ferantwurdlik foar in soad geheugengebrûk fan de server wêrtroch de server regelmjittich fêstrûn en de weblog troch it bedriuw dat foar my de site beheart (hosting ensfh.) him ôfsletten hat. Tige ferfelend en ik haw der in soad mails en fragen oer krigen oft dit doelbewust dien is en sa ja troch wa. Om't de ynhâld geregeld frijwat kritysk is. It is foar ús no net te achterheljen. Lykwols, yn tafallichheden leau ik net sa bot. Wichtichste is dat de side no wer wurket.

04 Desimber '08 - 09:29 | | Al ien kommentaar