kontakt
Sybren Posthumus
D.S. Bangmastrjitte 25
9008 TJ Reduzum
Tillefoan: 0566 - 602928
Mail: sybrenposthumus@hotmail.com
kalender
« July 2010
S M T W T F S
        1 2 3
4 5 6 7 8 9 10
11 12 13 14 15 16 17
18 19 20 21 22 23 24
25 26 27 28 29 30 31

argyf

links

sykje
feeds
XML: RSS Feed
XML: Atom Feed



Foar al jo webhosting!
Keninklike alvestêdeferiening - omroep Nederland

Ferline wike wie wakker yn it nijs dat de 100 jierrige feriening 'vereniging De Friesche Elfsteden' offisjeel keninklik wurden wie. Thús oan de itenstafel hienen wy it dêroer en ús Hannelys frege wat dat dan ynhâlde. Wy antwurden dat de Keninginne fan Nederlân dy feriening de namme 'keninklik' ferliend hie.  Wêrop't ús Hannelys fan fiif jier - tige adrem - frege: "O, mar wurdt Omrop Fryslân dan no ek Omroep Nederland?" Se hie it yn myn eagen hiel goed sketten hoe't jo dit sjen kinne.
24 Jannewaris '09 - 21:29 | | Al fiif kommentaren


Natueriis, net te beskriuwen

Mei ús allen de iisbanen, fearten en marren op. Sûnt 1997 koe it wer en hooplik oer in skoftke wer. It is nch mar begjin jannewaris. Doe't ik hjir fan Grou nei Reduzum ride (doarp op 'e eftergrûn) tocht ik oan it gefoel dat jo simmerdeis op it wetter hawwe: frijheid. Dat is reedriden ek, mar dan mei as 'ekstra' in oergefoel dat jo krije troch omstannichheden dy't mar ienris yn 'e safolle jier foarkomme en dat jo op in hiele oare wize krije, troch oer oare natuerlike (iis-)wegen, fan doarp nei doarp, fan stêd nei stêd te gean. Eins is it net te beskriuwen..
12 Jannewaris '09 - 13:58 | | Al fiif kommentaren


Minder stipe dakleazen Ljouwert

It FD iepene juster mei de kop 'Minder geld voor Friese hulp daklozen'. In koarte gearfetting stiet hjirûnder.

Minder geld voor Friese daklozen

'Leeuwarden - Honderden Friese dak- en thuislozen kunnen na volgend jaar mogelijk niet meer geholpen worden door opvanginstellingen. Het rijk wil 3,7 miljoen euro bezuinigen op de sector in Fryslân. Dat geld gaat naar opvang in de Randstad. Van alle Nederlandse gemeenten wordt Leeuwarden het meest gekort'.

Oant safier it stik yn it FD. Yn wêzen wurdt Ljouwert hjirmei straft foar in goed previntyf belied. Der wurdt net goed sjoen wa't it goed docht en wa net. In ôfbraak fan foarsjennings yn Fryslân leit yn 'e reden, as de plannen it regear (steatssiktaris Bussemaker, jawis: PvdA) trochgean. Miskien in retoaryske fraach: is dit rjochtfeardich en earlik? Blykber telle net de arguminten, mar sa as faker mear de effektive lobby fan de G4 - de 'grutte' stêden Amsterdam, Rotterdam, De Haach en Utert. Dy 4 krije der mar leafst € 18,4 miljoen by. It pleitet op 'e nij foar in oanpassing fan de steatsynrjochting fan Nederlân.

11 Jannewaris '09 - 15:14 | | Al fiif kommentaren


Kompjûterkreak troch oerheid

It giet hieltyd mâler mei de oantaasting fan ús privacy en dêrmei yn myn eagen fan ús frijheid. Wêr lizze de grinzen fan wat minsken noch akseptabel achtsje? Wannear komme minsken yn ferset? Hjirûnder in berjocht út NRC (Henk, betanke!):

Britse politie mag pc’s hacken

Het Britse laptop.jpgministerie van Binnenlandse Zaken heeft een plan aangenomen dat de politie en inlichtingendiensten toestemming geeft om in computers van burgers te kijken zonder huiszoekingsbevel. “Remote searching” wordt deze praktijk genoemd. De politie en inlichtingendiensten kunnen ook digitale huiszoekingen bij Britse burgers uitvoeren in opdracht van collega’s in andere EU-lidstaten en de inhoud van de harde schijf aan hen overdragen. Privacy-organisaties en enkele parlementsleden hebben bezwaar gemaakt tegen deze vorm van digitale spionage.

In Duitsland heeft het Bundesverfassungsgericht begin 2008 besloten dat het doorzoeken van computers van burgers op afstand (in Duitsland Online-Durchsuchung geheten) in strijd met de grondwet is.

08 Jannewaris '09 - 20:04 | | Al fiif kommentaren


Hannelys is Miss World
Freed wie de earste dei dat ús Hannelys foar it earst yn har libben op redens stie, hjir op 'e iisbaan yn Reduzum. Dat, efkes in filmke makke en op Youtube setten. De earste streekjes (it gong frij knap). Wy tochten letter, efkes it filmke wer opspoare mei as sykterm 'hannelys', fia www.youtube.com. En dêr kamen wy in hiele oare Hannelys tsjin, nammentlik Hannelys Quintero, Miss World 2007 en Miss World America 2008. Nea tocht dat in namme as Hannelys sa fier en blykber rûnom brûkt wurdt. What's in a name. Hawar, ús Hannelys en har suske binne foar ús fansels ús eigen 'miss world'.
04 Jannewaris '09 - 14:51 | | Al fiif kommentaren