Yn it partijprogram foar de Twadde Keamerferkiezings 2007 fan sawol de PvdA: "De pensioengerechtigde leeftijd van 65 jaar blijft onaangetast" en CU: "Wat betreft de ChristenUnie blijft de AOW-leeftijd 65 jaar" stiet dat de AOW leeftydsgrins net ferhege wurde sil. Hoe hurd binne ôfspraken fan de lânlike polityk?
It hommels ferheegjen fan de AOW leeftydsgrins troch it regear, stiet sûnt april dit jier folop yn’t nijs. No't yn oktober it regear fan PvdA,CDA en CU dochs besletten ha om de AOW leeftyd fan 65 jier te ferheegjen nei 67 jier binne der ferkiezingsôfspraken skeind. It dochs gau wizigjen fan de AOW leeftydsgrins nei 67 jier is ferkiezingsbedroch sûnder op 'e nij de demokratyske stim fan it elektoraat (de kiezers) te rieplachtsjen.
No't de PvdA en de CU brutsen hawwe mei har eigen ferkiezingsprogram, docht úteinliks wol bliken dat it ferheegjen fan de AOW leeftydsgrins in ordinêre besuningsmaatregel is. De gewoane hurdwurkende man/frou mei it gelach betelje om't de bankwrâld mei ús sparsinten gokt hat. En dêrmei giet it betrouwen yn de polityk wol gau fuort fansels. |